Bongapaad 7


Bongapaad 7
©: K. Reitsma

Haniastate te Koifen (Kooifinne) boujier 1919

Yn it ferline beskikte dizze pleats oer in " einekoai ". De namme Kooifinne referearret hjir oan. It adres falt ûnder Reahus.

Yn it jier 1539 komme je yn de stimkohieren de namme " Hanye saete toe Coynfen " tsjin. De namme wurdt yn de rin fan de jierren oars skreaun, dochs bliuwt dy werkenber. Der wurdt yn dizze jierren meardere kearen prosedearre oer de boelferdieling by fererving fan it eigendom. Faak binne der ek minderjierrige bern by belutsen. Yn it boek fan ' Douwe v.d. Meer ' steane de details neier beneamd.

Histoarje:
Der moat foar dy tiid noch in pleats stien hawwe. Yn it boek fan Easterein stiet dat dizze pleats de namme Sinnestate droech. Dit waard neamd troch de pastoar Gerrit yn it jier 1543. Ut de pachtopbringst fan dizze pleats waard û.o. it salaris fan de koster fan Easterein betelle.

1. 1919: Jarig de Wolff (* 1868 te Greonterp) troud yn 1894 mei Yfke Pieters Hiemstra (* 1872 te Oldekleaster) Sy krije twa dochters Catharina en Yfke. Der is gjin manlike opfolger. De âldste dochter Catharina nimt de pleats oer. Jarig wie de earste ynwenner fan Roodhuis dy 't in auto kocht. Om gebrûk te meitsjen fan de auto moast it pear earst op de fyts oer in ûnferhurde paad fan de pleats nei Roodhuis. De auto stie parkearre yn it hok achter de bakkerij fan Bleeker.

2. 1928: Catharina de Wolff (1898 - 1992) berne te Reahus, trout yn 1928 mei Klaas Agricola (1889 - 1969 ) ôfkomstich fan St. Nicolaasga. Fia de dochter is de pleats yn de famylje bleaun.

3. Jarig Jan Agricola (1930 - 1999) troud mei Houkje Bouma (1929 -2018) Jarig is de âldste soan en nimt de pleats oer. Troch sykte moat er betiid ophâlde.

4. 1970: Kees Agricola (* 1932) troud mei Gonnie Smeding (1935 -2024) De jongere broer fan Jarig komt op it bedriuw.

5. 1997: Bennie Agricola (* 1963) troud mei Geertje Broekens. Der is gjin opfolger en sa komt der nei fiif generaasjes in ein oan de opfolging op dit bedriuw. It bedriuw wurdt ferkocht. 

6. 2023: Meile Kuiper mei Sandra Hoekstra. De Maatschap Kuiper út Easterein keapet it bedriuw oan. Meile Kuiper en Sandra Hoekstra komme op it bedriuw te wenjen. De pleats grinzet oan it bedriuw Sjaardaleane 19. Oer de Kleasterfeart wurdt in brêge makke, wêrtroch 't de beide bedriuwen mei in betonpaad as ienheid ferbûn binne.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: K. Reitsma
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s