a Martini tsjerke


a Martini tsjerke
©: André Vink

“Katedraal ûnder de Fryske doarpstsjerken”

De hjoeddeiske Martinikerk fan Easterein (Oosterend) datearret út it ein fan de 14e iuw. Healwei de 10e iuw waard in lytsere tuffoargonger boud en ûntstie it doarp mei de earste hûzen. Al foar de 8e iuw waard dizze lokaasje brûkt foar hannel, justysje en gearkomsten, eat dat sa bliuwe soe oant de 2e helte fan de 19e iuw. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Tours.

De toer datearret út it midden fan de 11e iuw en wie bedoeld as ferdigeningsstruktuer: in "stins", tegearre mei de grêft, dy't oarspronklik de tsjerke hielendal omsingele. Yn it nasjonale rampjier 1672 waard de 13 meter hege stiennen spits troch wjerljocht fernield. De muorrestien boppe de toeryngong fertelt it ferhaal, en sûnt 1688 siert in houten ferzje fan 6 meter de toer. Oan de noardkant stiet in sfearfolle sakristy, út it midden fan de 13e iuw, no de âldste fan Fryslân. It Hardorff-oargel is út 1869 en yn goede steat.

Yn de tsjerke stiet in unyk houten doksaal út 1554 yn Renêssânsestyl. De arsjitekt is Cornelis Floris II de Vriendt út Antwerpen en te werkennen oan de fersieringen, allerhanne duvelmaskers en 18 bibelske bylden. Dit doksaal sit fol mei symbolyk en fertelt in eigen ferhaal.

De oarspronklik katolike tsjerke waard nei 31 maart 1580 Nederduits-Gereformeerd. Yn de 2e helte fan de 19e iuw waard de tsjerke Nederlânsk Herfoarme en sûnt 2000 is it in Protestantske Tsjerke Easterein.

De tsjerke is fan april oant oktober alle freedtemiddei te besjen, boppedat op oanfraach. Simmerdeis is it Kerkpad op sneontemiddei iepen.

Colofon

Boek geschiedenis Martinikerk Easterein

© Foto voorblad: André Vink
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

It skip west - east
No deselde sitewaasje mei it sicht op de kreake.

Disclaimer
Wapen fan de famylje Bonnema
Op de wizerplaten binne nei de restauraasje en in ûnderhâldsbeurt fan toer en

Disclaimer
IL
Stienhouwer Idses Louwerisz hat dizze stienhouwer makke yn 1597

Disclaimer
IL
Stienhouwer Idses Louwerisz hat dizze stienhouwer makke yn 1597

Disclaimer
De kapkonstruksje fan de souder

Disclaimer
Tjerkewurkers
Dat de kleasters mei har muontsen yn 'e measte doarpen it foar it sissen ha, bly

Disclaimer
Tsjerkerestauraasje
Yn 1985 is de tsjerke hielendal restaurearre

Disclaimer
Mitselwurk
Hjir binne de nije stiennen te ferlykjen mei in âld stikje muorre. It is om en

Disclaimer
Muorre
Dit liket in bûtenmuorre en it liket der op dat der in nije iepening yn dy muor

Disclaimer
Nije doar oan de noardkant
De yngong troch de toer komt as yngong foar de besikers fan de tsjerke te ferfal

Disclaimer
Nije keuken

Disclaimer
Nije âlde tagong sakristy

Disclaimer
Nis
Soe hjir in byld steanhawwe?

Disclaimer
Nis
Wêr sit dizze nis?

Disclaimer
Noardkant
Dit is de noardkant ter hichte fan de kreake. In doar út eardere tiden wie al r

Disclaimer
Noardkant
Neist in oersjoch fan de wurksumheden falt hjir op dat de flier mei de buizen fo

Disclaimer
Noardkant
Sa te sjen moat dit in stik muorre fan mergelstien wêze en is dan sûnder mis i

Disclaimer
Noardkant
De lambriseaarring is der weihelle en dan falt it op hoe 't der yn de rin fan de

Disclaimer
Under de kreake
Dit is de oergong fan tsjerke nei foartsjerke ûnder de kreake.

Disclaimer
Eastkant
De lambrisearring is foar de muorre oan de súdkant weihelle; links is de preeks

Disclaimer

0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5

|