a Martini tsjerke


a Martini tsjerke
©: André Vink

“Katedraal ûnder de Fryske doarpstsjerken”

De hjoeddeiske Martinikerk fan Easterein (Oosterend) datearret út it ein fan de 14e iuw. Healwei de 10e iuw waard in lytsere tuffoargonger boud en ûntstie it doarp mei de earste hûzen. Al foar de 8e iuw waard dizze lokaasje brûkt foar hannel, justysje en gearkomsten, eat dat sa bliuwe soe oant de 2e helte fan de 19e iuw. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Tours.

De toer datearret út it midden fan de 11e iuw en wie bedoeld as ferdigeningsstruktuer: in "stins", tegearre mei de grêft, dy't oarspronklik de tsjerke hielendal omsingele. Yn it nasjonale rampjier 1672 waard de 13 meter hege stiennen spits troch wjerljocht fernield. De muorrestien boppe de toeryngong fertelt it ferhaal, en sûnt 1688 siert in houten ferzje fan 6 meter de toer. Oan de noardkant stiet in sfearfolle sakristy, út it midden fan de 13e iuw, no de âldste fan Fryslân. It Hardorff-oargel is út 1869 en yn goede steat.

Yn de tsjerke stiet in unyk houten doksaal út 1554 yn Renêssânsestyl. De arsjitekt is Cornelis Floris II de Vriendt út Antwerpen en te werkennen oan de fersieringen, allerhanne duvelmaskers en 18 bibelske bylden. Dit doksaal sit fol mei symbolyk en fertelt in eigen ferhaal.

De oarspronklik katolike tsjerke waard nei 31 maart 1580 Nederduits-Gereformeerd. Yn de 2e helte fan de 19e iuw waard de tsjerke Nederlânsk Herfoarme en sûnt 2000 is it in Protestantske Tsjerke Easterein.

De tsjerke is fan april oant oktober alle freedtemiddei te besjen, boppedat op oanfraach. Simmerdeis is it Kerkpad op sneontemiddei iepen.

Colofon

Boek geschiedenis Martinikerk Easterein

© Foto voorblad: André Vink
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

Grêf 21
Under dizze grutste stien leit ek de grêfkelder. De stien sels fertelt in oangr

Disclaimer
Grêf 22
Grêf: 22 opskrift: 1660 1 juny is in den Heere gerust de Eersamen Sible Hilles

Disclaimer
Gref 23
Grêf 23 opskrift: den 17 september 1688 is in den Heere gerust Siebrandus Poss

Disclaimer
Gref 24
Grêf: 24 opskrift: 1628 Den 22 april geboren Brechtie Franciscus (Francisi) doc

Disclaimer
Gref 25
Grêf: 25 opskrift: Anno 1636 21 december sterft de Godzalige Franciscus Gualter

Disclaimer
Gref 26
Grêf: 26 opskrift: Anno ...augustus geboren Henricus Franciacus den 14 augustus

Disclaimer
Grêf 3
Grêf 3 opskrift: Anno 1596 Den 24 Februaris sterft den E.zamen Douwe Jellesz Bo

Disclaimer
Grêf 4
Grêf 4 opskrift: Anno 1590 De 9 july St(erf).. Eerbaere Ryck Hendricks Dochter

Disclaimer
Gref 5
Grêf 5 opskrift: Anno 1640 den 15 februaris i.d. Heere gerust den Eersamen Feic

Disclaimer
Grêf 6
Grêf 6 opskrift: 1536 is der gerust de ersaeme eeren(inm)este Sybe Meylama. 156

Disclaimer
Grêf 7
Grêf 7 opskrift: Anno 1679 den 26 novem(ber) is seer christelyck in den Heere g

Disclaimer
Gref 9
Grêf 9 opskrift: Ao 1563 12 septemb is gerust de eeraeme ee entphest Attze Hid

Disclaimer
Grêfkelder 1
Dit is deselde grêfkelder, mar de foto is wat oanpast sadat wat der oerbliuwt f

Disclaimer
Grêfkelder 1
Al wurkjende komme der wer saken boppe wetter der 't it bestean fan bekind wie,

Disclaimer
Grêfstiennen
Nei de restauraasje wurde de grêfstiennen út de tiid dat der noch yn de tsjerk

Disclaimer
Greftekst
Nascendo Morimur wat betsjut: “bij de geboorte sterven we al”.

Disclaimer
Hardorff oargel ut 1869
In piipoargel is in ynstrumint dat yn in tsjerkeynterieur faak op mannich wize o

Disclaimer
Nochris it dak
Eartiids bungelen de laaidekkers oan linen en yn kistkes lâns de skeanten fan i

Disclaimer
It dak
Ek it dak krijt syn ûnderhâld mei de restauraasje. De laaien wurde yn syn gehi

Disclaimer
It skip east - west
De restauraasje sil begjinne. De âlde sintrale ferwaarmingsbuizen dy 't ûnder

Disclaimer

0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5

|