3. Wetter


3. Wetter
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

De reinwettersbak

Wetter is altyd nedich: om te drinken en te himmeljen, foar de planten en …. om te riden en te farren. Om it te drinken moatte jo skjin wetter ha en dat kaam jierrenlang út de reinwettersbak. Soms hie ien hûs ien bak, mar it kaam faak foar dat in stik of wat húskes mei-inoar ien bak hiene. Sa ’n bak siet yn de grûn. De boaiem en de sydkanten wiene fan opmitsele giele stientsjes en op de bak stie in fjouwerkant mei in lid. It reinwetter fan de dakken waard der yn opfongen en alle fûgelpoep en oare smoargens  gong de bak yn. As it krekt reint hie wie it net ferstannich wetter mei it akerke (in lyts ammerke oan in ketting) út de bak te skeppen. 

Droechte

Yn de lytste húskes wennen faaks de grutste húshâldingen en yn in drûge simmer wie de bak gau leech. Wiene it dan ´Hervormde´ minsken, en dat wie elkenien yn de tsjerkehúskes, dan wie der noch gjin need, want oan de súdkant fan de herfoarme tsjerke wie de grutte tsjerkebak. Dêr mochten de ´Hervormden´ wetter úthelje. Hoe ´t grifformearden en misken dy ´t neat wiene it yn drûge tiden hiene, wit ik net. Wennen jo bûten it doarp dan wie it mei it wetter yn drûge tiden problematysker. Guon minsken koene mei in pomp wetter út de grûn pompe, mar dat kaam net sa faak foar. In dobbe yn it lân joech oan it fee mooglikheden. De boeren krigen in part fan de bussen dy ´t mei molke dy ´t nei it bûterfabryk gongen en dêr op de ´melkontvangst´ lege waarden mei waai (foar de keallen) en …. wetter (foar de minsken) werom.

Bakhimmelje

Sa no en dan hie in lege bak in foardiel, want dy koe himmele (schoongemaakt) wurde. Earst mei in ljedder de bak yn en dêrnei it laachje smoargens op de boaiem der úthelje. It wetter út in himmele bak waard der net minder op! Om it wetter op kwaliteit te hâlden hiene guon minsken in mûdhûn (zeelt, een vis zonder schubben) yn de bak. Dy mûdhûn liet him, om yn libben te bliuwen, de wetterflieën út it bakswetter goed smeitsje!

Wetterlieding

Likernôch 1947 kaam de wetterlieding yn it doarp, en dan allinne noch mar yn de beboude kom, want de bûtengebieten wiene ´ûnrendabel´. It hiele doarp stie op syn kop; oeral moasten der sleuven (mei de hân) groeven wurde om de liedingen oan te lizzen. Yn de gong efter foardoar kaam in betonnen putsje en dêr kaam de lieding mei de haadkraan op út. De eigener fan it hûs moast der dan sels foar soargje dat it wetter fierder de wente yn kaam. Yn hiel wat huzen waard der in kraan yn de gong pleatst en dat wie dan in hiele lúkse: net mear ôfhinklik fan it waar, net mear nei de bak en skjin wetter! 

Wetterklosetten

Earst doe ´t der wetterlieding yn de huzen kaam, koene der WC ´s oanlein wurde, mar dat gong net sa hurd. Yn myn belibbing barde dat allinne mar yn de herfoarme pastorij en it hûs fan it skoalhaad. Ek by de boargemaster, de dokter en yn de grifformearde pastorij sil dit sûnder mis it gefal west ha, mar de measte huzen hâlden in húske (al as net bûtendoar) mei in tûntsje.

As der al in WC oanlein waard, dan waard de bak, dy ’t net mear noadich wie, brûkt as bearput.

Sunich

Doe`t der noch gjin wetterlieding wie moasten de minsken wol sunich mei wetter wêze. Wat wetter foar de kofje en de tee. Wat wetter yn de tobbe om de wask te dwaan en de wask dêrnei út te spielen, mar dat barde ek faaks by it stalt. Wat wetter yn in tobke om josels te waskjen, want dûse wie in noch ûnbekende lúkse. Yn de ´nije´ huzen oan de Sjaerdaleane dy ´t yn 1948 klear kamen siet noch gjin dûs. Ek yn dy huzen wie mar ien kraan by it oanrjocht mei allinne kâld wetter. Geisers en boilers kamen earst letter.

Dat waskjen fan de minsken sels barde hiel wat minder frekwint as hjoed-de-dei. Alle dagen efkes om it gesicht en ien kear yn de wike hielendal mei wat waarm wetter yn in tobke en dan tagelyk ferskjinje. Kafeehâlder Jelle Bergsma hie yn de gaten dat der jild te fertsjinjen wie en liet in dûs pleatse der ´t foar kwartsje op sneon dûst wurde koe. Dêr makken tal fan Eastereiners gebrûk fan.

Smoarch wetter

Wat der oan wetter de huzen ynkaam moast der as smoarch wetter wer út. It waard soms opfandele yn in ´smoarge amer´ of it  gong yn it rioel. Mar yn alle gefallen kaam it, net suvere, yn de feart. As der dan mar beweging yn de feart siet dan foel it wol ta, mar by stil steand wetter stonk  it ôfgryslik. It stikje feart by ús foar hûs wie dea wetter, want earst letter die bliken dat de buis by de ´hokken´ ferskood wie en der gjin trochstream  wie. Net allinne simmers, mar ek  winters as der iis yn de sleatten lei koene jo je wille op. Op it iis leine dan skier beferzen plakkaten ôffalwetter en de beferzen ´hearlikheden´ út de smoarge amers. Om dêr dan trochhinne te riden wie net botte aardich. Oan dizze situaasje is yn de tachtiger jierren in ein kommen doe ´t der in parslieding oanlein is om it smoarge wetter nei de wettersuvering te pompen.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s