15. Yn en om Easterein (de sakristy) troch Jan Hiemstra


15. Yn en om Easterein (de sakristy)  troch Jan Hiemstra
©: Onbekend

Foto is fan 1920 mei de sakristy

Jierrenlang wie in slachje troch de buorren en in rûntsje om it tsjerkhôf hiel gewoan. Linksom of rjochtsom kamen je lâns de ‘grutte tsjerke’ sa as de Martinitsjerke yn it doarp neamd waard. Je seagen dan efkes oer de hage nei de grêfstiennen mei meast bekende nammen en je kamen lâns de sakristy. Dy sakristy, it stik dat al yn de 12e iuw oan de noardkant dwers tsjin de tsjerke oanboud is, dêr giet it no om. 

 

  
De eastkant fan de sakristy foar de stoarm fan 1949


Sa as de sakristy der op boppesteande foto ’s byleit ha de measte Eastereiners fan no it gebou net kinnen. In gewoane foardoar en gewoane ruten; mei muorreankers om fan muorren en dwersbalken in hecht gehiel te krijen. Ik sil in jonkje fan in jier as seis west ha doe ‘t, nei in foarse hjerststoarm, thús it praat waard: ‘No is it wol wat mar it dak fan de sakristy is hielendal ynwaaid’. Op de linker foto fan de foarkant (de eastkant) is te sjen dat it gebou yn ferfal is, mar dat de pannen der noch oplizze. De foto fan de efterkant mei de pannen der ôf (de westkant) is nei de stoarm makke. De sakristy wie al jierren poer min en dan is allinne noch dy lêste noardwester stoarm nedich. Doe ’t de tsjerke healwei 19e iuw grut ûnderhâld hân hie, is it measte net oan de sakristy die.

 

De westkant fan de sakristy nei de stoarm

Foar de reformaasje (yn Fryslân yn de rin fan de 16e iuw) waard de sakristy troch de pastoar brûkt. Dy droech ûnder it selebrearjen fan de mis spesjale klean (‘kasufels mei in stoal’). De kleur fan dizze klean wie ôfhinklik fan it tsjerklik jier en it tsjerklik feest. In pastoar ûnder de mis stie der dus net yn syn swarte pak mei it rûne wite board by. De klean dy ’t er dan droech moasten in plakje ha en de sakristy wie de gerfkeamer (gerven = tariede op de tsjinst , gereedmaken, zich aankleden). Soks jilde ek foar al de wijde attributen dy ’t de pastoar ûnder de mis nedich hie. Der moat fierders by betocht wurde dat de tsjerke elke dei brûkt waard en dat ek oare geastliken en mistsjinners oer in romte beskikke moasten.

Doe ’t de tsjerke fan kleur ferskeat kaam de dûmny yn it plak fan de pastoar. Dûmny seach der ûnder it ‘wurk’ lang sa kleurich net út. Oarspronklik preke er yn in trijekwart swarte jas en in kûtbroek. Foar de preek hoegde net ferklaaid te wurden. Letter waard foar de measte dûmnys de toga mei bef it ‘ambtsgewaad’; dit moast foar de preek yn de sakristy wol efkes oer it pak strûpt wurde. Wat der nei de reformaasje wol bykaam wie it brûken fan de sakristy as tsjerkeriedskeamer. Foar it begjin fan de preek kamen âlderlingen, diakens en dûmny hjir by elkoar en waard der troch ien fan de âlderlingen in gebed útsprutsen. Sûnt de âlde skoallen lykwols brûkt waarden foar allegearre aktiviteiten waard der fierders mei de sakristy sa goed as neat dien. It wie der net waarm te stoken! 

De fraach yn 1949 waard dan ek: Wat dogge wy mei it boufal? Neffens hiel wat Eastereiners wie der mar ien oplossing: ôfbrekke dat ding en de muorre tusken sakristy en tsjerke tichtmitselje. Je koene der ek wol sûnder en no soe it allinne mar jild kostje

Der wie lykwols ien yn it doarp dy ’t it oars seach: Yde Minnes Sjaarda (1889 – 1960), oarspronklik boer oan de Opfeart (it plak der ’t de maatskip Kuiper no sit) en doe rêstend boer en kassier fan de boerelienbank, wenjend oan Van Eijsingaleane 19. Y.M. Sjaarda wie presidint-tsjerkfâd en hie in protte yn ‘e molke te brokkeljen. De tsjerke ferhierde huzen en woene je as jong stel yn Easterein in wente ha dan wie it fan belang om Sjaarda op ‘e lije side te kommen. Hy wist hiel wat fan de histoarje fan de tsjerke ôf en wist syn kollega tsjerkfâden sa fier te krijen om mei ‘syn’ restauraasje plan yn te stimmen. 

Ek de lidmaten fan de herfoarme gemeente moasten it plan noch goedkarre, mar soks sil grif foarbakt west ha! Wat yn alle gefallen holpen hat wie de subsydzje fan f 12.000 dy ’t de oerheid beskikber stelde. Troch eigen ynbring en subsydzje koe mei de restauraasje útein set wurde. As it wurk dan úteinlik klear is komt oer de iepening yn 1953 it hjir opnommen ferslach yn de Leeuwarder Courant. Moai dat troch de ynspanningen fan doe der yn it doarp teminsten noch ien monumint oerbleaun is.


Doch sels ek wat minsken jierrenlang dien ha: meitsje in rûntsje om it tsjerkhôf, besjuch de foto ’s dy ‘t by dit artikel pleatst binne. Sykje de ferskillen en pak it boek ‘Geschiedenis van de Martinikerk te Easterein Een heiligdom binnenstebuiten gekeerd’ fan André Vink derby en sykje op wat der oer de sakristy skreaun is.



 



 




 


 

 
  

 

 

 


Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s