De Trieme
De Trieme is in streekdoarp dat offisjeel frij jong is, mar eins al frij âld is. De streek komt yn 1467 foar it earst yn de boarnen foar en wurdt dan Trema neamd. Dizze moatte wy oan it no ûnbeboude Lykpaed sykje, fan De Dôlle oant de Strobossertrekwei. De streek rint fan west nei east oer de noardlike râne fan it sânplato fan de Wâlden. Noardlik hjirfan leit de leechte van De Hammen en De Warren, wêrnei de sânrêch noch even opdûkt.
Op dit ‘sâneilân’ is Westergeast ûntstien, it doarp wêr’t De Trieme as buorskip lang by hearde. Sels Kollumersweach, folle fierder yn it suden, hearde by Westergeast. Kollumersweach foarme yn de Midsieuwen in eigen parochy en dat hat De Trieme net belibje mocht. Oan it ein fan de 18e ieu is it dochs al wichtich genôch om by Westergeast yn de Tegenwoordige Staat van Friesland neamd te wurden: In’t Zuiden, over de Groninger Trekvaart, ligt het buurtje Triemen in ‘t geboomte, aan de bouwlanden van Kollumerzwaag en Veenklooster.’
De neamde feart is de Strobosser Trekfeart dy’t Dokkum tusken de stêd en it Knillisdjip oanlizze liet. Dat beamtegrien is der noch altyd: de huzen en lytse (wen)buorkerijen binne aardich yn it grien ferstoppe.
Hoewol’t De Trieme gjin tsjerke hat, hat it yn 1884 wol in kristlik nasjonale skoalle, de earste yn de wide omjouwing. De bern kamen fan Kollumersweach yn it suden oant Aldwâld yn it noarden. Letter waarden yn dy doarpen ek kristlike skoallen stichte.
Triemen nûmer 11 is no in opknapt wâldpleatske. It stiet op it plak wêr’t it hûs Bommelatijer, in simmerhûs fan de grytmansfamylje Van Aylva stie. Yn 1725 is it hûs kocht troch de út it Nassaugebiet ôfkomstige offisier Everhard van Hanecrooth. De Hanecroothsingel docht der noch oan tinken. Tusken de âlde bebouwing yn it westen kaam resint oan de Migchelbrinkwei in tsiental nije huzen ta stân.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel