Terkaple
Terkaple is in wetterdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is. It is ien fan de doarpen yn de Lege Wâlden, de lege wetterstreek súdeastlik fan de Snitser Mar mei syn poelen. It wie oant de 19e ieu allinne oer wetter te berikken. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff (1849) stiet in paad út de rjochting fan De Jouwer nei Terherne oanjûn, mei in oerset op it plak wêr’t no de Hearesyl leit, mar dat wie allinne foar lokaal ferkear te brûken.
Op sawol de kaarten fan 1718 as dy fan 1849 blykt in lytse agraryske delsetting mei in tsjerke en de Oenemastins. Yn 1788 stie yn de Tegenwoordige Staat van Friesland: ‘dit Dorp heeft eene Kerk, maar geen’ toren; by de Kerk staan eenige verstrooide huizen, en ten Noordwesten van dezelve stond weleer Oenema Stins, ’t welk in den aanvang deezer eeuw nog in zyne Hovingen en Cingels lag, … schoon van zyn voorig aanzien ganschelyk beroofd. … Dit Dorp … is voorts niet onaangenaam, wegens de zeer naby gelegen vischryke Kappelster Poelen.’
It tsjerkje is yn 1854 boud om in âlder eksimplaar te ferfangen dat foarsjoen wie fan ferwulfskilderingen. De tsjerke hat in trijekantich sletten koar en in lytse geveltoer dy’t bekroand wurdt troch in elegant, iepen wurke koepeltsje. Yn de tsjerke lizze twa belangrike Oenema/Roorda sarken yn renêssânse styl, in dekorative troch Pieter Dirxsz (1570) en in portretsark (1610) troch Jacob Lous.
Op it plak fan de Oenemastins stiet in buorkerij mei in wapenstien fan de Oenema’s en yn de keukenkeamer in grutte renêssânse skou. Yn de omjouwing fan de tsjerke, mei pastorije, stiet in rige pleatsen. Súdliker leit in flapbrêge oer de frij brede Heremafeart en dêrnei stiet opnij in yn de 19e ieu groeide streek fan arbeiderswenten oan dizze sleat. De beide kanten fan de dyk rjochting Akmaryp binne dêrnei ek beboud rekke en der kaam in lytse skoalle ta stân mei twa klassen. Terkaple is in doarp mei twa kearnen.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel