Surhuzum
Surhuzum is in agrarysk streekdoarp mei in midsieuske komôf. De pleatsen steane noch altyd oan wjerskanten fan it Noard, Doarpsstrjitte en It Súd. Pleatsen, wêrfan ferskate in monumintaal karakter ha, liede it doarp yn en út. Yn it midden, tichtby de doarpstsjerke, is de struktuer wat tichter. Dêr stiet karakteristike doarpsbebouwing fan in stik as wat notabele wenningen út it ein fan de 19e en boargerhuzen út de earste helte fan de 20e ieu. It lang útrutsen doarp hat nei de oarloch rêchdekking oan de eastkant krigen, dêr binne foaral yn de jierren sechstich en santich in flink oantal strjitten by kommen. Efter dizze wyk leit de drokke trochgeande rûte fan Bûtenpost nei Surhústerfean en fierder nei Drachten.
Yn de Midsieuwen hie Surhuzum it grutste doarpsgebiet fan de gritenij. It hiele gebiet súdlik fan Stiensgea, it eastlike part fan Achtkarspelen hearde by Surhuzum. Ynearsten lei dêr noch it selsstannige doarp Koartwâld – ien fan de acht karspelen – mar dat wie sa lyts dat de húshâldingen de tsjerke net ûnderhâlde koene. De paus joech yn 1441 de Koartwâldsters tastimming harren by Surhuzum oan te sluten. Even noardlik fan Surhústerfean bestiet de buorskip noch altyd.
Yn de rin fan de 17e ieu hat Surhústerfean him fan it memmedoarp losmakke: oan it ein fan dy ieu wennen der al safolle minsken dat se in eigen tsjerke stichtsje koene.
De doarpstsjerke fan Surhuzum is yn 1614 wer boud mei sloopmateriaal fan de foargongster en de koarpartij mei in dekorative poarte is yn 1734 nochris útwreide. Doe binne de finsters fergrutte en in pear jier letter binne der brânskildere rúten fan Ype Staak yn pleatst. De út 1300 hinne datearjende lossteande en mei in loftbrêge mei de tsjerke ferbûne toer is ien fan de opmerklikste yn de provinsje. De foarse romp fan de toer wurdt op de hoeken skoarre troch steunbearen dy’t in protte fersnien binne, mei geveltopkes foarsjoen fan bôgefriezen oan alle kanten. Dêrnei riist de mitsele spits op.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel