|

Sumar


Sumar
©: Hendrik van Kampen

Sumar is in streekdoarp fan let midsieuske komôf súdwestlik fan de Burgumer Mar, ûntstien op de noardlike râne fan in grut sânplato. Súdlik fan it doarp lei in lang heidegebiet. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1761 is de ûnbewenne heide oanjûn. It doarp bestie doe út in lytse tsjerkebuorren, inkele mei beammen omseame wegen mei losse bebouwing en buerten.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: ‘Dit dorp verschilt weinig van Garyp, ten opzigte van de ligging der landeryen en plantagien, en sluit ook op eene gelyksoortige wyze tegen Smallingerland met een zandig heideveld. By de kerk is maar een kleine buurt; doch onder dit dorp behooren verscheiden andere buurtjes, als de Meershuizen, de Eest, de Landsbuuren, de Harste en de Heidhuizen, met nog eenige huizen, bekend by den naam van Molenbuurt.’ Op de kaart yn de Eekhoffatlas út 1847 is de bebouwing yn it doarp tanommen. Op de heide stiet ferspraat ek wat bebouwing.

Om 1900 hinne is de heide oanmakke en yn 1917 is der yn it kader fan de Wenningwet in flinke rige wenningen mei skuorre ta stân kommen: de Lytse Buorren. Yn de doarpskearn fertoant de Greate Buorren in ôfwikseljend byld fan grutte en lytse wenningen en pleatsen, wêrby de eardere pastorije út 1869 op nûmer 24 opfalt. Op nûmer 25 stiet in skoudersstjelp, ek wol in buorkerij fan it Burgumer Mar type neamd.

De doarpstsjerke is yn 1769 boud om it midsieuske godshûs te ferfangen. It is in ynbannige sealtsjerke mei in trijekantige sluting en in ynboude toer mei ynsnuorre spits. Seis troch Ype Staak yn 1771 makke brânskildere finsters binne de pronkstikken.

Nôtmole De Hoop is yn 1867 boud en yn 1881 nei brân wer opboud. It is in achtkant mei in mitsele ûnderbou en in stelling. De wjukken ha in breedte fan 21 meter. Yn de 20e ieu is noardlik fan it doarp en oan it Prinses Margrietkanaal, dat om 1950 hinne ferbettere is ta grutskips farwetter, in mânsk bedriuweterrein ta stân kommen.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: Hendrik van Kampen
Lês mear


1 | 2 | 3 | 4 | 5