Stiens
Stiens is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûnstien is op in kwelderwâl eastlik fan de Boarnstream. Fan de grutte rige terpen noardlik fan Ljouwert groeide Stiens út ta it wichtichste doarp. It wie in radiaal terpdoarp en it om it tsjerkhou lizzende paad is nettsjinsteande de skaalfergrutting fan Smelbrêge en de Piter Jellessingel noch te werkennen. It is ien fan de belangrykste romtlike karakteristiken yn de doarpskearn, mei omdat it tsjerkhou omseame is troch in trijefâldige seame fan linebeammen. Foaral it eastlike segmint om dizze kearn hinne rekke mei radiaal en efterstrjitten en paden beboud.
Stiens wie ûntsletten oer de Stienzer Feart dy’t fan de terp ôf earst hast 700 meter nei it suden rûn om dêrnei yn eastlike rjochting nei de Dokkumer Ie ôf te bûgen. Tichtby dizze feart folgen ûntwikkelingen fan wenningbou en bedriuwichheid.
De âlde dyk fan de Middelsee westlik fan it doarp is yn 1847 oant Stiens ta as strjitwei ferbettere en yn 1901 krige Stiens ek noch spoarferbiningen. Yn 1901 iepene de Noord Friesche Lokaal Spoorweg it spoar nei Dokkum en al gau dêrnei it spoar oer it Bilt nei Barradiel. Beide dienen Stiens oan en it doarp krige in stasjon 1e klasse en in knap remizegebou. It persoaneferfier is yn 1936 staakt, mar it frachtferfier foar benammen in ierdappeleksportbedriuw fan Ljouwert-Stiens vv is oant de njoggentiger jierren bestean bleaun. Stasjon en remize steane noch oan de Lutskedyk. Doe’t de reizgjende kranteman Jacob Hepkema Stiens oan die, notearre er ûnder mear: ‘Dat Stiens een kapitaal- dorp is, behoeft de bezoeker niet te vragen, als hij den aanbouw van deftige renteniershuizen in oogenschouw neemt, welke hier de laatste jaren zijn verrezen langs de vaart en aan den hoofdweg, in grooter getale dan ergens elders ten platten lande gezien wordt, met kapitale herbergen advenant.’ Dizze boarger-en hearehuzen, wêr ûnder ferskate middengongwenningen, binne foaral te finen oan de Lege Hearewei, Smelbrêge, Langebuorren en Uniawei.
De ynfrastrukturele fernijingen joegen ympulzen oan it doarp en Stiens groeide ek yn de breedte, nei de strjitwei en nei it spoar ta. Nei de anneksaasje fan it sudertrimdiel yn 1943, bleau fan Ljouwerteradiel allinne it noardertrimdiel oer en fan dizze lytse gemeente waard Stiens it haadplak. It duorre lykwols noch inkele tsientallen jierren foar’t it gemeentehûs ek nei Stiens ferhúze.
Nei de oarloch, foaral sûnt it midden fan de sechstiger jierren, is Stiens as forinzeplak fan Ljouwert sterk groeid en as gehiel is it dan ek in jong plak mei in âlde kearn. Tsjin de eastlike marzje fan de midsieuske doarpskearn is oan it ein fan de 20 ieu in soarte lytsstedsk plein, it Sint-Vitusplein mei winkels ûntwikkele. De Sint-Vitus tsjerke is in mânske tsjerke mei in foarse sealdaktoer. It romaanske skip fan dowestien waard oan it ein fan de 11e of it begjin fan de 12e ieu boud. De muorren litte grutte sparfjilden sjen mei dêr yn (tichtsette) lytse rûnbôgefinsters. It koar is wat smeller as it skip en is yn de 13e ieu fan bakstien boud. Dit koar hat in fiifkantige sluting, dy’t yn de 19e ieu noch ris fernijd is. Mei de ferheging en gâns reparaasjes fan it skip lit it muorrewurk fan de tsjerke in boeiend histoarysk tapyt sjen. De toer datearret út de 15e ieu en is opboud út fjouwer fjilden. Der hingje trije klokken yn, ien út 1381, in twadde dy’t Arent van Wou yn 1509 geat en in tredde út 1607 fan de hân fan Gregorius van Hall, it ynterieur bestiet út inkele 17eieuske hearebanken en in 18eieuske kânsel. Under de grêfsarken falt in hiele grutte portretsark foar Philips van Boshuysen en syn frou Anna van Eysinga út it midden fan de 17e ieu op.
Tsjinoer de súdkant fan de tsjerke stiet it mânske, plastere Sint-Vitushûs dat yn it midden fan de 19e ieu as herberch Het Lands Welvaren boud is. Skean der tsjinoer stiet De Smalle Brug dy’t noch altyd as herberch funksjonearret.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel