Skraard
Skraard is in terpdoarp tichtby de eardere Marneslink en komt yn 1270 foar it earst yn de boarnen foar as Scadawerth. It doarp hie goede ferbiningen oer wetter. De fan noard nei súd rinnende Skraarder Feart slingert om it doarp hinne. De terp hat in regelmjittige, radiale struktuer, mar de bebouwing ken dy regelmaat net. Yn Skraard is de tsjerke net op de krún fan de twa meter hege terp boud, mar oan de súdwestlike râne. Sy kaam sa mei it koar nei de kearn fan it doarp te stean.
De âldere bebouwing leit foaral oan de eastlike kant fan de terp, sawol oan de terpkant as oan de oare kant fan de Skraarder Feart. Oer de terp rint it paad fan Wûns nei Boalsert. Dizze is ta in trochgeande dyk, de Smidstrjitte, rjocht lutsen nei de Easterleane rjochting Longerhou. De súdlike en eastlike terprâne binne it tichtst beboud bleaun, foaral it noardeasten, wêr’t yn 1889 in ienfâldige grifformearde tsjerke kaam. De bebouwing is op de feart rjochte mei de Tsjerkestrjitte as efterstege. Romtlik biedt it in ôfwikseling fan konsintrearre buertsjes en iepen kampkes lân spannende bylden en opmerklike trochsichten. Yn 1988 waard Skraard beskerme doarpsgesicht. De westlike terphelte bleau lang ûnbeboud. Yn de jierren om 1900 hinne kaam oan de Skoalstrjitte wat bebouwing. Oan de westlike marzje lizze in stik as wat markante pleatsen dy’t de oergong nei it greidelânskip foarmje. It net fergroeven tsjerkhou is ôfgrinze mei in stiennen muorre wêr’t oan de súdkant daliks de terpfoet grinzet.
Yn de Midsieuwen reizgen beafeartsgongers nei Skraard om der it hostywûnder te betinken. Der is no gjin spoar mear te finen fan de bliedende hosty. De tsjerke datearret foar in grut part út de let romaanske perioade en is fan giele friezen boud, lykas de toer. Yn de tsjerke stiet meubilêr út de 17e ieu. De renêssânse kânsel, doophek, lessener, jildtaffeltsje en nachtmielbanken foarmje in harmonieus gehiel. Echte juwieltsjes fan houtsnijwurk binne de sydwangen fan tsien tsjerkebanken fan ± 1565 mei ingelen, duvels en mûnsters.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân