Rottum
Rottum is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen by de Binnendyk lâns as ûntginningsbasis ûntstien is. Op de betiidste gritenijkaart fan Skoatterlân (Schotanus, 1718) is de agraryske streek fan Rottum mei hast allinne bebouwing oan de noardkant fan de Binnendyk werjûn. Yn it midden fan de streek stie de tsjerke. Noardlik fan de streek lei feanlân, súdlik en eastlik healân.
De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: : ‘Rottum, weleer Rotna genaamd, is thans een klein Dorp, alwaar veele huizen zyn afgebroken, … loopende tot aan Haskerlands grenzen: weleer hield men hier den Landsdag der Zevenwouden. Uit dit Dorp kan men, langs drie verschillende wegen, ryden naar Oudeschoot, Lemsterland, Donjewerstal en Haskerland: ook loopt van hier eene vaart in de Overspitting, die van de Jouwer naar ’t Heerenveen gaat, benevens eene andere, die in het Tjeukemeer valt, om nu niet te spreeken van de Rotstersloot, die voor deezen van hier naar de Kuinder liep, doch thans is opgedroogd.’ Faaks hie it doarp troch de goede ûntslutingen oer wetter ea in sintrale posysje. Yn de Tachtichjierrige Oarloch wie it noch sa belangryk en strategysk fan lizzing dat der in skâns oanlein wie.
De tsjerke is yn 1791 ôfbrutsen. Dy is sûnder toer west, want der stie yn elts gefal yn 1732 al in klokkestoel. Op it wat ferhege tsjerkhou stiet no in út de tritiger jierren datearjende goed ûnderhâlden, betonnen klokkestoel mei in lûdklok dy’t nei alle gedachten yn 1443 troch Johan van Bomen getten is.
De Binnendyk is in belangrike ferkearsdyk tusken It Fean en De Lemmer wurden en it doarp liket tsjintwurdich te bestean út inkele buerten. Oan de agraryske streek tusken Rottum en It Fean steane in stik as wat kreaze buorkerijen, in kop-hals-romppleats út 1914 en de stjelp ‘Geertje Hoeve’ út ûngefear 1930. It eastlike part fan de doarpskearn krige flakby de Moleleane de wichtichste doarpsútwreiding. Ek westlik by de Badwei is wat nijbou nei de oarloch realisearre. De âlde Binnendyk en de âlde Postwei foarmje âldere streken.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel