|

Ravenswâld


Ravenswâld
©: Hendrik van Kampen

Ravenswâld is in jong streekdoarp yn de uterste súdeastlike hoeke fan Fryslân. It graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart wie om 1820 hinne op ’e hichte fan it lettere Ravenswâld ta foardere. Parallel oan dizze feart waard de Nije Feart groeven en dêrfan út alve wiken en in pear krúswiken it fean yn. Dêr’t de Dadde Wiek en de Eerste Kruuswiek by mekoar kamen ûntstie de delsetting dy’t yn ‘t earstoan Appelscha Dadde Wiek neamd waard, mar wêrfoar’t nei de oarloch in namme ûntliend waard oan de yn it fean lizzende poel, de Ravensmar.

Ravenswâld wie de lêste feankoloanje fan Fryslân dy’t om-ende-by 1860 ûntstie en yn 1952 de status fan selsstannich doarp krige. Der stienen yn ‘t earstoan ferfeanershutten. It earste echte hûs waard dêr yn 1871 boud op rekken fan in feanbaas en winkelman út Appelskea.

Yn de desennia om 1900 hinne waard it ôffeane gebiet in kultuer brocht. De NV. Gezamenlijke Compagnons van Opsterlandse en Ooststellingwerver Veenen en Vaerten beplante it sintrale gebiet fan 1883 oant 1908 mei in bosk fan 200 ha: de Compagnonsbosschen. Al gau nei dy tiid binne de grûnen dêromhinne oanmakke yn opdracht fan in spesjaal dêrfoar yn 1908 oprjochte kompanjy, dêr’t earder ek de Nederlandsche Heidemaatschappij by belutsen wie. Yn in wiid karree dêromhinne is de grûn geskikt makke foar boulân, wêrby’t de boerepleatsen tige regelmjittich, strang hast, oan de rânewegen boud waarden. De earste pleats ‘Kloksveen’ waard yn 1911 troch de Heidemij ûntwurpen. De dêrop folgjende twa buorkerijen kamen yn 1913 ek yn it easten ta stân nei ûntwerp fan arsjitekt C.J. Wierda. In jier dêrnei kamen der nochris seis pleatsen yn it noarden.

Oan it ein fan de Dadde Wiek is op in sânhichte in stjerrebosk-foarmich plantsoen oanlein. Om-ende-by 1915 stienen der noch gjin tweintich huzen. Dêr kaam feroaring yn doe’t fan 1918 ôf de wenningstichting oan wjerskanten fan de Compagnonsweg ferskate wenningen bouwe liet. Ravenswâld groeide westlik fan de Compagnonsbosschen út ta in L-foarmige delsetting fan beskieden wenningen, dy’t wilens oan de kant fan it bosk in eigen moderne doarpsútwreiding krigen hat.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: Hendrik van Kampen
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s