Piaam
Piaam, dat yn 1555 foarkomt as Pianghum, is in komdoarp dat bysûnder skildereftich justjes efter de eardere Suderseekust op net al te lege grûnen leit, de posysje fan oare doarpen yn de kuststreek yn acht nimmende. De kust is hjir fierders net frij want yn it noarden leit de Makkumer Súdwaard en yn it suden de Koaiwaard yn ‘e Iselmar.
It doarpsgebiet rikt mei de Polder Koaihuzen, neamd nei in buert fan buorkerijen en twa einekoaien, ta oan de yn 1876-1879 droechmealde Feitemar en Parregeaster Mar yn it easten. Fan de al âlde einekoaien is bekend dat de dêr fongen wetterfûgels nei Hollân ferhandele waarden; no wurdt ien fan de koaien brûkt foar it ringjen fan wetterfûgels.
Tichtby de doarpskom binne noch in pear ekers te finen, mar fierder is der net folle oerbleaun fan de earder sa wichtige lânbou; it is allegear feehâlderij yn de omjouwing. Inkele flinke stjelppleatsen en in pear huzen markearje de yntree yn it lytse doarp en twa monumintale kop-rompbuorkerijen slute it doarp oan de eastkant wer ôf. In pastorije hat Piaam net hân om’t de tsjerkelike gemeente kombinearre wie mei Skuzum en de pastorije yn dat doarp kaam.
De doarpsstrjitte bûcht nei de 13e-ieuske bakstiennen doarpstsjerke ta. Yn 1555 woenen de ynwenners der in laaien dak op ha; wierskynlik leit der dan noch reid op it dak en dat hat, sa tichtby de kust, te lijen fan stoarmen. Der wurdt meld: “Pyanghum is nyet beplant met eenighe boemen”. De westgevel is fernijd en by de restauraasje fan 1953 binne de rûnbôgige finsters yn it koar hersteld en it koar krige wer goatyske spitsbôgen. Oan de noardkant sit in hagioskoop yn it muorrewurk.
Eastlik fan de tsjerke leit de fraaie kop-rompbuorkerij Nynke Pleats dy’t út de 18e ieu datearje moat en wat súdliker noch sa’n buorkerij mei nijsgjirrich flechtwurk yn de gevel fan ‘e foarein. Yn 1889 waard it lytse grifformearde tsjerkje boud. Hjir is (fan de Aldfaers Erfrûte) dan ek it fûgelmuseum te besjen mei ûnder mear in diapresintaasje oer de bûtendykse, tige fûgelrike waarden.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân