|

De Pein


De Pein
©: FrieslandWonderland

De Pein is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen op in sânrêch ûntstien is. De bebouwing rjochte him benammen op de Lijkweg, no de Kommisjewei. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Opeinde, tot onderscheiding van andere gelyknaamige dorpen, by ‘t Landvolk Smallinger Pein genoemd, heeft eene kerk met een stompen toren, buiten welke echter de klokken hangen. Aan den Lykweg naar het Westen, vindt men hier eene lange streek huizen met zeer vermaaklyke gezigten door het geboomte, zo langs den weg als op de horrnlegers der huizen.”

It doarpsgebiet wie útstrekt, yn it noarden op de ôffeane streken dêr’t De Tike, Rottefalle, de Drachtster Kompenije en Houtigehage ûntstien binne. Yn it súdeasten lei de buert De Kletten – no it noardlike part fan it Drachtster bedriuweterrein De Haven – dat mei de Burmaniasleat en de Kletstefeart yn ferbining stie mei de Smeliestersân. Fan mear belang wie de feart fan de Leien nei it suden ta, nei de Sân. Dêr skriuwt healwei de 19e ieu Van der Aa yn syn Aardrijkskundig Woordenboek oer: “Oudtijds liep er eene vaart dwars door het dorp, van het water de Leijen zuidwaarts tot in de Smalle-Ee’ster-zanding. Deze vaart, die thans vervallen is, werd het Juffers-gat genaamd. ... Tegenwoordig bestaat er eene vaart, voor eenige jaren gegraven, uit het midden van het dorp naar de Leijen.”

De feart is yn 1883 ta it Peinder Kanaal ferbrede. Nei de tiid kaam der op de krusing fan dyk en feart in konsintraasje fan bebouwing. Yn it easten stie de tsjerke noardlik fan de Lijkweg, de Kommisjewei fan no. De tsjerke waard yn 1908 ferfongen troch de hjoeddeiske súdlik fan de wei, in tsjerkhôf sûnder tsjerke mei in klokkestoel mei skylddak efterlittend. De nije krústsjerke mei toer is ûntwurpen troch Wolter te Riele.

Tsjin de tsjerke oer stiet ien fan de moaiste buorkerijen fan Fryslân (1928) mei frijsteande fila yn de styl fan de Amsterdamse School. Nei de oarloch is it doarp benammen fanwege de wenningbou, tusken de Kommisjewei en de súdliker lizzende Hegewei yn gâns útwreide.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s