Nijelemmer
Nijelemmer is in agrarysk streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen oan de súdkant fan de âlde Weerdyk ûntstien is. Dizze Weerdijk is dúdlik oanjûn op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 en kronkele troch it westen en noarden fan Weststellingwerf. Hy kaam út it suden fan Aldetrine en gie mei in bocht troch Aldlemmer en Nijelemmer en mei twa heakse bochten noch fierder nei it easten troch Nijeholtwâlde hinne om by Aldeholtwâlde wer in bocht nei it suden ta te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta.
Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “een Dorp van maatigen omtrek ... ten Noordoosten van ‘t voorige Oldelamer, aan denzelfden rydweg of Weerdyk gelegen. Door den zwaaren stormwind van den 12 December 1747, stortte hier een gedeelte der kerk in, die daarna voorts geheel is afgebroken. Weleer werd hier zeer veel turf gegraaven, en thans nog eenige, loopende de turf Wyken alle uit in de Kuinder. Ook loopt door dit Dorp de Schipsloot van en naar Wolvega.”
Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 binne de spoaren fan de feangraverij te sjen. It gebiet noardwestlik fan de Skipsleat is ien fan de lêste yn kultuer brochte ferfeane gebieten fan Fryslân: De Ontginning, dy’t diels ek ûnder Nijeholtwâlde rekkene wurdt. Dêr ûntwurp arsjitekt Gerben Bergsma yn 1928 in gemaal oan de Skipsleat yn ekspresjonistysk-saaklike styl en hy soarge ek foar it ûntwerp fan de flinke rige buorkerijen yn fariearde typen by de rânen lâns en yn ‘e midden fan de nije feanpolder.
De âlde streek is frij los beboud; de measte grutte boerepleatsen steane net oan de dyk mar it lân yn, mei in eigen opreed. By de Hoofdweg en Schipslootweg lâns steane mar in pear huzen. Op it plak fan de ynstoarte tsjerke leit it romme tsjerkhôf, mei in flinke seame fan struken en beammen der omhinne. De klokkestoel mei helmdak is oarspronklik út 1795, mar is in pear kear fernijd. De klok is yn 1599 getten troch Willem Wegewaert.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel