Nijeholtpea
Nijeholtpea is in streekdoarp, yn de lette Midsieuwen ûntstien oan de dyk fan Wolvegea nei Easterwâlde. De frij losse lintbebouwing oan de Binnenweg (no Hoofdweg) is op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 oanjûn. Troch de knik yn de Hoofdweg, wylst de Binnenweg trochrint en fanwege de posysje fan de tsjerke tichtby de Bovenweg (ek wol Buitenweg en tsjintwurdich Stellingweg), is in wegenkrús ûntstien en waard it doarpsgesicht fariearder as dat fan de omlizzende doarpen.
De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “het Oostelykste der Dorpen aan de Noordkant van de Linde, strekt zich met zyne landeryen Noordwaards uit tot aan de Kuinder, en Zuidwaarts tot aan de Linde. De kerk deezes Dorps heeft een spits torentje, waarin twee klokken hangen: dezelve staat aan het einde van den Middenweg, die by Wolvega begint, en, by deeze Kerk in den Buitenweg eindigt. ... Daaromtrent liggen de huizen zeer aangenaam in het geboomte en de bouwlanden. Nergens vindt men in deeze Grieteny meer Houtgewas, dan in dit en in ‘t naastvolgende Dorp, waarop ook jaarlyks hier veel brandhout wordt gemaakt, en alomme verzonden .... Weleer genaamd ... hebbende dat gebouw toebehoord aan den Saxischen Grietman Lykle Eblens, gesprooten uit het voortreffelyk geslagt ... welk namaals den naam van Lyklama à Nyeholt heeft aangenomen.”
Op de kaart út 1850 yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat it doarp yn dy tiid noch beskieden fan omfang wie. En dat wylst Nijeholtpea it stamplak fan it Lycklama à Nijeholt-geslacht wie; in famylje dy’t lange tiid belangrike bestjoerlike funksjes yn Weststellingwerf en oare gritenijen besette.
De letgoatyske, oan Sint-Nicolaas wijde tsjerke hat in trijekantich sletten koar en in aardich ritme oan spitsbôgefinsters tusken de steunbearen yn. De slanke toer mei nullespits hie oarspronklik oan de foet grutte spitsbôgige iepeningen, mar dy binne ticht set. Tsjin de westlike muorre is in oerhoekse steunbear pleatst. De toer draacht twa klokken, ien fan Willem Wegewaert út 1598 en de oare fan Gheraert Koster út 1611.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel