Nij Beets
Nij Beets is in jong streekdoarp. In ferfeanersdoarp, dat ûntstien is doe’t de turfwinning yn de lege feanen likernôch healwei de jierren om 1860 hinne begûn is. De delsetting lei op it grûngebiet fan it âlde doarp Beets.
Troch de feanen hinne rûn in belangrike ferbiningswei nei Utingeradiel, de Swynswei; noardliker lei de Gea Weg – no de Prikkewei – yn it doarp. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1788): “Den rydweg, die van Beetsterzwaag door dit Dorp en voorts naar ‘t westen loopt, onder den naam van rechte Zeweins weg en dien van Ga Weg; gaande de laatste geheel tot aan Utingeradeels grenzen, door de laage landen, die het Beetster Hooi- en Maadlanden worden genaamd. Verder Zuidoostwaarts ... liggen hooi- en weidlanden, bekend by den naam van Wester Buure Vennen, na welke de Marschen volgen.”
Yn 1831 waard in nije strjitwei, de Nieuwe Leppedijk – no de Domela Nieuwenhuisweg – tusken de Swynswei en de Gea Weg oanlein. Fan 1863 ôf gie de skeppe yn de lânerijen. Tweintich jier letter liet in lânskip in ôfwikseling sjen fan stripen woeste grûn, healannen en turflannen. Bebouwing kaam benammen ta stân oan de Prikkewei, oan de eastkant fan de Skipsleat en noardlik fan de Nije Beetsterfeart.
Yn 1891 waard der in houten tsjerkje boud. It is krekt yn dit doarp dêr’t de skiednis fan de ferfeaningen sichtber is yn it iepenloft leechfeanderij museum ‘It Damshûs’, wêrfan’t in ienkeamerwenning oan de Skipsleat in orizjinele kearn is. Fierder lit it museum ûnder mear in trekkerskeet en in rekonstruksje fan it houten tsjerkje sjen. Fan ein 19e ieu ôf kaam de ûntginning fan de útfeane grûnen dreech op gong.
Yn 1908 koe der oan de Skipsleat in stiennen herfoarme tsjerke boud wurde. Yn 1917 folge oan de Prikkewei in grifformearde tsjerke. Ut iere organisearre folkswenningbou binne de rige fan tweintich út 1921 oan de Swynswei (fanâlds Zeveinsweg) en de rige fan tolve dy’t yn 1938 en 1940 oan in sydpaad fan de Domela Nieuwenhuisweg kamen, goede foarbylden.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel