Kolderwâlde
Kolderwâlde is ien fan de fjouwer doarpen fan de streek Noardwâlde, dêr’t de oarspronklike gritenijnamme Hemelumer Olderphaert en Noordwolde op wiisde. De hiele streek is yn 1984 by Gaasterlân-Sleat yndield. De namme kin ferklearre wurde as it Koudumer wolde, lyk as de buert Kolderwiske noardlik fan dit doarp lei.
It tinbefolke streekdoarp leit yn it suden fan in leechlizzend gebiet. Nei‘t it lân yn 1835 bedike wie, koe der turf wûn wurde yn de Grutte Noardwâlder Feanpolder. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff is de sjen dat de ferfeaningen al folop oan ‘e gong binne. Op deselde kaart stiet oan it súdwestlike begjin fan de streek it eardere tsjerkhôf fan Kolderwâlde yntekene. Dêr hat oant yn it begjin fan de 19e ieu in tsjerke sûnder toer stien. No is op dat plak allinne in boskje kaphout te finen.
Kolderwâlde is it súdlikste doarp fan de Noardwâlder rige. It leit net sa fier ôf fan De Oarden en de Holken, de súdlike útrinners fan de Fluezen. Der is amper sprake west fan komfoarming, yn it noardwesten leit in buertsje fan noch gjin tsien ienfâldige huzen. It doarp bestiet fierder út ferspraat steande, soms monumintale boerepleatsen. Yn de berm steane by de bushalte in rige brûnzen byldsjes op sokkels. It is it wurk fan de yn de buert wenjende Evert van Hemert, dy‘t de byldenrige ‘De famkes fan Kolderwolde’ neamd hat. Sa út en troch komt der in byldsje by, fan de Woudbrug oan de Bokkeleane ta.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel