Yndyk
Ypekolsgea (by Yndyk) is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong, wêrby‘t yn de hege Midsieuwen oan ‘e noardeastkant in delsetting by it wetter de Ie ûntstie dy‘t fan de betide 11e ieu ôf in selsstannige posysje krige: Wâldsein dat it memmedoarp al betiid alhiel oerfleugele. Ypekolsgea bleau in agraryske streek. Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus bestiet it doarp yn de uterste súdwesthoeke út in lange streek fan ûngefear trije kilometer mei likernôch tsien fiet út elkoar steande buorkerijen. Se stean gruttendiels oan de súdkant fan de Weisleat, dy‘t yndie flankearre wurdt troch in dyk. De tsjerke stiet oan ‘e noardkant fan dizze ferkearsas.
Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “Ipekolsga of Epekolsga.een Dorp van maatigen omtrek ...; ‘t zelve grenst ten Zuiden aan het Slooter Meer, en had eertyds een sterk huis, toebehoorende aan Take Abbema, ‘t welk in 1520, verwoest werd door de Schieringers, die te Slooten in bezettinge lagen. De kerk van dit Dorp, in 1497, door de Soldaaten in brand gestoken zynde, verteerde met vyfrien, daar in zynde, gewyde Hostien tot assche, die naderhand, zo men beuzelde, groote mirakelen deeden, en daarom zo veel toeloops hadden, dat men uit het offergeld eene nieuwe Kerk kon bouwen, die, vervolgens wederom vervallen zynde in 1664, werd vernieuwd en met een spits torentje voorzien.”
De tsjerke is yn de 18e ieu ôfbrutsen. Der stiet no in yn 1956 fernijde dûbele klokkestoel mei helmdak. De twa liedklokken binne yn 1644 getten troch Jelte, Pier en Johan Riemers. Ypekolsgea besit in oantal monumintale pleatsen, sa as de yn 1783 boude kop-romp ‘Arbeid en Moeite’, dy‘t no de namme ‘Werklust’ draacht. Noardlik leit oan de igge fan de Hegemer Mar de boerestreek Yndyk. In yn de greidlannen lizzend tsjerkhôf mei klokkestoel is in oantinken oan in doarpsferline.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân