Hitsum
Hitsum is in terpdoarp súdlik fan Frjentsjer en bestiet útsein de bebouwing by de trochgeande dyk by de tsjerketerp lâns út twa dwers dêrop steande frij kompakte streken huzen. Mei de Arumer Feart ek noch in buert dy‘t alear Westerhitsum neamd waard. Op dat plak soe ek Roordemastins stien ha.
Hitsum is in ynbannich doarp, dat sa as bliken docht út argeologyske fynsten, in foarnaam ferline hat. Sa is der in gouden Noarske bracteaat (sieraadmunt) út de 6e ieu mei it rune-opskrift “foro” fûn en boppedat in brûnzen mantelspjelde, in izeren spearpunt, in Romeinsk brûnzen masker en in frouljusbyldsje út mooglik de 11e ieu. De haadlingefamylje fan de Burmania ‘s komt fan Hitsum. Nochal wat fan harren kamen terjochte op hege bestjoerlike en militêre posysjes. Fan dizze famylje is Gemme van Burmania de bekendste. As ôffurdige fan Fryslân by kening Filips II yn 1555 soe hy wegere ha om knibbeljend de eed ôf te lizzen: “Wy Friezen knibbelje allinne foar God.”
De net al te hege doarpstoer leit súdlik fan de dyk. De tsjerke leit binnen in seame fan esken en in bûkehage. De sealtsjerke fan 1883 bestiet út trije, mei rûnbôchfinsters iepene fakken en in trijekantige sluting. De noardmuorre en dy fan it koar binne oplutsen yn grauwe stien; de súdkant is stukadoare. Yn de foar in part yn it tsjerkefolume stekkende toer hingje twa klokken út 1637 en 1671.
Noardlik fan it doarp rint it Hitsumer Binnepaed. It is in spoar fan in dynamyske perioade út de skiednis. Yn de tsientallen jierren om 1900 hinne kaam der in ticht net fan tramwegen yn Fryslân. In drok stik wie dat fan Snits nei Harns mei in sydtakke oer Hitsum nei Frjentsjer. Dêr wie wer oansluting op tram- en spoarlinen troch Barradiel en It Bilt. Nei opheffing fan de tramferbining is it trasee tusken Hitsum en Frjentsjer omtovere ta in fytspaad en binne de bermen beplante mei tichte seamen fan beammen en struken.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel