Feanwâlden
Feanwâlden is in streekdoarp dat him oan de súdlike râne fan in grut feangebiet op in hegere sânrêch ûntwikkele hat. Yn de 14e ieu wienen der twa delsettingen, dy’t beide in tsjerke hienen: Sint-Johanneswâld en it oardel kilometer súdwestliker lizzende Eslawâld.
Al foar 1436 wist it kleaster Klaarkamp de 14eiuwske toerstins as úthôf, of leaver as steunpunt, foar de turfwinning yn de omjouwing te winnen. De Wâlster Feart, Skiersleat en Galgesleat soargen foar in hast tsien kilometer lange, rjochtstreekse ferkearsferbining tusken it kleaster en de Skierstins. De stins stie tusken de twa lytse delsettingen yn. Eslawâld waard om 1500 hinne fanwege wetteroerlêst as gefolch fan de turfwinning opheven en mei Sint-Johanneswâld ferienige ta Feanwâlden. It mearfâld fan de nije namme lit dat sjen. De tsjintwurdige tsjerke stiet op it plak wêr’t de foargonger fan Sint-Johanneswâld stie. De oare tsjerke waard ôfbrutsen en hoewol it tsjerkhou noch lang respektearre waard – oant yn it midden fan de 19e ieu lei it der noch – skode de bewenning fan Eslawâld yn eastlike rjochting lâns de ûntginningswei op. Sa groeide Feanwâlden foaral eastlik fan de Skierstins út ta in karakteristyk streekdoarp mei ynearsten noch tinne en fersprate bebouwing.
Yn 1866 kaam it spoar fan Ljouwert nei Grins ta stân dat yn Feanwâlden frij ticht súdlik fan de doarpskom kaam te lizzen. Der kaam in stasjon en in kofjehûs dy’t beide al wer ferdwûn binne. Yn 1880 folge heaks dêrop in tramferbining mei Dokkum. Al sûnt it begjin fan de 19e ieu hie him tichtby it krúspunt fan de dyk en de Wâlster Feart nei it noarden in begjin fan komfoarming foardien.
Oan it ein fan dy ieu waard Feanwâlden in oantreklik wenplak foar rinteniers en letter forinzen. Se setten har ynearsten ta wenjen oan de Stinswei, wêr’t efter djippe túnen in tal notabele wenningen ferriisd binne.
De Skierstins is faak ferboud, mar lit it wêzen fan de te ferdigenjen stins noch goed sjen.
De toer stiet op in omgrêft terrein en oarspronklik ek op in lytse heuvel. De boppebou rêst op hoekpylders dy’t troch bôgen ferbûn binne. De bôgen binne yn de Midsieuwen al tichte en de oerwulvjende romte is ta in kelder útgroeven. It fertrek derboppe, de haadferdjipping, en de folgjende ferdjipping, ha houten plafonds. Yn beide ferdjippingen sitte sjitsluven en der binne ek spoaren fan in bekroaning mei kantelen. De Skierstins is mei syn oanbouwen út lettere tiid yn gebrûk as besikerssintrum en museum.
De ienfâldige doarpstsjerke mei in yn it westlike part fan it skip opnommen sealdaktoer is yn it midden fan de 17e ieu (1648) boud om in âlde foargongster te ferfangen. Dy is ferskate kearen makke. Foar it tsjerkhou stiet it yn 1778 stichte, eardere skoalhûs oan de Haadstrjitte. De skoalle is inkele jierren lyn sloopt. Dêrnjonken tsjûget in buorkerij mei in dwers pleatst hearehûs út 1902 fan in agrarysk ferline.
Skean tsjinoer de Skierstins riist in grutte filla mei oanbouwen op, tsjintwurdich Huize Patronium neamd. Dizze waard yn 1898 nei ûntwerp fan Hendrik Kramer boud foar Pieter de Clercq, in Amsterdams aristokraat, bankier en mesenas. De Clercq krige yn Fryslân in protte lânbesit. De filla krige in omfang en in rike neorenêssânse pronk mei in protte boubyldhouwurk dy’t wolstân en erudysje fan de opdrachtjouwer útdrukten. It front en it fleugeltsje mei de eigensinnige erkereftige tagongspartij binne fraai fersierd.
Súdlik fan it spoar is oan it ein fan de 19e ieu in partikuliere suvelfabryk stichte dy’t yn it begjin fan de 20 ieu fernijd en útwreide is yn fernijingsstyl. In part fan de fabryk is fan de sloop rêden en yn it Openluchtmuseum yn Arnhem wer opboud. Yn 2003 binne de arbeiderswenten dy’t de wenningbouferiening yn 1919 en 1921 oan de oare kant fan it spoar boude, ek sloopt. De direkteurswenning El Dorado (1874) yn pleistere mingde styl stiet noch wol oan de Suderwei en even fierder stiet de minniste tsjerke (1865) mei pastorije.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel