De Tike
De Tike is in streekdoarp dat yn de 17e ieu as ferfeanersdelsetting op in beskieden wize westlik fan it Swartfean stal krige. Op de gritenijkaart fan Schotanus stiet it oanjûn en hoewol’t it ferfeanjen doe noch yn folle gong wie, hienen pioniers parten fan de súdlike lannen al yn kultuer brocht ta ikkers.
Oan it ein fan de 18e ieu wist de Tegenwoordige Staat van Friesland by de Pein te melden: ‘In ’t Noordwesten van dit dorp, aan de grenzen van Tietjerksteradeel, vindt men veele nieuwe bouwlanden, die door ’t afgraaven der hooge veenen gebooren, en sedert tot bouwakkers gemaakt zyn, als ook twee buurten van naame, welke naaste het Zwartveen, en het verst afgelegende de Smallinger Tieke heet.’ Dizze Smellingerlânske Tike waard ieuwen lang as buorskip by Nyegea rekkene.
Yn de 19e ieu waard it hiele gebiet yn kultuer brocht. Yn it midden fan dy ieu konstatearre Van de Aar yn syn Aardrijkskundig Woordenboek: ‘Aan de noordzijde des dorps Opeinde heeft eene groote uitgestrektheid laag klijnland gelegen, dat in de zeventiende eeuw, door verveening, veranderd is in een water, de Leijen genaamd, over de drie uren gaans in den omtrek. …Ook behoort nog een klein gedeelte van het gehucht de Tiek, onder het dorp Opeinde. ’. De streek by de Leijen is ien fan de grutste en nea droech mealde petgatten en bleaun tin befolke. Yn it noarden wienen foaral lytsskalige agraryske bedriuwen fêstige en yn it suden bedriuwen dy’t wat grutter wienen.
Doe’t de Tike yn 1953 de status fan selsstannich doarp krige soe it troch in grutte dyk fluch fan it memmedoarp skieden wurde. Boppedat gie in kultueromslach yn omdat it rêstige, wat isolearre lizzende doarp ûntdutsen waard troch forinzen út Drachten en omkriten wei. Foaral yn de ôfrûne tsientallen jierren is de bebouwing oan de Master de Jongwei, wêr’t ek de skoalle en it doarpshûs steane, sterk mei wenten fertichte, sûnder dat dit it karakter fan in feanûntginningsdoarp oantaaste hat.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel