Bûtenpost
Bûtenpost is in âld agrarysk dyksdoarp, it leit frij heech en wie goed te berikken oer lân. It doarp lei healwei Ljouwert-Grins en oan dy dyk, de Voorstraat, konsintrearre him de bebouwing. Dêr wienen ek de útspannings foar reizgers. Yn 1866 krige it ek noch in spoarferbining tusken de twa provinsjehaadstêden. Boppedat hie Bûtenpost, mooglik al sûnt de 16e ieu, mei de Bûtenpostmer Feart in ferbining mei it foar it ferkear sa belangrike Knillesdjip. Hoewol ‘t it gritenijbestjoer yn it begjin wol yn Stynsgea gearkaam en Bûtenpost bepaald net sintraal lei, waard it lykwols it haadplak fan de gritenij en letter gemeente. Yn 1827 waard oan de Voorstraat in nij gritenijhûs boud, dat yn 1892 as gemeentehûs mei in ferdjipping ferhege waard. Adel en patrisiërs hienen dêr harren deftige huzen, staten sels. Op de krusing fan de wegen Grins-Ljouwert en Kollum-Stynsgea ha fername wenningen stien. Net allinne de staten fan Herbranda en Jeltinga stienen by de krusing, mar skean dêrtsjinoer hienen de Scheltinga ‘s ek in kastieltsje, ek noch mei in grêft dêromhinne. Boelensstate lei westlik fan Bûtenpost, de Boelens-famylje levere yn de 17e ieu grytmannen foar Achtkarspelen. Op it plak dêr ‘t harren state stien hat is yn de jierren fuort nei de oarloch in doarpspark oanlein. In koartlyn boud appartemintenkompleks mei it útsicht op it park, hat de namme fan de eardere state oernommen. Doe ‘t dizze en ek de oare staten al lang wer ferdwûn wienen, waard yn 1877 as lêste Jeltingastate boud. Dizze state waard yn 1999 by in útwreiding fan it yn 1977 boude nije gemeentehûs as represintatyf elemint opnommen.
Begoedige boargers bouden fan ein 19e ieu ôf yn it kertier yn ‘e buert fan it stasjon en benammen yn de Stationsstraat harren notabele wenningen. Oan de noardeastkant boude de wenningstichting begjin 20e ieu in earste, flinke rige arbeidershuzen oan de Herbrandastraat, dy ‘t allegear ek al wer ferfongen binne troch nije, foaral bedoeld foar senioaren. Dêr yn it noarden waard it de earste doarpsútwreiding, want foar dy tiid wie de bebouwing oan alle kanten fan it wegenkrúspunt oanhâldend tichter en grutter wurden. En wat fierder fan it krúspunt ôf, wat agrarysker fan karakter, wat mear buorkerijen. Oan de westkant kaam yn 1927 in kazerne fan de maresjesee. Dy oardershâlders wienen dêr detasjearre om de betiden ûnrêstige en yn alle gefallen eigensinnige heidedoarpen yn it suden en westen fan de gemeente yn ‘e gaten te hâlden.
Fan de Voorstraat ôf rint, parallel oan de Kuipersweg, de útfalsdyk rjochting Stynsgea en Surhústerfean, de Kerkstraat nei de kloeke let-goatyske tsjerke, dy ‘t yn 1446 boud is. Sa as op in gevelstien te lêzen is, is dit godshûs yn 1613 nei in brân yn 1594 opnij boud. De toer is nochal wat âlder, dy moat om 1200 hinne ferriisd wêze en is yn de 16e ieu nochris ferhege. De tsjerke rekke ynboud yn de folle jongere doarpsbebouwing fan nei de oarloch, wêrtroch ‘t se op ôfstân it silhûet fan Bûtenpost bepaalt. Yn it doarp is de toer allinne fan betsjutting yn de neiste omjouwing. It gebou wie earder oan de bûtekant bepleistere, mar toant no wer har bakstienen hûd. De muorren binne iepene mei opfallend hege en brede finsters, wêrtroch ‘t de fraaie ynrjochting yn hear en fear útkomt. Der stiet in aardige rige hearebanken út de 17e ieu fan de famyljes dy ‘t de withoefolle staten en bûtens yn en om Bûtenpost bewennen. Ek de seis grutte roukassen en de rútfoarmige wapenbuorden binne harres. De preekstoel mei koperen lessener en hâlder foar de doopskaal datearret út 1769.
Yn 1945 krige Bûtenpost der in doarp by, der stienen yn dit Lytsepost destiids noch mar in pear huzen en buorkerijen, mar ea is it ien fan de acht karspelen west wêr ‘t de gemeente de namme oan te tankjen hat. De tsjerke en sels it klokhús binne der al lang net mear. Wol is hjir yn 1891 de suvelfabryk kommen, dy ‘t foar de oarloch al wer ticht gie. Yn 1947 waard der yn de gebouwen mei in timmerfabryk útein set.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel