Blauhûs
Blauhús is in jong streekdoarp oan de Himdyk dat earst yn 1950 de doarpsstatus krige. Doedestiids wie it al folle langer en grutter as in soad oare doarpen yn de omjouwing. De oarsprong is it mei blauwe pannen dutsen polderhûs fan de yn1632 droechleine Sensmar. Yn dit polderhûs kaam yn 1651 in preester te wenjen. Hy luts minsken oan, dy ‘t it âlde leauwen trou bleaun wienen. Sadwaande groeide dêr al gau in roomsk-katolike mienskip om it blauwe hûs hinne. Út de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 blykt dat him doe oan de westlike marzje fan Wymbritseradiel al in oansjenlik buorskip foarme hie. De droechleine Sensmar en Atzebuorster Mar súdlik fan de Himdyk binne ek yn de atlas oanjûn. Blauhús waard in katolike enklave, mar ek yn de buordoarpenGreonterp Dedzjum enHieslumwienen de roomsk-katoliken goed fertsjintwurdige.
Blauhús wie oan it ein fan de 18e ieu al in aardich grutte delsetting, wêrfan it noardlike part byWolsumyn Wymbritseradiel hearde en it súdlike byGreonterpyn Wûnseradiel. Lykwols waard it yn de Tegenwoordige Staat vanFriesland nóch selsstannich, nóch by dizze doarpen neamd. By de beskriuwing fan de Himdyk wurdt it buorskip allinne neamd. Op de kaart fan Eekhoff út 1851blykt al dat de buert groeid wie en dat Blauhús in tsjerke hie.
De groei sette echt útein yn it lêst fan de 19e ieu. De Blauhústers lieten doe in triomfalistyske tsjerke bouwe. It waard in mânske krúsbasilyk mei in hege toer, dy ‘t in karakteristyk silhûet oan it doarp joech. It waard yn 1868/71 de earste neo-goatyske tsjerke dy ‘t de ferneamde boumaster Petrus Cuypers yn Fryslân boude. De tsjerke hat ûnder de krúsribbeferwulven op in alternearjend stelsel fan kolommen en pylders in kleurige, oarspronklike ynrjochting. Nei de bou fan de tsjerke ûntwikkele Blauhús him ta in folweardige delsetting mei û.o. in skoalle en in âldereinsintrum.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân