Arum
Arum is in flink terpdoarp dêr’t de trochgeande Sytzemaweg mei de oerdwerse Arumer Feart de struktuer foarme ha. By it wetter binne der oan beide kanten fan de dyk aardige wetterbuertsjes mei oan ‘e westkant de Schoolsingel mei spoaren fan in earmhûs út 1662, in fraaie gevelstien en in seldsum âld skoaltsje (1832) mei spitsbôgefinsters. Op in tinkstien stiet dit moralistyske fers:
Hier vind ge o Jeugd een onderwijs
Gerigt naar u verstand
Gebruik met vlijt dit gunstbewijs
Zoo komt gij ras tot stand.
Eastlik is tusken de bebouwing yn romte hâlden foar in keatsplein. De bebouwing by it wetter fan de Sulverstreek lâns is hjir en dêr fernijd. By de tsjerke stean in pear karakteristike notabele wenten út it lêste kwart fan de 19e ieu, wêrûnder ek in grutte pastorije.
Tichteby stiet herberch De Gekroonde Leeuw, dy ‘t ek ta stân kaam yn deselde perioade. Lange tiid wie hjir it stopplak foar de tram fan Boalsert nei Harns. It is in steatlik bouwurk mei op de ferdjipping in opfallende glêzen erkerútbou. Arum is yn de betide 20e ieu oan de noard- en de súdkant opmerklik lang útrutsen by de trochgeande dyk lâns. Oan de Camminghaweg stean rychjes filantropyske wenten út 1900. De doarpsútwreidingen fan nei de oarloch kamen earst oan de noard- en letter oan de súdkant.
De Arumer tsjerke stiet op in rom en keal hôf. It gebou is oant twa kear ta troffen troch de wjerljocht en yn ‘e brân flein, de lêste kear yn 1836. De hjoeddeiske tsjerke is in ûntwerp fan boumaster Thomas Romein. Dy kaam mei in neoklassicistysk plan, mar doch is de tsjerke ienfâldiger en soberder útfierd; in tradisjonele sealtsjerke mei spitsbôgefinsters en in strakke fjouwerkante toer mei in alderaardichste bekroaning yn neoklassicistyske foarmen. Yn de tsjerke mei in ienfâldich ynterieur stiet in hearebank fan de famylje Cammingha.
Tichteby, mar ek wat fierder fan Arum ôf steane steatlike pleatsen, mei as hichtepunt de kop-hals-rompbuorkerij Camminghastate oan de súdlike grins fan it doarp.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân