Donkerbroek is in streekdoarp dat mooglik al yn de 13e ieu ûntstien is tusken Hoarnstersweach en de Haule, oan de fan west nei east rinnende dyk, op in wat hegere rêch yn it lân noardlik fan de Tsjonger. It doarp is dêrmei ien fan de âldere delsettings yn de wide omkriten.
It is al ein 18e ieu dat der in sterke feroaring komt yn dit rêstige agraryske streekdoarp, as fan it noarden út de Opsterlânske Kompanjonsfeart fan it buorskip Lyts Grins ôf yn súdlike rjochting trochlutsen wurdt. Op de krusing fan dyk en feart waard yn 1789 de earste brêge slein.
De ferfeanings binne foar de fierdere ûntwikkeling fan Donkerbroek en omkriten fan grut belang west, mar evengoed is it doarp gjin feanûntginningsdoarp wurden. Der binne plannen west om it feanpakket te brûken foar it winnen fan turf, wêr’t men earst wiken fan de feart út wei grave moast. It is der net fan kommen. Der folgen wol bou-ûntwikkelings oan de feart, sels foar yndustriële aktiviteiten. Sadwaande krige de streek in krúsfoarmich karakter.
Noardlik fan Donkerbroek binne by de Kompanjonsfeart yn de tiid fan de feaneksploitaasjes de buorskippen Petersburg en Moskou ûntstien. Dôchs bleau de bebouwing by de Herenweg lâns it meast dominant. Om 1850 hinne reaune de buorkerijen har by dizze dyk lâns oanelkoar. Yn 1861 waard de dyk troch it doarp fluorre en yn 1888 waard de dyk oer Haule nei Veenhuizen ferhurde. Ek by de feart lâns kaam wat bebouwing. De âlde draaibrêge waard yn 1856 ferfongen troch in izeren draaibrêge.
Noardeastlik fan de Kompanjonsfeart waard yn 1898 in suvelfabryk boud, letter folge troch in “Coöperatieve Aankoopvereniging Friesland” fan boeren. Dizze stiet oan de Fruitier de Talmaweg oan de feart, in kompleks út 1911 fan horizontale en fertikale, saaklike bou-eleminten mei sierlike details yn fernijingsstyl. De silo is healwei de fyftiger jierren oprjochte.
Alhiel yn it westen fan de streek stiet de herfoarme tsjerke, dy ‘t yn 1714 boud waard as ferfanging fan de midsieuske, oan de Sint-Laurentius wijde tsjerke, dêr ‘t noch wat muorrewurk fan bewarre bleaun is. De yn de westlike gevel opnommen toer is earst yn 1860 oplutsen. De yngong fan de tsjerke is ek yn de ferboutiid bekroand mei byldhoude wapenstien. De preekstoel is mooglik yn de boutiid of even letter yn de tsjerke pleatst. It oargel is om 1700 hinne boud foar de roomskkatolike tsjerke fan Jutphaas en is yn 1879 yn dizze tsjerke pleatst. Foar de eardere tsjerke sûnder toer stiet op it hôf in dûbele houten klokkestoel, dy ‘t in pear kear fernijd is, mei in klok fan om-ende-by 1300, makke troch Geert van Wou en noch letter ien fan Johan Schonenborch út 1520.
De bebouwing by de Herenweg en de G.W. Smitweg lâns waard tichter en wreide him út yn de rjochting fan Haule. Ek ‘t West, rjochting Hoarnstersweach, rekke beboud. Dêr stiet noch in tolhúske út sawat 1860. Boppedat kaam der oan de sydpaden, sa as de Schapendrift en de Balkweg, bebouwing.
Oan de lêste dyk, dêr ‘t begjin de 20e ieu ek de trambaan lein waard, kaam yn 1845 it bûtenhûs “Ontwijk” ta stân yn opdracht fan R.L. Fruitier de Talma en J.W. Berghuis. It neoklassicistyske gebou hat in blokt bepleistere front en boppe de tagongspartij in fronton. Yn it suden waarden boskperselen oanplante. Yn 1928 waard it bûten mei bosken oankocht troch inkele notabelen, dy ‘t dêrta de “Vereeniging tot Behoud van Natuurschoon” oprjochte hienen, in bysûnder foarlik inisjatyf op it terrein fan natuerbehâld. It waard, mei de bosken, yn 1969 oerdroegen oan Staatsbosbeheer.
Underwilens waard der amper boud by de Kompanjonsfeart lâns. Útsûnderings binne wat frijsteande boargerswenten en in rychje wâldebuorkerijkes, wenhuzen mei oan de efterkant in stâl, dy ‘t yn 1920 yn it kader fan de Wenningwet oan de Herenwal boud binne. Hjirfan is ien fan de fiif sloopt. Fuort nei de oarloch kamen der goede projekten fan folkshúsfesting ta stân oan de Schapendrift en de Wemerstraat. Nei dy tiid hat Donkerbroek him foaral flink útwreide oan de súdeastkant.