Wikel is in relatyf heech lizzend komdoarp súdlik fan de Sleattemer Mar dat yn de 12e ieu foar it earst yn de boarnen foar komt. Bûten de doarpskom is der foaral by de útfalswegen lâns aardich wat fersprate bebouwing. By de âlde Heerenhoogwei lâns is mingde bebouwing fan earst wenten en fierder fan it doarp ôf pleatsen. Súdlik binne oan de Gaestfjurwei ein it heech lizzende Iwert (of Ybert) allinne agraryske buerten te finen.

By de âlde dyk nei Balk, healwei, is de bebouwing oant de kompakte buorskip Bargebek fertichte. Dêr stiet de eardere grifformearde tsjerke út 1907 en wat pleatsen en wenten, wêrfan twa moaie detaillearre wenten mei middengong opfalle. Yn de 18e ieu hearde in wichtich part fan Balk by Wikel. Nei de oarloch kaam der nijbou oan de westkant. De doarpskearn stiet by de trijesprong fan de belangrykste wegen. De grutte bakstiennen toer mei sealdak is tusken it hege beammeguod fan fier te sjen. Hy datearret út de 15e ieu en is yn 1821 ferhege. De tsjintwurdige tsjerke is yn ferhâlding mei de toer lyts. Dy is yn 1671 op de grûnfêsten fan de gruttere âlde tsjerke efter de toer pleatst. It is in ienfâldich gebou dat in grutte skat herberget, dy’t it ynterieur dominearret en de sfearfolle ynrjochting mei evenwichtich meubilêr ferjitten docht.

Yn it koar lûkt in prielgrêf nammentlik de oandacht: it grêf fan de strateech en festingbouwer Menno van Coehoorn. Op de fan swart en wyt moarmer gearstalde tombe mei reliëfs fan it kriichsbedriuw leit de held yn harnas rjochtút op syn rjochterside mei it troch him útfûn Coehoornmortier foar him, in draachbere lytse fjoermûle. It is nei de dea (1704) van Coehoorn troch syn bern yn de tsjerke pleatst. Daniël Marot die it ûntwerp en Pieter van der Plas fierde it út.

Efter de tsjerke leit it Coehoornbosk, it plak wêr’t de kriichshear ea syn bûtenferbliuw Meerestein hie, mar dat yn 1811 ôfbrutsen is. De tsjerke hat noch epitaven en grêfstiennen fan belangrike famyljes.

Duerswâld en Weinterp binne twa streekdoarpen dy’t yn de lette Midsieuwen yn elkoars ferlingde op in sânrêch ûntstien binne. Se binne yn 1974 ta it doarp Wynjewâld gearfoege, hoewol’t se oant yn de 20e ieu in nochal útienrinnende ûntwikkeling trochmakke ha en in ferskillend karakter ha. Yn de atlas fan Schotanus fan 1718 is Duerswâld in buert fan in tsjerke en fersprate bebouwing. Yn it westen, op de krusing fan de Merkebuorren mei de Mûnleane, lei in konsintrearre buert, de Molebuert, wêr fan de eastlike helte by Duerswâld hearde.
Daliks om de streek leine doe wat boekweitfjilden en fierder nei it súdeasten grutte heidefjilden, wêr fan in grut part as natuergebiet bewarre bleaun is.

Yn 1788 melde de Tegenwoordige Staat van Friesland: ‘een klein Dorp, … tusschen Winieterp en Ooststellingwerf, had voor deezen eene kerk zonder kloktoren, gesticht ter eere van St. Jan; doch thans een Kerkje met een spits torentje en eene zeer groote uitgestrektheid van woeste veenige heidvelden, dienende inzonderheid tot Schaapweideryen. … Ook behooren onder dit Dorpje, ’t welk eene vaart heeft, komende uit de groote Bakkaveenster vaart, eenige poeltjes van naame, als het Mans meer, de Vijf meeren, Paalemeer, Moddermeer enz. gelyk ook de Molenbuurt.’

De tsjerkedelsetting leit yn it easten mei wat fersprate bebouwing. De doarpstsjerke is in let goatysk gebou út nei alle gedachten de 13e ieu. De yn de 15e ieu fernijde tsjerke, fan reade friezen, hat letter oanbrochte steunbearen fan lytse giele stien en in geveltoer fan hout. Op it tsjerkhou stiet in hiele seldsume pastorije út 1759, in ienkeamerwenning.

De bosken eastlik fan it doarp binne yn de twadde helte fan de 19e ieu oanlein yn opdracht fan de famylje Lycklama à Nijeholt. De Molebuert is yn de 20e ieu útgroeid ta de kearn fan Duerswâld mei oan de Merkebuorren wat fertichting. Dêr waard de grifformearde tsjerke mei in elegant gevelspitske boud. Nei de oarloch is it doarp foaral súdlik fan de âlde streek sterk útwreide mei wenningbou.

Winsum is in terpdoarp. It hat sels ien fan de heechste terpen fan Fryslân. It falt amper op. Wol is de kearmuorre fan it tsjerkhou by de trijesprong by de Skâns behoarlik heech en hjit de strjitte nei it súdwesten, nei de oansjenlike útbuorren Brêgebuorren net foar neat Hegeterp, want dêr lei in twadde flinke terp. Hoewol ‘t dy yn de twadde helte fan de 19e ieu ôfgroeven is, leit dy strjitte noch merkber heech.

Brêgebuorren, de wetterbuert oan de Frjentsjerter Feart is as apart buorskip al âld: dat is ek te sjen oan de kompakte bebouwing fan ferskate soart dy’t oan de súdlike kant, de Grutte Streek, oan de doarpskant leit en oan de oare kant fan de brêge oan de oare kant. De buert makket troch útwreiding fan it doarp yn súdlike rjochting no diel út fan it gehiel. Fanôf de kearn rint de Kleasterdyk nei it noarden, neamd nei it yn 1186 stichte frouwekleaster Sint-Michaelsberg, wêr’t de pleats Mountsjebaayum noch as oantinken bestiet. Dizze dyk wurdt omseame troch boargerhuzen en it bedriuweterrein.

Winsum hat him nei de oarloch as warber doarp ûntwikkele nei it suksesfolle inisjatyf fan L.S.Miedema mei syn fabryk foar lânboumasines en transporteurs. De ûntwikkeling fan de bedriuwichheid hat syn wjerslach krigen yn de folkshúsfesting. Daliks al nei de oarloch mei tradisjonalistyske wenten oan de Pier Winsemiusleane. Dêr en yn de súdlik dêrfan ûntwikkele strjitten folgen yn de desennia dêrnei in protte folkswenten.

De doarpskearn is karakteristyk foar in terpdoarp mei in tsjerkebuorren dy’t om it tsjerkhou ploaid is en dy’t oan de súdlike kant de belangrykste strjitte foarme hat. By de yngong fan de Meamerterdyk steane oan wjerskanten notabele wenten út de jierren om 1860 hinne. Om it tsjerkhou stiet in op de kearmuorre pleatst izeren stek. De hiele ienfâldige sealtsjerke, fernijd yn de 19e ieu, hat rûnbôgefinsters en in tuskenbeiden hege toer mei ynsnuorre spits.

Wurdum is in terpdoarp dat yn de betide Midsieuwen ûntstien is. De delsetting hie yn it moerassige gebiet eastlik fan de Middelsee goede wetterferbiningen nei alle rjochtingen, foaral de Wurdumer Feart dy’t de ferbining lei mei Ljouwert. De ferbiningen oer lân wienen behyplik. Pas yn it midden fan de 19e ieu kaam de Legedyk, in goede weiferbining mei de ryksstrjitwei.

De foarm fan de terp is noch goed te sjen, mar der binne wol parten ôfgroeven. It tsjerkepaad is ta ringwei transformearre. Om de tsjerketerp hinne en oan twa parallel rinnende strjitten, de Grutte en de Lytse Buorren oan de westkant, fûnen de betiidste bou aktiviteiten plak. De twa ticht beboude strjitten en de lossere bebouwing om de tsjerke hinne ha in fassinearjend doarpssintrum foarme. Fan de 19e ieu ôf kaam der ek hieltyd mear lintbebouwing by de belangrykste ferbiningswei, de Legedyk, en ek wat by de dyk nei Swichum lâns. Oan de Tsjaarder Feart waard yn 1891 de koöperative súvelfabryk stichte dy’t yn 1964 de doarren ticht die.

Nei de oarloch waard it doarp earst oan de súdeastkant en letter ek oan de súdwestkant útwreide. Resint is foaral boud oan de noardlike râne en op it eardere sportfjild yn it suden.

De oan Sint Martinus wijde tsjerke is nei alle gedachten yn de 12e ieu fan dowestien boud. Der binne noch spoaren fan te finen yn de noardmuorre fan it koar. De Oenema-Camminghakapel is dêr oan it ein fan de 13e ieu útboud. Ek oan de súdkant kaam in útbou dy’t letter troch in toer ferfongen is, wêr troch de tsjerke in skoft twa tuorren hie. De westtoer is sloopt en der kaam yn 1716 in trijesidige sluting. De tsjerke hat in bysûnder ynterieur wêr’t it oargel en inkele eksellinte sarken opfalle. De robúste pastorije is yn 1875 yn in romme tún tsjinoer de tsjerke boud.

Oan de Buorren en oan de Legedyk stiet in tal karakteristike notabele wenten mei middengang. Efter de Legedyk stiet de grifformearde tsjerke fan 1925 fan it ûntwerp fan Ane Nauta.

Wytmarsum is in terpdoarp dat ûntstien is yn de betide Midsieuwen en wêr’t flinke buerten omhinne groeid binne. It komt it earst yn boarnen foar yn 1270, mar argeologyske fynsten wize op in folle âldere bewenningsskiednis.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is it al in flink doarp en yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard dat yn 1788 befêstige: : ‘een schoon en groot dorp …, gelegen aan ’t Zuidelyk einde der Pingjumer Halsband. Men vindt hier eene groote binnenbuuren met eenige Straaten ten Zuidwesten, Zuidoosten en Noordoosten der Kerk. In den jaare 1663, werd het spits van den toren, door een Onweder, vernield, en een nieuw van veel grooter hoogte daar voor in de plaats gesteld’. Fierder waard in tal staten behannele wêr’t gjin inkele mear fan bestiet en fansels waard gewach makke fan Menno Simons, ien fan de lieders fan de menisten dy’t mei de skiednis fan Wytmarsum en it tichtby lizzende Penjum ferbûn is. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1854 is it doarp yn omfang tanommen.

Op âlde kaarten falt yn it suden fan it doarp de Aylvastate mei it grutte park op. Dêr residearren de Aylva’s, in famylje dy’t ieuwenlang grytmannen foar Wûnseradiel en oare gritenijen en bestjoerders foar de provinsje opsmiten hat en in tal eksellinte kriichskundigen levere. De state is ferskate kearen fernijd, mar it gebou is ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in senioaresintrum.

Yn’ t earstoan krige Wytmarsum by de Van Aylvawei en Arumerwei lâns oan wjerskanten fan de terp oant fier yn de 20e ieu in streekdoarpeftich karakter. Nei de oarloch waarden de nijboubuerten oan de noardkant en foaral súdlik fan de streek ûntwikkele.

Wytmarsum is sûnt 1880, doe’t it gemeentehûs fan Boalsert út nei de eastkant fan dizze dyk ferhúze waard, haadplak fan Wûnseradiel. It gemeentehûs is in rizich gebou yn in plechtige mingde styl, dat earst yn 1980 en oan it begjin fan de 21e ieu nochris oansjenlik útwreide is. Hjirnjonken stiet kafee Kuperus yn in kleurige pronk en rûnpasgevel dy’t past by de fernijingen om 1900 hinne.

Oan de oare kant riist de oan H.Nicolaas Tolentius wijde neogoatyske tsjerke op, yn 1903 boud nei ûntwerp fan A.J.van Schaik, by it augustijner kleaster Vinea Domini. It is in ienbeukige krústsjerke sûnder toer, mei in fiifsidich sletten koar, in dûbel transept, mei in dakrúter op de fiering. De belangrykste geloofsrjochtingen wienen yn dit doarp mei in tsjerke fertsjintwurdige. Yn it midden de herfoarme tsjerke en fierder de al neamde roomske kapel, in grifformearde ( dizze sealtsjerke út 1927 is in yn de tuskentiid net mear yn gebrûk) en in beskieden minniste tsjerke. En krekt Wytmarsum is it berteplak fan Menno Simons, ien fan de stichters fan de doperske beweging. Hy wurdt mei in obelisk even bûten it doarp betocht.

Yn’ t earstoan hie Wytmarsum in tsjerke mei in mânske sealdaktoer. Dy is yn 1633 troch stoarm fernield. Doe is de tsjintwurdige tsjerke boud en dy hie in ‘fraaye ende spitse toren’.
De tsjerke is bleaun, de toer net. Dy is yn 1819 ferfongen troch in iepen wurke koepeltoer op de nulle fan it dak. Dêr yn hingje de troch Johannes van Boomen en de yn 1565 troch Jurien Balthasar getten klokken. De westgevel, oan de kant wêr’t de toer stie, is yn 1819 trijesidich sletten. De tsjerke stiet op in mei getten izeren stek en linebeammen omseame terp.

Tsjinoer de tsjerke binne op de strjitfluorring de perken foar it strjittekeatsen oanjûn. Dêr stiet ek kafee De Gekroonde Roskam út 1861, dat in gevel hat mei in oerstekkende ferdjipping dy’t op kolommen rêst. Dêrnjonken stiet in pân mei in ynswinkte halsgevel út 1739. De Wytmarsumer Feart makket in lus troch it midden fan it doarp en sa kaam de yn 1889 stichte en noch frij geve súvelfabryk – dy’t tsjinwurdich in oare bedriuwsbestimming hat – yn it frij kompakt boude en skildereftige sintrum terjochte. Dêr stiet ek de eardere smidterij.

Wiuwert is in terpdoarp wêr’t eastlik fan de tsjerketerp in iepen gersplein leit, dat as keatsfjild brûkt wurdt. Dêr om hinne is de bebouwing fan wenten en buorkerijen groepearre. Oan de noardkant is dy frij sletten. Ek eastlik en oan de súdkant steane noch in wenning fan it notabele type en in buorkerij. Daliks eastlik fan de tsjerke stiet de pastorije, in moaie wenning yn eklektyske mingde styl mei in ferskaat oan fersieringen yn plaster. Njonken de pastorije leit in lytse stjelpbuorkerij frij fier nei foaren, lykas de grutte blokfoarmige wenning dy’t der neist stiet. Dêrnei springt de bebouwing werom en folget in rige wenten, wêrfan ien as kafee yn gebrûk is.

De moaiste rige wenten leit oan de eastkant fan it gersplein, in stik as fiif yn de breedte boude, karakteristike mar útienrinnende doarpswenten, wêrûnder ien hiele brede, dy’t twa wenten ûnderdak jout. Hjir efter leit wat mingde bebouwing.

Eastlik leit de buorskip Bessens. Even noardliker stie Thetingastate of Waltastate, wêr’t de Labadisten, in protestantske piëtistyske sekte, yn it lêste kwart fan de 17e ieu in koloanje hienen. Oan de súdlike útfalswei is fanôf it ein fan de 19e ieu lintbebouwing ta stân kommen. Wer súdliker, oan de Easterwierrumer Aldfeart, stie de foar 1900 stichte suvelfabryk dy’t tachtich jier letter as timmerfabryk yn gebrûk kaam. Oan de westkant fan it doarp is mear bedriuwichheid te finen. Oan de súdeastkant fan it âlde doarp is nijbou kommen, wêr by it arsjitektoanyske eksperimint net skoud is.

De tsjerke en toer steane op in hege terprest wêr’t yn 1866 gouden sieraden fûn binne. De tsjerke is fan sawat 1200, mar allinne de efter de stevige steunbear ferstoppe noardgevel hat noch in midsieusk karakter. It oare is faak ferboud: de lêste kear tusken 1860 en 1870, wêr by it koar en de súdgevel mei brune bakstien ommantele binne. De fan in protte dekorative effekten foarsjoene en mei ynsnuorre spits bekroande toer is yn 1888 wer boud. De tsjerke tanket har rom oan mysterieuze mummy’s yn de kelder ûnder it ferhege koar.

Wjelsryp is in terpdoarp mei in frij losse struktuer. It doarp wie ûntsletten troch de Frjentsjerter Feart oan de westkant. De iennichste ûntslutingswei is yn súdlike rjochting oer de Wjelsrypstertille. Nei de brêge bûcht de dyk nei it westen en dêr leit de belangrykste buert fan Wjelsryp, it lange Westerein, mei in frij losse bebouwing fan meast lytse buorkerijen en huzen.

De doarpskom leit yn it noarden: de Greate Buorren mei útienrinnende bebouwing fan boarger en arbeiderswenten út foaral de 19e ieu. De strjithoeke oan de Galemawei wurdt markearre troch in moaie, evenwichtige notabele wenning. Oan de oare kant lizze bûten de doarpskom twa kop-romppleatsen dy’t beide in wyt ferve foarein ha. Súdlik leit de frij hege, keale terp mei dêr njonken de grutte pastorije, in karakteristike notabele wenning út 1877 op in fjouwerkante plattegrûn mei útboude middenpartij. Dêrop folget de Lytse Buorren mei net allinne wenten út de 19e ieu, mar yn súdlike rjochting ek jongere huzen, sels oant folkshúsfesting fan nei de oarloch ta. De skoalle út 1921 stiet op’ e hoeke mei de Galemawei mei dêr tsjinoer frijsteande gebouwen mei ûnder mear in stjelpbuorkerij en in grutte notabele wente, dy’t lykas de pastorije in fjouwerkant grûnplan hat.

Fanôf de kom fan de buorren is nei it suden ta de Tillewei oan de eastkant beboud mei foaral ticht by elkoar steande, mar wol frijsteande en goed fersoarge boargerhuzen út de perioade om en koart nei 1900. Wêrûnder in eksimplaar yn fernijingsstyl mei in portyk yn hoefizerfoarm. Oan de oare kant kamen yn de sechstiger en santiger jierren in pear rigen folkswenten.

De doarpstsjerke is yn oanlis 12eieusk en der wurdt sein dat de âlde kearn der noch is. De toer is boufallich wurden en stoarte yn 1836 yn. Foar de klokken waard dêrnei in houten tuorke op de westgevel setten. De tsjerke is doe ek hielendal ommitsele, sadat it in 19eieuske tsjerke wurden is yn Romaanske haadfoarmen, foaral troch it ynspringende hege koar.

Wolsum is in terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn de noardwesthoeke fan de gritenij súdeastlik fan Boalsert. It doarp wie mei twa opfearten ûntsletten nei de Wimerts . Op de betiidste ôfbylding fan it doarp op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet om de tsjerke hinne in kompakte doarpsbebouwing fan huzen en hjir en dêr yn steane yn de omjouwing buorkerijen dy’t soms ta in boerebuorskip konsintrearre binne.

De Tegenwoordige Staat van Friesland hie yn 1788 net safolle te melden:’Wolsum, niet verre van Bolswerd, en naby de vaart, die van de Nieuwe Zyl derwaards loopt, zo dat men hier te scheep vry gemaakelijk af en aan kan komen. Onder dit Dorp {…} behooren de buertjes Laard, Jouwsard, Remsard, Vyfhuis en Ytzum.’

De buerten besteane noch altyd en by de brêge oer de feart is boppedat de buert Wolsumerketting ûntstien. Op de kaart yn de Eekhoffatlas út 1851 steane trije huzen, wêr’t de kaart fan 1716 allinne noch it Wolsumer Ketting hûs fermelde. Yn Fiifhûs steane yn 1851 al trije huzen mear as de namme oanjout. De oare buerten besteane út buorkerijen. Yn it midden fan de 19e ieu steane yn de kom fan it doarp alve huzen dy’t rom 50 bewenners herbergje. Efter de tsjerke is de kompakte tsjerkebuorren noch te besjen.

De tsjerke is om 1870 hinne boud om in midsieuske foargonger te ferfangen dy’t oan Sint Martinus wijd wie. It is in sealtsjerke mei in trijesidige sluting yn in typyske mingde styl. It muorrewurk wurdt yndield troch lisenen en der steane grutte rûnbôgefinsters yn. De hoeken fan de gevel en dy fan de foar in grut part ynboude toer ha dekorative pinakelbekroaningen. De gevel wurdt ôfdekt troch in rûnbôgefries. Yn de tsjerke stiet in 17eieuske preekstoel. De oant gevelhichte oplutsen, nochal skerpe toer hat in houten boppebou mei oan elke kant dûbele galmgatten en in ynsnuorre spits. Yn de toer hinget in liedklok út de 15e ieu.

Wolvegea is fan âlds in streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat yn 1218 foar it earst yn de boarnen foar komt. Fanôf it midden fan de 19e ieu hat it him ûntwikkele ta in grut plak. Foaral nei dat yn 1828 de nije ryksstrjitwei fan Ljouwert en Swol troch it doarp lutsen waard en Wolvegea yn 1865 boppedat oan de spoarferbining fan dizze stêden kaam te lizzen. Yn 1835 kaam it gritenijhûs op it krúspunt fan wegen yn it sintrum ta stân en Wolvegea waard dêrmei haadplak fan Weststellingwerf.

Op de gritenijkaart yn de atlas van Schotanus uit 1716 is te sjen dat it doarp al útgroeide ta in flink krúsdoarp. Noardlik lizze boulannen en boskperselen, súdlik wêr’t it doarpsgebiet oan de Linde ta rint, ek noch stroken boulân. Yn it westen stiet in nôtmole en yn it easten it Lycklamahuis. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 fan Wolvegea fermeld: een schoon en vermaaklyk Dorp, liggende, aan den reeds gemelden Buitenweg …. Hetzelve is voorzien van schoone bouwlanden en bosschen, benevens weid- en hooilanden, die Zuidwaards tot aan de Linde loopen, en van Olde Holtpade af binnen eenen Dyk beslooten liggen …. De Kerk van Wolvega, die een’ schoonen spitsen toren heeft, en van binnen met een Orgel, fraaie gestoelten, zitbanken en wapenen versierd is, staat ten Noorden van eene dubbele buurt welgebouwde huizen. Niet ver van de Kerk, ten Zuiden van den rydweg, heeft men de schoone Woonplaats der Familie van Haren, in welke de waardigheid van Grietman deezes Deels jaaren lang is geweest; zynde thans de huizing, die voor eenige jaaren door een’ ongelukkigen brand verteerd werd, wederom zeer fraai opgebouwd. … Rinke van Lyklama, hier voor deezen Grietman zynde, heeft een schoon huis uit eene graft doen opmetselen … Lyklama Stins genaamd; doch hetzelve is, in ’t jaar 1736, op afbraak verkocht. Nog heeft dezelve eene Schipvaart van dit Dorp, Noordwaards, door Nye Lemmer, naar de Kuinder doen graaven, en daar door te wege gebragt, dat Wolvega niet alleen wel ter reed, maar ook ter vaart gelegen is. Ten Westen des Dorps heeft men een Korenmolen.’

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 – as Wolvegea al haadplak wurden is – blykt de krúsbuert troch konsintraasje fan bebouwing bot fertichte te wezen. De bûtenferbliuwen fan Van Heloma en Van Haren binne yn parkgebieten werjûn en súdlik fan de pleats oan de ryksstrjitwei leit it publike kuierpaad fan de Nieuwe Aanleg. In park dat nei ûntwerp fan Lucas Roodbaard yn 1839 as wurkferskaffingsprojekt útfierd is, wêrnei yn 1857 it algemiene begraafplak oanlein waard. It wyt pleistere neoklassistyske gritenijhûs kaam yn 1835 nei ûntwerp fan E.de Graaf op it krúspunt ta stân en hie ynearsten in parkeftige tún wêrfan it ûntwerp ek troch Roodbaard makke wie.

Fan de stinzen en staten bestiet allinne Lindenoord noch, in rizich lânhûs fan in hege bel-etaazje op in kelderferdjipping mei in hege tintekap. In hûs dat nei brân yn 1780 yn Lodewijk XVI styl wer opboud is. Nei’t efter dit bûtenferbliuw jierren in hurddraversbaan lein hat, is oan it ein fan de 20e ieu in lytse wyk yn post-modernistyske styl ûntwikkele.

De herfoarme tsjerke is oarspronklik wijd oan Maria Magdalena en waard yn 1646 wer opboud, mei it wer brûken fan âlde muorredielen. De sealtsjerke mei trijesidige sluting docht goatysk oan. De houten bekroaning fan de toer is fan 1894.

De roomske tsjerke kaam yn 1939 ta stân nei ûntwerp fan P.Cuypers jr. Fan de foargongster út 1914, nei it ûntwerp fan Wolter te Riele, bleau de toer bestean. Oan de efterkant fan it tsjerkhôf stiet in neogoatyske kapel, wêr’t men fan seit, dat it yn in houten ferzje troch Tinco Lycklama à Nijeholt op in wrâldtentoanstelling yn Parys kocht wie, letter is it gebou ‘ferstienne’.

Wie Wolvega yn de earste tsientallen jierren fan de 20e ieu al útwreide, nei de oarloch is it plak fluch groeid. It nije gemeentehûs mei in heechbouelemint (2003) is in hichtepunt fan it nije elan.

Oan it terpdoarp Wûns tanket de gritenij har namme. Ek is it in doarp dat der ea mei it rjochthûs it middelpunt fan wie. No strielet it dy funksje net mear út. It leit tsjintwurdich hast wat ôfsidich sûnt it frij drokke ferkear rjochting Makkum om it doarp laat wurdt.

De bebouwing bestiet út beskieden, sfearfolle húzen en in stik as wat represintative rintenierswenten en foaral oan de súdkant lizze ek pleatsen. De tsjerke is dêrtroch it brânpunt by útstek. Dy stiet midden op in terp yn it selskip fan de pastorije links en de eardere skoalle rjochts oan de doarpsstrjitte mei in aardige kompakte bebouwing. De bebouwing stiet fierder oan de útfalswegen: de Noarderleane, Wildingheleane en Wearsterwei en der is in frij jong buertsje by de Molkfeart.

Yn it midden stiet proastich de sintraalboutsjerke, in selsum type, spesifyk ûntwikkele foar de protestantske earetsjinst. De tsjerke waard yn 1728 boud om in midsieuske tsjerke mei sealdaktoer te ferfangen. It gebou fertoant in aardige ôfwikseling fan acht brede en smellere muorren. Yn de brede steane grutte rûnbôgefinsters. It piramidedak wurdt bekroand troch in koepeltuorke mei balustraden, galmgatten en oerwurken. Yn de tsjerke in kânsel út 1681, in kreake tsjinoer it preekmeubel en in oargel yn pearsreade kleur mei lichte ornamintyk út 1891.

Wûns hat lang in belangrike grûnskat hân, mar nei’t dy yn 1941 en 1961 by argeologysk ûndersyk ûntdutsen waard, is se nei it tsjerkemuseum yn it fiere Jannum oan de oare kant fan Fryslân oer brocht. De skat bestiet út grutte fragminten byldhoude rôze Bremer sânstien dy’t yn de betide 14e ieu mooglik in koarstek foarmen. Se ha foarstellingen fan apostels, mar ek de berte fan Christus en it Laam fan God is der op te sjen. Wat de tsjerke noch wol hat is in grutte tinkstien foar J.C.P. Salverda (1783-1836), in romantysk Frysk dichter dy’t skoalmaster yn Wûns wie.

Warkum wie in iepen stêd sûnder stedsferdigening. De stêd wie smel en lang, fan de slûs oant it Dwersnoard mear as oardel kilometer. Warkum is boud oan wjerskanten fan de oandamme Wimerts. Hoewol de stêd net oan see lei, die se folop mei oan de seehannel. Warkum wie troch it Soal mei de Sudersee ferbûn. Dit wetter hat nei twa kilometer fan de Iselmar ôf in skutslûs mei tsjin de dyk oan in skildereftich gebiet. Hjir leit û.o. herberch Séburch en de mear as trije ieuwen âlde skipswerf De Hoop.

Dat de Warkumers in protte omset hân ha mei seefeart en hannel is oan in protte pronkgevels út de 17e en18e ieu by it Súd en it Noard lâns te sjen. Fan de slûs ôf oant it súdlikste ein fan it Súd stiet in grut ferskaat oan bebouwing. Der steane foaral 19eieuske huzen dy’t tsjûgen, dat it Warkum foar de wyn gie. Oan it Súd fan de oandamme Wimerts is de bebouwing ûngelyk fan leeftyd en foarm.

It sintrum is de Merk. Fan de Merk út is de rangoarder helder. Oan de Merk steane stedshûs, tsjerke en waach, de haadgebouwen fan wrâldsk en tsjerklik gesach. Hoe fierder fan de Merk, hoe ienfâldiger de bebouwing wurdt, hoewol der oan it Dwersnoard hielendal yn it noardeasten noch belangrike huzen stean.

De Sint-Gertrudistsjerke stiet mei har foarse toer oan de súdwestkant fan de Merk. Sûnt de 10e/11e ieu hat yn Warkum al in tsjerke stien. Yn 1480 waard mei de bou fan in nije tsjerke begûn. Earst mei it koar. Yn 1560 wie it wurk noch mar foar 60% klear en yn it begjin fan de 17e ieu is it heal ôfmakke skip mei skudwurk tichte, dat yn 1951 ferfongen is troch in echte westgevel. De oansluting mei de toer is nea makke. Dy likemin ôfmakke toer is fan 1523 oant 1545 boud. Yn it begjin fan de 17e ieu kaam by de tsjerke in prachtige sakristy. Tegearre meitsje tsjerke, toer en sakristy in ymposante yndruk, ek mei omdat de bebouwing oan it Skil der om hinne, sa beskieden bleaun is. Yn de tsjerke in protte pracht: in barokke preekstoel, in koarstek út de betide renêssânse, in froedskipsbank en in unike samling fan acht beskildere deadsbieren fan Warkumer gilden út de 18e en betide 19e ieu. Se foarmje it histoarysk printeboek fan Warkum.
Yn de Waach wurdt de histoaryske kolleksje fan de stêd bewarre en sjen litten. It waachgebou is in rjochthoekich bouwurk mei luif dat krekt yn it midden fan de 17e ieu boud is. De twa ferdjippingen binne bekroand troch in tintedak en der binne kajútfinsters útboud ta trepgeveltsjes mei pilasters op liuwekoppen. Op’ e hoeken sitte ek liuwen.

Oan de súdkant fan de merk stiet it rizige stedshûs, sûnt 1984 it gemeentehûs fan Nijefurd. It liket op in barok patrisiërshûs, mar dit is skyn: de kearn is noch goatysk. Dy krige fanôf 1725 in nij uterlik en in ekstra ferdjipping. Yn 1620 is it stedshûs útwreide mei in smel pân, in moai renêssânse húske dat in bytsje ferside stiet efter de hege trep foar it hûs. Yn it pân is de rococotiid foaral te sjen yn de riedsseal.

Tsjinoer de Merk stiet oan it begjin fan it Noard it Sleeswijckhuis, in hichtepunt fan wenhûskultuer. It foarname hûs hat in siergevel út 1663. It Jopie Huisman Museum stiet oan de oare kant fan it Noard. It Noard is oan beide kanten omseame troch in kar oan gebouwen mei gevels út ferskate stylperioaden: fan ienfâldige listgevels oant prachtige trep en halsgevels. Op Noard 12 stiet in pân mei in klokgevel mei in grutte efterbou. It is de kosterswente mei de skûltsjerke fan de Minnisten út 1695 dy’t der efter leit.

Ek de roomsken fan Warkum moasten har ynearsten ferside hâlde mar koenen yn 1876 de Werenfridustsjerke oan it ein fan it Noard bouwe. Yn de pastorije is in museum fan religieuze keunst. De stedsútwreiding fan nei de oarloch is oan de eastkant lein, tusken it âlde stedslint en de trochgeande dyk.

Wyns is in terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is tichtby de wâl fan de Ie. In dizze Midsieuwen wie Wyns it sintrum foar de wide omjouwing en is it haadplak west fan it distrikt Wininge, nei it doarp neamd. It kaartbyld yn de atlas fan Schotanus út 1716 lit in lytse kearn sjen en út elkoar lizzende bebouwing oan de dyk by de Ie lâns, dy’t doe al as trekfeart ferbettere wie. Yn it noarden hâldt it doarpsgebiet op mei de buertsjes Tergreft oan de Ie en Wrans mear it lân yn.

De Tegenwoordige Staat van Friesland meldde yn 1786 dat Wyns: ‘gelegen aan de Ee of Dukkumer trekvaart, 1600 Koningsroeden van Leeuwarden, is niet groot van omtrek. {…} De landeryen, onder dit dorp behoorende, zijn weid-en hooilanden, en loopen in’t Oosten tot aan de Mork. In ’t Noorden der kerk ligt eene uitwatering, de Uilemeer genoemd. Door dit dorp loopt ook, over de mieden, een rydweg van Leeuwarden naar Oudkerk en Oenkerk, die alleen geduurende den Zomertyd bruikbaar is. Endelyk ligt, niet verre van de Oudekerkster miedweg, een zeer vischryk meertje, Antje Jetses meer genoemd.’

De doarpstsjerke is oarspronklik wijd oan Sint-Vitus en sil om 1200 boud wêze. It is in ienbeukige, romaanske tsjerke mei in smeller en in heger koar, dat fiifsidich sletten is mei kraalprofyl op ’e hoeken. Ynwindich it is koar healrûn. De toer fan twa ûnderdielen is út de 13e ieu. Dat is oan ien kant te sjen, omdat de oare kanten folle letter beklamme binne.

Oan de Ie is de wetterherberch – mei pontsje – wer fol yn gebrûk, ek besocht troch fytsers út Ljouwert. Yn, by en bûten it doarp steane in stik as wat nijsgjirrige buorkerijen. Wyns 5 út even nei 1900 is in buorkerij mei in dwers pleatst foarhûs. Op nûmer 28 stiet in mânske kop-hals-romppleats. De terp fan it eardere kleaster Bethlehem is al jierren in grutte agraryske delsetting fan buorkerijen mei skuorren. Oan de Ie leit de eardere súvelfabryk út 1893 dy’t yn 1997 ferboud is en útwreide ta skipstimmerbedriuw. Dêrnjonken stiet noch in rige arbeidershuzen.

Ypekolsgea is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong, wêrby yn de hege Midsieuwen yn it noardeasten in delsetting by it wetter de Ie ûntstie dy’t fanôf de betide 11e ieu in selsstannige posysje krige: Wâldsein dat it memmedoarp al betiid mei gloede benefter liet. Ypekolsgea bleau in agraryske streek. Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus bestiet it doarp yn de uterste súdwesthoeke út in lange streek fan sawat trije kilometer mei ûngefear tsien fier út elkoar steande pleatsen. Se steane foar in grut part súdlik fan de Weisleat, in sleat dy’t yndie flankearre wurdt troch in wei. De tsjerke stiet noardlik fan dizze ferkearsas.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Ipekolsga of Epekolsga, een Dorp van maatigen omtrek {…}; ’t zelve grenst ten Zuiden aan het Slooter meer, en had eertyds een sterk huis, toebehoorende aan Take Abbema, ’t welk in 1520, verwoest werd door de Schieringers, die te Slooten in bezettinge lagen. De Kerk van dit Dorp, in 1497, door de Soldaaten in brand gestoken zynde, verteerde met vyftien, daar in zynde, gewyde Hostien tot assche, die naderhand, zo men beuzelde, groote mirakelen deeden, en daarom zo veel toeloops hadden, dat men uithet offergeld eene nieuwe Kerk kon bouwen, die, vervolgens wederom vervallen zynde in 1664, werd vernieuwd, en met een spits torentje voorzien.’

De tsjerke is yn de 18e ieu ôfbrutsen. Der stiet no in yn 1956 fernijde dûbele klokkestoel mei helmdak. De twa liedklokken binne yn 1644 getten troch Jelte, Pier en Johan Riemers. Ypekolsgea hat in tal monumintale buorkerijen, sa as de yn 1783 boude kop-romp ‘Arbeid en Moeite’, dy’t no de namme ‘Werklust’ hat. Noardlik leit oan de wâl fan de Hegemer Mar de boerestreek Yndyk. In yn de greiden lizzend tsjerkhôf is it oantinken oan in doarpsferline.

Sânbulten is in streekdoarp dat de status fan doarp offisjeel net hat. It wurdt as streek by Kollumersweach rekkene en earder wie it in buorskip fan Westergeast. De streek is fan de 18e ieu ôf op de net oanmakke heide ta ûntwikkeling kommen. Foaral by it doe noch net ferhurde Wyldpaed lâns mei in konsintraasje fan bebouwing by de splitsing fan paden by wat tsjinwurdich de Achterwei, Hanenburch en Wyldpaed is. Op de gritenijkaart fan Kollumerlân yn de atlas fan Eekhoff wie der doe al in buert fan út elkoar lizzende bebouwing te finen.

In part fan it Wyldpaed waard yn 1866 fan it oare ôfsnien troch it oanlizzen fan it spoar fan Ljouwert nei Grins. Doe wie it oanmeitsjen fan de heide foar in grut part klear en waard der op lytse rjochthoekige perselen lân wurke en yn heidehutten en spitketen wenne.

Fanôf it begjin fan de 20e ieu kamen – stimulearre troch de Wenningwet – folkswenten fan bakstien ta stân. Oan it Wyldpaed binne der om 1913 hinne sân boud, wêrfan noch inkele te werkennen binne yn ferboude en meastal útwreide wenten. It wienen wenten mei in smel foarhûs mei flinke finsters foar it binnenkommen fan ljocht en lucht en dêr efter in skuorre ûnder trochsjittende dakskylden. Yn de skuorre koe lytsfee hâlden wurde of lânbouprodukten opslein wurde. Sa koenen de bewenners by oaren of los wurk op harren eigen hiem soargje om foar eigen konsumpsje wat te produsearjen. De opbringsten bleaunen op it toarre lân skriel, mar dat ferbettere doe’t it fanôf it begjin fan de 20 ieu mooglik waard om keunstdong te brûken.

Nei de oarloch hat de fernijing Sânbulten ek net oerslein. Oan de by de tiid ferhurde wegen waarden meastal frijsteande wenten op romme kavels boud. Mar der kamen ek noch sosjale wenten ta stân, sa as oan de Fedde de Vriesstraat tusken de trijehoek fan wegen mei in kompleks fan 24 wenten.

Sânhuzen is in jong heidedoarp. Sa jong en ynearsten neatich dat it yn de âldere boarnen net foar komt. It wie yn elts gefal in buert mei in es súdlik fan de Sânhuzerwei, wat eastlik fan it midden wie de hege kamp lân dy’t de esfunksje foar de omwenners hie.

Yn in oarkonde út 1422 dy’t ferbân hâldt mei it grutte Klaarkampster kleaster by Rinsumageast is sprake fan in Douwe Onnema dy’t hofmaster ‘in Sandhuse’ is. Mooglik leit de oarsprong fan it doarp yn in úthôf foar de heechfeanwinning fan dit kleaster.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard de buorskip by Noardwâlde fermeld, mar ek net mear dan: ‘vrij verre ten Noordoostern op de Heide ligt de buert Zandhuizen.’ Allinne yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa út mids 19e ieu komt it selsstannich foar as gehucht. Dochs is it as buorskip al ridlik op leeftyd, want op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de delsetting mei troch beammen omseame leanen tekene yn it midden fan de fierder keale heide noardlik fan Noardwâlde. De stippellinen wêr’t Schotanus de doarpsgrinzen oanjoech wurde ûndúdlik yn de buert fan Sânhuzen, as soe it in autonome enklave wêze.

De bebouwing fan in trettjin tal buorkerijen is yn de rin fan de tiid wat ôfnommen, want op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 blike der noch gjin tsien mear te stean. Wol is oan de westkant in nije dyk nei Aldeberkeap mei in brêge oer de Linde kommen en by de trijesprong is ek in gebou tekene, op it plak wêr’t no it kafee stiet. Oan dizze nije Aldeberkeaperwei en foaral by de trijesprong kaam stadichoan wat mear bebouwing. Op it westlik lizzende heidegebiet hat de “Stichting tot verbetering van de Volkshuisvesting in de gemeente Weststellingwerf” har meast opmerklike folkswentekompleks realisearre, ‘Het Rode Dorp’, wêr’t yn 1920 en 1922 in tweintich tal wenten mei oankapte skuorren op kampkes lân fan in heale hektare ta stân kamen.

Surch is in doarp dat yn de ferdrukking kommen is efter it spinreach fan wegen by de kop fan de Ofslútdyk en in twatal wegen. Oarspronklik is it in komdoarp, mar om’ e tsjerke is de kearn yn de rin fan tiid wat ûndúdlik wurden, wylst de bebouwing fan de streken by de dyk lâns him fertichte. De seedyk op Deltahichte biedt in wrydsk útsjoch oer it doarp en de keale omjouwing. De wjerstribbigens fan it lânskip hat dichter Obe Postma, ôfkomstich út it tichtby lizzende Koarnjum, beskreaun yn De boerinne fan Surch:

Har earizer blinkt yn ‘e sinne fier Want it hiem leit heech en frij; En beammen waachse net te Surch: De see is te tichteby

De oare dyk is de Surcher slieperdyk dy’t yn 1732 oanlein wurde moast omdat de seedyk fan de Zuricher-Oordpolder slim oantaast wie troch de pealwjirm. Willem Loré hie it plan dêr foar makke. Loré’s diken ha flauwe talúds dy’t de wetterslach better brekke dan steile diken. Tsjin de soal fan de slieperdyk oan is de kompakte lintbebouwing by de Caspar di Roblesdyk lâns ûntwikkele.

Yn de jierren tusken 1922 en 1932 hat it doarp in drokte fan belang meimakke mei it oanlizzen fan de Ofslútdyk. De dykwurkers wennen yn in doarp fan barakken en sochten jûns fertier yn De Steenen Man wêr’t it der soms rûch oan ta gie. It barakkedoarp is ferdwûn, it hotel is noch altyd in aksint yn de bebouwing. De beskieden doarpsútwreiding leit yn it suden.

Surch hat in rom mei ipen omseame tsjerkhôf. Der stiet in lette neorenêssânse tsjerke út ûngefear 1905 mei mooglik noch in midsieuske kearn en in toer mei in achtsidige lantearne en in spits. It mitselwurk is fersierd mei rûnbôgenissen mei fersieringen fan keunststien. De gevel oan de noardkant is hielendal ticht, de súdgevel hat fjouwer rûnbôgefinsters. In Roosjen soe de arsjitekt wêze. In oannimmer mei dy namme wie by de fernijing fan de tsjerke fan Koarnwert belutsen.

Sweagerbosk is in jong streekdoarp yn de uterste súdwesthoeke fan Kollumerlân dat pas yn 1940 de status fan doarp krigen hat. Foar dy tiid wie it in buorskip by it frij fier fuort lizzende Kollumersweach.

De heidestreek rekke nei de 18e ieu bewenne en yn it midden fan de 19e ieu is der in streek foarme. Dat barde oan de krekt foar 1930 ferhurde Boskwei/Bjirkepaed dat doe op kaarten mei Het Bosch oantsjutten waard. Mar ek fierder oer de heide stienen noch earmoedige ûnderkommens. Dizze streek mei efterpaden lei heaks op de yn dit lânskip eastwest lizzende ûntginningsassen. Dit kaam mei omdat de perselen fan de heide stadich yn súdlike rjochting trochlutsen waarden.

De heidebewenners wennen yn heidehutten of spitketen dy’t sûnt it begjin fan de 20e ieu ferfongen waarden troch lytse bakstiennen húskes mei soms noch in stâl ûnder itselde dak. Se besochten yn harren libbensûnderhâld te foarsjen mei it ropen, it draaien fan tou, en it meitsjen fan biezems en skrobbers of it flechtsjen fan matten yn stuollen. Dy waarden dêrnei yn de wide omjouwing útsutele.

De heidehutten binne yn it kader fan de Wenningwet opromme, mar ek de earste húskes dy’t yn dat kader boud waarden, binne ferdwûn. Oan de yn 1950 ferhurde Heidewei stienen koartlyn noch twa fan kalksânstien boude spultsjes(fan 1913). It wienen noch geve wenten mei in skuorre foar wat lytsfee, in ko of lânbouprodukten. Arbeiderswenten wurde se ek neamd, omdat de bewenners, njonken in oar berop of los wurk, mei wat lânwurk op in rom hiem lytsskalige feefokkerij bedriuwe koene om sa yn harren ûnderhâld te foarsjen. Efter de Boskwei stiet op nûmer 24 noch sa’n wenninkje út 1914 mar dat is al oanpast.

Sweagerbosk is nei de oarloch sterk fernijd en der binne sûnt dy tiid nochal wat frijsteande wenten boud. It doarp is sa by de Swadde noch sterker ferweefd rekke mei Twizelerheide yn Achtkarspelen en de Westerein yn Dantumadiel.

Sweins is in terpdoarp en leit tusken de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Harns en de trekfeart tusken dizze stêden yn, it hjoeddeiske Van Harinxmakanaal. It doarp hat gjin echte kearn; it bestiet út in stik as wat út elkoar lizzende buerten en buorkerijen en in foar in grut part ôfgroeven, skerp om it hôf ôfstutsen tsjerketerp. De tsjerke is fan fier te werkennen: de terp is heech en it silhûet fan de tsjerke is bysûnder. Boppedat leit der in wetterbuert by it kanaal, offisjeel Kingmatille, yn de folksmûle ‘Keimpetille’, neamd nei in weiwurden brêge oer de trekfeart. De tsjerke op’ e terp makket in eigensinnige yndruk omdat se oan beide kanten trijesidige slutingen hat. Midden op it dak stiet in dakruter en sa wurdt de yndruk jûn dat it om sintraalbou giet. De sealtsjerke waard boud yn de jierren 1782-1783 om in midsieuske tsjerke te ferfangen. Der wurdt ek sein dat de 13eieuske tsjerke noch oanwêzich is en dat it gebou oan de bûtekant beklamme is. De âlde tsjerke, wijd oan de Hillige Regina – Maria as keninginne fan de himel – hie in tsjerke mei in sealdak. De dakruter, it sjarmante achtsidige houten koepeltuorke, jout romte foar de yn 1471 troch Steven Bütendoc getten klok. It oerwurk is fan 1783. Oan de westkant stiet de yngong yn in djippe korfbôgefoarmige nis.

Yn de tsjerke stiet in troch Hermanus Berkenbijl makke preekstoel út 1783, in doophek en twa hearebanken fan Lycklama à Nijeholt/ Glinstra en Beijma thoe Kingma. In sânstiennen epitaaf is it oantinken oan it betiid ferstjerren yn 1652 fan de frou fan Ignatius van Kingma, Jaeycke van Vierssen. Se stoar nei amper 33 wiken houlik doe’t har man as kolonel yn Brouwershaven yn garnizoen lei. It pear wenne op Kingmastate by de trekfeart. Dêr oan it Van Harinxmakanaal is op nûmer 11 in let 18eieusk hûs te besjen, wêr’t in ferskaat oan byldhoude fragminten yn ferwurke binne: fan kroanlisten, aailisten, twa bekroaningsballen en in flinke gevelstien mei kwabornamint en it jiertal 1657. De sier is ôfkomstich út de yn 1864 ôfbrutsen Kingmastate.

Gerkeskleaster is oarspronklik in komdoarp dat ea de namme Wigerathorp hie en de namme fan no erfd hat fan it premonstratinzer kleaster. Dit waard stichte om 1240 hinne troch Gerke Harkema út Stynsgea. De delsetting lei krekt eastlik fan de kleasterterp oan de Alde Feart of it Alde Knillesdjip. Mei in buert om de Voorstreek hinne en even fierder noch de Poorthoek oan de westlike en de Flaphoek oan de eastlike kant. De Alde Feart meändert nei it noarden en it easten om dêr yn de Lauwers út te kommen. Sa healwei de 19e ieu wurdt it sa karakterisearre: “dit stille en afgelegene dorpje ligt een kwartier gaans van de vrolijke en welvarende buurt Stroobos.”

Súdwestlik fan de kleasterterp komt de Strobosser Trekfeart yn it Knillesdjip út. De stêd Dokkum hat de feart yn 1654-1656 oanlizze litten. Dêr kamen bedriuwen oan it kanaal: in kalkbrânerij, in stienfabryk en yn 1900 it suvelfabryk Welgelegen. Dit fabryk hat de fúzjes yn de suvelwrâld oerlibbe.

It doarp hat him yn de 20e ieu geandewei nei it suden, rjochting Kanaal útwreide. Tagelyk groeide it buorskip Strobos yn westlike rjochting, sadat de beide doarpen om sa mar te sizzen, yn elkoar oergienen.

Der is in opfallend kontrast tusken de midsieuske rêst en de moderne bedriuwichheid. Oan it kanaal hawwe har inkele grutskalige, yndústriële bedriuwen festige. Middenyn leit de lytse kearn fan it doarp. Oan de noardwestlike kant leit bûten de bebouwing it gebiet, no in rom en heech lizzend tsjerkhôf, fan it eardere kleaster. De tsjerke is dêr noch in nijsgjirrich spoar fan. It kleaster gie al gau nei it stichtsjen oer nei de cisterciënzers en is yn 1580 opheft. De gebouwen binne sloopt mei útsûndering fan it 16e-ieuske brouhûs. Dat waard yn 1629 diels ta tsjerke omboud. Yn de eastlike partij kaam in wenhûs. Feroaringen ha in muorrewurk mei in bûnt patroan makke. Yn de 19e ieu is de toer oprjochte.

It terpdoarp Gau heart by de ‘Sneker-Vijfga’ omdat it mei Offenwier, Skearnegoutum, Goaiïngea en Loaiïngea de groep Wymbritseradielster doarpen foarmet dy’t noardlik fan Snits leinen. Gau heart as ienichst plak fan Wymbritseradiel ek by de doarperige fan de Legean. De oare doarpen lizze yn it noardliker lizzende eardere Raerderhim. Gau hat, lyk as de oare Legeandoarpen it karakter fan in kombinaasje fan terpen en in streekdoarp. Yn it ferline lei it frijwat isolearre, inkeld ûntsletten troch in opfeart nei de Snitser Aldfeart en nei it suden ta mei de Rollumerfeart en de Kipsleat, rjochting de Snitser Mar. Dêr yn it suden strekke de landerijen fan Gau har út oan de Snitser Mar ta.

De measte huzen stean oan de trochgeande doarpsstrjitte, de Boeijengastrjitte. Der stiet fariearde bebouwing fan pastorije (in eklektysk bouwurk fan om-ende-by 1900) oant âlderenwenningen ta. Yn it suden is tsjin it buertsje de Eker oer nei de Gauster Feart op, de grifformearde tsjerke boud. Súdlik fan de feart is in buert ûntstien dy‘t yn de tachtiger jierren mei de Kamp en de Skalter fierder stâl krigen hat. De sechtsjin kavels foar wenningen yn it nije ‘It Tsjemlân’ wienen gau ferkocht. De huzen op dat plak steane keal yn it lânskip.

Fan de midsieuske doarpstsjerke, wijd oan de yn dizze streek kenlik tige populêre hillige Nicolaas, bleau neat oer. Dy is yn1685 alhiel fernijd, mar ek dizze nije tsjerke is likemin de tiid trochkommen, want se is yn de 19e ieu wer ferfongen troch it hjoeddeiske ienfâldige tsjerke yn min of mear neogotyske foarmen. De foar dizze streek opfallend swiere toer, út wierskynlik de 13e ieu, is yn deselde ieu ommantele. Yn it lêst fan de 20e ieu is de yn de tuskentiid boufallich wurden mantel fuorthelle en de sealdaktoer restaurearre. Yn de toer hinget in klok dy‘t yn 1698 getten is troch Petrus Overney út Ljouwert. De tsjerke hat in preekstoel fan foar it midden fan de 17e ieu.

Garyp is in lang útstrekt streekdoarp dat yn de Midsieuwen op in sânrêch ûntstien is tusken feangebieten yn it noarden en heidefjilden yn it suden yn. Stadichoan waarden de buerten Greate Buorren en Lytse Buorren ien gehiel en rekken se yn de 20e ieu sa mei elkoar ferflochten en tichter beboud, dat it der op like dat it in komdoarp wurden wie. Easterein en Westerein ha noch hielendal it karakter fan agraryske streken.

Yn it lêst fan de 18e ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland: “dit dorp heeft een spitsen toren, en wel beplanten rydweg naar Zumeer: rondsom hetzelve liggen veele bouwlanden, uitgezonderd aan den Noordkant, daar men voorheen veele laage veenen had, voorzien met goede zwaare klyn, die, tot turf gemaakt, door de vaart des dorps, gemakkelyk naar de wyde Ee vervoerd kon worden. De Zuidelykste landeryen, uit heidveld, klyn, of zandgronden bestaande, loopen tot aan Smallingerland, terwyl de laage hooilanden, in ‘t Westen en Zuidwesten, geheel aan Wartena grenzen. Weleer lag hier ‘t Klooster Sigerswolde.” Dizze beskriuwing makket ek gewach fan de bewearing dat hjir “veertien versterkte sloten, stinsen genaamd “ stienen. Dat is oerdreaun, mar der hat yn alle gefallen ien, fan in tekening út 1721bekende, âlde toerstins stien. De Stinswei yn it Westerein docht dêr noch oan tinken. De Garypster Feart wie foar de turfwinning in goede ferfiersrûte en waard yn it lêst fan de 19e ieu ek de ûntsluting fan it yn 1893 stichte suvelfabryk.

Om 1100 hinne moat hjir al in earste tsjerke stien ha. It hjoeddeiske tsjerkegebou is fan 1838. Fan bûten is de sealtsjerke mei trijekantich sletten koar uterst ienfâldich. Se krige in flinke geveltoer mei in ynsnuorre spits. Binnenyn hat de tsjerke âldere eleminten: twa hearebanken, ien dêrfan út 1672 en de preekstoel út 1782. It âldste spoar is in 14e-ieuske prystersark fan sânstien.

Sawol oan de Greate as de Lytse Buorren binne boargerhuzen mei in middengong en in sierlike middenpartij te finen. Boppedat stiet oan de Greate Buorren in neorenêssânse kafee mei dêrnjonken in wenhûs yn de fernijingsstyl.

De Gaastmar is in frijwat isolearre lizzend wetterdoarp fan midsieuske oarsprong mei in nochal fersprate bebouwing dat leit tusken de Fluezen, mei de ynham it Piel en de Grutte Gaastmar yn. It doarp is mei alle kanten goed oer it wetter ûntsluten, mar op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet gjin dyk, sels gjin paad oanjûn nei doarpen yn ‘e buert. Op dy kaart stiet op de igge fan de Fluezen de buert Westerend, no Vissersburen, neamd, en noardlik Oosterend, no Kleine Gaastmeer. Dêr tuskenyn noch de Woudburen.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “een klein Dorp in ‘t Westen van Heeg, aan het Piel, een inham der Fluyssen. Onder dit Dorp behooren de buurtjes Oosterend, de Woudburen en Westerend aan de Fluyssen, alwaar veele Visschers woonen, en de aaken liggen, met welke de opgekochte meervisch naar Holland wordt verzonden.” Yn de 18e en 19e ieu hienen de ielfiskers en –handelslju fan de Gaastmar en Heech yn Londen in eigen lisplak.

Yn it sintrum is oer de feart in middelhege bôgebrêge slein. Dêr wurdt de romte markearre troch fjouwer gebouwen. Noard it kafee, in breed pân fan ien boulaach, yn it easten in opmerklike, mei stúkwurk fersierde stjelppleats, yn 1875 boud nei in ûntwerp fan A. Breunissen Troost en no it ûnderkommen fan de havenmaster. Yn súd de flinke kop-romppleats Attemastate út 1772 mei in ûnderkeldere foarein út 1869 en west in boerepleats mei in oerdwers pleatst foarein yn neorenêssânsestyl. De herfoarme tsjerke stiet wat efterôf oan in strjitsje mei fariearde bebouwing mei ûnder mear in notabele wenning. De tsjerke is in ynbannich, trijekantich sletten sealtsjerke út it begjin fan de 19e ieu mei in houten geveltoer.

Foar it noardwesten fan de doarpskearn wienen der yn 1962 plannen foar in wetterrekreaasjedelsetting oan de kant fan de Grutte Gaastmar. It wie al tsien jier letter dat dizze earste delsetting yn syn soarte yn Fryslân útfierd waard nei in stêdeboukundich plan fan Buro Bügel/Van de Dijk. Arsjitekt Hans Swanborn út Kedichem ûntwurp 56 rekreaasjewenten: uterst ienfâldige, grutte houten tinten.

Gaast komt op in list fan tsjerkedoarpen fan Wûnseradiel út likernôch 1270 foar as Lutkegast, lytse gaast dus. Gaast betsjut sânige hichte. It is in echt kustdoarp, it linet tsjin de eardere Suderseedyk oan, it leit relatyf heech en de Dykfeart rint efter de lytse kearn fan it doarp lâns. Sa ticht by see hat Gaast altyd de driging by stoarmwaar field; yn 1643 bruts fuortby de tsjerke de dyk troch en yn it jier 1703 hâlde de dyk it mar krekt, mar doe fergienen 23, meast Hylper skippen by Gaast.

It doarp leit no midden yn de greiden, dêr‘t earder, lyk as by de buordoarpen, frijwat lytsskalige lânbou op de savelgrûn bedreaun waard. Efter de relatyf heech lizzende âlde kearn dy‘t tsjin de âlde seedyk linet, is in beboude rânewei ûntstien. Bûten de beboude kom wenje al seker sûnt de 18e ieu behoarlik wat minsken oan wjerskanten fan de fraaie rûte fan de Boerestreek en de dêrnjonken lizzende Gaaster Nije Feart. It is in prachtige rûte dy‘t yn eastlike rjochting nei en troch de yn 1876-1879 droechleine Parregeaster Mar rint.

Yn âlde tiden waard hie Gaast in befolking fan jagers, skippers en matroazen. Sa healwei de 18e ieu wienen dat in galjoateskipper, twa kofskippers, twa smakskippers en in eigner fan in ‘gering schip’. No fertsjinje de measte ynwenners de kost yn de agraryske sektor.

De herfoarme tsjerke datearret nei alle gedachten út de 14e ieu, mar is yn 1906 alhiel ommitsele, sadat se sawat fan deselde leeftyd liket as de grifformearde tsjerke yn it doarp, dy‘t in ferboude skoalle is. De herfoarme tsjerke hat in sober houten tuorke út 1763 op de westgevel. Binnenyn hat it ienfâldich ikehouten meubilêr út de 18e ieu. Yn it begjin fan de 17e ieu stie yn Gaast de ‘seemansdûmny’ Adam Westerman. Yn syn stichtlike boek foar seelju warskôge hy de lêzers foar frjemde froulju, drank en tabak. Ien fan syn opfolgers, Petrus Vomelius, waard dêrtsjinoer in heale ieu letter fuortstjoerd fanwege oanstjitlike sûnden en dranksucht.

Fryske Peallen is in jong streekdoarp, ûntstien by in krusing fan in feanfeart en in âlde postwei, de Tolweg, midden yn in feangebiet tichtby de grins mei Grinslân. De peallen yn de doarpsnamme binne de grinspeallen en op dat plak is yn it lêst fan de16e ieu in skâns opsmiten. Yn it begjin fan de Tachtichjierrige oarloch moast de rêst yn Fryslân ferdigene wurde troch skânsen op strategyske plakken. Dy oan de Tolweg, tsjintwurdich Tolheksleane, lei krekt oan de noardkant fan de hjoeddeiske doarpskearn. De skâns waard oan syn lot oerlitten, yn 1672 wer opmakke en nei de tiid ferfallen. Restanten binne noch yn it lânskip werom te finen.

Yn de 17e ieu wie der noch gjin sprake fan doarpsfoarming. Yn it ferlingde fan de Lange Wyk wie troch de Drachtster Kompanjonsfeart fan ûngefear 1660 ôf de Grutte Feanfeart nei Bakkefean groeven om de feangrûnen yn it noardeasten fan Opsterlân eksploitearje te kinnen. By Fryske Peallen makke dizze feart mei ferlaat en flapbrêge in bûging nei it súdeasten ta. Dêr stienen inkele huzen en in herberch. De Schotanus-atlas lit de ferfeaningen yn folle gong sjen. De gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 toant oan dat Oerterp oan de Feart libbendich beboud wie; boeren brochten de ôffeane grûnen op lytsskalige wize yn kultuer.

By de krusing fan Fryske Peallen stienen inkele bousels. De grûnen yn de omjouwing waarden woest en toar neamd. De feart is dimpt en no is de Tolheksleane de haadier fan it doarp, in leane mei moaie ikebeammen, fatsoenlike bebouwing fan foaral frijsteande wenningen, wat boerepleatsen en in skruten tusken de bebouwing yn, wat efterôf steand tsjerkje.

Eastlik fan de Tolheksleane fynt men strjitsjes mei nijbou: Lytse Leane, Lytse Dobbe en ‘t Paed. Letter is ek it plan De Slûs realisearre en resint is de opfallende senioarehúsfesting De Jister ta stân kommen. Fryske Peallen is in kompleet doarp, dat nei de oarloch dizze status krige. Op it krúspunt stiet noch in kafee (út 1913), yn ‘e buert fan it plak dêr‘t de slûs lei, dy ‘t troch it dimpen fan de feart ek ferdwûn is.

Foudgum is in terpdoarp dat wierskynlik al foar it begjin fan de jiertelling foarme is op in kwelderwâl en dat yn it begjin fan de 19e ieu noch in ûnfersteurde radiale terp hie. Oer de destiids fierhinne ûnbeboude terp hinne rûn in frijwol perfekte rûne ringwei dêr‘t op regelmjittige ôfstannen fjouwer paden hinne fierden. Dizze ideale foarm is fersteurd troch it oanlizzen fan de dyk Dokkum-Holwert, dy‘t healwei de 19e ieu fuort lâns en in ieu letter by ferbettering, sels oer de súdwestlike terpsoal lein waard.

Om ‘t de terp tin beboud bleau, koenen yn de lêste jierren fan de 19e ieu grutte stikken ôfgroeven wurde. Opmerklik is dat hjir in ieu letter wer hoeken terp oanfold binne, in soarte fan terprestauraasje. Op in hast seis meter hege krún stiet de oarspronklik oan Maria wijde doarpstsjerke, dy ‘t om 1200 hinne boud is, mar dêr‘t net folle fan oerbleaun is. It eastlike part fan de toer dat ea mei in westwurk foar de tsjerke foarme, docht noch tinken oan de midseuske perioade. Dizze toer, dy ‘t alderhande histoaryske spoaren fertoant, is yn de 15e ieu gruttendiels ferboud en tagelyk ek ferhege, yn 1753 opknapt en yn 1977 restaurearre. Der hingje klokken yn út 1395 en 1732 (fan Nicolaas Derck) en it oerwurk yn ‘e toer datearret út 1640. De tsjerke hat in ieremidsieuske preekstoel en in kabinetoargel út it tredde kwart fan de 19e ieu.

Noardeastlik fan de tsjerke stiet de pastorije. Dizze datearret, te sjen oan de muorre-ankers út 1723, mar is net mear as sadanich yn gebrûk. It is in breed pân dat foar in grut part oplutsen is fan kleastermoppen. It hat fleugels en in flink nei foaren útspringende middenpartij mei in ferdjipping mei geveltop. Hjir hat fan 1859 oant 1863 ta François HaverSchmidt yn wenne, dy‘t amper as dûmny, mar mear as romantyske dichter Piet Paaltsjens namme makke hat. De fierdere bebouwing, boarger- en arbeidershuzen, stiet benammen oan de eastlike en noardlike kant fan de ringwei. Boerepleatsen fynt men foaral oan de súdwestlike kant.

Follegea is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. De boerestreek folget op Jistergea. De oergong tusken de doarpen is net merkber. It binne doarpen lyk as de fuortsetting fan Dunegea yn de buorgemeente Skarsterlân mei in fergelykber karakter. De pleatsen leinen oan in hynstepaad, dat oan it ein fan de 18e ieu ta in ryddyk ferbettere wie, mar yn 1843 as ryksstrjitwei fan Snits nei de Lemmer it aloan drokker wurdende ferkear oer de dyk wol oankinne moast. Foar dy tiid wie it ferkear oer it wetter folle mear fan belang en ek derfoar hie it doarp mei de Follegeasleat tusken de Grutte Brekken en de Tsjûkemar yn, in belangrike ferkearsier.

De faak monumintale boerepleatsen steane op ûnderling royale ôfstân oan de ryksstrjitwei. Allegearre steane se oan de westkant; dat hat te krijen mei de oriïntearring fan de lannerijen, dy‘t by de pleatsen hearre, de oan de Grutte Brekken ta har útstrekkende Lemster Polders. Fan de pleatsen hat de helte ek monumintale wearde, sa as ‘Foar de Mar oer’ en de frijwat âlde fan giele stien boude kop-hals-romppleats ‘Zeldenrust’. De buorkerijen ha allegear oandachtige en fariearde hiembeplanting.

Noardlik fan de brede Follegeasleat is wat komfoarming. Dêr stie yn de 18e ieu in tsjerke, dêr‘t no, wat efterôf it tsjerkhôf mei in klokkestoel mei helmdak te finen is. De klok fan Peter van den Ghein datearret út1596. Yn de bocht by de brêge stiet it hege hûs ‘De 3 Kogels’ (dy‘t yndie ek oan in úthingboerd hingje). By dizze eartiidske herberch is skiednis skreaun. De Bataafse Republiek hie it lân yn Frânske ynfloedssfear brocht en dat feroarsake de gram fan de Britten. De Ingelsen weagen yn 1799 inkele ynfallen. Op 2 oktober lânen de Ingelske troepen by de Lemmer. By Follegea waarden se troch in boargerwacht weromdreaun: dêrom de trije kûgels. De lytse kearn fan Follegea bestiet fierders út in pear boerepleatsen, inkele huzen en in dûbeld streekje rjochting Doniaga. De brêge oer de Follegeasleat, dêr‘t yn eardere tiden tol betelle wurde moast, is nij.

Fochtel is in lang, tige ekstinsyf beboud streekdoarp tusken Easterwâlde en it Fochteloërfean, ien fan de grutste heechfeangebieten fan it lân. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “t oostelijkste Dorp der Grieteny ligt aan de hooge Veenen, waar tegen een dyk, de Leydyk genaamd, is gemaakt om het afloopende water te keeren, dewyl hetzelve anders, vooral in den Winter, niet alleen de Bouwakkers, maar ook ‘t geheele Dorp zou overstroomen.” Op de gritenijkaart út 1849 yn de atlas fan Eekhoff binne noch stikken fan dizze Leidyk yntekene.

Hoe âld it fjouwer kilometer lange doarp krekt is, falt net te sizzen. Yn it suden binne, krekt foar de oarloch, troch amateurargeolooch H.J. Popping oan de râne fan it fean spoaren ûntdutsen fan in preehistoaryske delsetting. By fierder ûndersyk troch argeolooch Van Giffen koe fêststeld wurde dat de delsetting út ûngefear it jier 400 datearje moast en dat it bestie út in groep buorkerijen mei spikers. De streek wie troch it iderkear mear opkommende fean lange tiid net te bewenjen en in skoft letter ha har hjir wer boeren te wenjen set. Yn 1955 binne der troch de provinsjes Fryslân en Drinte plannen makke om it heechfean ôf te graven, mar yn 1961 beslute it regear om dizze ûntginnings te staken. It 1700 ha. grutte, diels noch libjende Fochteloërfean, sa te sizzen dat der noch altyd fean foarme wurdt, waard natuergebiet dat beheard wurdt troch de Vereniging Natuurmonumenten. It tsjingean fan it útdroegjen fan it fean is hjirby de grutste opjefte.

Yn Fochtel hat oan it Zuideinde in tsjerke sûnder toer stien, mar dy is yn 1837 sloopt; dit is te sjen oan it tige fersoarge tsjerkhôf en de dûbele klokkestoel. Mooglik datearje de twa klokken noch út de 14e ieu. Yn 1918 is even fierderop in herfoarme kapel boud.

Gâns noardeastliker is yn 1895 in suvelfabryk oprjochte, dy‘t yn 1907 fusearre mei it fabryk yn Easterwâlde. Yn Fochtel wienen de kampen Oranje en Ybehaer foar Molukkers ynrjochte. Fan de kampen binne allinne noch de terreinen waar te nimmen.

Feinsum is in terpdoarp dat ûngefear yn it begjin fan de jiertelling ûntstien is yn it kweldergebiet eastlik fan it streamgebiet fan de Boarn. Yn de omjouwing fan Feinsum wienen mear terpen te finen; dêrfan leit ien hústerp noch dúdlik oan ‘e noardkant fan Feinsum yn it lânskip oan de Iestdyk. Dêr stiet no in wytferve pleats op.

Nei it easten ta hie Feinsum in wetterferbining troch de hast seis kilometer lange Feinsumer Feart nei de Dokkumer Ie ta, dêr’t it buorskip Aldeleie mei in ferbiningsfeartsje ek fan profitearre. Boppedat lei it doarp frij ticht by âlde seediken: de Lage Hereweg, no mei de namme Bredyk, en de Hege Hearewei. Se koenen brûkt wurde as diken. Fan de Bredyk ôf liedt no de Holdingawei nochal wat hoekich troch it doarp hinne, in doarp dat gjin kom hat mar bestiet út in fjouwertal buorrens. De meast eastlike buorren hat foaral bebouwing súdlik fan de dyk, mar ek in noardlik dwersbuertsje. Dan folget de eardere krusing mei it yn it lânskip noch werkenbere trasee fan de Noord Friesche Lokaal Spoorweg. Feinsum krige yn 1900 in stopplak 3e klasse; dêrfan is no gjin spoar mear te finen. Dêrnei folget de Tsjerkebuorren, mei de bebouwing súdlik fan de dyk. Fuort nei de heakse hoeke leit de tredde buorren oan de westkant en nei de twadde hoeke folget de fjirde buorren mei bebouwing oan foaral de noardkant en in dwersbuertsje.

De tsjerke is wijd oan Sint-Vitus, krekt lyk as de tsjerken fan Ljouwert en Stiens. It is in ienfâldige bakstiennen, romaanske tsjerke út de earste helte fan de 13e ieu. Ea mei in healrûn koar en in sealdaktoer út ein 13e ieu. De letGoatyske yngong yn in rjochthoekich kader en mei nissen fan deselde foarm datearret mooglik út begjin 16e ieu. De koarsluting is hjir nei alle gedachten weihelle yn de 17e ieu; dêrfoar yn it plak kaam de rjochte sluting. De tsjerke is yn 1962-1964 yngripend restaurearre.

Ferwert is in radiaal doarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderrêch ûntstien is. Yn de 11e ieu is de seedyk, dy‘t noardlik fan de Ferwerderadielster doarpen opsmiten waard, op de terp oansluten. Dêrtroch kaam de Ferwerter terp foar in grut part bûtendyks te lizzen. De bebouwing kaam yn it earstoan foaral op it súdlike en eastlike part fan de grutte terp ta stân.

Ferwert wie oer it wetter ûntsletten mei de yn de 17e ieu groeven Ferwerter Feart, dy‘t earst yn ‘e rjochting fan Hegebeintum rint en dan in draai nimt om sa yn de Ie út te kommen. Yn it doarp hie him by Nijbuorren in haven foarme, dy‘t yn 1950 dimpt is, wêrtroch’t in strjitte ûntstean koe fan in opfallend breed profyl. Yn de buert fan de haven en fierder oan de súdeastkant ha de doarpsútwreidingen plak fûn, ek dy fan nei de oarloch. De seedyk wie de bêste ûntsluting oer lân.

Fan it ein fan de 19e ieu ôf, doe‘t de trochgeande dyk al amper mear as âlde wetterkearing werom te finen wie, binne oan wjerskanten stadichoan frijsteande wenten foar boargers en begoedigen boud. Súdlik fan it doarp waard it lokaalspoar oanlein. Yn 1900 is der in 2e klasse stasjon boud. Oan de doedestiids oanleine Stationsstraat kaam fan 1913 ôf folkshúsfesting ta stân, wêrnei‘t de betide sosjale wenningbou op dat plak en oan de Looxmastraat en Gasthuisstraat fuortset is.

Ferwert hie him ûntwikkele ta haadplak fan de gritenij. Der stienen ek in pear belangrike staten fan oansjenlike famyljes, sa as Juwsma yn it suden, Meekma yn it easten en benammen Cammingha yn it noarden mei in enoarme tún der omhinne. Op it súdlike part fan de terp hie him in – ûnder it tsjerklik gesach fallend – plein foarme. It ek no noch besteande Vrijhof wie frijwarre fan it boargerlik gesach. Yn de hoeke by de poartetrochgong nei it tsjerkhôf stiet it út de 15e ieu datearjende eardere prebendarishûs, in dwerspleatst hûs mei in sûterrain en in haadferdjipping, dat fan 1580 oan 1737 ta tsjinst die as pastorije en nei de tiid oan1840 ta gritenijhûs waard. Doe waard de gevel wol nei de neoklassicistyske moade feroare en ek binnenyn feroare der it ien en oar. Yn 1840 is nei in ûntwerp fan R.W.F. Stoett in nij gritenijhûs boud op de hoeke fan de Hogebeintumerweg. It is in fiif brede finsterfakken breed pân fan in hege haadferdjipping op in sûterrain. De yngongspartij, flankearre troch brede ioanyske pilasters, kin oer in bordestrep berikt wurde. Om-ende-by 1980 is it kompleks útwreide en it wurdt noch altyd brûkt as gemeentehûs.

De kloeke doarpstsjerke, wijd oan Sint-Martinus, stiet efter it Vrijhof, mei dêromhinne in sletten bebouwing. De tsjerke is te berikken troch in poarte út de 17e ieu. Se is in bûtengewoan lange letGoatyske tsjerke mei grutte spitsbôgefinsters tusken de steunbearen yn en is boud fan reade en giele moppen. De noardmuorre, dêr ‘t dowestien fan har foargongster yn ferwurke is, is alhiel sletten. De tsjerke is efter de yn it begjin fan de 16e ieu oplutsen swiere toer boud. Dizze bestiet út trije steapele segminten, wêrfan‘t de twadde en tredde oarspronklik troch dikke, profilearre lisenen keppele wienen. By ien fan de restauraasjes binne nei in pear ûntdutsen spoaren, yn it twadde segmint siernissen yn koerbôgefoarm oanbrocht. Yn de heechste segmint einigje de lisenen ynienen en dêr rinne nissen troch, dêr‘t de galmgatten yn oanbrocht binne. It sealdak hat desennia lang op it muorrewurk fan de geveltoppen lein, ynstee fan tusken de muorren yn. It ynterieur hat ûnder oaren in preekstoel út de 17e ieu mei doopstek, in pear hearebanken en in fraaie Mechelske kroan út de 16e ieu. Skean tsjin it gemeentehûs oer is om 1920 hinne de grutte grifformearde tsjerke op in T-foarmige plattegrûn boud.

Yn it suden, healwei Wânswert, leit de yn de 11e ieu opsmiten en yn 1913 gruttendiels ôfgroeven terp fan it eardere Benediktiner kleaster Foswert. Op dat plak steane no twa monumintale kop-hals-romppleatsen. By de iene is by de bou fan de skuorre moppemateriaal fan it kleaster wer brûkt.

Feanwâldsterwâl is in streekdoarp mei in opmerklik karakter. It is fan Feanwâlden út ûntstien as feankoloanje, mooglik fan minnisten út Giethoorn,oan it wetter wat de grins útmakket tusken de gritenijen Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. Yn de beskriuwing fan Feanwâlden út it ein fan de 18e ieu stiet: ‘In ‘t Zuidwesten heeft men een lange streek huizen aan ‘t diept, hier onder behoorende, en bekend by de naam van Diepswal.’Op de Wâl stiet oan 1865 ta dan ek in lytse Fermanje, skean tsjinoer de Preester Ikker. Der is doe even fierder in nije boud oan de Suderwei tusken Feanwâldsterwâl en Feanwâlden.

De gemeentegrins dy’t mear nei it easten as de Zwette oant Kûkherne trochrint, leit noch hieltyd midden yn’ e feart, de kade leit oan de Dantumadielster kant. Oan dizze kant steane fanâlds de wâldhúskes of “spultsjes” yn in frij sletten rige. Dy húskes ha efter it foarhûs yn de breedte trochsjittende dakskylden wêr’t in skuorre mei foarme waard foar wat fee of berging fan lânbouprodukten. Op de Wâl steane ek yn de breedte boude wenningen en in stik as wat buorkerijen. Dêrtroch is der in grutte ôfwikseling fan bebouwing kommen.

De bebouwing oan de kant fan Tytsjerksteradiel is wat grutskaliger. Tusken de wâldhúskes binne ek echte pleatsen te finen: yn it begjin bygelyks in aparte yn winkelheakmodel en fierderop in pear kop-rompen. De wenningen en pleatsen binne te berikken oer ôfsûnderlike brêgen oer de feart. Se jouwe de ûngefear in kilometer lange delsetting in eigen ritme. De measte brêgen binne ûnderwilens nochal ferswiere om auto’s en lânboumaterieel drage te kinnen. De pleatsen en wâldhúskes binne hast allegearre ferboud en útwreide om foldwaan te kinnen oan de winsken fan modern wenkomfort yn dizze favorite streek. As der net tefolle tocht wurdt oan de details is de sfear út de lette 19e ieu wol aardich bewarre bleaun. Hielendal yn de lêste bocht yn it westen, wêr de Wâlster Feart út it noarden fan de Looden Hel komt, stiet it kafee ‘t Dûke-Lûk, fanâlds nei alle gedachten in dûbele arbeiderswenning.

Feanwâlden is in streekdoarp dat him oan de súdlike râne fan in grut feangebiet op in hegere sânrêch ûntwikkele hat. Yn de 14e ieu wienen der twa delsettingen, dy’t beide in tsjerke hienen: Sint-Johanneswâld en it oardel kilometer súdwestliker lizzende Eslawâld.

Al foar 1436 wist it kleaster Klaarkamp de 14eiuwske toerstins as úthôf, of leaver as steunpunt, foar de turfwinning yn de omjouwing te winnen. De Wâlster Feart, Skiersleat en Galgesleat soargen foar in hast tsien kilometer lange, rjochtstreekse ferkearsferbining tusken it kleaster en de Skierstins. De stins stie tusken de twa lytse delsettingen yn. Eslawâld waard om 1500 hinne fanwege wetteroerlêst as gefolch fan de turfwinning opheven en mei Sint-Johanneswâld ferienige ta Feanwâlden. It mearfâld fan de nije namme lit dat sjen. De tsjintwurdige tsjerke stiet op it plak wêr’t de foargonger fan Sint-Johanneswâld stie. De oare tsjerke waard ôfbrutsen en hoewol it tsjerkhou noch lang respektearre waard – oant yn it midden fan de 19e ieu lei it der noch – skode de bewenning fan Eslawâld yn eastlike rjochting lâns de ûntginningswei op. Sa groeide Feanwâlden foaral eastlik fan de Skierstins út ta in karakteristyk streekdoarp mei ynearsten noch tinne en fersprate bebouwing.

Yn 1866 kaam it spoar fan Ljouwert nei Grins ta stân dat yn Feanwâlden frij ticht súdlik fan de doarpskom kaam te lizzen. Der kaam in stasjon en in kofjehûs dy’t beide al wer ferdwûn binne. Yn 1880 folge heaks dêrop in tramferbining mei Dokkum. Al sûnt it begjin fan de 19e ieu hie him tichtby it krúspunt fan de dyk en de Wâlster Feart nei it noarden in begjin fan komfoarming foardien.

Oan it ein fan dy ieu waard Feanwâlden in oantreklik wenplak foar rinteniers en letter forinzen. Se setten har ynearsten ta wenjen oan de Stinswei, wêr’t efter djippe túnen in tal notabele wenningen ferriisd binne.

De Skierstins is faak ferboud, mar lit it wêzen fan de te ferdigenjen stins noch goed sjen.

De toer stiet op in omgrêft terrein en oarspronklik ek op in lytse heuvel. De boppebou rêst op hoekpylders dy’t troch bôgen ferbûn binne. De bôgen binne yn de Midsieuwen al tichte en de oerwulvjende romte is ta in kelder útgroeven. It fertrek derboppe, de haadferdjipping, en de folgjende ferdjipping, ha houten plafonds. Yn beide ferdjippingen sitte sjitsluven en der binne ek spoaren fan in bekroaning mei kantelen. De Skierstins is mei syn oanbouwen út lettere tiid yn gebrûk as besikerssintrum en museum.

De ienfâldige doarpstsjerke mei in yn it westlike part fan it skip opnommen sealdaktoer is yn it midden fan de 17e ieu (1648) boud om in âlde foargongster te ferfangen. Dy is ferskate kearen makke. Foar it tsjerkhou stiet it yn 1778 stichte, eardere skoalhûs oan de Haadstrjitte. De skoalle is inkele jierren lyn sloopt. Dêrnjonken tsjûget in buorkerij mei in dwers pleatst hearehûs út 1902 fan in agrarysk ferline.

Skean tsjinoer de Skierstins riist in grutte filla mei oanbouwen op, tsjintwurdich Huize Patronium neamd. Dizze waard yn 1898 nei ûntwerp fan Hendrik Kramer boud foar Pieter de Clercq, in Amsterdams aristokraat, bankier en mesenas. De Clercq krige yn Fryslân in protte lânbesit. De filla krige in omfang en in rike neorenêssânse pronk mei in protte boubyldhouwurk dy’t wolstân en erudysje fan de opdrachtjouwer útdrukten. It front en it fleugeltsje mei de eigensinnige erkereftige tagongspartij binne fraai fersierd.

Súdlik fan it spoar is oan it ein fan de 19e ieu in partikuliere suvelfabryk stichte dy’t yn it begjin fan de 20 ieu fernijd en útwreide is yn fernijingsstyl. In part fan de fabryk is fan de sloop rêden en yn it Openluchtmuseum yn Arnhem wer opboud. Yn 2003 binne de arbeiderswenten dy’t de wenningbouferiening yn 1919 en 1921 oan de oare kant fan it spoar boude, ek sloopt. De direkteurswenning El Dorado (1874) yn pleistere mingde styl stiet noch wol oan de Suderwei en even fierder stiet de minniste tsjerke (1865) mei pastorije.

Iesumasyl is in buorskip dat einliks by it doarp Eanjum heart. By de slûs en it folle letter boude gemaal is in buorskip mei in selsstannich karakter groeid. Foaral oan de noardlike kant fan de brede mûning fan de Suder Ie steane, frij rom op grutte kavels grûn, de ienfâldige huzen ferspraat. Oan de noardkant fan de wettermûning stiet noch in boerepleats.

De ôfwetterings- en kearslûs is hjir yn 1671-1672 oanlein om it wetter út de Suder Ie yn de Lauwerssee te spuien. Der sil sûnt de bediking fan dizze kust grif yn de 11e ieu al in slûs yn de mûning fan de belangrike Suder Ie, ea in seeslinke, lein ha. De meast iere melding fan Iesumasyl is yn it begjin fan de 15e ieu. De slûs is yn 1745 opknapt en yn 1931 fernijd. De polderopsichter W.D. Booijenga fan it Waterschap Oost- en Westdongeradeel hie by it lêste wurk de lieding. Alles waard doe fernijd, ek it heech steande kontribúsjehúske. Om de wetterôffier te ferbetterjen is doedestiids ek it gemaal boud. De izeren flapbrêge is yn 1901 slein. Dit alles leit efter de hege, eardere seedyk, dy’t sekundêr waard, doe‘t de Lauwerssee yn 1969 ôfsletten waard. Mar dêrmei hat de slûs noch net ôfdien; de slûsdoarren binne yn 1992 dan ek fernijd. Leech leit de slûskolk mei it ‘binnenhoofd’ fan de slûs.

It elektrysk gemaal, de ‘Dongerdielen’ is in ynbannich en mei soarch foarm jûn gebou. It is rjochthoekich, oplutsen fan giele bakstien, foarsjoen fan in sealdak en mei lege oanbousels oan beide kanten. Oan de súdkant de namme yn letters yn art-déko-styl. Fierders hat Booijenga oan it gebou in saaklike ekspresjonistyske trant foarm jûn. By in te heech wetterpeil sette de slûswachter de pompen yn it wurk. Yn 1979 waard de ynstallaasje automatisearre. Heechweardige apparatuer soarget der no foar dat by in bepaald wetterpeil de pompen automatysk yn wurking steld wurde.

Eksmoarre is in terpdoarp mei oarspronklik gruttendiels rûnom fearten, puollen en marren. Bgl. fanwege de fuort westlik oan de doarpskom grinzjende lytse Kerkmeer en de noch fierder westlik fan it doarp lizzende grutte Kâlde of Makkumer Mar. De binnenfiskerij hat hjir nei alle gedachten goed bloeid. De marren en puollen binne droechlein en fan de fearten is allinne noch de Eksmoarster Opfeart oerbleaun; it rint fan it noarden fan it doarp nei de Makkumer Feart.

Bûten de terp mei de tsjerke hat it doarp him ûntwikkele by de wegen en de paden lâns, dy ‘t it doarp mei de omjouwing ferbine. Nei it easten mei Boalsert, nei it súdwesten mei Allingawier en fierder Makkum en nei it noarden mei de Eksmoarresyl, dêr‘t in lyts buertsje ûntstien is en fierder nei Skraard. Fan de streekjes by de wegen lâns is benammen dat nei it noarden monumintaal. Dêr stiet oan de eastkant in koarte streek mei de grifformearde tsjerke en oan de oare kant in lange rige fan ienfâldige, ûnderling ferwante doarpswenten, boud fan de karakteristike Fryske (trijeling-) giele stientsjes, dy‘t in prachtich ritme opleverje.

De âlde doarpstsjerke leit súdliker en justjes efter de streekbebouwing. De tsjerke mei sealdaktoer datearret út de earste helte fan de 13e ieu. By de restauraasje yn 1963-1966 kamen fanefter de pleisterlaach spoaren fan romaanske finsters foar it ljocht. Se binne yn de noardmuorre opnij makke. It koar hat smelle spitsbôgefinsters. De tsjerke hat sierlik mitselwurk fan read en giel bakstienmateriaal. De westlike muorre en toer binne nei in ramp opnij opboud; yn 1836 wie de toer ntl. fernield troch in wynhoas.

Eksmoarre is ûnderdiel fan de Aldfaers Erf rûte. Men kin hjir in besite bringe oan it Frysk Lânboumuseum, it doarpsskoaltsje anneks grutterswinkeltsje, it Jan Aukeshûske mei in tentoanstelling oer ‘nuttige handwerken’ en in doarpsskuonmakkerij. It doarp hat yn de nei-oarlochske perioade in beskieden útwreiding fan inkele strjitten en hôven krigen. Dy is oan de westkant en leit frijwat djip, nei alle gedachten op it plak fan de eardere Kerkmeer.

Ingwierrum is in terpdoarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl op in hoeke grûn mei dêromhinne de Lauwerssee en de mûning fan de djip it lân ynkringjende slinke, dy‘t as Dokkumer Grootdiep lange tiid in iepen ferbining mei see foar Dokkum wêze soe. Súdlik fan it net al te hege terpdoarp binne wichtige, wierskynlik 12e-ieuske restanten fan de seedyk yn it lânskip werom te finen. Súdlik fan Ingwierrum is yn dit Grootdiep yn 1857 in grutte meänder rjocht lutsen.

Ingwierrum hat him ûntwikkele op in rjochthoekige terp mei ek in rjochthoekige ferkaveling, dêr‘t de tsjerke oan de westkant pleatst is. De bebouwing stiet by de letter ta trochgeande rydwei fan Dokkum nei de Dokkumer Nijesilen ferbettere Dodingawei lâns. Benammen oan ‘e Tsjerkebuorren en de Buorren heaks dêrop, is dúdlik it profyl fan de terp te fernimmen. Tusken dizze haadstrjitten yn rinne noch inkele dwerspaden mei bebouwing. Nei de oarloch is it doarp fan it Roster ôf fierder yn súdeastlike rjochting útwreide. Eastlik fan it doarp is by de trochgeande dyk lâns en fuort efter de seedyk ek al frij betiid in losse bebouwing ûntstien.

Fan it ienfâldige sealtsjerkje is net mei wissichheid te sizzen of ‘t it yn 1746 alhiel fernijd is, of beklampe mei in nije hûd fan bakstien. It gebou hat in trijekantige sluting. De navenant stoere mar lege toer datearret út de 13e ieu, is yn de 14e of 15e ieu wat ferhege en yn 1746 fersjoen fan in sealdak. De rûnbôgige yngong is omliste troch byldhoude natuerstienblokken. De finsters ha latteroasters, dy ‘t no seldsum wurden binne. Faaks hawwe se it sa ‘n lange tiid folhâlden omdat se twa brânskildere finsters mei wapens fan Oranje en fan de provinsje, flankearre troch allegoaryske frouljusfigueren, yn 1746 makke troch Jurjen Staak, beskermje moasten. Boppedat hat de tsjerke in barokke preekstoel mei in bûgde kûpe. Westlik lizze de Dokkumer Nijesilen, in slûzekompleks út 1729 dêr‘t in skildereftige buert by groeid is. Der is in tinkobelisk oprjochte.

Ingwier is in agraryske delsetting midden yn de Polder de Weeren tusken Wûns en Makkum yn. Ieuwenlang hat it de status fan doarp hân, sûnder dat der ea praat west hat fan in kom of in streek. Yn it lânskip leit wol it spoar fan in ‘wier’ of terp; dêr hat it in diel fan de namme oan te tankjen. Sels noch in twadde terp, in hústerp, dêr‘t ien fan de pleatsen op stiet. De delsetting wie troch in paad mei in tille oer de Molkfeart mei Wûns ferbûn.

Yn de Midsieuwen hie it doe ek al lytse doarp in eigen tsjerke en pastoar, dy ‘t 39 pûnsmiet lân yn gebrûk hie. It plakje hjitte yn de Midsieuwen Abbingheweer, dat letter ynkrompen waard ta Ingwier. Nei de Reformaasje bleau it in selsstannich doarp en hie it ek eigen tsjerkfâden. Der waard mar komselden in tsjerketsjinst hâlden.

Yn de atlas fan Eekhoff út healwei de 19e ieu is it kaartbyld fan Ingwier amper oars as no; tusken de boerepleatsen yn stiet yndie de tsjerke yntekene en ek is de âlde namme oanjûn: Abbingawier. Yn 1868 stoarte de toer yn en ek in part fan de westlike muorre. Yn 1882 is der in nije tsjerke boud. Doedestiids wenne der yn Ingwier mar ien herfoarme húshâlding. It haad fan dit gesin wie fansels tsjerkfâd. Hy beneamde twa mannen út Wûns ta mei-tsjerkfâd en de trije besletten ta nijbou. Tweintich jier letter, yn 1902, is dit tsjerkje wer ôfbrutsen.

Yn 1956 wennen der yn Ingwier trije feeboeren en ien hinneboer mei harren húsgesin. Doe wie it al gjin doarp mear, want it is yn 1949 troch it gemeentebestjoer oan Makkum tafoege. Lykwols is Ingwier krekt wat mear as in samling pleatsen, want op it plak dêr ‘t de tsjerke foar de pear ynwenners stien hat, leit noch altyd de lytse, troch beammen omseame terp mei tsjerkhôf. Sa lang as dizze skiednis dêr respektearre wurdt, fertsjinnet Ingwier it respekt om as doarp behannele te wurden.

Elslo is in tige âld streekdoarp dat him ûntwikkele hat by de noard-súd rjochte Binnenweg (no Hoofdweg en Peperstraat) lâns en de Buitenweg dy‘t der westlik by lâns rint en dêr‘t de trambaan by oanlein waard.

De romte tusken de sa ûngefear parallel rinnende streken yn is lange tiid ûnbeboud bleaun. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 melden: “De Kerk staat hier tusschen twee rydwegen, die ter wederzyden van dezelve doorloopen en met huizen beboud zyn. Onder dit Dorp liggen eenige buurtjes en plaatsen van naam; als vry verre in ‘t Noorden Tronde, op eene hoogte in ‘t geboomte en in de Bouwlanden gelegen, alwaar de Linde haaren oorsprong neemt .... In ‘t Zuidwest ligt het buurtje Zuidhorn; ook vond men hier destyds, de Stamhuizen van Frankena en Portinga.” Tronde is no noch altyd in echt buorskip fan sa ‘n acht boerepleatsen mei de kearn fan in ies, dy‘t noardlik fan Elslo leit. Mar Zuidhorn, dat súdlik fan it doarp tsjin de Drintse grins oan leit, bestiet no net út mear dan in pear gebouwen. Oan de Hoofdweg stie dêr op de grins in suvelfabryk (1886/1887). Frankena en Poortinga binne nei alle gedachten net folle mear west as flinke boerepleatsen; se steane oanjûn op ‘e kaart fan Eaststellingwerf yn de atlas fan Eekhoff út 1849.

Dêr ’t de Binnenweg en Buitenweg yn it suden by elkoar komme stiet de tsjerke. Se is yn 1913 yn it plak kommen foar de út 1632 datearjende âlde tsjerke. De tsjerke bestiet út in tsjerkeseal en in rjochtsletten koar yn in frij saaklike styl mei eleminten yn fernijingsstyl. De konsistoarjekeamer is útboud en op it net oriïntearre front stiet in dakruter. Efter de tsjerke riist op it romme hôf in dûbele houten klokkestoel mei in skylddak op, dy ‘t in klok út de 15e ieu draacht en ien út 1953. Nei de oarloch is de nijbou yn de – oan dy tiid ta – ûnbeboude romte tusken de twa haadwegen yn oan inkele hôven oan wjerskanten fan de Eikenhorst ta stân kommen.

Ealahuzen is ien fan de fjouwer doarpen fan de streek Noardwâlde, dêr‘t de oarspronklike gritenijnamme ‘Hemelumer Olderphaert en Noordwolde’ op wiist. It is in leech lizzend gebiet en nei‘t it súdlike part yn 1835 bedike wie, koe yn de Groote Noordwolder Veenpolder begûn wurde mei it winnen fan turf. De hiele streek is yn 1984 oan Gaasterlân-Sleat tafoege.

It streekdoarp Ealahuzen bestiet út it eardere selsstannige doarp Nyegea, dat oan de súdwestlike kant it meast ticht beboude diel foarmet en it eartiids tinbefolke streekdoarp Ealahuzen, it mear iepen noardeastlike part mei fersprate bebouwing tsjin de súdlike kant fan de Fluezen oan. Beide doarpen hienen eartiids in tsjerke, mar dy fan it âlde Ealahuzen is al foar 1800 ôfbrutsen, nei‘t se al ris ferpleatst wie om út te wiken foar it opkommende wetter fan de Fluezen. Hielendal yn it noarden by de bocht tusken De Hop en Tropherne, in buert fan in pear pleatsen, is de namme noch altyd it Oud Kerkhof. Mar sels de klokkestoel, dy‘t der yn de 19e ieu stien hat, is net mear werom te finen. De wetterfloed fan 1825 hat gâns wat âlde bebouwing fernield. Tusken de twa doarpen yn waard it suvelfabryk stichte, in buert dêr‘t no om in binnehaven hinne, de foarsjennings foar wetterrekreanten konsintrearre binne. Tsjin buorkerij ‘Marsicht’ oer is de havenkom, mei dêromhinne freonlik eagjende rekreaasjewenten. Fierder nei it noardeasten ta binne op de fraaie rûte by de Fluezen lâns wer monumintale boerepleatsen te finen.

De doarpstsjerke (fan it eardere Nyegea) stiet alhiel yn it westen op de hoeke by de Nyegeaster Feart, dy‘t de grins foarmet fan de Van der Weayenspolder en de Groote Noordwolder Veenpolder. It is in freonlik oandwaand sealtsjerkje mei in trijekantige sluting út 1865 en in neoklassicistyske yngongspartij fan pilasters en in fronton. Op de nei it suden ta rjochte foargevel stiet in elegant, houten tuorke mei in ynsnuorre nullespits, dêr‘t in klok yn hinget út 1320. Noardeastlik fan de tsjerke slút in freonlike eagjende doarpsstrjitte him oan, mei gruttendiels boargerhuzen út de perioade fan om-ende-by 1900.

Jistergea is in fan oarsprong midsieusk streekdoarp; in boerestreek fan hast trije kilometer lang, fuort noardlik fan de Lemmer. De streek giet yn it noarden ûngemurken oer yn Follegea. It binne doarpen, lyk as de fuortsetting fan Dunegea yn de buorgemeente Skarsterlân (eartiids gritenij Doniawerstal), mei in te fergelykjen karakter.

De buorkerijen leinen oan in hynstepaad dat al ein18e ieu ferbettere wie ta in rydwei, mar yn 1843 as ryksstrjitwei it aloan drokkere (ryd)ferkear oankinne moast. Foar dy tiid wie it ferkear oer it wetter gâns wichtiger en dêr foar hie it doarp de Molesleat nei de Lemster Rien. No is it in sleatsje eastlik fan de autodyk A50, mar oant yn it begjin fan de 20e ieu wie it in wichtige ferkearsier. De, yn de measte gefallen, monumintale pleatsen steane op ûnderling royale ôfstân op flinke hiemen oan de eardere ryksstrjitwei. De fier út elkoar lizzende pleatsten steane fan de Lemmer ôf rekkene, earst allegearre oan de east- en nei oardel kilometer hast allegearre oan de westkant, in gefolch fan de oriïntaasje fan de by de pleatsen hearrende lânderijen.

Yn it suden is dat in frij smelle strook fan de Akkers, dy‘t oan de Rien ta rûnen en yn it noarden de har oan de Grutte Brekken ta útstrekkende Lemster Polders. Grutte let-19e-ieuske stjelppleatsen – sa as ‘t Hofstee – ha de mearderheid, mar der steane ek kop-romppleatsen en noch inkele jonge gebouwen, lyk as de Cornelia Hoeve, in stjelp út de tritiger jierren mei in útboude middenpartij, om noflik yn te wenjen.

Yn de slingerbocht by “Het Hof fan Hollân”, in wytbepleistere yn de breedte boud hûs yn in griene seame fan âlde beammen, leit it tsjerkhôf, ek ynpakt yn beamtegrien. In stek, fersjoen fan deadssymbolyk, jout tagong ta it frij heech lizzende terrein. De klokkestoel stiet al fan it begjin fan de 18e ieu ôf op it plak dêr ‘t wierskynlik oant healwei dy ieu, in tsjerkje stien hat. De klokkestoel hat in helmdak dy ‘t in klok, yn 1617 getten troch Henricus Meurs, beskermet. De klokkestoel is al in pear kear fernijd.

Ie is in terpdoarp dat al inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is yn in lânskip fan see-earmen en kriken op in kwelderwâl. Ie koe fanwege de dyk by de oant 1729 ta iepen bleaune see-earm fan it Dokkumer Grootdiep lâns, gjin (koarte) ûntsluting oer it wetter nei it suden ta krije. De opfeart waard dan ek oanlein nei de mear noardlike Suder Ie, by de terp Tibma lâns.

It radiale terpdoarp rekke frij ticht beboud, fan it sintraal lizzende tsjerkhôf mei in rûn rinnend tsjerkepaad ôf oan de binnekanten fan de noch frijwol komplete rûnwei ta. In stik of fjouwer smelle strjitsjes en paden ûntsletten yn dit kearngebiet de frijwat konsintrearre buertsjes mei lytsskalige bebouwing, dy ‘t benammen oan de noardwestlike en súdlike kant nochal ticht wie en oan de eastkant wat losser. De bebouwing is hast hielendal rjochte op de radiale wegen en paden en net op de ringwei. Dat is benammen te fernimmen by de westlige radiaalwei, dy‘t it breedste profyl hat en dêr‘t in pear boargerhuzen stean. Oan de oare strjitsjes stiet foar it measte in beskieden bebouwing, dy ‘t sûnt de 18e en de 19e ieu amper mear fernijd is en dêrtroch skildereftige bylden oplevert. Om it tsjerkhôf hinne is net safolle romte en allinne tsjin de toer oer binne in pear wenningen op it hôf rjochte. Yn de 18e ieu kaam der sa stadichoan ek wat bebouwing ta stân oan de eastlike kant. Yn de 19e ieu waard Ie fierder yn eastlike rjochting útwreide tusken Uniastrjitte-Dodingawei en Achterwei-Stienfeksterwei.

De fan kleastermoppen boude doarpstsjerke datearret foar in grut part út it tredde kwart fan de 13e ieu: de eastlike partij is yn de 18e en de westlike partij mei toer yn de 19e ieu fernijd. Yn de noardgevel sitte ier- goatyske finsters dy‘t diels ticht set binne. Yn de konsoles ûnder de goatelist binne maskers fan minsken en bisten úthakke. Yn de tsjerke binne in moarmeren epitaaf foar Snelliger Meckama en njoggen roubuorden út ‘e twadde helte fan de 17e ieu te sjen.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |