It terpdoarp Tsjummearum heart by de agraryske doarpen fan de ‘Bouhoeke’ fan it âlde Barradiel. De Waadsee joech earder ek fiskers in (meastal skraal) ynkommen: de buorskip Koehoal oan de seedyk is der in spoar fan. De Fiskersfeart leit as ferbining tusken it doarp en Koehoal. Tsjummearum leit op in hege kwelderwâl, in profyl dat op de brede Buorren dúdlik te merkbiten is. Dêr hat it doarp in echt kompakt sintrum mei frij ienfâldige, benammen 19eieuske bebouwing en op nûmer 70 in hiel âld hûs.

Oan de noardkant fan de Buorren stiet op in rom tsjerkhou de opmerklike tsjerke. De boufallige tsjerke mocht yn 1877 allinne ferfongen wurde as dit barde yn de styl fan de âlde. It resultaat is in frjemde neimakke gotyk. It falt op omdat de mei fijne nissen en trasearings fersierde mânske toer út de let goatyske tiid der noch wol stiet. It romme en heech lizzende tsjerkhou is fan de Buorren ôfgrinze troch in izeren stek yn neogotyske foarmen. Even fierder stiet it út de 19e ieu ôfstammende kafee Het Wapen van Barradeel yn in typyske mingde styl. Eastliker stiet in moaie lytse filla yn neorenêssânse styl. Wer eastliker stiet in mânske buorkerij mei foarhûs yn de fernijingsstyl. Noch eastliker, in kilometer bûten it doarp, hat it nonnekleaster Bethanië stien; it rêsthûs Nij Bethanië is hjir nei ferneamd. Oan de westkant fan it doarp steane de betreklik geef bewarre gebouwen fan de gasfabryk.

Tusken de nijbou fan it doarp oan de noardeastlike râne is in opmerklik monumintaal gebou ferdwaald rekke. Dêr stiet oan de Stasjonswei yn oarspronklike steat it eardere stasjon fan de Noord Friesche Lokaal Spoorweg-Maatschappij mei foar in grut part noch de orizjinele ynrjochting oant de loketten ta. It bouwurk is yn fernijingsstyl boud. Op it sealdak lizze grize, smoarde, Fryske rûneftige dakpannen mei in rútmotyf. It stasjon is nei’t it syn funksje ferlern hat, bewenne bleaun en de bewenners ha sa sanearjen foarkomme kinnen.

It terpdoarp Seisbierrum wie ea it doarp fan de Liauckama’s. Harren state stie noardlik fan it doarp: it terrein en de fraaie stinspoarte bestean noch. Liauckamastate wie ien fan de grutste staten fan Fryslân. Yn 1824 is it kastiel sloopt wêrnei der yn 1862 in grutte kop-hals-romppleats fan giele stientsjes op it terrein boud is. Boppe de slotgrêft stiet in machtige stinspoarte. Dy is fan 1604, mar kin yn earste oanlis âlder wêze: oan de ûnderkant sitte friezen en dêr boppe giele stientsjes. De poarte hat oeral gatten foar dowen, want de adel hie dizze fûgels foar sawol de dong as foar de konsumpsje.

Even eastliker leit de net sa grutte, mar skildereftige buorkerij Lutmastate op in fraai omseame en beplante hiem en mei in sierlik blanket foarhûs út ± 1870. Nei it easten ta stiet de nôtmole mei stelling De Korenaar út 1868 en de glêzen piramide fan Aeolus, in technysk edukatyf sintrum. De Adelenstrjitte, flankearre troch karakteristike wenningen fan reade parsstien út de tuskenoarlochske perioade, liedt nei it doarpssintrum. Yn it sintrum stiet hotel kafee restaurant De Harmonie âld te wêzen. Yn de Alde Buorren steane aardige, meast âlde húskes yn ferskate stilen. De grifformearde tsjerke yn Amsterdamske Skoalle styl wêrfan de earste stien op 19 maaie 1927 lein is, is sintraalbou eftich.

It sintrum wurdt dominearre troch de herfoarme tsjerke dy’t yn de Midsieuwen oan de hillige Sictus wijd wie. De ienbeukige tsjerke mei rûnsletten koar ferberget har hege leeftyd (13e ieu) efter in pleisterlaach. De toer is ek âld, mar dy krige yn 1904 in nije mantel. It ynterieur hat orizjineel, oermjittich meubilêr. De kânsel, dooptún, doopbekkehâlder en tekstbuorden binne yn 1768 troch Johannes Georg Hempel yn in oerdiedige rococo styl snien. De kûp fan de kânsel liket fergroeid mei in beamstam, mei takken dy’t it klankboerd op syn plak hâlde. De lambrisearring soarget foar in ienheid mei de ein 17eieuske hearebanken en de prachtige oargelwand.

Aldhoarne is in streekdoarp dat nei alle gedachten yn de 18e ieu ûntstien is oan de Binnenweg dy’t no as Schoterlandseweg fan Aldskoat ôf oer de hiele lingte fan de gemeente It Hearrenfean de fernaamste ûntslutingswei rjochting Donkerbroek wurden is. It doarp leit yn in lânskip dêr’t yn it noarden it heechfean ta turf wûn is en dat dêrnei yn kultuer brocht is. Súdlik lizze de lege healannen fan de fallei fan de Tsjonger dy’t dêr oant de kanalisearring yn 1886/1888 as in echte rivier meändere en in grillige grins foarme mei Eaststellingwerf.

De Sevenaerswyk is mei in fjouwertal ferlaten tusken de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en de Tsjonger yn groeven en oan de Buitenweg hat him it buertsje Sevenaer foarme. Hjir lei eartiids it bûten Sevenaer, dat ein 18e ieu al net mear bestie. Oan it Sevenaerspad stiet alhiel yn it suden in slûswachterswenning, dy’t om-ende-by 1890 boud is by de 1e slûs yn de Kúnder of deTsjonger. It gebou heart by in rige wachterswenningen oan de Tsjonger, dy by de brêge fan Mildaam en de slûs 1 ûnder Aldhoarne, slûs 2 ûnder Jobbegea en slûs 3 ûnder Donkerbroek. Mei de slûs en smelle brêge, in flapbrêge mei homeie foar fuotgongers en fytsers, foarmet de wenning yn sjaletstyl in monumintaal ensemble.

It streekdoarp sels bestiet út tige ienfâldige bebouwing fan frijwol útslutend 20e-ieuske huzen oan wjerskanten fan de Binnenweg, dêr’t ek de ienfâldige grifformearde tsjerke dy’t yn 1924 boud is, opfalt. It is in rjochtsletten sealtsjerke dêr’t de wanden smelle rûnbôgefinsters yn pearen hawwe. Op de foargevel mei in útboud portaal stiet in houten dakruter.

Fierder nei it easten ta stiet op in sfearfol tsjerkhôf in yn 1920 boude dûbele klokkestoel fan wapene beton, dêr’t twa klokken fan fuort nei de oarloch yn hingje. Krektlyk as yn Ketlik is de tradysje fan it Thomaslieden hjir noch yn eare. Fan 21 desimber oant nijjier wurde de klokken eltse wurkdei let troch de ynwenners.

Oranjewâld is in jong doarp fan inkele streken en strjitten mei wenningen en bûtenhuzen middenyn de bosken. Oarspronklik is it in buorskip by it fuortrekke doarp Bronnerga. De Tegenwoordige Staat van Friesland hat yn 1788 te melden dat dit in âld doarpke by Oranjewâld is, dat it fermaaklik leit en yn it earstoan wol lyts wie, mar dat der troch de opkomst fan de ferfeanings yn syn doarpsgebiet in nije buert ûntstie, Nieuw Brongerga of de Knipe. By Aldskoat wurdt meld: “Hier is overvloed van geboomte en een vruchtbaare Zandgrond. Ten Noordoosten van Oudeschoot, in de buurt Schooterwoud, ligt de vermaaklyke lustplaats van Z.D. Hoogheid, den Heere Prinse Erfstadhouder, het Oranjewoud genaamd. ... Ten Zuiden van ‘t zelve vindt men een’grooten uitgestrekten Tuin, voorzien met allerley Vruchtboomen, Planten en Bloemen. Ten Noorden, achter de huizing, is eene Oranjery, ... terwyl men ten Oosten een vermaaklyk Sterrebosch en Doolhof ziet. Daarenboven is deeze Heerlykheid omringd met verscheiden Boschen, waar in veel Wild en zingend Gevogelte wordt gevonden; gelyk ook met sierlyk beplante cingels, aangenaame wandel- en rydwegen, benevens bekoorlyke Weid- en Korenlanden.

Albertine Agnes hie it bûtenferbliuw kocht, har opfolchster Henriëtte Amalia liet dêr yn de jierren om 1700 hinne in paleis bouwe dat begjin 19e ieu al wer op ôfbraak ferkocht waard. De parken en bosken binne bleaun. It gebiet waard yn flinke kavels ferkocht, dêr’t nei de tiid bûtens en útspannings ferriisden. It neoklassicistyske hûs Oranjewoud mei syn opmerklik frontale portico mei kolommen falt wol it measte op, mar Oranjestein yn mingstyl en it sa moai lizzende Klein Jachtlust binne fraai blankette eleminten yn it grien. Hjirneist binne yn Oranjewâld ek wenstrjitten ûntwikkele, de al wat âldere Krukmanslaan mei frijsteande wenningen yn alderhande styl, de Koningin Julianaweg mei nochal wat nei-oarlochske bungalows en de Prins Bernhardlaan mei ûnder mear inkele monumintale pleatsen. By it fuortwurden Brongerga stiet in klokkestoel op it tsjerkhôfke en riist in betonnen belvedêre (1924) boppe de beammen út.

Nijhoarne is in streekdoarp dat yn de 18e ieu ûntstien is by de splitsing fan de Binnenweg, dy’t no as Schoterlandseweg fan Aldskoat ôf oer de hiele lingte fan de gemeente It Hearrenfean de belangrykste ûntslutingswei rjochting Donkerbroek wurden is. En by de foar it trochgeande ferkear net sa belangrike Buitenweg dy’t in wat súdliker koers oanhâldt.

It doarp leit yn in lânskip dêr’t heechfean ta turf wûn is en dêrnei yn kultuer brocht is. Súdliker lizze de leechlizzende healannen fan de fallei fan de Tsjonger dy’t dêr oant de kanalisearring yn 1886-1888 as in echte rivier meändere en in grillige grins foarme mei West- en Eaststellingwerf. It doarp hat him ûntwikkele op it plak dêr’t fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart ôf út it noarden de Fjirde Wyk rjochting Binnenweg rûn.

Dêr kaam ek de doarpstsjerke. De tsjintwurdige tsjerke, mei der omhinne in tichte beammeseame datearret út 1778 en is destiids boud yn opdracht fan grytman Daniël de Block van Scheltinga. De tsjerke is healwei de 19e ieu hersteld, mar it stichtsjen is mooglik âlder omdat der yn de toer in klok hinget, dy’t nei alle gedachten getten is yn de 15e ieu troch Johannes van Bomen. De tsjerke is in ienfâldige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting en boud fan giele stientsjes yn in ritme fan ferdjippe traveefakken, dêr’t om en om rûnbôgige finsters yn stean. De foargevel is pleistere yn blokfoarmen, foarsjoen fan tichte rigen muorre-ankers en op de hoeken pilasters dy’t diamantkoppen fertoane. Op de gevels stiet de houten toer mei oerewurk, galmgatten en in ynsnuorre spits.

Yn de buerten by de wegen lâns stiet nochal wat bebouwing út it lêst fan de 19e en it begjin fan de 20e ieu, mar Nijhoarne eaget as in jong doarp. Nei de Twadde Wrâldoarloch is it doarp foaral tusken de twa wegen yn ynfold, benammen ek mei folkswenten dy’t de wenningbouferieningen dêr ûntwikkelje. Lykwols, Nijhoarne is gjin komdoarp wurden, it is altyd noch in streekdoarp.

Mildaam is in streekdoarp oan de Schoterlandseweg fan Aldskoat nei Donkerbroek dat yn de 18e ieu ûntstien is by in plak dêr’t de Tsjonger oerstutsen wurde koe. Dêr tanket Mildaam ek syn namme oan. Der leit no in izeren flapbrêge. De Tegenwoordige Staat van Friesland naam yn 1788 net de muoite om it doarp apart te fermelden, mar fette de doarpen Brongerga, de Knipe en Mildaam gear. Wol stiet der te lêzen: “Mildam is eene niet onvermaaklyke buurt, welke, voorzien met eene Kerk en Windkorenmolen, in grootte veele Dorpen overtreft, en gelegen is aan den rydweg tusschen Oude Schoot en Nieuwe Horne, op den wal van den dikwyls gemelden Kuinder stroom.”

De ienfâldige doarpstsjerke is yn 1726 boud, sûnder muorrefakken en fan in pear rûnbôgefinsters foarsjoene sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar. Neist de toerleaze tsjerke stiet in al krekt sa‘n ienfâldige klokkestoel mei sealdak. Dêr hinget in yn 1688 troch Petrus Overney getten klok yn, dy’t ôfkomstich is út de yn 1972 ôfbrutsen klokkestoel fan Hoarnstersweach. Oan de Schoterlandseweg stiet ek de herberch ‘Het Wapen van Schoterland’, rigen âldere (1922) wenningwetwenningen en de grifformearde tsjerke út 1857 mei in yn 1950 fernijde gevel. By de flapbrêge oer de Tsjonger, Bruggelaan 10, stiet in wyt ferve wat sjalet-eftich brêgewachtershûs yn eklektyske styl. De rige wachterswenningen by de yn 1886-1888 kanalisearre Tsjonger of Kúnder, de brêge by Mildaam en de slûzen ûnder Aldhoarne, Jobbegea en Donkerbroek binne fan itselde type. De wenning foarmet mei de izeren flapbrêge in monumintaal ensemble.

Oan de Aaltjelaan (moat wêze: IJntzelaan - red.) kocht keunstner Louis le Roy oan it begjin fan de santiger jierren in fjouwer hektare grut terrein by Mildaam, in oerbedonge kultuersteppe, dy’t hy op goed gelok ynsiedde. De restanten, mear as 15.000 ton pún fan stêdlike kultuer binne stoart om dêr in eko-katedraal stâl te jaan. It is in komplekse woekering mei trochtochte struktueren fan terrassen, treppen, tuorren, poarten, gongen en stegen

Ketlik is in streekdoarp fan ferskate streken, dat yn de lette Midsieuwen noardlik fan de Tsjonger ûntstien is. Folle letter, yn de rin fan de 17e en 18e ieu is noardlik fan it doarp, likernôch op de grins fan Skoatterlân en Opsterlân de Skoatterslânske Kompanjonsfeart groeven. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland stiet yn 1788 te lêzen dat Ketlik: “bestaat uit drie buurten. De eerste en Oostelykste ligt ten Noordwesten van Nieuw-Horrne, onder den naam van Groot Katlyk; nog Noordwestelyker heeft men Klein Katlyk. De beide eerste buurten liggen zeer aangenaam in ‘t geboomte en bouwlanden; doch ‘t laatste ligt aan de Knype vaart, en is als een vervolg van de Knype. “

Nieuw Katlijk oan de Kompanjonsfeart is as namme ferdwûn, it wurdt al lange tiid Bontebok neamd en krige yn 1980 de status fan selsstannich doarp. De streken fan Groot Katlijk, dy‘t ek wol de ‘boerenstreek’ neamd wurdt en dat is de W.A. Nijenhuisweg en omjouwing, en Klein Katlijk, de Weversbuert en omjouwing, bestean noch. Mear nei it suden ta is der dan ek noch bebouwing te finen oan de Schoterlandseweg. De buerten binne mei elkoar ferbûn troch de Kerkelaan dêr‘t de tsjerke mei klokkestoel stiet.

De letgaoatyske tsjerke is ien fan de âldste tsjerken út de wide omkriten en it gebou is mooglik om 1525 hinne oprjochte. Se is in ienbeukige sealtsjerke dy‘t ritmearre is mei flinke steunbearen. Yn de gevelfekken stean om en om rûnbôgige finsters dy‘t yn de 18e ieu oanbrocht binne en de tsjerke hat in trijekantige koarsluting. De westlike gevel mei lytse skouders is yn de 17e ieu fernijd. De tsjerke besit in 17e-ieuske preekstoel.

Njonken de tsjerke stiet in foarse dûbele klokkestoel mei in sealdak. Der hingje twa frij jonge klokken yn. Krektlyk as yn Aldhoarne hâldt men de tradysje fan it ‘Thomasluiden’ hjir noch yn eare. Fan 21 desimber oant nijjier ta liede doarpsbewenners de klokken op elke wurkdei oant acht oere jûns ta.

Jobbegea is in dûbeld streekdoarp dat yn ‘e rin fan de 17e ieu ûntstien is. Earst as agrarysk doarp oan de ferbiningswei fan Aldskoat nei Donkerbroek yn Eaststellingwerf dy‘t eartiids de Binnenweg neamd waard en no de namme Schoterlandseweg hat. It wie de ûntsluting foar de ferspraat steande bebouwing. Súdlik fan dizze as leit ek noch de bûtenwei, mar dy wie healwei de 19e ieu al wer ferfallen.

Yn it suden strekke har healannen nei de fallei fan de Tsjonger út. Dit part fan it doarp hjit Jubbega-Schurega. Dêr hat yn it easten de tsjerke stien, mar dy is al gau ferfallen en ôfbrutsen sadat it tsjerkhôf oer bleau. By de trijesprong fan de frij nije dyk nei de Gordyk is yn de 20e ieu fertichting yn de bebouwing groeid. Der waard yn opdracht fan grytman Martinus van Scheltinga yn 1713 oan de Kerklaan in nije tsjerke boud: in ienfâldige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting. It houten tuorke is krekt yn 1910 op de foargevel kommen. Fuort yn ‘e buert stiet de kloeke pastorije yn in opmerklike mingstyl fan tradisjonalisme en ekspressionisme, yn 1920 boud nei it ûntwerp fan P.H. van Lonkhuyzen. Oan de Schoterlandseweg 55 stiet de lange legere skoalle mei in skoallehûs út 1917 dy’t yn de details sierlikheden fertoant fan Jugendstil. Oan it begjin fan de P.W. Janssenweg is yn 1933 in ambachtsskoalle mei masterswenning boud. Oan de Schoterlandseweg stean fierder ûnder mear freonlik eagjende boargerswenten út de tusken-oarlochske jierren, bgl. in rychje mei brutsen kapen. Dêr njonken stiet op nûmer 93 in blokfoarmige wenning, nei alle gedachten ea in winkel, út ûngefear 1930 mei opfallend útkragend read mitselwurk en in brutsen kape. By de krusing foarmje oan de Gorredijksterweg twa rigen fan tradisjonalistyske dûbele wenningen út om-ende-by 1948 in freonlik oandwaande begelieding. Dit type wenningen is ek fierderop oan dizze dyk, de nûmers 60-66 en 75-77, te finen, by de krusing mei de Skoatterslânske Kompanjonsfeart dêr‘t ek de suvelfabryk, dy‘t wylst net mear yn gebrûk is, boud waard. Yn de lânerijen súdlik fan Jubbega-Schurega stean inkele buorkerijen.

Oan de Nijeberkoperweg stiet by de in de jierren 1886-1888 kanalisearre Tsjonger in wyt ferve slûswachtershûs yn de sjaletstyl. It is ien fan de rige fan soksoarte wachtershuzen dy‘t om 1890 hinne oan de Tsjonger boud binne. It wachtershûs leit by de twadde slûs yn de Tsjonger, dy‘t wol feroarings ûndergie, mar mei wenning en in slanke, izeren flapbrêge in fraai ensemble foarmet. Noardlik fan de dyk leinen hege feanen en dêr kaam yn ‘e rin fan de 18e ieu as gefolch fan de turfwinning in twadde wenkearn ta ûntwikkeling by de yn 1774 boude tredde slûs yn de Skoatterslânske Kompanjonsfeart.

Oan de wiken dy‘t it fean yngroeven waarden om foar ûntwettering en ferfiers-ynfrastruktuer te soargjen, setten de feanarbeiders har te wenjen yn heidehutten. Dêrtroch waard it gebiet tusken de Binnenweg en de Skoatterslânske Kompanjonsfeart, de saneamde Kompenije, in streek fan sprekwurdlike earmoede. Hjir hat de P.W. Janssen’s Friesche Stichting om 1900 hinne goed wurk dien troch arbeidershuzen en lytse boerespultsjes foar de lânarbeiders te bouwen. Der stean ek noch in pear oan de P.W. Janssenweg by de krusing Luxemburg. Nei de aktiviteiten fan dizze filantropyske stichting namen de wenningbouferienings nei it yngean fan de Wenningwet inisjativen. Ek de spoaren fan de iere organisearre folkshúsfesting waarden geandewei minder. In fraaie rige folkswenten út om-ende-by 1930 stiet noch oan de Belgyske wyk. Oan de Skoatterslânske Kompanjonsfeart is yn de tusken-oarlochske jierren bebouwing ta stân kommen. Oan de súdkant frij sletten bebouwing fan benammen wenhuzen, oan de noardkant losser en mei in tal buorkerijen. Nei de Twadde Wrâldoarloch, doe‘t dizze streek in streekrjochte ferbining mei de Gorredijksterweg krigen hie, binne oan de súdkant fan de streek flinke útwreidings groeid. Dit wie foar in grut part te tankjen oan de wenningbouferiening dy‘t hjir grutte oantallen wenningen boud hat. Yn de Kompanjonsfeart binne dammen lein en mei it omseamjen fan beammen is it al mei al in sfearfolle wengrêft wurden.

Jirnsum is fan oarsprong in ier midsieusk, agrarysk terpdoarp, mar dat karakter hat it alhiel ferlern. It is no in dykdoarp; it doarp is oan ‘e kuier gien.

Yn it lêst fan de 18e ieu, doe‘t de tsjerke noch op de terp stie en de bebouwing op ‘e tsjerkebuorren te finen wie, waard Jirnsum sa beskreaun: “Hier is een needrige buurt, door welke de meergemelde rydweg naar de Schouw loopt, en in het Oosten naby deeze buurt heeft men het algemeene vaarwater der Groote schepen, die van Leeuwarden, door de Lemmer of Stavoren, naar andere Provinciën willen.” It doarp leit westlik fan de Boarn en it hat dêrtroch rjochtstreekse ferbiningen nei alle rjochtingen. It doarp strekte him út by de kant fan de Boarn en de trochgeande rydwei lâns mei bebouwing oan beide kanten. Nei de ferbettering fan de dyk ta ryksstrjitwei yn 1826-1828 waard de bebouwing tichter en koe it doarp him fierder útstrekke. Dêr tuskenyn steane opfallend fraaie boargerhuzen út de desennia om 1900 hinne; de wolstân fan de Jirnsumers is derfan ôf te lêzen.

Yn dit bebouwingslint kamen sa healwei de godshuzen te stean fan de net geringe roomsk-katolike mienskip en de menisten. De fermanje stiet der noch, in ein efter de roailine. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in aardige neoklassicistyske tagongspartij. De roomskkatolike Sint-Michaelstsjerke út 1709 wie uterst sober en is yn 1864 ferfongen troch in neo-goatyske tsjerke dy ‘t oan it noardein fan it doarp kaam te stean en yn 1966 ferfongen is troch de hjoeddeiske tsjerke. Wilens naam de betsjutting fan de Kerkebuert sterk ôf. De midsieuske terptsjerke, wijd oan de Hillige Marcus hie in sealdaktoer en is yn it lêst fan de 19e ieu fanwege (ûnderstelde) boufalligens. De nije tsjerke is, frjemd genôch net wer opnij op ‘e terp boud, mar kaam alhiel oan it súdlike ein fan de streek fan de Rijksweg telâne. It tsjerkhôf bleau, sûnder tsjerke, efter op ‘e tsjerkebuorren. Inkeld de strjitnamme Kerkebuurt is in neitins oan de âlde sitewaasje.

Harich is in skadich komdoarp mei in útstrekkende streek mei fersprate iepen bebouwing, wêryn‘t de buorskippen De Bels, Frisbuorren en Westerend-Harich lizze. Oan de oare kant, tsjin Balk oan, leit ek noch de boerestreek Lorbuorren. It doarp komt yn de 12e ieu foar it earst yn de boarnen foar. It leit op in lange sânrêch, dy‘t by de doarpskom mar krekt boppe de nulline leit, mar by Westerend op in plak hast fjouwer meter heech is. It is de noardlikste sânrêch fan it âlde Gaasterlân, dêr‘t oan de noardkant de leechlizzende feanpolders, de Van der Weavenspolder en de Groote Noordwolder Veenpolder op oanslute. De doarpskearn is om de âlde doarpstsjerke hinne groeid.

Om Harich hinne stiet in tal monumintale buorkerijen. De meast opfallende is Welgelegen, boud yn 1870 nei in ûntwerp fan arsjitekt H. Luiking. De pleats hat in yn de breedte boud deftich foarein yn in dekorative mingstyl mei in ferhege middenpartij mei balkon op kolommen fan getten izer. Welgelegen leit fraai yn in bocht fan de autodyk om Balk hinne en foarmet in deftich front mei oansjen foar it doarp. Oan de oare kant fan de dyk leit yn de Warren in moderne, yn 1996 boude buorkerij nei it model fan it loutere type fan de kop-hals-romp.

Yn de kearn fan it doarp stiet de tsjerke mei toer op in heech, mei beammen omseame hôf. De toer fan bakstien datearret nei alle gedachten al út de 12e ieu, mar letter is de romp ferhege en de bakstiennen spits – in seldsumheid – is der wierskynlik yn 1603 op set. Yn de toer hingje twa klokken, getten troch Petrus Overney yn de twadde helte fan de 17e ieu. De tsjerke is opnij boud yn 1663, sa is te lêzen op in opskrift fan de omliste yngongspartij; it is bard nei in stoarm. It ynterieur hat in 17e-ieuske kânsel en in moarmeren grêfmonumint fan Ulbo Aylva Rengers en syn frou. Alhiel yn it suden waard lange tiid op Maria Himelfeart, 15 augustus, de Wyldemerk hâlden, in ferneamde fee- en hynstemerk.

Hantumhuzen is in fan Hantum út ûntwikkele, frij jonge terpedelsetting dy’t pas yn de folle Midsieuwen stichte is. De terp is amper merkber om’t dizze yn 1891 gruttendiels ôfgroeven is en tsjintwurdich romte biedt oan in rjochthoekich patroan fan strjitten en paden. Der stie eartiids in oantal aadlike wenhuzen yn de omkriten dy’t ek allegear wer ferdwûn binne. Nei de oarloch is der wat nije bebouwing oan de noardkant fan it doarp kaam: sels wat folkshúsfesting oan de Kamphuisstrjitte. Eastlik fan it doarp stiet no op it omgrêfte terrein fan Poptastate in monumintale let-18e-ieuske kop-hals-romppleats. Tusken kop en hals yn is in âlde stinsmuorre hanthavene.

De grifformearde tsjerke stiet oan de Hantumerhoeke, in buertsje dat tusken dit doarp en Hantumerútbuorren groeid is (sjoch ek by dat doarp). Tsjerke en toer lykje bûten it doarpsweefsel te stean, eastlik fan de trochgeande dyk. De mânske tsjerketoer is it âldste. Hy sil om-ende-by it jier 1200 ferriisd wêze. De toer hat in oerwulve begeane grûn en hy draacht in liedklok út 1616. Yn de earste helte fan de 13e ieu is de ienbeukige, oan Sint-Anna wijde tsjerke boud. Se is ien fan de fraaiste eksimplaren yn romanogoatyske styl fan Fryslân. Der kin foaral geniete wurde fan en troch de robúste kraalprofilen dy’t sawol de lisenen, de muorredamen, begeliede as ek de omlisting fan de rûnbôgefinsters omfetsje. Ek de nissen kenne dizze omrâning en boppedat binne se fold mei mitsele mozayk. Om 1335 hinne binne de oarspronklike ferwulven ferfongen troch twa koepelferwulven mei licht spitsbôgige skied- en gurdlebôgen dy’t op pylders en ynwindige muorredamen rêste. Skildere ferwulfribben en sirkels fan siermitselwurk jouwe mei elkoar in besûndere sfear oan it ynterieur. In fraaie rococo preekstoel, in lyts, mar och sa’n moai fyn sânstiennen epitaaf foar Pybo van Eminga en frou yn iere renêssânsefoarmen binne fraaie eleminten. De koarpartij is yn de 18e ieu tafoege en dizze is by de restauraasje yn 1942 oanpast yn romanogoatyske styl, as hie er der altyd sitten. Doedestiids binne mear details in dizze sin ‘ferbettere’ wêrtroch’t der histoarysk net in folslein earlik byld mear jûn wurdt.

Hantumerútbuorren is administratyf in doarp, mar der hat him abslút gjin komfoarming foardien. Der hat nea in tsjerke stien en de bern wienen foar it ûnderwiis ek oanwiisd op omlizzende doarpen. Dôchs waard Hantumerútbuorren al ieuwen lyn meld as in selsstannige mienskip. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 wurdt skreaun: “De zogenoemde Hantumer Uitburen bestaat uit eene verzameling van verstrooide buurten, met name Raard, Bierum, Medent, Germerhuizen en Nyenhuis, die te samen genomen 13 stemgerechtigde plaatsen bevatten. Nyenhuis ligt aan de Peazens, en van Medent loopt derwaarts eene uitwatering; doch de overige liggen aan den Rydweg.” Nijhûs leit alhiel yn it easten by de wetterloop de Peazens en tsjin de eardere gritenijgrins oan. By Bierum, no in stikmannich pleatsen oan de syddyk fan de Fennewei, stiet ien fan de boerepleatsen op in hústerp en by Raard, Raarderterp of Rhoodeterp by de yn 1853 bepune Dokkumerwei stean de pleatsen op hústerpen en dêr is noch in radiaal patroan yn it lânskip werom te finen. Medent (ek Miedent) leit wer súdliker en bestiet út twa boerepleatsen Groot en Klein Medent.

Hantumerútbuorren is in archipel fan groepkes hiele lytse agraryske delsettingen bleaun. Allinne by de Hantumerhoeke, de krusing fan wegen tusken Hantum, Hantumhuzen en Bierum, is wat wenningbou útgroeid ta in buertsje. Dit tichteby in yn it begjin fan de 20e ieu boude grifformearde tsjerke, in tradisjonele sealtsjerke mei in toer mei ynsnuorre spits, en in frij moderne skoalle. By de âlde boerepleatsen fan Bierum binne resint in pear moderne wenningen boud.

It terpdoarp Furdgum leit noardeastlik fan Tsjummearum en is alhiel op it grutte buordoarp oriïntearre. Furdgum leit op in noardliker kwelderwâl dan dy fan it buordoarp: in koarte wâl, mei ienris in rige oan lytse hústerpen It lei mar oardel kilometer fan de Griene Dyk ôf en lei dus foar de ynpoldering fan it Bilt yn de noardeastlike úthoeke fan Westergoa. Yn dy hoeke is de buert Dykshoeke ûntstien, mei ek in herberch mei in soad oanrin. Yn de omjouwing binne de hege lannen tige geskikt foar lânbou, mar wurde ek brûkt foar de feehâlderij.

De toer fan de yn 1794 sloopte tsjerke stiet op de diels ôfgroeven terp. De toer datearret wierskynlik út de 13e ieu en is oplutsen fan kleastermoppen. Mei de restauraasje yn 1921 krige hy, nei in foarbyld fan in âlde tekening, in nije, sierlike bekroaning mei in klimmende bôgefries.

It lytse Furdgum, dat no bestiet út twa lytse buerten fan wenningen en inkele grutte boerepleatsen, koe eartiids bôgje op trije staten: Camstra, Jelgersma en Klein Folta. Dy binne ferdwûn; dêrfoar yn it plak binne bourkerijen kommen. Fan Camstrastate binne noch belangrike spoaren te finen yn in grut boerebedriuw, dat in molkefeehâlderij en tagelyk in lânboubedriuw is. Oarspronklik stie op dit plak de state, stichte yn de earste helte fan de 16e ieu en gruttendiels sloopt yn de 18e ieu. Kelder en opkeamer binne noch diels bewarre yn de foarein en dêr stiet in pronkje fan in skou. Op de hurdsteestiennen mei portretten fan Keizer Karel V stiet it jiertal 1561 en de skou sels kin net fan folle letter datum wêze. Dizze âldste dokumintearre renêssânse skou fan Fryslân is ienfâldich, mar ferfine: pilasters op de baseleminten oan de sydkanten en in brede kroanlist mei wapenskylden. Dizze ha lange tiid ûnder aardich wat fervelagen ferskûle sitten, mar by restauraasje kamen ûnder kalk- en fervelagen perfekte wapens foar it ljocht: oan de lofterkant dy fan Schwarzenberg en Herbelstadt en rjochts Walta en Roorda.

Blessum is in terpdoarp dat yn de betide Midsieuwen ûntstien is westlik fan de Middelsee. It doarp is troch de Blessumer Feart nei it noarden ta ûntsletten rjochting Harnzer Trekfeart, no Van Harinxmakanaal. Oer de dyk koe en kin it doarp allinne fan it easten út oer de Blessumer Feart berikt wurde.

Yn de moderne tiid is de isolearre en dus rêstige lizzing fan it doarp sterker wurden. Yn it noarden is yn 1863 it spoar Ljouwert-Harns oanlein en yn it lêste part fan de 20e ieu, eastlik fan it doarp, de Westergoawei mei ferkearspleinen.

By Blessum ha yn it ferline twa staten stien. Oan de súdkant de yn de 18e ieu ôfbrutsen Wissemastate, wêr ‘t de stinzepoarte fan oant 1809 noch bestie. Oan de westkant fan Blessum stie de 15e-ieuwske Ringiastate, in state yn de foarm fan in represintative buorkerij. Ek dizze state waard sloopt. Op beide plakken fan dizze staten binne nije pleatsen ferriisd. Op it terrein fan Ringiastate barde dat yn1823. Oan de kant fan de Buorren is in âld oantinken oan de state bewarre bleaun. It binne homeiepeallen út it begjin fan de 18e ieu. De fjouwerkante pylders binne cannelearre, mei groeven en se drage byldhoude fazen yn barokke foarmen. De skildereftige Buorren hat in seame fan linebeammen kend, dy ‘t letter ferfongen binne troch oare beammen, mar om it tsjerkhôf hinne steane se noch wol.

De oan Maria wijde tsjerke datearret gruttendiels út de 14e ieu. Dat is te sjen oan de noardmuorre mei betiid-goatyske spitsbôgefinsters en it koar mei in trijekantige sluting. De tsjerke is om 1500 hinne fernijd en doe kaam der in yngong mei in omlisting fan siermitselwurk, ferdraaide kolonetten en in lytse byltenis. De súdlike gevel is gruttendiels fernijd en foarsjoen fan grutte rûnbôgefinsters. De kloeke toer hat wierskynlik noch in kearn út de 13e of it begin fan de 14e ieu. Hy krige yn 1879 in ommitseling en der waard in ynsnuorre spits op oanbrocht. Yn it ynterieur falle de skildere draperieën om it oargelfront hinne op. It evenwichtige tsjerkemeubilêr is út de 19e ieu.

Wytgaard is in streekdoarp oan de Hegedyk, de âlde dyk fan de Middelsee. It is nei de herfoarming yn de rin fan de 17e ieu stadichoan as delsetting groeid, as enklave fan minsken út de omjouwing dy’t it âlde roomske geloof trou bleaun binne. Wytgaard wie oarspronklik in buorskip fan Wurdum, it belangrykste doarp út it súdlikste part fan de gritenij Ljouwerteradiel. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 wurdt it sa beskreaun: ‘De buurte Wytgaard, behoorende onder de Parochie van Wirdum, is een aanmerkelyke dubbele regel huizen, gelegen aan den breeden rydweg naar Leeuwarden, weleer de oostelyke zeedyk der Middelzee.’

Dizze dûbele buert oan de dyk dy’t yn 1827 ta ryksstrjitwei ferbettere waard, bestiet noch altyd as kearn fan it doarp. Dan stiet der fan âlds noch wat bebouwing oan de Púndyk, de âlde dyk nei Wurdum.

Even noardlik fan de krusing waard yn 1870 in neogoatyske tsjerke boud, de Onze Lieve Vrouw ten hemelopneming. It ûntwerp is fan de belangrykste arsjitekt fan dizze karakteristike triomfalistyske roomske styl: Petrus Cuypers. Yn de perioade fan algemiene fernijing is de monumintale tsjerke sloopt (1966). Westlik fan dizze streek waard in moderne, blokfoarmige tsjerke mei in toerpiloan del setten en dêr kaam om it gêrsplein fan de nije tsjerke wenningbou ta stân. Oan dy kant binne der yn de ôfrûne tsientallen jierren noch in stik as wat nije strjitten mei huzen boud. Wytgaard is in streekdoarp mei in nijbouwyk.

Yn de deunbije omjouwing fan it doarp binne in pear monumintale buorkerijen te finen. In jonge, in stjelp út 1923, is in ekspresjonistyske art dekostyl boud tusken de súdkant fan it doarp yn en de buert Baardbuorren. Fierder lizze der moaie buorkerijen om it doarp hinne. Oan de Fopma’s Reed in kop-hals-romp-pleats mei in foarhûs út 1760. Oan de Hegedyk in selde type út ûngefear 1840 en oan de Brédyk in stjelpbuorkerij út sawat 1830 mei in stúkadoare front: Oenemastate. Is Wytgaard oarspronklik in buert fan Wurdum, súdlik hat it doarp sels ek in buorskip: Baardbuorren.

It terpdoarp Weidum lei fanâlds oan de sydkant fan de Hegedyk. It doarp wie troch de Weidumer Feart ferbûn mei de Jaanfeart en dêrmei mei alle wynstreken. Der stienen oant de 19e ieu ta in tal staten yn Weidum en yn de omjouwing. Yn 1898 is de lêste, Dekemastate, sloopt.

Weidum bleau wol wat deftich en it wie oant 1900 it haadplak fan de gritenij en letter de gemeente. Weidum wie mei twa âlde paden, dy’t stadich ferskillend boud rekke binne ta strjitten, ferbûn mei de Hegedyk, de dyk fan de eardere Middelsee. Oan de Hegedyk kaam bebouwing fan wenningen fan meast it notabele type. Tusken de ferbiningsstrjitten bleau in langwerpich kamp ûnbeboud, in karakteristike iepenheid fan it doarp, te mear omdat dy yn de âlde kearn even westliker foartset wurdt mei it troch ferskate soarten hûzen omseame wrydske keatsfjild.

Der steane in protte brede notabele wenten mei middengong, mar der binne ek ienfâldige hûzen te finen. De âlde tsjerke stiet op’ e terprest as in histoarysk setstik. Oan de westlike doarpsrâne lizze twa monumintale buorkerijen: Bumaleen en Papingastate.

Nei de oarloch is it doarp oan de noardkant flakby de Weidumer Feart mei foaral folksbou útwreide. Letter is yn it súdwestlike kwartier rjochting Hegedyk nijbou kommen, noardlik fan it doarp by de Wielstersyl is yn 1893 de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek De Takomst stichte.

Nei sluting kaam der in eksportbedriuw fan tsiis.

De Johannestsjerke wurdt ta de moaiste fan de provinsje rekkene. De slanke toer fan dowestien moat fan ûngefear 1100 wêze. De tsjerke is yn de romano-gotyske styl oplutsen. De finsters ha kraalprofilen en tusken de finsters binne nissen mei sierpleisterwurk. Yn de muorren binne letter gruttere finsters brutsen en oan it ein fan de 15e ieu binne de yngongspartijen fernijd: de noardlike waard korfbôgefoarmich, de súdlike waard dutsen troch in spitsbôge. By dizze ferbouwing binne de âlde stiennen ferwulven ferfongen troch in houten tonferwulf. De geve ynrjochting datearret út de twadde helte fan de 17e ieu.

Raerd is in terpdoarp en dat is goed te fernimmen. De Buorren en it Kleaster, mei goeddiels sletten bebouwing fan fariearde huzen, lizze prachtich om de foet fan de hege tsjerketerp hinne. De lege wenningen mei hege kapen foarmje in boeiend romtlik ritme.

Westlik fan de tsjerke is yn 1940 it troch arsjitekt Piet de Vries ûntwurpen gemeentehûs fan Raerderhim boud. Tsjin de sydgevel fan dit eardere gemeentehûs oer stiet it fraaie, 19e-ieuske bepleistere pân fan de pastorije dat letter doarpskafee waard. It gebou is yn 2002-2003 restaurearre en útwreide ta doarpshûs.

De tsjerke út 1814 is in ienfâldige sealtsjerke fan brune mangaanstien dy’t fan bûten de ynwindige rykdom net sjen lit. Dêr is meubilêr út de 18e ieu te bewûnderjen. Fierders fersierde roubuorden en fjouwer ryk bewurke sarken foar de famyljes Jongema en Eysinga, adel dy’t it yn dizze gritenij ieuwen te sizzen hie. De hege toer hat in wichtige silhûetfunksje.

It doarp leit tichteby de wâlskant fan de eardere Middelsee. Dêr mûne de Mûzel yn út. Dat rivierke rint no fan Grou ôf skildereftich meänderjend troch it lânskip om krekt by de kearn fan Raerd dea te rinnen. Boppedat leit it doarp tichteby it begjin (of it ein) fan de Slachtedyk, in midsieuske binnedyk. De foarnaamste tagongsdyk, de Slotsdyk, waard nei 1900 in favoryt plak foar rinteniers om harren filla’s te bouwen. Inkele binne boud yn de sjarmante, ‘stedske’ fernijingsstyl.

Westlik fan de Slotsdyk leit it ‘Raerderbosk’ in troch it Fryske Gea beheard parkgebiet mei âlde beammen. It is it terrein fan Jongemastate, in aadlike wenning dy’t yn 1515 ferwoeste is. It beskieden bûtenhûs dat dêr yn letter tiid stie, is yn it begjin fan de tweintichste ieu sloopt. De stinzepoarte út 1603 foarmet no noch de monumintale tagongspartij. Yn it bosk bloeie yn de iere maitiid stinzeplanten en der hâlde flinke koloanjes reagers en roeken ta.

It komdoarp Easterwierrum leit net sa fier fan de belangrike wetter-ferkearsier de Swette ôf. In eintsje bûten it doarp stiet in iensume toer. Easterwierrum wie in terpdoarp sûnder in echte tsjerkebuorren, mar mei wat losse agraryske bebouwing.

Dizze Tsjerkebuorren leit 600 meter noardlik fan it Easterwierrum fan no ôf. De terp is ôfgroeven ta in rûn eilân en is tsjin ôfbrokkeljen beskerme troch in kearmuorre fan giele stien. Om It tsjerkhôf hinne in tichte seame fan beammen. De tsjerke is yn 1905 ôfbrutsen en de toer – fan healwei 1200 - bleau, as wachter oer de deaden. De toer is oplutsen fan benammen giele kleastermoppen. Der sitte in pear lytse rûnbôgefinsters yn en rûnbôgige galmgatten yn pearen. De toer hat in mei laaien dutsen ynsnuorre achtkantige spits. De kearn fan Easterwierrum is geandewei de 18e en de 19e ieu yn súdlike rjochting opskood de kant út fan de Easterwierrumer Aldfeart, de saneamde Brêgebuorren, dy ‘t mei in opfeart in ûntsluting yn ‘e rjochting fan de Swette hat. De buert waard nei in âlde state of zathe eartiids ek wol Vogelzang neamd. Begjin 18e ieu wie dêr al wat bebouwing, sa as op de hoeke in herberch en ek yn it noarden in roomsk-katolyk tsjerkje. De groei kaam der krekt yn yn de earste helte fan de 19e ieu. De kearn hat in krúsfoarmige plattegrûn mei de Slachtedyk en de feart as struktuerbepalers. Yn it noardwestlike kwart leit in iepen romte. Dêr is resint in soarte fan doarpshaven mei rekreative oanlisplakken kreëarre. Yn ‘e buert fan it krúspunt fynt men de âldste, gruttendiels 19e-ieuske, fariearde bebouwing.

Oan de noardwestlike râne steane in dekoratyf oanpakte pastorije út 1876 mei in oanboud kategisaasjelokaal. Wat efterôf stiet de lytse herfoarme tsjerke út 1911, ûntwurpen troch H. Gros en soan, boukundigen út Ljouwert. It ienfâldige tsjerkje hat in toer mei ynsnuorre nullespits. De roomsk-katolike tsjerke stiet oan ‘e oare kant fan it doarp. De Sint-Wirotsjerke is yn 1926 boud nei in ûntwerp fan Wolter te Riele yn in freonlik eagjende neogotyske styl.

It terpdoarp Dearsum leit oan de súdeastlike dyk fan de eardere Middelsee. It is in âld terpdoarp alhoewol ‘t dêr net folle fan te fernimmen is; lykwols binne der hjir en yn de omjouwing argeologyske fynsten dien, dy ‘t datearje fan foar it begjin fan de jiertelling. Nei ‘t de Middelsee oan- en tichtslike wie kamen der flinke stikken nijlân by it doarp.

De terp fan Dearsum en de oan beide kanten beboude buert mei in soad grien, dy ‘t nei it suden ta rint, stiet skean op de âlde wetterkearing. Dearsum hat in betreklik losse bebouwing fan benammen huzen mei foartunen – mei op de hoeke in brede notabele wenning – en in pear pleatsen. Tsjin de tsjerke en pastorije oer hat him, ticht op ‘e dyk, in oanien sletten buertsje foarme. De pastorije stiet yn in royale tún; in breed bouwurk mei neoklassicistyske kenmerken foar de perioade fan koart nei it midden fan de 19e ieu. It hûs hat fleugels en in hege middenpartij mei in djippe tagongsportyk en in frontonfoarmige bekroaning.

Nei ‘t de âlde middelseedyk bepune wie ta in rydwei fan Snits nei Ljouwert, hat it doarp him amper by dy nije ferkearsier lâns ûntwikkele. Op de hoeke kaam wol in herberch. Letter waard dizze útspanning in kafee, ytkafee en no is it in restaurant. Súdwestlik fan de krusing leit in buertsje fan inkele huzen en in stjelpbuorkerij en noardlik noch wat losse bebouwing. Dearsum is al mear as in ieu ferneamd om syn feefokkerij.

De tsjerke, wijd oan Sint Pieter, stiet op in hôf mei hikken en hagen en wat bebouwing deromhinne. It bouwurk hat romaanske karaktertrekken, foaral oan de noardkant. It rûnsletten koar is de belangrykste oanwizing om de tsjerke, oplutsen fan ferskillende soarten reade stien, op om-ende-by 1200 te datearjen. De sydmuorre hat foaral goatyske kenmerken mei brede spitsbôgefinsters. De slanke, karakteristike sealdaktoer siet foar de westgevel en hat oan alle kanten twa rûnbôgige galmgatten en op de geveltuten betreklik hege pinakels.

Nei de reedriderssuksessen fan doarpsgenoat Ids Postma is Dearsum mei ûngefear 150 ynwenners, sa ‘n bytsje wrâldferneamd wurden. Lofts fan de iennichste en ek noch dearinnende dyk stiet in brede ein-19e –ieuske wenning, dêr ‘t de Fryske dichter Douwe Kalma opgroeid is.

Boksum is in terpdoarp dat op in wâl by de Middelsee inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. De hege terp hat in dúdlike radiale struktuer.

Yn 1869 is de terp oan de noardwestkant ôfgroeven. Dêr by lâns leit no de drokke Westergoawei. Oan de beboude doarpskant is it oansicht fan de terp noch alhiel yn takt. Foar it oare trijefearn is sels de ringwei om de soal fan de terp oer it Blessumerpaad, de Oedsmawei en de Bourren der noch. Troch in ôfwikseling fan in sletten en healiepen bebouwing en sels mei wat kampkes lân, is dizze terp mei alderhande trochsichtsjes goed te erfaren. Boppedat helpt de pleats, mei de skuorre rjochte nei de ringwei ta, om de neitins op te roppen oan de mingde funksjes.

By Boksum hat yn it begjin fan de Tachtichjierrige oarloch de lêste slach fan dizze striid plakfûn, wêrby ‘t it bloed ryklik floeide. Yn 1586 ferlearen de Fryske troepen de slach fan de Spaanske soldaten. Dizze koene sa ticht by de haadstêd komme omdat alle sleatten en fearten beferzen wienen. De Spanjerts hienen nei de slach by Boksum in frije trochtocht nei Ljouwert hân, as it doe net teiwaar waard.

En oft dêr nea wat bard is steane der mear as in ieu âlde lielinebeammen om it tsjerkhôf hinne. Dêr riist de Margaretatsjerke op. De âldste dielen fan it skip datearje fan om-ende-by 1100 en binne boud fan dowestien. Yn it muorrewurk sjocht men spoaren fan romaanske rûnbôgefinsters. Om 1300 hinne is de tsjerke útwreide mei kleastermoppen en foarsjoen fan betiid-goatyske spitsbôgefinsters. Nei de tiid is de tsjerke noch in pear kear fernijd en kaam der in koar mei in fiifkantige sluting. De fjouwerkante bakstiennen toer mei ynsnuorre spits is nochal wat jonger: yn 1842 stoarte de âlde sealdaktoer yn en it jier dêrnei waard de toer opnij boud, wêr ‘t de âlde stiennen wer foar brûkt waarden. Yn 1879 is de toer nochris omklaaid, sa as stiet te lêzen op de tinkstien yn de súdmuorre fan de toer.

It terpdoarp Boazum leit tusken de âlde Slachtedyk en de spoarbaan út 1883. Boazum is in middelgrut, kompakt en sfearfol doarp. It hat in moaie kolleksje notabele wenningen en in tradisjoneel doarpskafee. De huzen steane diels ferspraat om de doarpsterp hinne, mar ek rjochte by de noardeastlike útfalsdyk lâns. Dat is de Hegedyk dy ‘t foar in part Waltadyk neamd is en dêr ‘t ek it eardere skoallegebou en it ferboude doleânsjetsjerkje stean. Op de hoeke fan de Tanialeane stiet yn in romme tún in karakteristike notabele wenning út 1846.

De Hegedyk liket der al ieuwen te lizzen, mar is krekt yn it lêst fan de 19e ieu oanlein. De tsjerke is besûnder situearre oan de noardlike râne fan de doarpskearn efter in mei grien omfieme binneplein dat fan de trochgeande dyk neist de eardere doarpsskoalle ôf te berikken is troch in strjitsje mei oan beide kanten in sletten, skildereftige bebouwing. Njonken de tsjerke leit in flink grutte dobbe en eastliker bestiet de bebouwing út frijsteande huzen en in kop-hals-romppleats. It liket wol of ‘t dy hjir sûnder doel telâne kommen binne.

It tsjerkegebou is yn de twadde helte fan de 12e ieu yn ienfâldige romaanske styl fan dowestien boud. De sealdaktoer fan bakstien is in stik jonger. Hy hat twa rigen galmgatten boppe mekoar; hy is dus nei de bou noch ris in kear ferhege. Nei it skip sûnder fersierings mei lytse rûnbôgefinsters folget it nochal wat ynspringende koar. De faksinearjende oerwulving fan de koarsluting is it bêste yn de tsjerke te ûnderfinen; in prachtich detaillearre koepelferwulf. De bakstiennen rûnstaafribben hawwe steun fan kolonetten fan rôze sânstien en binne libbendich, yn ferskate kleurige patroanen dekorearre. Ek de finsters fan it koar wurde fraai flankearre troch kolonetten mei ringen fan rôze sânstien. Op de sluting fan it ferwulf sit in 13e-ieusk e skildering: de Kristusfiguer troant dêr mei fjouwer symboalen fan de evangelisten. Kristus hat op dizze ôfbylding gjin burd; de foarstelling giet werom nei gâns wat âldere Kristusfoarstellingen dan dy út de 13e ieu. Útsein dizze seldsume ferwulfskilderingen is der yn de tsjerke in opmerklike samling sarken út de iere renêssânsetiid.

Steggerda is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenwei fan Oldemarkt nei Noardwâlde, in delsettingsas wêr’t ek Blesdike, Pepergea en Finkegea oan ûntstien binne. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus blykt, dat it doarp út ferskate dielen bestiet. It westen, de Oerbuorren, leit oan in eigen paad frij fier súdlik fan de Binnenwei. Y it midden is der aardich wat bebouwing by de krusing fan de dyk en de feart – de om 1608 hinne groeven Steggerda Feart – nei de Linde en yn it easten leit noardlik fan de dyk in lange strook bebouwing oant by it doarpsgebiet fan Finkegea. Boppedat rint súdliker noch de Boppewei, wêr’ t tsjintwurdich noch mar inkele fragminten fan oer binne.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ten Westen van ’t voorige Vinkega aan denzelfden vermaaklyken rydweg, heeft ten Zuiden goede bouwlanden, en ten Noorden naar de Linde toe, eerst eenige bouw- en weilanden, en vervolgens, naby gemelden stroom, hooilanden. De Kerk, zonder toren, staat een weinig ten Noorden vry eenzaam, en ten Westen van dezelve loopt uit de Linde de Steggerder Sloot naar de Veenen; doch dewyl hier geen turf van eenig belang meer gegraaven wordt, is deeze Sloot ook niet meer vaarbaar. Steggerder buuren waardoor de gemelde Kerkweg loopt, ligt aan deeze Sloot, vermaaklyk in ’t geboomte; vindende men nog eene andere buurt, de Overbuuren genaamd, ten Zuiden van den Buitenweg, insgelyks in ’t geboomte.”

Op de kaart fan Eekhoff blykt der yn 1850 net folle feroare. Wol stiet yn Oerbuorren in roomsk tsjerkje wêr’t it lytse tsjerkhou út 1839 noch fan oer is. Eastlik fan de feart stiet de herfoarme tsjerke yn it beammeguod. De tsjerke is fan 1739, mar dat is net te merken, omdat se yn 1903 ommitsele is en sterk feroare is nei ûntwerp fan B.Rouwkema. Yn 1922 kaam oan de Binnewei nei ûntwerp fan Wolter te Riele in nije roomske tsjerke: in neogoatyske krústsjerke mei in achtkantige fieringtoer.

Sonnegea is in streekdoarp fan midsieuske komôf oan de Middelweg (tsjintwurdich Sonnegeawei) daliks westlik fan Wolvegea. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is it in flinke lange streek mei oan de noardkant fan de dyk de bebouwing, inkele perselen bosk en boulân. Oan de súdkant is it allegearre boulân. De wegen en paden binne mei beammen omseame. Yn it midden, by in lytse knik yn’ e dyk, is de tsjerke boud. Krekt bûten it doarp stiet in molen tichtby de Boppewei.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ‘een aangenaam Dorp, ten Westen van Wolvega aan den Middelweg naar Oude Tryne, langs welken de huizen zeer vermaaklyk in ’t geboomte liggen. Weleer was hier ook eene Kerk met een klein spits torentje, doch dezelve is al voor veele jaaren afgebroken; zynde echter de School, ’t Klokhuis met de Klok en ’t Kerkhof nog in weezen. Nader by Wolvega, aan den Buitenweg, was voor deezen ook nog een oud Kerkhof bekend, ’t welk tot Sonnega behoorde; doch reeds voor langen tyd in een bouwkamp is veranderd.’

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is it âlde tsjerkhou fan Sonnegea oan de Boppewei (tsjintwurdich Pieter Stuyesantwei) oanjûn. De streek is dan behoarlik ticht boud, mar allinne noardlik fan de wei. De Sonnegeawei is no benammen oan dy kant mei in ôfwikseling fan wenningen en pleatsen boud, mar ek oan de oare kant binne gebouwen kommen.

Yn kontrast mei it protte skaad yn it ferline, is it noch altyd besteande tsjerkhou, wat op in ferheging leit, frij keal. De klokkestoel datearret fan sawat 1640 en is om 1920 hinne opknapt. De konstruksje hat in helmdak. Der binne mar in stik as wat grêftekens op it tsjerkhou te finen. Wol leit hjir in restant fan in sark foar Anna Lugtiens dy’t yn 1640 stoar. De eastlike flank fan it doarp is yn de tiid fêstgroeid oan Wolvegea en oan it bedriuweterrein, dat him hieltyd fierder ûntwikkelt. De romtlike belibbing levert sa in grut kontrast op.

Skerpenseel is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen oan de Padsleat ûntstien is. De earste fermelding fan it doarp is fan 1245. Fan it suden ôf, fan Spangea ôf rûn de Padsleat yn in bôge troch de westlike hoeke fan Weststellingwerf om ek de doarpen Skerpenseel, Munnekebuorren en in part fan Aldlemmer te ûntsluten. By de sleat lâns rûn in fuotpaad. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de bebouwing fan it streekdoarp by dizze sleat oanjûn, wylst oan de even westliker lizzende wei, de Grindwei dy’t no de foarnaamste ferkearsferbining foarmet, hast noch gjin bebouwing stiet.

De Tegenwoordige Staat van Friesland wist yn 1788 te melden dat Skerpenseel: ‘even als Spangen, eene Kerk heeft met een spits torentje, en ligt in ’t Noordwesten van gemelde Dorp. De landeryen loopen van de Scheen tot aan de Kuinder, gelyk mede in de zes volgende Dorpen plaats heeft.’ Yn de 19e ieu is der yn de omjouwing in protte turf groeven. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is dat te sjen. Ek it begjin fan de ferskowing fan it doarp yn westlike rjochting nei de Grindwei is te sjen. It doarp bestiet no út oardel kilometer lange, frij konsintrearre lintbebouwing, bebouwing dy’t yn noardlike rjochting minder sletten trochgiet.

Wat súdliker fan it midden stiet eastlik fan de dyk de trijesidige sletten sealtsjerke út 1788, dy’t yn 1860 útwreide is mei in noardlike dwersearm. De trijeledige, libbene detaillearre toer is yn 1879 ûntstien. De kearsrjochte Grindwei yn it doarp hat in frij wikseljende bebouwing mei wol libbene “fersteuringen” fan de roailine. Dêr foarmet de tsjerke in stêdeboukundich hichtepunt yn.

By de ôfslach fan de Pieter Stuyvesantwei nei de súdlike yntree fan it doarp stiet de tinknulle fan Pieter Stuyvesant, waans heit as predikant yn Skerpenseel stie. De ferneamde man is yn it eastliker lizzende doarp Pepergea berne. De tinknulle bestiet út in elegante ioniske pylder op in hege foet mei op de skacht in portretmedaillon fan brûs en as bekroaning in sylskip mei in stik as wat mêsten.

Luxwoude is een streekdorp dat zich pas laat vormde. Op de grietenijkaart van Schotanus uit het begin van de 18de eeuw is het een streekje in de uiterste westelijke punt van Opsterland. Het heeft losse bebouwing langs de wegen en paden naar het noorden: de belangrijke weg door de venen richting Gersloot en Heerenveen. Verder de iets oostelijker lopende Hooiweg naar de ‘Luxter Tinie’, die zich veel later zou ontwikkelen tot de Tijnje.

Aan het einde van de 18de eeuw is het nog steeds klein. De Tegenwoordige Staat van Friesland meldde toen: ‘een klein Dorpje .. op de grenzen van Aengwirden, niet verre van Gersloot, waar onder dit Dorpje in ’t Geestelyke behoort. De landen, die tot dit Dorp behooren, loopen voorby Gersloot in een punt ten einde, op de kaart bekend onder den naam van Luxter Horn, en over dezelve loopt, van den Veenster rydweg, een hooiweg naar Luxter Tinie.’

Het dorp heeft nooit een kerk gehad en hoorde al in de 16de eeuw kerkelijk bij Gersloot in de aangrenzende grietenij Aengwirden. Luxwoude lag op de grens van het laagveen en een halve eeuw later was de omgeving van het dorp door de turfwinning dramatisch veranderd. Op de grietenijkaart van Eekhoff van 1848 liggen ten noorden van het dorp onafzienbare plassen als gevolg van laagveenderij, waarbij alleen de twee genoemde wegen gespaard zijn. De plassen lopen tot voorbij de Tijnje, waar de verveningen in volle gang zijn. Door deze verveningen is het kleine dorp, met in het midden van de 18de eeuw nog geen tien inwoners, sterk gegroeid. Aan het begin van de 19de eeuw wonen er meer dan 300 mensen op de smalle stroken land aan weerszijden van de weg. Langs de Hegedyk, die tegenwoordig door het viaduct in de A7 wordt doorbroken, en langs de Lukster Heawei en De Opslach staan de eenvoudige arbeiders- en burgerwoningen, zonder enig accent. Het lukt zelfs de voormalige onderwijzerswoning midden in het dorp nauwelijks.

Lange tiid hearde de Broek, ek wol de Broekpollen neamd, by Ikkerwâld. Yn 1964 is Broeksterwâld selsstannich wurden. It is in betreklik jong ûntginningsdoarp dat ûntstien is op de ôf- en útfeane grûn. De meast betide fermelding, yn de tiid dat it feangebiet noch net bewenne wie, stiet yn in oarkonde út 1453. Dan is der sprake fan “de wey wr de fean to meckyen ende to halden twischen den Broek ende dae Swetta”, om it paad oer it fean te meitsjen en te ûnderhâlden tusken de Broek en de Swette. Dat binne no Singel, Schwartzenbergenlaan en de Goddeleaze Singel.

It doarp Broeksterwâld leit eastlik fan dizze dyk en bestiet út diels kompakte, mar gruttendiels fersprate bebouwing oan wegen en strjitten yn in rjochthoekich patroan. De spitketen fan de kolonisten binne sûnt it begjin fan de 20e ieu ferfongen troch stiennen huzen en buorkerijen.

Tusken 1917 en 1920 hat de wenningstichting Patrimonium oan de Willemstraat, Patrimoniumweg en Broekpollen wenningen en in winkel boud om dizze ûntwikkeling te stimulearjen. De rigele oan de Willemstraat foarmet noch in geve delsetting. De huzen bestean út in foarhûs en in oankape skuorke foar feestalling en it opslaan fan lânbou- produkten. De wenningen steane dan ek op rombemjitten kampen lân.

Op de krusing fan de Schwartzenberglaan en de Falomster Feart stie it “Goddeloaze Tolhús”, dúdlik sa neamd omdat it sa ‘n ein út ‘e bewenne wrâld lei. Letter kaam dêr in nije brêge as ferbining tusken de ferskate fytsrûtes. De súdlike pleats “It Goddeloas Tolhûs” is in ynformaasjesintrum fan Staatsbosbeheer oer de natoerewearden fan de omjouwing en mei namme fan it westlik lizzende Houtwiel. Yn it lânskip stean twa achtkante polder-mûnen, de Broekstermûne út 1876 en de Grutte Mûne út 1880. Westlik fan Broeksterwâld stiet oan de Singel tichteby de wetterrin de Lyts in fan giele stien boud asymmetrysk tinkstik oan de alderearste dopelingen yn Nederlân fan de Kerk van Jezus Christus van de Heiligen der Laatste Dagen.

Appelskea is in grut doarp dat as in beskieden agraryske delsetting op in sânrêch ticht by de heechfeanen, nei alle gedachten al yn de 11e ieu bestie. Yn de âldste streek stie in tal pleatsen om in soarte fan brink hinne, de hjoeddeiske Boerenstreek, yn it ferline ek wol Hoog-Appelscha neamd. Oan wjerskanten leinen de ikkers, de Oosteres en de Westeres. Sa ‘n twa kilometer westliker lei it buorskip Terwischa, dêr ‘t ek de tsjerke stie, en wat mear nei it suden ta Aekinga.

De tsjerke fan Terwischa is yn de 14e of 15e ieu boud. It wie in mânske letGoatyske sealtsjerke mei brede spitsbôgefinsters en steunbearen, in trijekantige koarsluting, mar net mei in toer. De tsjerke wie yn 1903 sa boufallich wurden dat it gebou doe troch in nije tsjerke ferfongen is. Dit is in tige ynbannige, rjochtsletten sealtsjerke wurden, ek wer sûnder toer. Op it hôf stiet in klokkestoel mei in skylddak. Johan Bomen hat de klok getten yn 1435. Dizze agraryske streken krigen yn de rin fan de 19e ieu de namme Oud Appelscha omdat doedestiids nei it easten ta yn rap tempo in nije streek mei in gâns oar karakter fan de grûn kaam. De ferfeaningen foarderen fan it noardwesten út begjin fan de ieu ek yn it súdeasten fan Eaststellingwerf. It graven fan de kjersrjochte Kompanjonsfeart wie fan Feanekoaten by Easterwâlde ôf yn 1828 oant foarby Appelskea foardere. Der wienen in soad wiken (sydkanaaltsjes) it fean yngroeven.

Oan de noard- en súdkant fan it kanaal kamen it 7e of Stokers Ferlaat, it 8e of Boppeste Ferlaat en by de 7e slûs waard yn 1818 ek noch in brêge slein. Oan beide kanten fan de feart kaam al gau wenningbou. Dat gie wol neffens de regels dy’t de hearen Kompanjons foarskreaunen. Der waarden boustroken oanwiisd en de stiennen huzen moasten op syn minst 300 gûne kostje. Yn de perioade fan 1838 oant 1844 ta waarden der leafst 63 wenningen boud. Yn 1848 bouden de Kompanjons by it 8e Ferlaat foar harsels in grut hûs, Augustinusstate. De state bestiet noch, mar is ferboud ta pensjon. Op de kaart fan Eaststellingwerf yn de Eekhoff-atlas kin men sjen dat de bebouwing fan dit Nieuw-Appelscha dat fan it âlde doarp fier te boppe giet. Der stiet dan ek al healwei de nije bebouwing en oan de súdkant fan de feart in tsjerke. Dizze is yn 1869 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke; in oerdwers pleatste sealtsjerke mei grutte rûnbôgefinsters en in skylddak mei in nei foaren útspringende middenfleugel wêr’t in toer mei listwurk mei ynsnuorre nullespits yn opnommen is. De tsjerke is boud nei in ûntwerp fan F.W. Scheenstra.

De Wite Wyk leit yn it ferlingde fan de Kompanjonsfeart. De Appelskeaster Feart brocht yn 1894 de wetterferbining mei de Drentse Hoofdvaart by Smilde ta stân. De ferfeaningsaktiviteiten waarden al gau hurd minder; ferfeane fjilden waarden wer yn kultuer brocht.

Súdwestlik fan it doarp wie men yn 1880 begûn mei it oanplantsjen fan bosken. Yn 1856 waard de dyk by de Appelskeaster Feart lâns oanlein. Der kamen wenningen, loazjeminten (kafee Diligenta, 1863), skoallen (fan 1831 ôf) en in suvelfabryk (1894 oan ‘e noardkant fan de feart). Alles barde oan beide kanten fan de feart en sa ûntstie der in doarp by de feart lâns fan sa ‘n twa en in heale kilometer lang en nei de knik rjochting Drinte kaam der ek noch in streek fan twa kilometer mei lossere bebouwing.

Fan de tweintiger jierren ôf ûntduts men de bosken en de sânferstowings as oarden foar rekreaasje en toerisme. Yn 1922 waard yn de bosken in sanatoarium stichte, it lettere Beatrixoord en yn 1930 kaam der in jongesynternaat (no jeugdherberch) Ús Blau Hiem. Op de Bosberch waard in útsichttoer delsetten en der kamen in iepenloftteater en in natuerswimbad (1934) . Letter binne der in pretpark mei in miniatuerpark en oare rekreative foarsjennings ûntwikkele. Foar de oarloch waard der njonken de feart en njonken oare wegen en paden boud, de Oosterse Es, de Bosweg en de Drentse weg. Nei de oarloch waard de trijehoek tusken de feart en de Oosterse Es yn, ek beboud. Fan de jierren santich ôf is it noardwestlike Steegde-kwartier ûntwikkele. Sûnt koart wurde ek nijbouwiken noardlik fan de feart sichtber.

It terpdoarp Bears leit in ein it lân yn en wie earder foaral ûntsletten troch de Jaanfeart, dy ‘t yn in bôge troch de greiden rint. No is Bears fan de eardere Middelseedyk ôf, de Hegedyk, mei twa smelle diken ûntsletten. Hjirtroch krige it doarp in U-foarm.

By de krusing fan de Hegedyk leit in ienfâldich buorrentsje oan beide kanten fan de noardlike earm fan de Bearsterdyk. Nei de kearn ta stean in pear flinke pleatsen en nei de bocht ta in rige, meast frij lege, frijsteande huzen, allinne oan de westkant.

Ek by de oare earm stiet wat bebouwing. Op ‘e hoeke, by in sydpaad stiet d ‘Âld Skoalle fan 1865, dy ‘t yn 1922 noch ris ferboud is en no tsjinnet as doarpshûs. It paad fiert nei de stinzepoarte fan Uniastate. De state is healwei de 19e ieu sloopt en yn 1998 op in eigensinnige wize rekonstruearre. Uniastate wie in L-foarmich gebou mei in slanke treptoer yn de oksel. It poartegebou is yn 1616 boud fan giele stientsjes. De topgevels krigen in rolwurk-silhûet en boppe de souderfinsters kamen dowegatten. Nei de sloop fan de state stie de sjarmante poarte wat ferlern yn it lânskip. De kontoeren fan de state binne okkerdeis, nei argeologysk ûndersyk, op it werynrjochte romme fjild as in stielen staketsel op ‘e nij delsetten om sjen te litten hoe as it gebou der destiids sawat útseach.

It twadde paad, it Tsjerkepaad, fiert nei de tsjerke op in net al te heech restant fan de terp. Om it hôf hinne sjogge we in stek fan getten izer, in seame mei iperen beammen en in grintpaad. De toer is yn 1858 oplutsen fan giele stientsjes en hat in ynsnuorre spits. De betiid-goatyske tsjerke datearret út de 13e ieu en krige yn de 14e ieu it koar. It oarspronklike muorrewurk fan giele moppen is oan de noardkant noch sichtber. De fraaie ynrjochting is foar it grutste part út de 18e ieu.

Nes is in doarp mei in iest-eftich karakter. It oarspronklike sintrum lei folle eastliker as it plak dêr’t de doarpskom no leit. Rom foarby de yn 1878 troch P.J.H. Cuypers ûntwurpen neogoatyske roomsk-katolike Sint-Clemenstsjerke leit it âlde tsjerkhôf mei fraaie grêfstiennen. Dêr binne fûndeminten opgroeven fan in ieremidsieuske dowestiennen tsjerke en in letter eksimplaar mei in Goatysk koar.

Tsjintwurdich foarmet de lossteande doarpstoer it markante teken fan de kearn. De fan giele stien oplutsen klokketoer stiet op in lytse ferheging. Hy is yn 1664 yn opdracht fan Valerius (Watse) Frans van Cammingha en Rixt van Donia boud, destiids ‘de Heer en Vrouwe van Ameland’. Yn 1732 is hy yn opdracht fan Prins Willem IV, doedestiids ‘Heer van Ameland’, ferhege. Eastlik fan de toer leit de iepen griene Torenhoogte. Noch fierder eastlik it Kerkplein mei ek fariearde, fraaie pânen. De ienfâldige herfoarme tsjerke datearret fan 1734 en waard yn 1824 ferboud. In oar beskieden tsjerkegebou is de meniste fermanje, út healwei de 19e ieu.

It karakteristike Amelânske komdoarp is lange tiid it haadplak west. It doarp hat wol in oantal strjitten en pleineftige romten, mar in soad wenningen en buorkerijen út de 17e en 18e ieu lykje sûnder plan, spontaan boud te wêzen. It strjittepatroan fan de smelle, ferhurde wegen en stegen rint ûnregelmjittich, soms warreljend tusken de mei huzen en buorkerijen beboude en mei hagen of lattestekken ôfgrinze hiemen troch. It binne faak wenhuzen mei in sealdak op in langwerpige plattegrûn. De topgevels binne markearre mei ien of twa friezen en yn de top ôfwurke mei flechtings – skean ferrinnende rollagen-. Sommige ynterieurs hawwe noch tegels en bedsteedswanden. In opmerklik wenhûs út 1625 stiet oan de Rixt van Doniaweg. It hat in seldsume yn- en útbûgende saneamde ojyfgevel, dy’t mei pinakels in markant silhûet oplevert. De earste nei-oarlochske doarpsútwreiding kaam yn it noarden mei tradisjonalistyske wenningen yn in passende karakteristyk fan lytsskaligens. Letter binne der buertsjes foarme yn it súdeasten en noardwesten.

Buren is in streekdoarp mei in frijwat iepen struktuer. It doarp is net sa beamteryk en it hat in beskieden silhûet. Earder waard it doarp beskôge as in buorskip ûnder Nes. Ein 18e ieu waard oer Buren skreaun: “Even verre ten Oosten van het Kerkhof is eene groote buurt van meer dan zeventig huizen, onder Nes behoorende, en meest door Roomschgezinden bewoond die te Nes ter Kerke komen. Deeze buurt ligt in eene zeer aangenaame vruchtbaare landouwe, en is omringd van vruchtbaare akkers en bouwlanden.”

Administratyf is Buren no in selsstannich doarp. De âlde skoalle is nei 1950 ferboud ta Hotel De Klok en útwreide en dat is by it gemis fan in tsjerke, no it middelpunt fan Buren. It oarspronklike karakter fan dizze agraryske buert is feroare yn in doarp dat him rjochtet op tsjinstferliening oan rekreanten. De wat âldere bebouwing leit ferspraat by paden en wegen lâns.

Yn ‘e rin fan de 20e ieu is de bebouwing fierder útdijd. By de ferbreding oan it ein fan de Hoofdweg hat him in plein foarme, dat beskôge wurdt as doarpskearn. Oan it begjin fan de Hoofdweg stiet in buorkerij dêr ‘t it Landbouw- en Juttersmuseum Swartwoude yn ûnderbrocht is. Dizze pleats heart ta de karakteristike Amelanner buorkerijen, dy ‘t yn en om Buren te finen binne. Ien fan de geefste stiet oan de Strandweg 33. Hy is mei it boujier 1890 dan wol net echt âld, mar alhiel neffens de tradysje boud. It muorrewurk is fan de ferneamde Fryske giele stientsjes mitsele. Kenmerkjend is de hege syd-yngong fan de skuorre. It is in útboude houten yngong mei in sealdakje, dêr ‘t de heaweinen troch ynride koenen.

It doarp is nei de oarloch oan de noardkant útwreide mei wenningbou, earst oan de Strandweg, letter oan de Paasduinweg en de Hazeweg. Yn 1987 kamen der oan de Paasduinweg en de Meester Oudstraat rigen kloeke, houten huzen nei in Sweedsk ûntwerp ta stân, dy ‘t yn ferskate kleuren ek yn Nes en benammen yn Hollum boud binne.

Ballum is in iesdoarp dat yn de folle Midsieuwen ûntstien is. Yn de earste helte fan de 15e ieu is dêr de Jelmerastate stichte, yn de 16e ieu útboud ta de represintative residinsje fan de Heren van Ameland, de Cammingha’s. It stie oant 1829 ta op in dún, westlik fan it tsjerkhôf, om-ende-by it plak dêr ‘t no it gemeentehûs út 1972, útwreide yn 1998, stiet. It wie in gebou fan twa fleugels mei in hege belvedêretoer en twa poartetagongen, dy ‘t mei fraai renêssânsebyldhouwurk omfette wienen. Inkeld ien spoar is oerbleaun: de enoarme, troch Vincent Lucas ekselint byldhoude grêfstien, wêrop Wytso van Cammingha (ferstoarn yn 1552) yn wapenrêsting yn reliëf portrettearre is. De stien leit no op de flier fan it barehokje, eartiids nei alle gedachten yn de slotkapel. De Camminghastraat fiert nei it noarden ta: in brede, troch hege beammen en brede gersstroken omseame strjitte. Nei de sobere meniste sealtsjerke iepent de romte him by de trijesprong nei de Gerrit Kosterweg ta in brinkeftich gebiet. Dêr stiet earst noch wat âlde bebouwing en fierders slute de strjitten fan de doarpsútwreiding har dêrby oan.

De Camminghastraat slút syn perspektyf troch de doarpstoer, dy ‘t los stiet op de gersseame. De ankers jouwe it jiertal 1755 oan. Yn dat jier is de tsjerke boud as ferfanger fan de klokkestoel en yn 1870 noch ris mei twa en in heale meter ferhege. De kreas yn de roailine steande sealtsjerke út1832 fan de herfoarmen past mei har ynbannige karakter yn it doarpsbyld. Dit yn tsjinstelling ta it ynterieur wêr ‘t ien fan de fraaiste renêssânse preekstuollen fan Fryslân yn te finen is. De preekstoel is yn 1604 mei nissen mei skulpemotiven, blomstikken en evangelisaasjeboeken útsnien troch Claes Jelles foar de tsjerke fan Harns. Doe ‘t dy fernijd waard is it preekmeubel yn 1771 oankocht. De bebouwing hat fierder foaral in agrarysk karakter mei lytse pleatskes en kenmerkjende Amelanner huzen mei flechtings yn de geveltoppen, friezen en oare fersierings. Alles mei-elkoar foarmet it ien en oar in byld dat nettsjinsteande de druk fan it toerisme, ridlik geef bleaun is.

Hollum is in iesdoarp mei buerten, it is út twa dielen ûntstien. Yn it súdlike, jonge part is de losse bebouwing frij regelmjittich pleatst by twa noard-súd ferrinnende leanen lâns, de Ooster- en Burenlaan, dy‘t by elkoar komme by it tsjerkhôf fan de doarpstsjerke. De tsjerke mei har foarse sealdaktoer is in dominant elemint, yn it doarp en ek yn de wide omjouwing. De tsjerke is yn letmidsieuske trant heech oplutsen en foarsjoen fan opfallend grutte spitsbôgefinsters tusken steunbearen yn. De toer is yn de 15 ieu mitsele fan readkleurige bakstien. Op it ferhege hôf, omjûn troch beammen, stean grêfstiennen fan ûnder mear walfiskfarders.

De wenhuzen binne op frije hiemen oan, mei foarse beammen beplante en fan gersbermen fersjoene leanen boud mei harren karakteristike giele geveltoppen nei de strjitte ta. In soad huzen binne foarsjoen fan 17e en 18e-ieuske ankerdatearrings. De kommandeurshuzen besitte kenmerkjende friezen, siermitselwurk om finsters en doarren hinne en frissels yn de geveltoppen, soms mei reade aksinten yn it giele muorrewurk. In groep fan dizze orizjinele en rekonstruearre wenningen mei in kearn út 1751 oan de Herenweg is as museum ynrjochte. Yn dy strjitte stiet ek de flinke sealtsjerke fan de menisten mei in dekorative foargevel. It grifformearde tsjerkje mei in dakruterke is te finen oan de Westerlaan.

Foarmet it suden fan it doarp in geef gehiel, it âldere hat de sjarme fan it spontane. It is dêr ûnregelmjittich fan oanlis en de bebouwing liket willekeurich groepearre en foarmet by de herberch, ien fan in pear bouwurken mei ferdjipping, in plein. Dit Hotel de Zwaan (1764) befettet in pronkkeamer mei in elegante rococo-skou en in âlde bêdsteewand.

Noardwestlik fan it doarp stiet de rûne, 48 meter hege fjoertoer fan getten izer, in opfallend beaken mei horizontale read-wite bannen. Hy is yn 1880 nei in ûntwerp fan Q. Harder konstruearre. Op in wat leger plato is in U-foarmich kompleks fan fjouwer dûbele wachterswenningen yn in bepleistere neoklassicistyske toai. De belangrykste doarpsútwreidings ha earst oan de noard- en letter oan de eastkant plakfûn.

West-Skylge is in komdoarp dat yn de 13e ieu ûntstien is op it plak wêr’t letter de fjoertoer Brandaris boud waard. It is sûnt lang it haaddoarp fan it eilân, al hienen de iere bekende machthawwers, de Popma’s, harren stins hielendal oan de oare kant fan it eilân boud.

It doarp ûntwikkele him geunstich troch fiskerij, skipfeart en loadswêzen, mooglik troch de geunstige lizzing oan in natuerlike baai en it ekonomysk sterke efterlân. Skylge kaam dan ek ûnder Hollânske ynfloed te stean. Yn 1666 is it bloeiende doarp troch de Ingelsen platbaarnd. De weropbou folge yn de jierren 1666/73. Der waard tusken it Seinpaalduin en de baai in ticht beboude doarpskom oan in fyn net fan strjitten en stegen foarme. Dizze ovale doarpskom is oant en mei de 19e en betide 20e ieu folboud. Oan de Burgemeester Eschauzierstraat is yn 1909 en 1915 in maatskiplik belangryk en arsjitektoanysk skildereftich kompleks fan tsientallen sosjale wenten boud.

It hichtepunt fan West-Skylge, de Brandaris, is krekt yn it brânpunt fan it doarp terjochte kommen. Dizze foarse en hege toer hat de brân trochstien. It earste fjoerbeaken is al yn 1323 op Skylge boud. Yn 1593/94 is de grutte toer yn opdracht fan de Staten van Holland boud. Folksetymology hat de toer nei alle gedachten syn namme besoarge. Der is gjin bewiis dat de legindaryske Ierske reizgjende muonts Sint-Brandaan der wat mei te meitsjen hat. De toer is yn 1834/35 yngripend ferboud en ommitsele en hat in ljochthûs mei koepel en draailjocht krigen. Efter de toer leit in lyts begraafplak mei in stik as wat skippersgrêven.

Yn de lêste wrâldoarloch hat de Dútske besetter op it Seinpaalduin rigen bunkers boud, de marineflankbatterie Terschelling-West. Se binne diels sloopt, diels ûnder stood en foar in part al gau nei de oarloch ferboud ta fakânsjehúskes. Nei dizze oarloch is it doarp yn noardlike en noardeastlike rjochting útwreide. It gemeentebestjoer fan Skylge wie yn it tichte weefsel fan it doarp bedroevend húsfeste. Nei’t der foar de oarloch al plannen foar in nij gemeentehûs makke wienen, koe it yn 1954 oan de eastkant fan it doarp mei in ûntwerp fan arsjitekt G.A.Heldoorn út Ljouwert, pas realisearre wurde. In gemeentehûs op in moai plak yn in dinneboskje oan de eastkant fan it doarp. Der waard gebrûk makke fan it terrein troch in winkelheakfoarmige split-level struktuer te ûntwerpen, dy’t yn de op de ambachtlike boutradysje stuolle styl fan de Delftse School foarm krige. Mei koarten sil tichtby in nij gemeentehûs boud wurde.

De weropbou yn de twadde helte fan de 17e ieu hat in rige typyske eilanner wenten oplevere. Dêrfan is in tal de ieuwen goed troch kommen. Se wurde mei harren sierlike trep of topgevels foarsjoen fan reade aksinten yn it giele muorrewurk, flechtingen, friezen en mitselmozayk om de finsters hinne gewoanlik kommandeurswenten neamd. Soms ha dizze en oare wenten foar de eilannen en wat minder foar de kuststreek fan it fêste lân, karakteristike natuerstiennen stoepepeallen út it ein fan de 16e en it begjin fan de 17e ieu. Mei rolwurk en Flaamske woartels ha se de ripe renêssânse foarmjouwing dy’t de byldhou ateliers fan de fêste wâl behearsken. Ek dizze stoepepeallen ha de brân oerlibbe.

De herfoarme tsjerke yn de Westerbuurtstraat is in ienfâldige sealtsjerke mei in rjochte koarsluting en in dakrúter. De tsjerke is yn 1663 boud en suver net skeind troch de brân fan in pear jier letter. It gebou is om 1900 hinne plastere en yn de tritiger jierren hielendal ommitsele. Ek de minniste tsjerke út 1850 is in ienfâldige seal tsjerke. De tsjerke hat twa brânskildere finsters yn fernijingsstyl. Tichtby de haven hat it toeristebedriuw definityf oare aktiviteiten fan skipfeart en fiskerij ferdrongen. Om 1875 hinne is in havengebou stichte mei neoklassistyske eleminten en ek de skippersferiening “Het Wakend Oog”boude der yn in mingde styl mei neorenêssânse aspekten in karakteristyk (earder) wachtlokaal. It rêdingsboathûs út 1904 is yn in fleurige chaletstyl boud tichtby de opslach fan de kleurige seebeakens.

Aasterein is in agrarysk streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in dúnfoet en op de râne fan de súdlik lizzende polders. It waard lange tiid beskôge as in buorskip by it westlik lizzende Hoarne dêr’t it foar de foarsjenningen ek op rjochte wie. Aasterein hat nea in tsjerke hân en likemin oare bysûndere funksjes, sa as in skoalle, húsfeste. Wol wie der yn de 14e ieu tichtby dit doarp op in stinswier de Popmastins boud. It gebou is yn de 16e ieu al wer sloopt, mar de stinswier leit noch altyd súdlik fan dit doarp yn de lânerijen.

It streekdoarp bestiet út fersprate bebouwing fan buorkerijen en wenningen by inkele wegen en paden lâns wêrfan’t de Hoofdweg pas letter ferhurde wurden is. Eastlik fan it doarp stiet oan dizze dyk by de Dwarsdijk in tinkstien dy’t fertelt dat de ferhurding fan de dyk yn de hiele lingte fan in bewenne part fan it eilân yn 1910 syn beslach krige. It is in stien mei ornaminten yn de fernijingsstyl, ûntwurpen troch J.M. Krijger.

Oan de westlike yntree fan it doarp stiet in frij jonge - begjin 20e-ieuske – buorkerij fan it slak-type, mei in freonlik oranjeread pannedak. Noardlik fan de Hoofdweg stiet op nûmer 21 in kop-rompbuorkerij dêr’t de jierankers fan fertelle dat hy yn 1879 boud is. De hege skuorre hat oan de sydkant in karakteristyk ‘skúntsje’, in houten útbou mei in sealkapke. By dizze buorkerij lâns laat de Lykwei nei de âlde dyk fuort ûnder de dúnfoet. Op de hoeke stiet yn de lingte fan de dúnwei in bûten bedriuw stelde stjelppleats. De foargevel fertoant in geve yndieling en út it rjochter skuorredak stekt in ‘skúntsje’. Ek oan de efterkant is it in nijsgjirrige buorkerij. Njonken de ‘millem’-doar stiet in opmerklik oanboude skoarstien, dy’t mei in seemansterm it kombuis neamd wurdt. De buorkerij op nûmer 31 út 1978 hat in skúntsje.

Op de Boskplaat leit by de Stuifdijk in bunker dy’t in restant is fan de ‘Marineflankbatterie Terschelling Ost’, dy’t yn 1943 troch de Dútske besetter oanlein is.

Midslân is in streekdoarp dat ûntstien is op in âlde strânwâl. Súdlik fan it hjoeddeiske doarp waard oan de Hoofdstraat yn de 10e ieu al in houten tsjerkje fan Stryp stichte, dat letter ferfongen waard troch in tsjerke fan stien. Mar ek noardliker, op it plak fan de tsjerke fan no, is yn de 14e of 15e ieu in tsjerke boud. Yn de omjouwing fan it doarp ûntstienen noch oare buorskippen: Baaidunen, Kinnum, Kaart en mear westlik Hee.

Om de tsjerke fan Midslân hinne hat, yn tsjinstelling ta oare Skylger doarpen, komfoarming mei in frij tichte bebouwing plak fûn. Oer in slinke hinne waard de Westerdaam oanlein, wêrtroch’t Stryp oan Midslân fêst groeie koe. De Striper tsjerke waard yn 1569 ferwoeste, mar it tsjerkhôf is oant begjin 19e ieu yn gebrûk bleaun. De grêfheuvel, dy’t meters heech boppe de omjouwing útriist, rekke yn ferfal. Dêr stean de foar de eilannen en de kuststreek kenmerkjende natuerstiennen grêfpeallen út it lêst fan de 16e en it begjin fan de 17e ieu dy’t mei rolwurk en Flaamske woartels de ripe renêssânse foarmjouwing ha dy’t de byldhou-ateliers fan de fêste wâl sa goed behearskje. It Striper hôf is opknapt en no binne der noch sa’n tweintich fan dizze grêfpeallen te bewûnderjen.

Nei’t de âlde tsjerke fan Midslân yn 1880 ôfbrutsen waard, is der it jier dêrnei in krústsjerke yn dekorative mingstyl nei ûntwerp fan M. Daalder út Den Helder boud. Op de súdbeuk kaam in foarse lantearne mei in achtkante spits. Dizze net al te degelik boude tsjerke is ferskate kearen hersteld en op details feroare. Ynwindich hat se in stukadoare krúsferwulf, twa galerijen en in oargelbalkon mei in oargel út de boutiid.

Oan de Heereweg stiet it eardere diakenijhûs út om-ende-by 1880. Oan de Oosterburen stiet it fan neoklassicistyske eleminten foarsjoene Polderhuis (1872) dêr’t de bestjoerders fan de ynpoldere landerijen (grieën) by elkoar kamen om harren belangen te bepraten. Yn it doarp binne ferskate 17e-ieuske wenningen mei tutegevels mei ‘vlechtingen’- skean ferrinnende rollagen - te finen.

Hoarne is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in âlde strânwâl. Op deselde wâl ûntwikkele him de agraryske streek Lies. De Dorpsstraat rekke ynearsten foaral oan de kant fan de polder, de súdkant beboud. Fan it lêst fan de 19e ieu ôf kaam der ek bebouwing oan de oare kant.

Noardlik fan de streek stiet de doarpstsjerke, fierwei it âldste gebou fan it eilân. It oan Sint-Johannes wijde romaanske tsjerkje sil sawat yn it lêste kwart fan de 12e ieu ta stân kommen wêze. Yn de ieuwen dêrnei is se gauris fergrutte en feroare. Om 1270 hinne kaam it koar ta stân en inkele tsientallen jierren letter waard ek it skip fernijd. De noardmuorre dêrfan is frij geef troch de ieuwen hinne kaam. It skip krige koepelferwulven dy’t yn it begjin fan de 15e ieu wer fuorthelle binne. Oan it begjin fan de 16e ieu binne yn de súdgevel goatyske finsters oanbrocht en kaam der in fraai omliste yngongspartij yn deselde styl. Om-ende-by 1330 waard der in hege toer foar de tsjerke boud, dy‘t ek tsjinne as beaken foar de skipfeart. Yn 1848 is de troch de tiid hinne boufallich wurden toer ûngefear de helte ynkoart en foarsjoen fan in tintedakje. Yn 1875 waard it kapke ferfongen troch in ynsnuorre nullespits. De tsjerke waard yn 1903 útwindich bepleistere, mar by de yngeande restauraasje fan 1963-1969 is de pleisterlaach der wer ôfhelle. De wanden oan de binnekant binne ek as skjin mitselwurk behannele. De tsjerke is troch alderhande spoaren in spannend ferhaal yn stien. It ynterieur hat fraai meubilêr, dêr’t tuskenyn foaral de beskildere nachtmielstafel mei spreuken, út it begjin fan de 17e ieu opfalt.

Oan de Dorpsstraat stiet de yn 1907 boude kloeke pastorije. Dêrneist stiet in boerepleats mei foarein en in frij lege skuorre dy’t oan de sydkant dan ek foarjoen is fan in ‘schúntsje’. Hoarne hat noch in tal boerepleatsen út it lêste kwart fan de 19e ieu. Lies hat noch inkele karakteristike eilanner buorkerijen, sa as nûmer 42 út 1721 en nûmer 13 út 1738.

Formearum is in agrarysk streekdoarp dat him yn de 17e ieu ûntwikkele hat op in strânwâl tusken Midslân en Hoarne yn. It bestiet út in fersprate bebouwing fan boerepleatsen en wenhuzen. Westlik is oan de kant fan Midslân op ienselde manier it buorskip Landerum ûntstien. Yn it doarp, sels, lange tiid beskôge as in buorskip, hat nea in tsjerke stien. It doarpsgesicht wurdt dominearre troch in koarnmûne. De mûne wie yn 1838 boud op de Dellewâl yn West, mar is yn 1876 nei Formearum oerbrocht. De bedriuwsweardige mûne hat al lange tiid in hoarekabestimming. It is in achtkante houten stellingmûne, dutsen mei reid, en op in potdeksele ûnderbou fan hout. It wjukkenkrús hat in flecht fan tweintich meter.

Yn Formearum en omjouwing is in oantal buorkerijen fan it eilanner type te finen. De measten binne net alhiel geef mear, mar de oarspronklike yndieling is faak noch wol ôf te lieden. It och sa eigen type fan de Skylger buorkerij is in fariant op de langhûsbuorkerij. Mei it wendiel en de skuorre mei stâlen en heafekken ûnder in trochrinnende, net dielde kape. It wendiel – de foarein – bestie oarspronklik út in foarkeamer en in binnekeamer mei bêdsteden. Dêrefter kaam de skuorre mei stâlromte, dy‘t oan de sydkant foar de dwersreed iepen is mei in houten útbou, in saneamd ‘skúntsje’ dêr‘t de haaiweinen troch ride koenen.

Ien fan de bêst bewarre boerepleatsen fan dit type stiet yn Formearum Súd, it ‘Spylske Huus’ út 1759, sa neamd omdat yn de boppekant fan it dak troch fersakkings wat bochten sichtber binne. De foarein hat in topgevel, fersierd mei flechtings en siermitselwurk. De buorkerij is al lange tiid net mear yn bedriuw en binnenyn is de wenfunksje frijwat oanpast. De lizzing, de sterke haadfoarm en de moaie detaillearing meitsje dizze restaurearre boerepleats ta in tsjûgenis fan it agraryske ferline fan de polders fan it eilân. Oan it Súd fan Formearum en yn Landerum stean mear frij geve 19e-ieuske boerehuzings; inkele derfan binne ynrjochte foar rekreaasje.

Hoarne is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in âlde strânwâl. Op deselde wâl ûntwikkele him de agraryske streek Lies. De doarpsstrjitte rekke yn ‘t earstoan oan de kant fan de polder, de súdkant beboud. Fan ein 19e ieu ôf waard der ek oan de oare kant boud.

Noardlik fan de streek stiet de doarpstsjerke, fierwei it âldste gebou fan it eilân. It oan Sint-Johannes wijde romaanske tsjerkje sil sa yn it lêste kwart fan de 12e ieu ta stân komme wêze. It is yn de dêrop folgjende ieuwen iderkear wer fergrutte en feroare. Om-ende-by 1270 kaam it koar ta stân en inkele tsientallen jierren letter waard ek it skip fernijd. Dêrfan is de noardmuorre frij geef troch de ieuwen hinne kommen. It skip krige koepelferwulven, dy’t yn it begjin fan de 15e ieu wer ferwidere binne. Oan it begjin fan de 16e ieu binne yn de súdgevel goatyske finsters oanbrocht en kaam der in fraai omliste yngongspartij yn deselde styl. Om 1330 hinne waard der in hege toer foar de tsjerke boud, dy‘t ek tsjinne as beaken foar de skipfeart. Yn 1848 is de boufallich wurden toer sawat foar de helte ynkoarten en foarsjoen fan in tintedakje. Yn 1875 waard it kapke ferfongen troch in ynsnuorre nullespits. De tsjerke waard yn 1903 bûtenom bepleistere, mar by in yngeande reparaasje fan 1963-1969 is de pleisterlaach wer ferwidere. De wanden oan de binnekant binne ek as skjin mitselwurk behannele. Troch alderhande spoaren is de tsjerke in boeiend ferhaal fan stien. Het ynterieur hat fraai meubilêr, dêr‘t foaral de beskildere nachtmielstafel, foarsjoen fan spreuken út it begjin fan de 17e ieu opfalt.

Oan de doarpsstrjitte stiet de yn 1907 boude mânske pastorije. Dêrnjonken stiet in buorkerij mei foarein en in frij lege skuorre, dy‘t oan de sydkant dan ek in ‘schúntsje’ hat. Yn Hoarne fynt men noch in oantal boerepleatsen út it lêste kwart fan de 19e ieu. Lies hat noch inkele karakteristike eilanner buorkerijen sa as nûmer 42 út 1721 en nûmer 13 út 1738.

Formearum is in agrarysk streekdoarp dat him yn de 17e ieu ûntwikkele hat op in strânwâl tusken Midslân en Hoarne yn. It bestiet út in fersprate bebouwing fan boerepleatsen en wenhuzen. Westlik is oan de kant fan Midslân op ienselde manier it buorskip Landerum ûntstien. Yn it doarp, sels, lange tiid beskôge as in buorskip, hat nea in tsjerke stien. It doarpsgesicht wurdt dominearre troch in koarnmûne. De mûne wie yn 1838 boud op de Dellewâl yn West, mar is yn 1876 nei Formearum oerbrocht. De bedriuwsweardige mûne hat al lange tiid in hoarekabestimming. It is in achtkante houten stellingmûne, dutsen mei reid, en op in potdeksele ûnderbou fan hout. It wjukkenkrús hat in flecht fan tweintich meter.

Yn Formearum en omjouwing is in oantal buorkerijen fan it eilanner type te finen. De measten binne net alhiel geef mear, mar de oarspronklike yndieling is faak noch wol ôf te lieden. It och sa eigen type fan de Skylger buorkerij is in fariant op de langhûsbuorkerij. Mei it wendiel en de skuorre mei stâlen en heafekken ûnder in trochrinnende, net dielde kape. It wendiel – de foarein – bestie oarspronklik út in foarkeamer en in binnekeamer mei bêdsteden. Dêrefter kaam de skuorre mei stâlromte, dy‘t oan de sydkant foar de dwersreed iepen is mei in houten útbou, in saneamd ‘skúntsje’ dêr‘t de haaiweinen troch ride koenen.

Ien fan de bêst bewarre boerepleatsen fan dit type stiet yn Formearum Súd, it ‘Spylske Huus’ út 1759, sa neamd omdat yn de boppekant fan it dak troch fersakkings wat bochten sichtber binne. De foarein hat in topgevel, fersierd mei flechtings en siermitselwurk. De buorkerij is al lange tiid net mear yn bedriuw en binnenyn is de wenfunksje frijwat oanpast. De lizzing, de sterke haadfoarm en de moaie detaillearing meitsje dizze restaurearre boerepleats ta in tsjûgenis fan it agraryske ferline fan de polders fan it eilân. Oan it Súd fan Formearum en yn Landerum stean mear frij geve 19e-ieuske boerehuzings; inkele derfan binne ynrjochte foar rekreaasje.

East Flylân is nei de ûndergong fan it oarspronklik gruttere West Flylân healwei de 18e ieu it ienichste doarp fan it eilân. It is in streekdoarp dat yn de 12e ieu ûntstien is. De brede, troch flink beamte omseame en likernôch in kilometer lange Dorpsstraat hat oan wjerskanten sletten bebouwing dy’t allinne troch stegen en gloppen ûnderbrutsen wurdt. De measte bebouwing hat mar ien folledige boulaach en fertoant in soad fariaasje, sawol yn funksje en arsjitektoanyske pronk as yn de leeftyd fan de gebouwen: fan de 17e oant de 20e ieu.

Krekt foar de Twadde Wrâldoarloch wennen der noch gjin 500 minsken op it eilân en yn de perioade dy’t dêr oan foarôfgie is der mar in bytsje boud. Healwei de fyftiger jierren binne noardlik fan it âlde doarpslint lange rigen sosjale wenningen oan ûnder mear de Nieuwstraat en Middenweg boud en ek nei dy tiid wreide it doarp him noch út, it measte yn noardeastlike rjochting fan it bosk oant en mei de resinte útwreiding oan it Vorkduin.

De herfoarme tsjerke is yn 1605 fan giele stientsjes boud ta ferfanging fan in âlde kapel. Yn 1647 binne der dwerspânen tafoege, wêrtroch’t it in krústsjerke waard. It ynterieur hat bysûnder meubilêr. De tsjerke foarmet mei tsjerkhôf en oan de oare kant it diakenijhûs in skildereftich ensemble. It diakonijhûs út 1641 is in lang pân mei in opfallend hege kape mei in smel útmitsele middenstik. It hat bysûndere ynterieurûnderdielen. Op de hoeke fan it Kerkplein stiet it eardere riedhûs mei in nijsgjirrich klokketuorke. De oarsprong is al fan 1598, mar it is yn 1855 ferboud. Dêrtsjinoer kaam yn 1998 it nije riedhûs ta stân.

Hielendal oan de oare kant fan it doarp stiet fuortby de haven it yn 1877 nei ûntwerp fan C.H. Peters boude eardere postkantoar. Yn ‘e midden fan de Dorpsstraat freget in breed, pleistere pân mei in ûnregelmjittige yndieling om oandacht. Dit Tromphuis is no in museum en hat yn it ferline ûnder mear as ûnderkommen fan de Admiraliteit fan Amsterdam en it Noorderkwartier tsjinst dien.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |