Easterwâlde is in âld agrarysk streekdoarp mei de (Drintse) karaktertrekken fan in brinkdoarp. It wurdt al yn 1207 foar it earst meld. De ferbining fan de Brink en de tinner beboude Oosterbrink, ‘t Oost, is de âldste buert. Noardeastlik fan de brinkfoarmige romte stiet de tsjerke op in plak dêr’t yn de 14e ieu al in tsjerke stien moatten hat as kearn fan de delsetting.
Yn de omjouwing leit in grut oantal buorskippen dy’t by Easterwâlde hearre, dêr’t sommigen fan weromgean op stichtingen fan belangrike famyljes. In oantal is al yn it sterk groeide Easterwâlde opnommen, oare besteane tsjintwurdich noch út in groep buorkerijen: Feanekoaten, Boekhorst, Buttinga, Heech en Leech Duerswâld, Medhuzen, Klazinga, Weper, Jardinga, Prandiga, Steginga en Nanninga. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt yn 1788 meld: “t grootste en rykste Dorp der Grieteny, waar onder 57 stemmen behooren, ligt, byna als een eiland, tusschen de Kuinder en het Groot en Klein Diept beslooten. ... By de Kerk vindt men eene dubbele buurt, en daarenbooven in den omtrek veele huizen van naam, ten blyke, dat hier aleer veele vermogende en aanzienlyke familien hebben gewoond .... Ook heeft men hier van ouds her twee Windkorenmolens gehad, bekend by den naam van Ooster- en Veene Molen: en behalven de bosschagien en bouwlanden, omtrent de huizingen en wegen, zyn hier veele schoone weilanden, inzonderheid langs en omtrent de gemelde diepten en stroomen, als de Noorder- en boven al de Oosterwolder Kampen, en andere meer.”

De Kúnder of de Tsjonger ûntspringt even foarby Weper. It Grut Djip is yn in noardlike bôge om Easterwâlde hinne ek noch goed yn it lânskip te werkennen, mar it Lyts Djip is amper mear wat fan te sjen. Krekt 30 jier letter waard de Opsterlânske Kompanjonsfeart súdlik fan it doarp groeven en westlik fan de âlde kearn it Fyfde of Nanninga Ferlaat lein.
Easterwâlde krijt sûnt it begjin fan de 19e ieu geandewei ek de kenmerken fan in feartdoarp. Dêrfoar hat it doarp, sûnt 1886 it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf, in mearsidige struktuer krigen. De feart soarge foar prikkels om te ûntwikkeljen súdlik fan de âlde kearn. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1849 docht bliken dat der by de Easterwâldster brêge oan wjerskanten fan de feart in buertsje fan goed tsien huzen stie en fierder nei it easten ta oan de noardlike wâl fersprate bebouwing.

Fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf naam de feartbuert en de heaks dêrop steande Brinkstraat en Stationsstraat sterk yn betsjutting ta. Yn 1881 waard de wyk nei de Brink ta diels dimpt en fierder útdjippe: de Brinkstraat. Dêr kaam yn 1887 it gemeentehûs dat yn 1929-1930 ferboud waard. Frijwat fierder westlik fan it bebouwingskrús waard yn 1887 in suvelfabryk stichte dy’t nei kombinaasje mei oaren ta in belangrike yndustry foar Frico-tsiis útgroeide. Yn 1911 kaam der súdlik fan de feart in trambaan en krige it doarp in stasjon.
Yn ‘e rin fan de 20e ieu fûn earst fertichting en útwreiding plak oan de krusing fan feart en wei. Betide folkshúsfesting kaam der tichtby de âlde kearn, de Weemeweg en Kuipenstreek (dêr’t yn 1841 al earmekeamers boud wienen. Fuort nei de oarloch oan de Groote Singel, Prinsenstraat, Schapekamp, Hoge en Lage Esch en Martenskamp noardlik fan de feart en yn in buert efter it stasjon: Stationsplein, Brugkampweg, Moskampweg en wat letter oan de Oerkampweg. Dêrnei setten navenant grutskalige útwreidings oan de súd- en noardkant útein. Oan de súdeastkant groeide in grut bedriuweterrein.

De herfoarme tsjerke stiet op in grut en net al te rom tsjerkhôf. Noardlik is yn 1888 oan de Kuipenstreek dan ek in rom hôf oanlein. De tsjerke is ta ferfanging fan in midsieusk gebou yn 1735 ta stân kommen, in ynbannige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting en in houten geveltoer. De tsjerke besit in achtkantich doopfont fan sânstien út de 14e ieu en in hearebank út begjin 17e ieu. Yn it koar stiet in grut oargel út 1866.

Eastersee is fan âlds in deftich streekdoarp: yn de 18e ieu stie hjir noch it rjochtshûs fan de gritenij. Het bestiet út twa gedielten: Eastersee-Buorren en Eastersee Giterskebrêge, wêrfan’t it lêste folle jonger is. De âlde streek is dy fan Eastersee-Buorren, in dûbele streek oan in knik yn de dyk. De oerlevering wol ha dat Willem I, graaf fan Hollân, om 1200 hinne yn Eastersee in slot hie. Fan it aadlike Roordastate is koartlyn in gevelstien weromfûn.

Op de heakse hoeke stiet it saneamde Koopmanshûs. Fanwege omfang en útstrieling falt it op yn it lytse doarp. It makket, twa lagen heech, front nei de dyk: by útwreiding krige it yn 1820 in fleugel. De gevel is fiif fakken breed mei yn ‘e midden in snieëne doar mei boppeljocht en skofinsters mei in lytse roedeferdieling en Boheemsk glês. De frij strakke kroanlist hat klossen ûnder de profilearre goate. Dêrboppe stiet in flinke kajút yn Lodewijk XV-foarmen. Under de skouders de datearring: anno 1782.

De âlde tsjerke fan Eastersee út om-ende-by 1200 stie westlik fan de ryddyk. Se hie in moaie toer. De nije tsjerke is eastliker kommen, noardlik fan de dyk en op in wat ferhege hôf. De tsjerke kaam mei it front nei de dyk ta. De yn 1860 boude neoklassicistyske sealtsjerke krige op de foargevel in fjouwerkante toer mei in iepen koepelbekroaning. De optoai is hielendal yn fyn mitselwurk mei waarmbrune bakstien ferwurke. De liedklok waard yn 1498 getten troch Gerardus van Wou en ek it toeroerwurk is âld: út 1602.

Fan de 18e ieu ôf binne fan it noarden út, de âlde dyk fan de Lemmer nei It Hearrenfean, de súdlik lizzende feanen fan it Easterseeïngerlân ferfeane en yn kultuer brocht. Op de krusing fan de dyk en de Giterske Feart, neamd nei de komôf fan de feanarbeiders, groeide de twadde wenkearn. Dêr is it ûnderwilens sletten en sloopte suvelfabryk (en in konstruksjebedriuw ) kommen en sa bleau Giterskebrêge in karakteristike arbeidersdelsetting. De bebouwing bestiet benammen dan ek út ‘wenningwetwenningen’.

Easthim is in terpdoarp dat yn ‘e Midsieuwen just noardlik fan Drylts ûntstien is. It doarp is al lange tiid goed ûntsletten troch de Boalserter Sylfeart of de Wimerts. Yn it hjoeddeiske doarpsbyld is te sjen dat de bebouwing sawol op de doarpsstrjitte as op de feart rjochte is. Op de kaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is net al te folle bebouwing oan wjerskanten fan de tsjerke te sjen.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1716 meld: “Dit dorp, dat ten Noordwesten van Ylst, en niet verre van de Bolswerder vaart gelegen is, heeft een’goede kerk, die van binnen wel afgetimmerd en met een Orgel voorzien is, zynde de Pastory of Predikants wooning, hier by uitstek fraai. In ‘t Zuiden ligt een klein meertje, naar dit dorp genoemd, en een weinig zuidelyker de Nieuwezyl, die wel onder dit dorp, doch in eigendom behoort aan de Stad Bolsward, die ook de tollen der hier door vaarende schepen ontvangt. ... Niet verre van dit dorp heeft men verscheiden vischryke plassen en meertjes, die op de kaart zyn aangewezen.”

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1851 lit it doarp om de tsjerke hinne in kompakte bebouwing sjen. De tsjerke mei stompe toer, in toer mei sealdak, wurdt yn âlde beskriuwings altyd bysûnder kreas fersoarge neamd. It wie de ynwenners net netsjes en kreas genôch en men liet yn 1860 in nije, grutte tsjerke bouwe nei ûntwerp fan A. Breunissen Troost. It gebou yn mingstyl hat foaral neoklassicistyske trekken. De ynboude toer, besteande út trije segminten en in hege, ynsnuorre spits is mei de westgevel stukadoare. De pastorije is ek fernijd: yn 1866 is nei ûntwerp fan H.J. Jaarsma in grutte blokfoarmige wenning yn neoklassicistyske styl boud en foarsjoen fan in geveltoer. Njonken dizze tsjerke jout in paad tagong ta in fuotgongersbrêge dy’t laat nei it skildereftige wetterbuertsje Hernepaed. Utwreidings binne der oan de súd- en noardkant.

Eastrum is in terpdoarp dat nei alle gedachten inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is yn it troch streamkes en see-earmen trochsnieën gebiet. It leit tusken de Suder Ie en it Dokkumer Grut Djip yn. De Eastrumer Opfeart leit even westlik fan it doarp en foarme de wetterferbining mei de Suder Ie. Oan de oare kant fan dit wetter leit Tilbuorren, dêr’t in groep flinke boerepleatsen stiet. In ûntsluting nei it Grutdjip mei in slûs yn de seedyk levere geregeldwei swierrichheden op.

De om 1900 hinne diels ôfgroeven, frijwat hege terp rikt ta fjouwer en in heale meter boppe NAP út. De wenhichte hat in radiale struktuer mei in ringwei, dêr’t it súdlike segmint noch fan bestiet en it eastlike part as paad te werkennen is. De sirkelfoarm is fierder ôf te lêzen oan perseelgrinzen. Op it súdeastlike part fan de terp stie Rinthjemastate en dêr is de terp nei it slopen fan de state lange tiid ûnbeboud bleaun. Underskate paden en wegen fiere fan de soal nei de krún fan de terp, dêr’t inkele fan yn de rin fan de 19e ieu ferhurde binne. It súdlike part fan de ringwei is geandewei in part wurden fan de frij kronkelige ferbining tusken Dokkum en Ie.

De doarpstsjerke, oarspronklik wijd oan St. Nicolaas, is in ienbeukige bakstiennen tsjerke. De sealdaktoer datearret út de 13e ieu. De tsjerke is om 1500 hinne boud en hat in sletten noardmuorre en in trijekantige koarsluting. It súdlike dakskyld is dutsen mei saneamde monniken en nonnen, ûnder- en boppepannen. By de restauraasje binne op it muorrewurk skilderingen mei silhûeteftige foarstellings fan fjouwer tsjerken mei hege tuorren foar it ljocht kaam dy’t mooglik datearje út de 16e ieu.

Oan it Grutdjip súdlik fan Eastrum hat Jan Helder yn 1873 in stoomstienfabyk stichte. Al gau moast it fabryk útwreidzje en de skoarstienpiip waard yn 1879 ferhege fan njoggen nei mar leafst 35 meter. It fabryk, dat ûnder mear reade stringpersstien makke en oan1968 ta yn bedriuw west hat, hat in ringûne en in groep grutte droechskuorren.

De Pein is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen op in sânrêch ûntstien is. De bebouwing rjochte him benammen op de Lijkweg, no de Kommisjewei. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Opeinde, tot onderscheiding van andere gelyknaamige dorpen, by ‘t Landvolk Smallinger Pein genoemd, heeft eene kerk met een stompen toren, buiten welke echter de klokken hangen. Aan den Lykweg naar het Westen, vindt men hier eene lange streek huizen met zeer vermaaklyke gezigten door het geboomte, zo langs den weg als op de horrnlegers der huizen.”

It doarpsgebiet wie útstrekt, yn it noarden op de ôffeane streken dêr’t De Tike, Rottefalle, de Drachtster Kompenije en Houtigehage ûntstien binne. Yn it súdeasten lei de buert De Kletten – no it noardlike part fan it Drachtster bedriuweterrein De Haven – dat mei de Burmaniasleat en de Kletstefeart yn ferbining stie mei de Smeliestersân. Fan mear belang wie de feart fan de Leien nei it suden ta, nei de Sân. Dêr skriuwt healwei de 19e ieu Van der Aa yn syn Aardrijkskundig Woordenboek oer: “Oudtijds liep er eene vaart dwars door het dorp, van het water de Leijen zuidwaarts tot in de Smalle-Ee’ster-zanding. Deze vaart, die thans vervallen is, werd het Juffers-gat genaamd. ... Tegenwoordig bestaat er eene vaart, voor eenige jaren gegraven, uit het midden van het dorp naar de Leijen.”

De feart is yn 1883 ta it Peinder Kanaal ferbrede. Nei de tiid kaam der op de krusing fan dyk en feart in konsintraasje fan bebouwing. Yn it easten stie de tsjerke noardlik fan de Lijkweg, de Kommisjewei fan no. De tsjerke waard yn 1908 ferfongen troch de hjoeddeiske súdlik fan de wei, in tsjerkhôf sûnder tsjerke mei in klokkestoel mei skylddak efterlittend. De nije krústsjerke mei toer is ûntwurpen troch Wolter te Riele.

Tsjin de tsjerke oer stiet ien fan de moaiste buorkerijen fan Fryslân (1928) mei frijsteande fila yn de styl fan de Amsterdamse School. Nei de oarloch is it doarp benammen fanwege de wenningbou, tusken de Kommisjewei en de súdliker lizzende Hegewei yn gâns útwreide.

Toppenhuzen is, krekt lyk as Twellingea fan oarsprong in feartdoarp oan it Ges yn it leechlizzende lân súdeastlik fan Snits. It is om it jier 1000 hinne ûntstien. Op de kaart fan Schotanus út 1716 stiet de losse bebouwing foaral by de westkant fan It Ges lâns; yn ‘e midden, by in bocht stiet de tsjerke.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “het eerste Dorp in rang onder de Buitendykster Dorpen ... ligt aan eene Oude Vaart, die uit de Houkevaart naar Uitwellingerga loopt: ter weerszyden van deeze vaart heeft men de meeste huizen en plaatsen, die onder dit Dorp behooren; terwyl zich de landeryen Noordwaarts uitstrekken tot aan de gerechtigheid van Sneek; Westwaards, alwaar de vaart naar Langweer doorvloeit, en ook de Witte en Zwarte Brekken gelegen zyn, tot aan het Kruiswater of de Jouwster vaart, en Zuidwaarts tot aan de landen van Uitwellingerga. ... Weleer had men hier twee Staten of Stinzen, met naame Sjaarda Stins, en dat van een zekeren Pier Foppes.” De Sjaarda of Sjaardema stins hat by de tsjerke oan de oare kant fan It Ges stien.

De hjoeddeiske tsjerke is boud yn 1695 yn opdracht fan grytman D.G. van Burmania. It is in sealtsjerke mei in trijekantige sluting dy’t yn 1834 hersteld is en wêrby’t yn 1817 in toer yn trije segminten mei in ynsnuorre spits oplutsen is.
Op de kaart yn de Eekhoff-atlas út 1851 is it doarp amper feroare, al leit der westlik fan de bebouwing in kronkelich paad. Oer lân rekke it doarp pas echt ûntsluten doe’t yn 1866-1868 westlik fan en sawat parallel oan de feart, de dyk Snits-Twellingea oanlein waard. Der ûntwikkele him oan wjerskanten fan dizze dyk bebouwing fan benammen frijsteande wenningen. Oan de oriïntaasje fan de oan It Ges steande agraryske bebouwing is te sjen dat it doarp yn eardere tiid op dizze feart rjochte wie. Westlik fan de Tsjerkebuorren is nei de Twadde Wrâldoarloch flink wat wenningbou ta stân kommen, foar in grut part folkshúsfesting.

Ald Beets bestiet as doarp eins net mear. De boerestreek is yn 1958 yn twa helten knipt troch it oanlizzen fan Rykswei 43 en is as doarp út de gemeentlike administraasje trochskrast. It âlde streekdoarp wie begjin17e ieu noch in doarp fan belang. Pier Winsemius skreau yn 1622: “Van desen allen de dorpen van Opsterland is het voornaamste Beetz ghelegen int Westen, naest aen Utingeradeel, is een groot Dorp. ... gaet in vruchtbaerheyt ende goedicheyt van weyden alle d’andere te boven, waerom oock d’ínwoonders van ‘t vee ende Bouw haer alleen geneeren, hebben gantsch geen Veenen. Dit Dorp heeft in alle by-een-comsten van ghemeene saken altijdt de voorstemme, wordt ghehouden voor een seer oudt Dorp.”

Yn de Midsieuwen stie der al in Sint-Geertruidatsjerke. Se hie in hege toer mei spits, mar nei’t dy ein 16e ieu ynstoart wie, is de toer gâns ynkoart.
Nei dat eastlik it deftige streekdoarp Beetstersweach ta ûntwikkeling kaam, naam de betsjutting fan Ald Beets ôf. Yn 1788 stelt de Tegenwoordige Staat van Friesland: “Dit Dorp, in ouden tyden veel grooter ... geweest zynde, is thans van een’middelmaatigen omtrek, en bestaat uit eene verzameling van verstrooide huizen en plaatsen, gelegen in ‘t geboomte, aan den rydweg, die van Beetsterzwaag door dit Dorp en voorts naar ‘t Westen loopt ... Dit Dorp is ‘t vruchtbaarste der geheele Grieteny, en zonder Veenlanden, waarom de inwooners zich byna alleen met den Landbouw en de Veefokkery ophouden.”

Yn 1889 wie der op inisjatyf fan aadlike famyljes, nei ûntwerp fan arsjitekt Luitje de Goed, in pracht fan in neorenêssance tsjerke boud. Nei in wjerljochtsynslach yn 1967 en tsientallen jierren yn gebrûk as byldhou-atelier, is de tsjerke yn 1984 sloopt. Der restearje noch fundeminten, sarken en grêfmonuminten fan foarname famyljes. Yn 1988 waard der in klokkestoel op it tsjerkhôf oprjochte.
Nei de oarloch wie it al gjin selsstannich doarp mear en it grutste part fan it doarpsgebiet wurdt by de jonge delsetting fan Nij Beets rekkene.

Aldeleie is in streekdelsetting dy’t yn de lette Midsieuwen al ûntstien is mar pas nei de oarloch de status fan doarp krigen hat. Dielen fan it buorskip hawwe lange tiid by de trije gritenijen heard: it westlike part by Froubuorren yn It Bilt, it noardeastlike by Hallum yn Ferwerderadiel en it súdeastlike part by Feinsum yn Ljouwerteradiel. Troch grinskorreksjes en statusferheging heart it no yn syn gehiel as doarp by Ljouwerteradiel.

De delsetting is ûntstien yn it ier ynpoldere Nieuwland by in Syl, in slûs, yn de Stienzer Hegedyk, it diel dat no de namme Leijster Hegedyk hat. Earst kaam der bebouwing by de feart lâns dy’t sawol de ferbining foarme mei de Feinsumer Feart as de Hijumer Feart. Letter, doe’t It Bildt ynpoldere wie, kaam heaks dêrop lintbebouwing oan de dyk. Healwei de 19e ieu, doe’t der leafst 450 ynwenners wienen, wie der yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa oer ‘Leije’ ûnder mear te lêzen: “Er lag vroeger eene buitensluis, langs welke Leeuwarderadeel en Ferwerderadeel hunne uitwatering in de Middelzee hadden; doch sedert het Bildt is ontstaan, was de Leije eene binnensluis geworden, welker zijlroede thans eene binnenvaart is, die zoowel met de binnenwaters van Oostergoo als met die van Westergoo gemeenschap heeft.Die sluis is reeds voorlang weggeruimd. Het is thans eene groote buurt, meest uit arbeiderswoningen bestaande, ter wederzyden van den ouden dijk en de vaart naar Oude-Bildtzijl. Te midden daarvan staat het nieuwe en groote schoolgebouw van het dorp Finkum, waartoe dit gedeelte, ter zuidzijde der vaart behoort.”

Aldeleie hat nea in tsjerke hân en likemin binne der eleminten dy’t it frij beskieden doarpssilhûet ferrykje. Oan de Leijster Hegedyk stiet in wenhûs mei jiertalankers, dy’t fertelle dat it yn 1765 boud is. Oan Oan’e Slink stean twa âlde monumintale buorkerijen, nûmer 1 datearret fan 1769 en nûmer 6 út 1804. It yn it suden steande haltegebou fan de lokaalspoarwei heart offisjeel ek by Aldeleie, mar wurdt hjir besprutsen by Froubuorren.

Oudebildtdijk is een opmerkelijke streek die administratief onder verschillende Bildtse dorpen valt, maar een eigen karakter bezit. Het is de eerste zeedijk van Het Bildt die in 1505 is opgeworpen van Dijkshoek, waar hij aansloot op de Griene Dyk van het voormalige Barradeel, tot de Noorderdijk van Ferwerderadiel. Daarmee werden het Oud Bildt en in het oosten het veel kleinere Oud Monnikebildt ingepolderd. Het Bildt kreeg toen van de Saksische Heer van Friesland de status van grietenij, de jongste van Friesland.

Nadat in 1600 de Nieuwe Bildtdijk tot stand was gekomen, werd de oude dijk slaperdijk en begon de ontwikkeling tot merkwaardige woonbuurt. Het is de langste, vrijwel ononderbroken woonnederzetting van het land geworden. Inclusief de als zelfstandig dorp aangemerkte Westhoek is de nederzetting elf en een halve kilometer lang.

Bij de Oudebildtzijl is een apart kruisdorp gegroeid en veel westelijker is Nij Altoenae ten noorden van Sint-Annaparochie ook een kleine kern geworden. De Oosthoek bij de Koude Vaart en Spitsroeden ten noorden van Sint- Jacobiparochie zijn echter weer niet tot kleine kernen uitgegroeid.

De lange streek heeft een opmerkelijke structuur. Tegen de buitendijkse noordzijde zijn de arbeiderswoningen gebouwd en aan de binnendijkse zijde achter de dijksloot en in het land de boerderijen. Deze vaak monumentale boerderijen maken vanaf de dijk grote indruk. In de Tegenwoordige Staat van Friesland werd al in 1788 geschreven: ‘Aan den Ouden Bildt- Dyk, heeft men veele heerlyke Boereplaatsen, die meer naar Heeren dan Boeren Wooningen gelyken; ook verscheiden Buitenplaatsen van vermogende Eigenerfden, gelyk mede omtrent de beide overige Dorpen plaats heeft.’ Zo is nummer 289 een 18de-eeuwse boerderij met een dwarsgeplaatst, onderkelderd woonhuis van mangaansteen die een classicistische ingang heeft. Nummer 319 is een kop-halsromp met een voorhuis van roodbruine steen en voorzien van een classicistische ingangspartij met ionische pilasters. Nummer 331 daarentegen is een stelp uit omstreeks 1880 van voorname eenvoud met een mezzanine. Nummer 435 is de Fonteinplaats: een winkelhaakboerderij in rijke neorenaissance van de familie Wassenaar.

Aldehaske is in streekdoarp dat om 1200 hinne ûntstien is op de ûntginningsas tusken Westermar (de Jouwer) en It Hearrenfean yn. It wie in wichtich doarp fan it Hasker Fyfgea, dêr’t Sniksweach, Westermar, Haskerhoarne en Nijehaske ek by hearden. Op de meast iere gritenijkaart, dy fan Schotanus út 1718, is it oan de wei en de noardlik dêrfan rinnende feart, de Oerspitting, in ridlyk beboude, lang útstrekte streek. De bebouwing stie destiids allinne mar oan ‘e súdkant fan de wei en de tsjerke stiet noch fierder fan de dyk ôf. Oan de noardkant lizze de Aldehasker Utgongen en noardliker de Hasker Mieden mei in strook dêr tuskenyn, De Dolten dêr’t it der op liket dat mei de ferfeanings útein setten is.

Yn de Tegenwoordige Staat fan Friesland waard yn 1788 meld: “Oudehaske, weleer een aanzienlyk Dorp, onder ‘t welk nog 60 stemmen behooren; doch die thans, ten grooten deele, in stemmende stellen of ledige Hornlegers zyn veranderd. De kerk heeft een spitsen toren, en ligt ten Zuiden der Overspitting in de bouwlanden. De Noordelyke landen, bekend onder den naam van Oude Hasker Uitgangen, zyn, als de nabuurige, laag en tot maadlanden dienende, voorts veenig en op veele plaatsen reeds vergraaven”.

Destiids wienen der mannich ferlitten of sels hielendal lege pleatsen dêr’t noch stimrjocht oan ferbûn wie. De ferfeaningen wienen doe al yn gong setten. Goed in heale ieu letter is it byld fan Haskerlân en benammen de omjouwing fan Aldehaske folslein feroare. De gritenijkaart út 1848 yn de atlas fan Eekhoff is ferbjusterjend. De Hasker Mieden, healannen, binne fergroeven ta in wetterflakte, de Hasker Utgongen, ek hea- en greidlannen binne ta de helte útgroeven en de boulannen yn it suden binne ek gruttendiels fernield, oan oer de gritenijgrinzen mei Skoatterlân ta.

Fan it suden út, St. Jansgea, wienen de Gitersken mei harren rigoereuze ferfeaningsmetoade nei it noarden ta tein. Op grutskalige wize is foar de turfwinning het âlde waaierfoarmige lânskip alhiel oeralhelle. De ferfeaners út Giethoorn, feanbazen en arbeiders, setten, nei’t de eastlike helte fan Haskerlân troch harren tadwaan fuortbaggere en feroare wie yn wetterflakten, fierder yn eastlike rjochting nei Aengwirden en Opsterlân.

Op de al neamde kaart is it doarp Aldehaske noch in dyk mei raffelige stroken lân oan wjerskanten. Fan healwei de 19e ieu ôf binne de feandobben stadichoan bepoldere of droechmeald en it lân wer yn kultuer brocht. Op ien grutte poel nei: it Haskerwiid of Nannewiid, dat as rekreaasjemar in wichtige funksje by Aldehaske krije soe.

De tsjerke lei frij fier súdlik fan de dyk, de lettere Jousterweg. Healwei de 19e ieu wurdt noch meld: “Deze kerk is een oud gebouw, met eenen spitsen toren, doch zonder orgel.” Yn 1906 is op ‘e hoeke fan de Jousterweg en de Badweg – dy’t nei it Haskerwiid en fierder nei Rottum ta fiert – in nije tsjerke boud. It âlde tsjerkhôf bleau súdliker oan de Badweg yn eare. De nije tsjerke is in sealtsjerke mei in rjochte koarsluting dy’t oan de nei de haadwei ta rjochte gevel fan in houten tuorke fersjoen is. De rûnbôgefinsters stean yn útdjippe gevelfakken. Oan de Badweg binne yn de nei-oarlochske perioade nochal wat folkswenninngen boud, sa as in freonlik eagjende rige yn tradisjonalistyske trant fan de Delftse School. Oan de Jousterweg stiet de measte âlde bebouwing, dy’t gruttendiels datearret út de lêste tsientallen jierren fan de 19e of de earste fan de 20e ieu. Jousterweg 112 is in boargerhûs mei in útboude middenpartij út om-ende-by 1890 en nûmer 118 in bepleistere eksimplaar út 1899. Op nûmer 140 stiet it foarein – mei in rike 18e-ieuske betimmering – fan in pleats dêr’t de skuorre fan ferdwûn is. Der steane boppedat inkele karakteristike wenningen út de tuskenoarlochske perioade.

Nei de oarloch is it doarp earst útwreide oan de súdwestlike kant by de wâlskanten fan it Haskerwiid, letter noch sterker oan de súdeastkant dêr’t it bouwen noch altyd trochgiet. Oan de noardkant is oan de ferbiningswei nei de autosneldyk, Haskeruitgangen, in bedriuweterrein ûntwikkele.

Streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is en ieuwenlang it haadplak fan Skoatterlân west hat. De buert ûntwikkele him yn it earstoan west-east by de Schoterlandseweg lâns, frij ticht by de Tsjonger dêr’t in passaazjemooglikheid wie. Dy is yn de Tachtichjierrige Oarloch fersterke mei in skâns, de Schoterschans, dy’t yn it rampjier 1672 noch in kear fernijd is.

Yn de 18e ieu wie Aldskoat in favoryt oarde foar de elite om bûtens, sa as Herema en Jagtlust, oan te lizzen. De measten waarden stichte yn it letter selsstannich wurden Oranjewâld, yn de 18e ieu noch Schoterwoud neamd. De yn 1828 oanleine ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol joech it doarp in sterke ympuls en groeide it ek oan wjerskanten fan dy wei út ta in krúsdoarp. Nei de oarloch hat it doarp súdlik fan de tsjerke in eigen útwreiding krigen. Dêrnei is de rykswei wat yn eastlike rjochting ferpleatst wêrtroch’t de doarpskearn fan de eastlike streek ôfsnien is. Wilens wie it plak Hearrenfean yn súdlike rjochting sa sterk groeid dat it part fan Aldskoat as selsstannich doarp opslokt waard troch de grutte buorman en waard it Hearrenfean-Súd. Dat proses is fersterke doe’t koartlyn de dyk ta autosneldyk omboud is. Allinne de streek eastlik fan de sneldyk wurdt noch as Aldskoat beskôge.

De tsjerke stiet op in frijwat heech tsjerkhôf en datearret út 1752. Se is in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar, troch lisenen yndielde gevels en in sawat sletten foargevel mei klaustikken. Op de gevel stiet in houten tuorke mei in ynsnuorre spits. Oan de Wolvegaasterweg en Schoterlandseweg, it âlde krúspunt fan wegen, stiet noch in tal represintative wenningen en oare gebouwen út ein 19e en begjin 20e ieu, sa as in wyt bepleistere, eardere herberch. Oan de oare kant fan de sneldyk strekt him de Julia Jan Woutersstichting út, in breed gebou yn neorenêssânse- styl dat yn 1901 it âlde Veenwijk ferfong en oarspronklik bedoeld wie foar dames op jierren.

Aldwâld is in streekdoarp op in letmidsieuske ûntginningas, de Foarwei, en in wierskynlik wat jongere, twadde, dwers dêrop steande streek yn it noarden, de Wigeast. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1786) docht bliken dat it noch grutter is, Aldwâld is: “een middelmaatig dorp: hier onder behoort de buurt Wygeest, alwaar weleer de Staten Allema en Buma gevonden werden, met de buurtjes Wirden en Oudwoudumer zyl. Ook behoort onder dit dorp ... de vermaakelyke buurt Veenklooster, ten Oosten van Kollumerzwaag gelegen, alwaar ligt de heerlykheid Rosema, thans behoorende aan de Familie van Heemstra.”

Feankleaster is no in selsstannich doarp en Allemastate bestiet noch altyd. Aldwâld is in streekdoarp bleaun. Ek nei de oarloch wie der gjin sprake fan komfoarming, al binne der westlik fan de Jan Binneswei inkele strjitten efter de streken oanlein en beboud wurden. De kearn is oan it westlike diel fan de Foarwei te finen: dêr stean de tsjerke, de skoalle en it eardere ferieningsgebou byinoar.

De tsjerke is in ienbeukich gebou út de 15e ieu. By de bou is it boumateriaal fan de foargongster opnij brûkt. De tsjerke hat in trijekantige koarsluting en in houten geveltoer dy’t mei de westgevel ein 17e ieu boud is. It ynterieur fan de tsjerke wurdt dominearre troch in grut oantal roubuorden en in oerkape hearebank. It ferieningsgebou is ein 19e ieu tusken de tsjerke en pastorije yn boud, in karakteristyk sealgebou mei spitsbôgefinsters. De pastorije is in middengongwenning út 1806 dêr’t de middenpartij fan in ieu letter ferboud is. De skoalle en skoallehûs fan itselde type binne yn 1898 ta stân kommen, mar de skoalle mei twa lokalen is twa kear ferboud wurden.

Noardlik fan de doarpskearn stiet oan de Allemawei in boerepleats mei it foarein fan de wei ôfkeard. In monumintaal oerbliuwsel fan in sealstins. It is ien fan de inkele sealstinzen dy’t ridlik kompleet bewarre bleaun binne. Mooglik datearret Allemastate al út de rûzige 14e ieu.

Ouwsterhaule is een streekdorp van middeleeuwse oorsprong die met Ouwster-Nijega en Oldeouwer de Trijega of Ouwster Trijega de oostelijke hoek van Doniawerstal vormden. Drie agrarische dorpen, waarvan Ouwsterhaule het grootste is. Op de grietenijkaart van Schotanus uit 1718 is een compacte buurt te zien tussen de weide- en hooilanden ten noorden en bouwlanden ten zuiden van de weg. Ten noorden van het dorp ligt de Haulsterpoel die pas in de tweede helft van de 19de eeuw werd drooggemaakt.

Aan het einde van de 18de eeuw meldde de Tegenwoordige Staat van Friesland: ‘dit Dorp ligt met de twee volgende … aan een rydweg en vaart, van de Scheendyk af tot aan het Tjeuke meer: weleer had ieder deezer Dorpen eene Kerk, doch thans is die van Ouwster- Haule maar alleen in weezen. … In ’t jaar 1741 werd hier een groote Polder aangelegd, op aanraden van wylen den Heere Vegilin, welke een ruime uitgestrektheid van dit en de twee volgende Dorpen beslaat; zynde zestien boereplaatsen, ten grooten deele, binnen den Polderdyk beslooten. Sommigen zeggen dat de landen hier thans minder vruchtbaar zyn dan voor deezen, toen zy, jaarlyks, door het Tjeuke meer, onder water gezet, en daar door met een vruchtmaakend slyk overdekt en bemest wierden.’ Op de grietenijkaart van Eekhoff uit 1850 is deze Trijegasterpolder aangegeven.

Ouwsterhaule is het enige dorp van de Trijega waar een kerk staat. Werd tot voor kort nog aangenomen dat de kerk uit de 18de eeuw dateerde, in 1802 een nieuwe westelijke gevel kreeg en in 1877 ingrijpend werd gewijzigd, bij de restauratie in 2001 bleek dat de aanpak van 1877 heeft bestaan uit de ommanteling van de laat-middeleeuwse kerk omdat de kerk er zo lelijk uitzag. De 19de-eeuwse schil is er nu afgehaald en het muurwerk van middeleeuwse moppen is in het zicht gebracht. De zaalkerk heeft een driezijdige koorsluiting en rondboogvensters. De naar verhouding grote, houten geveltoren is bekleed met lood en heeft een licht ingesnoerde spits.

It dykdoarpke Peazens is al frij gau nei it oanlizzen fan de earste seedyk yn de 11e ieu ûntstien. De syl, de slûs, dy’t yn ‘e mûning fan de ta feart bedimme slinke de Peazens lein wurde moast, waard in oantreklik fêstigingsplak. Fanwege it oanslykjen wie de útwetteringsslûs mar beheind te brûken en hy waard yn 1449 opromme.

Peazens groeide út ta in fiskersplak dêr’t de bebouwing fan him oant yn de twadde helte fan de 18e ieu konsintrearre yn de buert fan de tsjerke. It levere net in regelmjittige tsjerkebuorren op. De huzen binne yn in pear ûnegale rigen tsjin de soal fan de dyk en de sintrale doarpsstrjitte oan boud.

Fan de twadde helte fan de 18e ieu ôf wreide it doarp him nei it westen ta út, trochdat by Peazens foar de dyk in soad lân oanslike en de bebouwing fier fan it wetter ôf kaam te lizzen. Oan ‘e westkant wie dat net it gefal en koenen de fiskersskippen makliker op de ree ankere wurde. Dêr ûntstie doe it twillingdoarp Moddergat. De ynwenners fan de doarpen foarmen mei-elkoar in fiskersfloat en de stoarmramp fan 1883 rekke Peazens like hurd. Krekt tsjin it lêst fan de 20e ieu is súdlik fan it doarp in beskieden útwreiding yn ûntwikkeling nommen. De doarpstsjerke datearret út begin 13e ieu en wie wijd oan Antonius. It is in let-romaanske, ienbeukige bakstiennen tsjerke, mei in wat ynspringend, healrûn sletten koar. De muorren rinne fan west nei east wat nei elkoar ta. Nei sloop fan de sealdaktoer yn 1792 is it skip nei it westen ta ferlinge. Op in nije slútmuorre is in houten toer mei in ynsnuorre spits pleatst. Nei alle gedachten is doe it tonferwulf ek oer it skip hinne spand.

Yn 1861 is súdlik fan it doarp nôtmûne De Hond boud, in achtkantige boppekruier op in mitsele foet en mei in stelling. Boppe de yngong sit in stien mei de ôfbylding fan in hûn en it jiertal 1861.

Parregea is in lang útstrekt streekdoarp oan it wetter de Warkumer Trekfeart. Oan de eastkant stean benammen boerepleatsen by it wetter. Sa strekt him oan de Boalserter kant in monumintale kop-hals-romppleats út dêr’t de foarein fan in ‘gedrukte’ ferdjipping hat. Sawat yn ‘e midden fan de him foaral oan de westkant fan de trekfeart útstrekkende bebouwing leit it terpeftich gebiet fan tsjerkhôf mei tsjerke.

Even súdlik fan de brêge stiet de eardere herberch De Harmonie, in bouwurk út de 18e ieu mei in fraaie boppeseal dy’t boud is fan brune stien, mei in flinke skuorre boud fan gieltsjes. Fierderop yn it suden riget in rige fan giele huzen him oanelkoar dy’t beheind fan omfang en uterst ienfâldich fan arsjitektuer, lykwols in ymposant ensemble foarmet. Oan de oare kant fan de feart hat fan de brêge ôf de heaks dêrop steande de Horstweg lintbebouwing fan de skoalle en huzen krigen.

De Parregeaster Mar is yn 1876-1879 tagelyk mei de neistlizzende Feitemar droechmeald. Doe wie it dien mei de lukrative fiskerij foar de Parregeasters, mar der wie sa om-ende-by 320 ha boulân wûn. Troch de polderwurkers is net allinne in regelmjittige blokferkaveling yn de droechmakkerij kommen, mar is, mei tank oan ûntwikkelders út Noard Hollân ek in rige stolpbuorkerijen ta stân kommen. Der is noch ien eksimplaar fan dit foar dizze streken eksoatyske type te finen.

De tsjerke stiet efter de bebouwing op in terpeftich en omgrinze hôf. Dizze om 1300 hinne fan grutte giele bakstien boude Johannes de Dopertsjerke mei in fiifkantige koarsluting, hat in relatyf mânske toer, dy’t yn de wide omkriten al fan fierôf te werkennen is. Oan de súdkant is de tsjerke iepene mei frij grutte spitsbôgefinsters mei stukadoare deikanten, wêrtroch’t der steunbearen tusken de finsters yn needsaaklik waarden. De foarse toer is fan read en brún materiaal mitsele en ûnder ek fan grutte moppen yn gemêlearde kleuren. Skean tsjin de tsjerke oer stiet de pastorije mei in navenant djippe foartún; in medaillon yn de tagongstravee jout it jiertal 1802 te lêzen.

It terpdoarp Peins leit yn it easten fan Frjentsjerteradiel: eastlik fan Frjentsjer en ek fan Skalsum dêr’t it mei in tunnel ûnder de autosnelwei A31 troch ferbûn is. It heart ta de rige terpen dy’t fan Arkens by Frjentsjer oer Skalsum, Peins, Tamterp, Slappeterp oan de Hege Wier tusken Menaam en Berltsum ta rint.

Peins is in aardich doarp oan de dyk fan Frjentsjer rjochting Menameradiel wêroan’t, even eastliker yn de by it doarp hearrende buert Tamterp, inkele aadlike staten stien hawwe mei bewenners, dy’t it om bar foar it sizzen hienen yn de gritenij Frjentsjerteradiel. Oan en efter dizze dyk binne de nei-oarlochske doarpsútwreidings situearre. Yn it doarp rint fan dizze trochgeande dyk in ôftakking nei Sweins ta, nei it suden, mei in brêge oer de Skalsumer Feart, dy’t de efterkant fan Peins libbendich makket. De âldste bebouwing stiet oan dizze súdlike tak: inkele rigen huzen fan giele stientsjes dy’t datearje moatte út de 18e ieu en mooglik ien mei in rûn ûntlêstingsbôchje yn it muorrewurk miskien sels út de 17e ieu. Dêr yn de buert stiet ek de tsjerke, dêr’t eastlik fan ek noch in pear huzen fan it neamde type stean.

De oarsprong fan de Gertrudistsjerke moat fan foar 1200 wêze, mar se is al om 1300 ferboud. Yn 1865 is de tsjerke yn- en útwindich flink oanpakt en yn 1902 is se opnij ferboud. Yn dat lêst neamde jier is de toer ôfbrutsen en waard de hjoeddeiske sjarmante lantearne-eftige bekroaning op it middelste, wat útspringende diel fan de westgevel oanbrocht. It skip hat in trijekantige koarsluting fan brún bakstienmateriaal. It oare muorrewurk is iepene mei betreklik grutte rûnbôgefinsters en bestiet út alderhande soarten bakstienmateriaal. Fan foaral moppen yn giel en appelblossem dêr’t wat restanten dowestien fan de oarspronklike tsjerke yn fersile lykje te sitten. Sawol oan de noard- as súdkant is in tichtsetten yngong te bespeuren, mar de yntree sit no yn it front fan de tsjerke. Dat is fierder ûngastfrij sletten, mar de freonlike lantearnebekroaning fan in twaliddige koepel makket in soad goed.

Pepergea is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenweg fan Oldemarkt nei Noardwâlde, in ûntwikkelingsas dêr’t ek Blesdike, Steggerda en Finkegea oan ûntwikkele binne. Op de kaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet Pepergea tekene as in lange útstrekte streek mei allinne bebouwing oan de noardkant fan de wei mei yn it suden, sawat yn ‘e midden fan it doarp, de tsjerke.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “insgelyks aan den gemelden Kerkweg, ten Westen van ‘t voorige Steggerda. De Kerk heeft hier een welgebouwden kloktoren, en staat aan den Zuidkant van den rydweg, terwyl men de huizen aan den Noordkant in ‘t geboomte vindt. ... De landen van dit Dorp zyn tegen ‘t overvloeien der Linde bedykt; terwyl deeze stroom, hooger Noordoostwaards op, ten Zuiden van Oldeholtpade, door het zoogenaamde Hille- of Linde Verlaat, wordt afgeslooten, om het water, vooral des Zomers, zo ten dienste der hooge streeken, als der Turfschepen, die van Noordwolde en Finkega komen .... De landen hiertoe behoorende, komen met die der nabuurige Dorpen in aard overeen.”

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 is te sjen dat de healannen by de Linde troch it ferfeanjen alhiel fergroeven wienen. De ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol yn 1828 makke dat der yn it westen in buert groeide, dy’t him foarme ta it doarp De Blesse. Noch gjin heale ieu letter waard de spoarwei oanlein en krige Pepergea in stopplak (1870) en dêr by in kafee. Sadwaande waard it doarp yn twa parten ferdield, wat noch fersterke waard troch de oanlis fan de autosnelwei. It westlike part wurdt no by De Blesse rekkene.

De tsjerke is noch krekt net yn de ferdrukking kommen. Dizze wie oarspronklik wijd oan Sint- Nicolaas en is yn 1810 opnij boud, wêrby’t gebrûk makke is fan stikken âld muorrewurk. De elegante let-midsieuske toer is yn 1537 ferhege mei in tredde segmint en in iepen bewurke achtkantige, bakstiennen lantearne. De pinakels op de hoeken wurde mei krúsblommen bekroand.

Piaam, dat yn 1555 foarkomt as Pianghum, is in komdoarp dat bysûnder skildereftich justjes efter de eardere Suderseekust op net al te lege grûnen leit, de posysje fan oare doarpen yn de kuststreek yn acht nimmende. De kust is hjir fierders net frij want yn it noarden leit de Makkumer Súdwaard en yn it suden de Koaiwaard yn ‘e Iselmar.

It doarpsgebiet rikt mei de Polder Koaihuzen, neamd nei in buert fan buorkerijen en twa einekoaien, ta oan de yn 1876-1879 droechmealde Feitemar en Parregeaster Mar yn it easten. Fan de al âlde einekoaien is bekend dat de dêr fongen wetterfûgels nei Hollân ferhandele waarden; no wurdt ien fan de koaien brûkt foar it ringjen fan wetterfûgels.

Tichtby de doarpskom binne noch in pear ekers te finen, mar fierder is der net folle oerbleaun fan de earder sa wichtige lânbou; it is allegear feehâlderij yn de omjouwing. Inkele flinke stjelppleatsen en in pear huzen markearje de yntree yn it lytse doarp en twa monumintale kop-rompbuorkerijen slute it doarp oan de eastkant wer ôf. In pastorije hat Piaam net hân om’t de tsjerkelike gemeente kombinearre wie mei Skuzum en de pastorije yn dat doarp kaam.

De doarpsstrjitte bûcht nei de 13e-ieuske bakstiennen doarpstsjerke ta. Yn 1555 woenen de ynwenners der in laaien dak op ha; wierskynlik leit der dan noch reid op it dak en dat hat, sa tichtby de kust, te lijen fan stoarmen. Der wurdt meld: “Pyanghum is nyet beplant met eenighe boemen”. De westgevel is fernijd en by de restauraasje fan 1953 binne de rûnbôgige finsters yn it koar hersteld en it koar krige wer goatyske spitsbôgen. Oan de noardkant sit in hagioskoop yn it muorrewurk.

Eastlik fan de tsjerke leit de fraaie kop-rompbuorkerij Nynke Pleats dy’t út de 18e ieu datearje moat en wat súdliker noch sa’n buorkerij mei nijsgjirrich flechtwurk yn de gevel fan ‘e foarein. Yn 1889 waard it lytse grifformearde tsjerkje boud. Hjir is (fan de Aldfaers Erfrûte) dan ek it fûgelmuseum te besjen mei ûnder mear in diapresintaasje oer de bûtendykse, tige fûgelrike waarden.

Pitersbierrum is it meast westlike terpdoarp fan de rige dy’t yn eastlike rjochting op in kwelderwâl rint mei Seisbierrum, Easterbierrum, Tsjummearum en fierder. Pitersbierrum is it lytste twillingdoarp fan it wat eastliker lizzende Seisbierrum dêr’t it mei ferbûn is troch in mei beammen omseame dyk dy’t by de terp merkber oprint. Seisbierrum is mei nei-oarlochske nijbou foaral optein yn de rjochting fan Pitersbierrum.

It is eins in streekdoarp dat by de terp lâns skampt, mar der lizze ek noch wat buertsjes omhinne, bgl. yn it suden bûten de soal fan de terp. Der steane dêr nochal wat notabele wenningen, foar Fryslân kenmerkjende brede doarpswenningen fan notabelen en rinteniers út de jierren om 1900 hinne. Ien fan dy huzen fertoant dúdlik de karakteristiken fan de fernijingsstyl. In tige grut eksimplaar is Walburgastate mei djippe tún en oprydleanen. Walburga is in grutte neoklassicistyske filla mei in trije finsterfakken brede middenopbou mei in flau ôfdragend dak en fleugels mei ôfknobbe skylddakken. De grutte filla is yn 1857 boud foar de famylje Collot d’Escury. It funksjonearre fan 1909 oan de gemeentlike weryndieling yn 1984 ta as gemeentehûs fan Barradiel.

Even fierder foarby de kearn fan it lytse doarp riist de herfoarme tsjerke op, in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar. Yn 1845 boud nei in ferwoestende brân fan de âlde tsjerke yn 1843. It ûntwerp is fan de ferneamde neoklassicistyske boumaster Thomas Romein út Ljouwert. In profilearre wetterlist rint as omlisting om de fraai metrysk pleatste rûnbôgefinsters hinne. It ynterieur is bepleistere en hat in stukadoare houten ferwulf. De bakstiennen toer, dêr’t de earste stien fan yn 1879 lein waard, is sa’n bytsje neogoatysk fan styl. De romp is trije kear fersnien boud fan brune stien en fersierd mei flinke kordonbannen en frieskes. De tsjerke wurdt al jierren net mear foar de earetsjinst brûkt en stiet net op de monumintelist. Ferskate aksjes hâlde it gebou foarlopich oerein. It doarpsgebiet rûn eartiids troch oant en mei Roptastate oan de waadkust, mar by de weryndieling kaam it gebiet by Harns.

It mânske doarpsgebiet fan Penjum wurdt beskerme troch in noch gruttendiels te werkennen tige âld stelsel fan diken: de Penjumer Gouden Halsbân. Yn it ûnder bepaalde waarsomstannichheden ûnbarmhertich lege lânskip efter de seedyk foarmet Penjum in herberchsume, kompakte delsetting. It is in terpdoarp mei in net al te skerp ôfgroeven tsjerketerp dy’t noch bysûnder goed te erfaren is. It doarp hat in rom tsjerkhôf mei in izeren stek op in muorke en in seame fan net tige âlde linebeammen. Noardlik fan de tsjerke stiet yn in heale kring in prachtige rige diakonijwenningen, boud fan de yn dizze omjouwing sa karakteristike giele stientsjes: de Fryske trijelingen. Dêrtsjinoer leit de moaie buorren, de Grote Buren mei nochal wat goed ûnderhâlden en fariearde notabele wenningen.

Yn de Kleine Buren stiet ek in grut ferskaat oan huzen. De Burenlaan dy’t oan wjerskanten fan de yntree fan it doarp front makket nei de smelle Harnzer Feart, foarmet mei in fraai fariearde bebouwing fan fersoarge wenningen en boerepleatsen, fan om-ende-by 1900 en de tritiger jierren, in moaie eastlike doarpsgrins. De nei-oarlochske útwreidings binne sawol yn it noarden – mei ûnder mear in fraaie tradisjonalistyske rige wenningen út 1948 oan de L. Scheltestrjitte – as yn it suden telâne kommen, wêrtroch’t it doarp de regelmjittigens fan in rjochthoeke krigen hat.

De âlde letgoatyske doarpstsjerke op de net skerp ôfgroeven tsjerketerp is yn 1759 foar in part fernijd. De sealtsjerke hat yn de súdgevel trije rûnbôgefinsters. It measte muorrewurk is fan giel bakstienmateriaal fan lyts formaat, de noardgevel fan meardere soarten giele moppen mei foaroan ien rûn finster. It ûnderste segmint fan de foarse en yn de wide omkriten werkenbere toer is fan opnij brûkte dowestien mitsele, nei fersnijing sjogge we mêleard giele bakstien; nei in twadde fersnijing foaral lytser read materiaal. Yn it noarden oan de Grote Buren leit it lytse 18e-ieuske skûltsjerkje, opnommen yn it gewoane doarpswenning, fan de menisten, dat hjir in bysûndere wearde hat omdat Menno Simons yn Penjum libbe hat.

It terpdoarp Poppenwier is it noardlikste doarp fan de Legean en heart ta de fierste it lân yn lizzende terpdoarpen fan Fryslân. Yn de lette Midsieuwen hat it lytse kleaster Engwerd by Poppenwier stien. Noardlik fan de doarpskom stiet in buorkerij op it eardere kleasterhiem.

Oant yn de twadde helte fan de 19e ieu wie Poppenwier net oer lân mei Raerd en Tersoal ferbûn, in ferbining dy’t hjoeddei sa fanselssprekkend liket. De ferbiningen oer it wetter wienen wol goed. Krekt súdwestlik fan it doarp lei de Poppenwierster Mar, in marke dat droechlein is en dêr’t de kop-hals-romppleats Marsherne, earder kleaster- en letter weeshûsbesit, noch in oantinken oan is. It terpdoarp is rjochthoekich. De rjochte roailine is sichtber by de Bûtenbuorren dêr’t efter de wat oprinnende foartunen de huzen kreas yn in rjochthoekige rige stean. Poppenwier is in geef foarbyld fan in terp mei in blokferkaveling yn in lânskip mei sa’n selde karakter. Yn ‘e midden leit it gebiet fan tsjerkhôf mei de tsjerke.

Yn 1860 is de âlde tsjerke (Sint-Nicolaas) troch de hjoeddeiske ferfongen, wêrby’t de oriïntaasje ek fuortendaliks feroare is. It tsjerkeskip fan brune bakstien wurdt troch grutte rûnbôgefinsters ferljochte. De houten toer mei ynsnuorre spits is op de súdgevel pleatst. Westlik stiet in flinke pleats. De súdlike buert fan meast lytse huzen is op de feart rjochte. Oan de foarkant fan de huzen leit in paad mei oertunen. Der kaam in lytse flapbrêge dy’t it skildereftige karakter fersterke.

De hiemen by it plein yn de Binnenbuorren wurde mei rigen stekken ôffredige. It eastlik part fan de terp is kompakt beboud: oan beide kanten fan de Binnenbuorren stean de huzen ticht op elkoar. De huzeparade wurdt iepene mei in breed 18e-ieusk pân. De efterterreinen binne troch de Fiskerssteech en Skoalsteech berikber. Oan de lêste stege leit de 18e-ieuske fermanje. Even fierderop stiet de eardere herberch, it ienichste âlde bouwurk fan twa boulagen. Tsjin it doarp oan stiet in tal flinke boerepleatsen om de oergang fan it kompakte terpdoarp nei it iepen lân te begelieden.

Raard is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is in radiale terp, wêrfan’t de min of mear ovaal ferrinnende ringwei noch foar likernôch twatredde part om de terp hinne rint. De ringwei is frij ticht beboud, eastlik oan beide kanten, súdlik allinne oan de kant fan de terp. De westkant fan de terp is ôfgroeven. Oan de noardkant, dêr’t de even foar 1870 oanleine trochgeande dyk rjochting Lichtaard yn Ferwerderadiel rint, is dat destiids sa sterk en djip bard, dat der in doarpsiisbaan ûntstien is. Dêr manifestearret de terphichte him it dúdlikst. Fan de ringwei ôf rinne inkele steil oprinnende, soms foar privee- gebrûk ôfsetten paden nei de krún fan de terp.

It doarp is yn súdlike rjochting ûntsletten troch de as in âlde slinke troch it lânskip meänderjende Raarder Feart. Dizze rint nei de Dokkumer Ie dêr’t fan it noarden út de streekrjochte, lange wetterferbining fan Holwert op oanslút. De beskieden útwreidings hawwe earst oan de dyk rjochting Boarnwert plakfûn en letter, oant al in tiid nei der oarloch oan de eastkant fan de ringdyk en dêr efter, bûten de âlde terp.

By de krusing, westlik fan it doarp stiet de yn 1916 nei ûntwerp fan Ane Nauta boude grifformearde tsjerke fan Raard en Boarnwert. Westlik fan it doarp leit neiby de grins mei Ferwerderadiel it buorskip Kleffens mei monumintale boerepleatsen oan wjerskanten fan de dyk: Noard en Súd Kleffens. Noard Kleffens út it tredde kwart fan de 19e ieu hat in oerdwers foar de skuorre boud, ûnderkeldere foarein.

De doarpstsjerke, yn de Midsieuwen wijd oan Johannes de Doper, hat in navenant mânske toer mei ynsnuorre spits, dy’t út 1807 datearret. De lytse, fan kleastermoppen boude tsjerke stamt út it begjin fan de 13e ieu. Se hat in wat âlder koar mei in trijekantige sluting, wêrby’t de hoeken troch skalken aksintuearre wurde. Se binne lykwols foar in part ferdwûn efter grutte, letter oplutsen steunbearen.

Ravenswâld is in jong streekdoarp yn de uterste súdeastlike hoeke fan Fryslân. It graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart wie om 1820 hinne op ’e hichte fan it lettere Ravenswâld ta foardere. Parallel oan dizze feart waard de Nije Feart groeven en dêrfan út alve wiken en in pear krúswiken it fean yn. Dêr’t de Dadde Wiek en de Eerste Kruuswiek by mekoar kamen ûntstie de delsetting dy’t yn ‘t earstoan Appelscha Dadde Wiek neamd waard, mar wêrfoar’t nei de oarloch in namme ûntliend waard oan de yn it fean lizzende poel, de Ravensmar.

Ravenswâld wie de lêste feankoloanje fan Fryslân dy’t om-ende-by 1860 ûntstie en yn 1952 de status fan selsstannich doarp krige. Der stienen yn ‘t earstoan ferfeanershutten. It earste echte hûs waard dêr yn 1871 boud op rekken fan in feanbaas en winkelman út Appelskea.

Yn de desennia om 1900 hinne waard it ôffeane gebiet in kultuer brocht. De NV. Gezamenlijke Compagnons van Opsterlandse en Ooststellingwerver Veenen en Vaerten beplante it sintrale gebiet fan 1883 oant 1908 mei in bosk fan 200 ha: de Compagnonsbosschen. Al gau nei dy tiid binne de grûnen dêromhinne oanmakke yn opdracht fan in spesjaal dêrfoar yn 1908 oprjochte kompanjy, dêr’t earder ek de Nederlandsche Heidemaatschappij by belutsen wie. Yn in wiid karree dêromhinne is de grûn geskikt makke foar boulân, wêrby’t de boerepleatsen tige regelmjittich, strang hast, oan de rânewegen boud waarden. De earste pleats ‘Kloksveen’ waard yn 1911 troch de Heidemij ûntwurpen. De dêrop folgjende twa buorkerijen kamen yn 1913 ek yn it easten ta stân nei ûntwerp fan arsjitekt C.J. Wierda. In jier dêrnei kamen der nochris seis pleatsen yn it noarden.

Oan it ein fan de Dadde Wiek is op in sânhichte in stjerrebosk-foarmich plantsoen oanlein. Om-ende-by 1915 stienen der noch gjin tweintich huzen. Dêr kaam feroaring yn doe’t fan 1918 ôf de wenningstichting oan wjerskanten fan de Compagnonsweg ferskate wenningen bouwe liet. Ravenswâld groeide westlik fan de Compagnonsbosschen út ta in L-foarmige delsetting fan beskieden wenningen, dy’t wilens oan de kant fan it bosk in eigen moderne doarpsútwreiding krigen hat.

Readtsjerk is in lang streekdoarp fan foaral fersprate bebouwing mei hjir en der wat konsintraasjes fan agraryske bebouwing. It doarp hinget wat tsjin de Trynwâlden oan, de doarperige yn it noarden fan Tytsjerksteradiel en koe him dêr ûntwikkelje omdat der noch krekt in útrinner leit fan de hegere grûn dy’t nei Readtsjerk oergiet yn lege, feaneftige streken. Oan de súdeastlike kant leit de âlde kearn by de tsjerke en oan de noardwestlike kant rint it doarpsgebiet troch oant by de Moark.Dêr stiet yn de buert Healbird, in 18eieuske kop-hals-romppleats.

Oan it ein fan de 18e ieu hie it in struktuer dy’t no noch te sjen is: : ‘een dorpje met eene kerk zonder toren; ligt aan ’t water de Zwarte Broek, en loopt Westwaards aan, tot aan de Trynwouden in Tietjerksteradeel, met zyne bouwlanden, in welke zyn de buurtjes Healbird, de Syewier aan de Mork, en wat nader by de Weerbuuren.’ Readtsjerk is hielendal rjochte op de Trynwâlden, omdat it efter de feangebieten en it pas let (1926) yn kultuer brocht en troch natuergebieten omringe Bûtenfjild frij isolearre leit oangeande de oare doarpen fan Dantumadiel. De frij losse, foaral agraryske bebouwing fan de streekjes by de Koaiwei en Sickamawei en yn de buert fan de tsjerke mei wat kop-romppleatsen giet frijwol ûngemurken troch yn dy fan noardlik Mûnein.

De tsjerke sûnder toer is yn de betide 12e ieu boud fan dowestien mar is letter feroare. De dowestiennen noardlike muorre is noch hielendal yn it sicht; de westlike muorre is yn de 18e ieu yn reade bakstien restaurearre en letter binne de súdlike en eastlike muorren ommitsele. Op it dak lizze glazuere Lucas IJsbrandpannen. By de tsjerke is in opmerklike fynst dien: in sarkofaachdeksel fan griisgiele sânstien út de 12e ieu – ûngefear like âld as de tsjerke – mei in foarstelling fan in yn in pij klaaide man en mei in dekorative rânefersiering. It seldsume keunstwurk is no yn it Fries Museum yn Ljouwert.

Reahûs wie oant 1956 in buorskip by Easterein en krige doe pas de status fan selsstannich doarp. It lei tsjin de súdlike flank fan de Slachte oan en dus eins bûten it ‘eilân fan Easterein’, al stiet der in lytse stjelppleats mei in moaie beammeseame op it eilân. It is ien fan de jongste doarpen fan Fryslân. Nei de Herfoarming is hjir tichtby de grins fan twa gritenijen troch dyjingen dy’t it âlde leauwen trou bleaunen, in skûltsjerke ynrjochte yn in hûs mei in read pannedak. Folle letter is dêr in lytse delsetting omhinne groeid: healwei de 19e ieu is der sprake fan in seistal huzen by it tsjerkje.

Oan wjerskanten fan de Slachte steane kapitale esken dy’t de streek by de dyk lâns in soarte fan yntimiteit jout. Daliks by de westlike yntree yn Reahûs steane oan de súdkant earst in grutte stjelpbuorkerij út it begjin fan de 20e ieu en in fraai opknapte kop-hals-romppleats fan om-ende-by 1870 te pronk. Dêrnei folgje inkele en groepen wenningen út ferskillende bouperioaden.

Reahûs is in roomsk-katolike enklave mei in echte tsjerke sûnt 1892, de neogoatyske Martinustsjerke, ûntwurpen troch Alfred Tepe. Se is in pseudobasilyk fan fjouwer ferwulffakken djip, dy’t skoarre wurde troch swiere pylders mei listkapitelen. It brede skip wurdt ferfette yn in lang útrekt koar, mar de sydbeuken rikke net sa djip en einigje yn achtkantige kapellen. De mânske toer wurdt bekroand troch in ynsnuorre spits. Tsjerke en toer hawwe yn de wide omkriten in sterke silhûetfoarming. Yn de jierren 1895-1905 krige de tsjerke neogoatysk meubilêr út it ferneamde atelier Mengelberg út Utert. Fierder kaam der yn de tsjerke in searje brânskildere ruten. De rige krúsweistaasjes en in alterstik binne skildere troch de út Wâldsein ôfkomstige keunstner Otto de Boer. De parochy besit in polygromeard, let 15e-ieusk byld fan Sint-Martinus op it hynder mei de bidler. It is yn ‘e tiid fan de Reformaasje meinaam út Easterein, fanâlds ek in Martinus-parochy. It is ien fan de moaiste midsieuske foarwerpen fan devoasje fan Fryslân.

Reitsum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. Mei Ginnum, Lichtaard, Jislum foarmet it in kwartet fan de Vlieterpen, flechtterpen. In eigenaardige beneaming omdat frijwol alle doarpsmienskippen yn de wide omjouwing terpen foarmen om by heech wetter flechtsje te kinnen. Ut âld kaartmateriaal blykt dat Reitsum altyd út in tsjerke, inkele huzen en buorkerijen en in state bestien hat. Yn de beheinde beskriuwing fan de Tegenwoordige Staat van Friesland (1786) komt it der op del dat Reitsum noch wat oansjen hat troch de hearlikheid Hania. Dit Hania is net werom te finen, wol Staniastate dat noardeastlik tichtby Lichtaard leit. De terp fan Reitsum koe mei troch de tinne bebouwing oan it ein fan de 19e ieu foar in grut part fergroeven wurde.

De doarpstsjerke is yn 1738 boud om in midsieuske tsjerke mei sealdaktoer te ferfangen. De preekstoel mei ryk houtsnijwurk út 1638 bleau wol bewarre. De ienfâldige tsjerke mei lisenen tusken de gevelflakken mei brede spitsbôgefinsters is oant twa kear ta flink útwreide. Yn 1874 binne oan de westkant de foartsjerke en oan de eastkant it koarpart fergrutte. Op it westlike part stiet in houten geveltoer mei in lûdklok dy’t yn 1612 troch Hendrik Wegewaert getten is. Yn 1881 is de tsjerke fergrutte mei in dwers pleatste noardlike beuk. De fergruttingen ha plak fûn omdat it tal tsjerkegongers doe grut wie.

De ferneamde predikant J.J.A.Ploos van Amstel stie hjir fan 1863 oant 1866 en fan 1876 oant syn dea yn 1895. Yn de lêste perioade hat er de Doleânsje yn 1886 aktyf belibbe. Reitsum wie de earste Fryske gemeente dy’t doleare en de tredde fan it lân. Ploos is op it tsjerkhou fan Reitsum begroeven. In jier nei syn dea is de grifformearde tsjerke boud, in ienfâldige sealtsjerke mei in houten geveltuorke. Der steane in tal monumintale kop-hals-romppleatsen yn de omjouwing fan de tsjerke; op de âlde Staniaterp stiet ek in buorkerij fan dat type.

It terpdoarp Ried is stichte op ien fan de súdwest noardeast rinnende kustwallen yn it âlde Barradiel en Frjentsjerteradiel. It hat syn namme te tankjen oan de namme fan it wetter, de Rie, dy’t noardlik by it doarp lâns rint, in oantinken oan de slinken út de tiid dat it lân noch net bedike wie.

De bebouwing is foaral by de wegen lâns, Doanjumerwei – Kleasterdyk pleatst mei inkele notabele wenningen, wêrfan ien in dekoratyf koetshûs hat en mei in pear filla’s yn fernijende styl fan koart nei 1900. Ek oan de dyk nei it suden nei Peins is bebouwing kommen. Pas letter is de Nieuweweg nei it noarden mei foaral wenningwetwenningen beboud rekke. Flakby de tsjerke stiet yn de kearn fan it doarp de eardere suvelfabryk, wêrfan it front it karakter fan de fernijende styl hat en it jiertal Anno 1909 draacht. It romme tsjerkhou is mei de súdkant nei de dyk rjochte en omseame troch in bûkehage mei ipen. Der steane wat húskes omhinne, wêrtroch amper te sjen is dat se op in terp lizze.

De tsjerke, in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar, is yn 1653 boud, nei alle gedachten op de fûneminten fan in âldere tsjerke. De leeftyd wurdt net troch it gebou sels oanjûn, want it is yn de 19e ieu blokt stukadoare. Oan de súdkant sitte mânske spitsbôgefinsters; oan de noardkant is de gevel hielendal blyn en foarsjoen fan de oanbou mei byromten. It oarspronklike gevelwurk is net te sjen. Yn de súdlike (sicht) gevel wurdt troch in grutte rige gevelstiennen in protte meidield. De boudatum fan de tsjerke en ek dat de toer ynstoart is en dat de nije yn 1625 boud is troch mr. Abe Ede. De betinkingsstien is mei noch in oare mei de meidieling “1625” wer pleatst, want de toer is folle nijer. Hy is yn 1925/26 hielendal ommitsele. Boppe de nok fan it tsjerkedak draacht de romp in foarse kordonlist en hat er in list foar bekroaning en in ynsnuorre achtkantige spits.

Rinsumageast is as streekdoarp op in sânrêch – fandêr ‘ geast’ yn de namme – op de oergang fan de klaai yn it noarden en it fean yn it suden ûntstien yn de Midsieuwen. Doe ferstigen de haadlingen har dêr dy’t Juwsmastate, Eysingastate, Melkamastate en Tjaardastate yn of tichtby it doarp stichten. De earste ferdwûn al gau; Tjaardastate, in echt kastiel, stie noch oant 1834 súdlik fan de tsjerke. Troch dizze staten wie Rinsumageast in deftich doarp. Yn de folle Midsieuwen waard noardlik fan it doarp it kleaster Klaarkamp stichte: it soe ta ien fan de grutste kleasters fan Fryslân útgroeie.

Fan de 17e ieu ôf hat it doarp him ûntwikkele by de Moark lâns, it wetter dat oant by de Trynwâlden yn noardlik Tytsjerksteradiel rûn. Heaks dêr op in groeven feart mei in yn 1648 oanlein trekpaad nei de Dokkumer Ie. Yn dit swierwichtige doarp hienen dan ek it gritenij – en letter gemeentebestjoer sit. De herberch dy’t ek as rjochthûs brûkt waard, stiet op’ e hoeke fan de Rjochthûsstrjitte en Van Aylvawei en is nei alle gedachten fan ûngefear 1700. It is in mânsk, twa boulagen tellend pân mei pilasters yn de gevels.

Doe’t yn 1881 in nij riedshûs yn Damwâld (Moarmerwâld) boud waard, rekke it syn funksje foar it bestjoer kwyt. By de freonlike doarpsgrêft lâns steane noch altyd kreaze doarpswenningen, wêrfan inkele fan it notabele type en respektabele leeftyd.

De Tjaardawei giet fan de kearn út yn westlike rjochting. Dêr riist de tsjerke mei dûbel skip en sealdaktoer op. It rûne koar is it âldst, fan ûngefear 1100, miskien sels earder. Der is yn de 12e ieu in skip mei sydbeuken byboud. De sydbeuken binne letter ferdwûn en de muorren fan it skip ticht setten. It muorrewurk fertelt dat mei grutte bôgen. Under it koar is yn de 14e of begjin 16e ieu in kript yngroeven en oanklaaid mei gâns âld materiaal: in mysterieuze romte. Oan it begjin fan de 16e ieu is de grutte súdbeuk boud. De toer kaam yn 1610.

Reahel is in streekdoarp fan nei alle gedachten deselde midsieuske oarsprong as de doarpen dy’t der omhinne lizze, mar der is net folle mear fan in doarp te fielen. Reahel hat dan ek in dramatyske skiednis. Op de gritenijkaart fan Skoatterlân yn de atlas fan Schotanus út 1718 hat Reahel noch in aardige kompakte buert en hielendal oan de súdkant fan de Tsjerkewei stiet de tsjerke op de noardlike wâl fan de Tsjûkemar.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 al: ‘Rohel, of Nyega, een Dorpje gelegen ten Westen van ’t voorige Rotsterhaule, en onmiddelyk grenzende aan het Tjeuke meer, dat van tyd tot tyd een groot gedeelte der Veenige landen, hier onder behoorende, heeft ingezwolgen. Door dit Dorpje, alwaar voor deezen ten minsten eens zo veel huizen plagten te staan, gaat de gewoone rydweg uit deezen kwartieren naar de Lemmer.’

De tsjerke en tsjerkhou mei klokkestoel binne troch de grutte wetterflakte fan de Tsjûkemar yndie ferswolgen. De lytse mienskip is net by steat west om in nij gebedshûs te stichtsjen, wêrtroch it doarp nea in kearn wer krigen hat. Op de kaart yn de Eekhoff atlas fan 1848 is it byld fan doarp en lânskip folslein feroare. Der stiet yn it uterste suden noch it eardere tsjerkhou oanjûn en noardlik leit in grutte plasse troch it fergraven fan it lân foar de turfwinning.

Nei de Earste Wrâldoarloch is Polder Reahel foarme en yn kultuer brocht. Nei de Twadde Wrâldoarloch is yn it noarden in belangryk part fan it lân útjûn foar sân túnboubedriuwen. Fandêr de úntslutingsdyk Kwekerijwei. Súdlik fan it doarp leit de kant fan de Tsjûkemar en dêr wurdt yn de buert wêr’t ea de tsjerke stie mei in âld draaibrechje oer de dyksleat tagong ferskaft ta it natuergebiet Marswâl fan Staatsbosbeheer. Der mei oer de dyk kuiere wurde. tsjintwurdich steane oan it súdeastlike part fan de Tsjerkedyk wat buorkerijen, noardliker in buertsje fan wenningen en ferspraat hjir en dêr noch wat bebouwing.

Rotstergaast is in streekdoarp dat tichtby feanmoeras nei alle gedachten yn de Midsieuwen ûntstien is op in útrinner fan in sânrêch noardlik fan de Tsjonger of de Kuunder. Yn 1315 stienen twa kapellen yn Rotstergaast, wêrfan ien ta tsjerke ferheven waard. It doarp hat twa út inoar lizzende buerten mei wat konsintrearre bebouwing en fierder fersprate pleatsen.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld dat Rotstergaast of Kleine Gaast it lytste doarp fan de gritenij Skoatterlân is: ‘Weleer stond hier eene Kerk, die reeds voor veele jaaren is te niete geraakt: dit Dorpje ligt even ten noorden van de Kuinder, en strekt zich zeer verre uit naar dien kant met zyne hooilanden; zynde de Westelykste huizen bekend by den naam van Westergaast. Ook gaat van dit Dorpje, door de drooge Rustersloot, een rydweg naar Nieuwe Schoot.’Op de gritenijkaart yn de Schotanusatlas fan 1718 stie al oanjûn dat de tsjerke ferfallen wie.

De súdwestlike buert, Westergeast is no de streek by de Skoatterwei en wie doe aardich beboud. Wylst yn de noardeastlike buert, mei de namme Snakkerbuorren dy’t doe noch by Rottum hearde, ferspraat wat huzen en pleatsen stienen. In reed yn noardeastlike rjochting gie nei Nijeskoat. De Rustersleat dy’t nei Rottum gie, stie oan it begjin fan de 18e ieu al droech, mar dêr is letter wat oan dien: op de kaart yn de atlas fan Eekhoff is de Rotster Sleat oanjûn.

Yn Westergeast is it tsjerkhou bestean bleaun en nei’t de tsjerke ferfallen wie, is yn 1928 dochs wer in sobere herfoarme kapel boud. Der stie yn elts gefal fan 1722 ôf in klokkestoel. De tsjintwurdige, mei in helmdak, is yn 1976 restaurearre.

Yn Snakkerbuorren stiet de stjelpbuorkerij Champignon út 1871 mei in foar in part ûnderkeldere foarhûs en oan de Skoatterdyk tusken de twa buerten yn oan de iene kant Nieuw Jagtlust, in stjelp fan itselde type út 1870 en oan de oare kant de kop-hals-romppleats Tsjongerswâl út it midden fan de tritiger jierren mei ekspresjonistyske karakteristiken.

Rotsterhaule is in streekdoarp dat om 1500 hinne ûntstien is op de ûntginningsas fan Sint Jansgea út yn it noardeasten. Op de betiidste kaart dy’t Rotsterhaule yn byld bringt, de kaart fan Schotanus út 1718, is it doarp in streek mei wat huzen en buorkerijen mei wat boulân en fierder feanlân yn it noarden en healân yn it suden.

It doarp hat gjin tsjerke, yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 net safolle oer it doarp skreaun: ‘Rotsterhaule, dus genaamd om ’t zelve te onderscheiden van Ousterhaule in Doniawerstal, ligt in ’t Noorden van St. Johannisga, tusschen ’t zelve en Rohel, en in eene volkomen gelyke ligging, ten opzigte der Bouw- en Veenlanden.’ Fan it midden fan de 18e ieu ôf baggeren de Gietersen by Aldehaske en al gau ek by Sint Jansgea en Rotsterhaule leechfean út om it ta turf te bewurkjen. Op de gritenijkaart fan Skoatterlân yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat der troch de grutskalige ferfeaningen nochal wat feroare is yn Rotsterhaule en syn doarpsgebiet.

De bebouwing by de Streek lâns is gâns tichter wurden, mar de omjouwing in stik leger. De noardeastlike helte fan de doarpsstreek wurdt flankearre troch grutte feanplassen. Fan it ein fan de 19e ieu ôf rekke de streek ynpoldere en is de bebouwing fan de streek fierder fertichte. De landerijen oan wjerskanten fan de Streek lizze merkber leech: it measte hiem is ophege, mar sommige wenningen lizze opfallend djip. Der stiet nochal wat karakteristike bebouwing út de tweintiger en tritiger jierren. Oan de súdlike flank fan it doarp lizze in stik as wat mânske stjelpbuorkerijen.

Grutte bakkers ha, lykas yn it buordoarp Sint Jansgea, harren spoaren efterlitten, want brea en koeke waarden eksportprodukten fan dizze streek. Oan de Hege Dyk yn it suden, de ferbiningswei tusken It Fean en de Lemmer, is in agraryske streek groeid. Fierder nei it suden ta oan de Tsjûkemar leit de buorskip Fjouwerhûs, in karakteristyk gebou út de jierren tritich.

Rottum is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen by de Binnendyk lâns as ûntginningsbasis ûntstien is. Op de betiidste gritenijkaart fan Skoatterlân (Schotanus, 1718) is de agraryske streek fan Rottum mei hast allinne bebouwing oan de noardkant fan de Binnendyk werjûn. Yn it midden fan de streek stie de tsjerke. Noardlik fan de streek lei feanlân, súdlik en eastlik healân.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: : ‘Rottum, weleer Rotna genaamd, is thans een klein Dorp, alwaar veele huizen zyn afgebroken, … loopende tot aan Haskerlands grenzen: weleer hield men hier den Landsdag der Zevenwouden. Uit dit Dorp kan men, langs drie verschillende wegen, ryden naar Oudeschoot, Lemsterland, Donjewerstal en Haskerland: ook loopt van hier eene vaart in de Overspitting, die van de Jouwer naar ’t Heerenveen gaat, benevens eene andere, die in het Tjeukemeer valt, om nu niet te spreeken van de Rotstersloot, die voor deezen van hier naar de Kuinder liep, doch thans is opgedroogd.’ Faaks hie it doarp troch de goede ûntslutingen oer wetter ea in sintrale posysje. Yn de Tachtichjierrige Oarloch wie it noch sa belangryk en strategysk fan lizzing dat der in skâns oanlein wie.

De tsjerke is yn 1791 ôfbrutsen. Dy is sûnder toer west, want der stie yn elts gefal yn 1732 al in klokkestoel. Op it wat ferhege tsjerkhou stiet no in út de tritiger jierren datearjende goed ûnderhâlden, betonnen klokkestoel mei in lûdklok dy’t nei alle gedachten yn 1443 troch Johan van Bomen getten is.

De Binnendyk is in belangrike ferkearsdyk tusken It Fean en De Lemmer wurden en it doarp liket tsjintwurdich te bestean út inkele buerten. Oan de agraryske streek tusken Rottum en It Fean steane in stik as wat kreaze buorkerijen, in kop-hals-romppleats út 1914 en de stjelp ‘Geertje Hoeve’ út ûngefear 1930. It eastlike part fan de doarpskearn krige flakby de Moleleane de wichtichste doarpsútwreiding. Ek westlik by de Badwei is wat nijbou nei de oarloch realisearre. De âlde Binnendyk en de âlde Postwei foarmje âldere streken.

Hoewol it streekdoarp Rûgehuzen súdwestlik fan Balk it karakter fan in buorskip hat, wurdt it fanâlds oanmerke as in selsstannich doarp. Oan de Coenderssingel, de Rûchhústerwei en foaral de Jan Jurjenssingel stiet ferspraat lytsskalige bebouwing fan huzen en buorkerijkes. It doarp skynt lang lyn in tsjerke oan de Balkster kant hân te ha, mar dêr is gjin spoar mear fan oer.

Tsjin de súdlike râne fan de Starnumanbosk leit it begraafplak wêr’t in klokkestoel op stiet mei in yn 1746 troch Cyprianus Crans getten klok, wat wol op in doarpsk ferline wiist. Yn it lêste kwart fan de 17e ieu ha harren hjir út Frankryk flechte Hugenoaten festige, fan wa’t noch in pear huzen oerbleaun binne. Efter Rûchhústerwei nûmer 16 stiet in grutte Amerikaanske wynmotor fan ûngefear 1920. Tsjinoer de noardeastlike seame fan it Starnumanbosk leit it bosk fan de Bremer Wyldernis en dêr efter de buert Nieuw Amerika.

Efter de Coenderssingel is in ferrassing te finen. Dêr stiet efter de oprydleane De Mottekamp, oarspronklik in jachthûs of bûtenferbliuw by in boereskuorre fan ûngefear 1880 wêrfan de ôfkomst noch net helder is. It wyt pleistere bûtenferbliuw is yn in mingde styl boud wêrby it neoklassisisme dominearret. It bestiet út in hege middenbou en lege fleugels. It brede middenstik is ta twa boulagen as trapeziumfoarmige erker útboud. Dêr steane oan de foarkant finsters yn, skieden troch sjarmante pylderkes en krulornaminten yn de swikken en yn de skeane sydkanten smelle, sletten finsters. De middenpartij wurdt bekroand troch in tichte attyk mei yn en útswinkende kontoer. De fleugels wurde op de bûtenste hoeken en flakby de erker flankearre troch brede pilasters mei listkapitelen dy’t gjin fries of kroanlist ha, mar wêr’t in horizontaal fjild op folget mei muorreankers yn dûbele palmet-foarm.

Ryptsjerk is in streekdoarp dat mooglik al yn de Midsieuwen ûntstien is en dat yn de 16e ieu in ympuls krige doe’t stedhâlder George Schenk van Toutenburg súdwestlik fan de streek in bûtenferbliuw stichte. It doarp kaam deunby de yn 1528/31 oanleine dyk fan Ljouwert nei dit Toutenburg te lizzen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is Ryptsjerk lykas dy fan Trynwâlden in doarp mei frij losse bebouwing by in pear troch beammen omseame wegen en paden lâns. Súdlik lizze Toutenburg en Hanenburg oan de dyk dy’t nei Tytsjerk en Suwâld liedt. Oer wetter is it doarp nei it westen en easten ûntsletten.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1786 fan Ryptsjerk meld: ‘Dit dorp is door menigvuldig geboomte zeer vermaakelyk, ook water- en vischryk, waarom ’t ook veel door watervogelen bezocht wordt, die hier in menigte, door middel van verscheiden kooien, gevangen worden. … In ’t Zuiden aan de Zwarteweg heeft men verscheiden fraaie buitenplaatsen, wier oudste is Toutenburg, alhier aan den rydweg naar Tietjerk. … Het grootste gedeelte van de Zwarteweg … behoort onder dit dorp.’ De Swartewei waard yn 1830 ferbettere en ferlingd ta ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Grins.

Yn de tsjerkebuorren stiet de yn 1757 boude tsjerke, in sealtsjerke mei in trijekantige sluting en in ynboude toer mei in ynsnuorre spits. Fan it meubilêr datearje de preekstoel mei doophek en fjouwer hearebanken út it twadde kwart fan de 17e ieu. By de tsjerke stiet in buorkerij dy’t mei in dwers pleatst foarhûs mei útboude halsgevel ferwiist nei de 18e ieu, mar it resultaat is fan wer brûken yn 1878.

It bûtenferbliuw Vijversburg út ûngefear 1725 is yn 1844 yn opdracht fan dr.Nicolaas Ypeij ferboud. It is hielendal pleistere en fertoant nei neoklassicistyske details. Yn it leste jier is it park nei ûntwerp fan Lucas Roodbaard yn lânskipsstyl ferboud. Oan de Swartewei stiet it túnhûs mei in omrinnend balkon. De Stichting Op Toutenburg is in âldereinkompleks yn neorenêssânsestyl nei ûntwerp fan H.H.Kramer.

Sânfurd is in lyts terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn it midden fan it marregebiet yn it súdwesten fan de gritenij. Op de betiidste kaart fan de gritenij yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet de tsjerke fan ‘Zandvoord’ mei ien hûs oan Het Hop, in rune útrinner fan de Ringwiel. Westlik fan dizze kom stiet ien, en fierder op it skiereilân nei de Flakke Brekken lizze noch in fjouwertal pleatsen. Noardlik fan de Aldegeaster Brekken leit tusken in pear poelen de Sânfurder Ryp dy’t by it doarp hearre.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: ‘Zandfirde, of Zandvoord, ook een klein waterachtig dorp … in ’t Noorden aan de Ringwiel. In ’t Oosten heeft men een Watertje, dat den naam draagt van Gouden poel, en in ’t Westen een groot doch ondiep water, de Vlakke Brekken genaamd. In ’t Noorden van hier, over de Oudegaster Brekken, aan de poelen, op de scheidinge van Wonzeradeel, ligt het buurtje, Zandvoorder Ryp.’ De fersprate bebouwing wie allinne oer wetter ûntsletten. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff blykt de bebouwing yn de doarpskom tanommen en dizze is mei in lândyk oer De Band mei Aldegea ferbûn. Ek yn de Sânfurder Ryp binne mear pleatsen kommen.

It doarp bestiet út in tsjerke, inkele groepkes huzen en in pear ferspraat lizzende flinke stjelpbuorkerijen oan de dyk dy’t nei de Flakke Brekken liedt. Om de tsjerke hinne stiet in trijetal wenningen, datearjend út it ein fan de 19e ieu en yn de tuskentiid diels ferboud. Hjirtusken riist de tsjerke op. It tsjerkhou wurdt omseame troch in bûkehage mei linebeammen. De ienfâldige sealtsjerke is boud fan waarme readbrune stien. Sa’t bliken docht út de ankers yn de sletten westgevel is de tsjerke boud yn 1732. De gevels fan it skip binne yndield mei lisenen. De súdgevel is iepene mei rûnbôgefinsters. Ek de yngongspartij is rûn sletten. De houten geveltoer hat in ynsnuorre mei sink dutsen spits. It ynterieur hat in preekstoel út it midden fan de 17e ieu en in oargel.

Skalsum leit eastlik fan Frjentsjer en foarme mei Boer, Rie, Peins en Sweins de saneamde Frjentsjer Fiifgea: noardlike doarpen fan de lytse plattelânsgritenij Frjentsjerteradiel. It liket in streekdoarp by de dyk nei Menameradiel lâns, mar it is wier wol in terpdoarp. Fan de bebouwingsstreek fan huzen en buorkerijen ôf dy’t foaral noardlik fan de dyk leit, rint de Tsjerkestrjitte nei de terp. Dêr steane ek noch in pear húskes, mar de middelmjittich hege terp is foaral poadium foar de tsjerke en har tsjerkhou.Foar oan de dyk, op’ e hoeke, stiet de foarse (eardere) pastorije, in eklektysk bouwurk út de santiger of tachtiger jierren fan de 19e ieu. It bouwurk riist yn twa hege boulagen op, de wanden binne blokt stukadoare as is de wenning fan grutte blokken natoerstien boud. De middenpartij hat in dûbele doar yn in portyk mei in balkon der boppe. De finsters binne yn pleister omlist mei fraaie slutingskuiven yn it midden.

De tsjerke is boud oan it ein fan de 12e of begjin 13e ieu. Sy toant har oan de súdlike gevel op syn âldst: in histoarysk tapyt. Der binne grutte spitsbôgefinsters yn, mar der binne ek spoaren fan lytse rûnbôgefinsters. Tsjin de muorre steane inkele steunbearen en der binne spoaren fan in rûnbôgige yngong. De muorre fertoant mingd moppemateriaal: giel en appelblossem.De noardmuorre is fernijd mei lytse gieltsjes wêr’t in pear grutte finsters yn stean. It koar is healrûn sletten, mar boppe de finsters liket it oer te gean yn in 5/8 systeem. De kap is dekt mei blau glazuere Lucas IJsbrandpannen. Yn it ynterieur datearret de iken preekstoel mei sniene panelen út 1711 en it oargel is út it begjin fan de 19e ieu. De toer hat in 19eieus foarkommen trochdat er doe oan trije siden beklamme is. Yn de 18e ieu wie de toer noch begroeid mei klimop. Dy is troch it dêryn hûzjende skealike fûgelguod roaid, mar lang hat it sechje noch klonken: ‘To Skalsum, yn’ e klimmerbean’.

Skarl is hast neat, in doarpke fan in pear húskes en buorkerijen om in mei flinke beammen omseame tsjerkhôf hinne, dêr‘t gjin tsjerke (mear) op stiet, mar in klokkestoel. De klok is yn 1597 getten troch Hendrik Wegewaert út Kampen. Oan de soal fan de rêch fan balstienliem dêr’t it Reade Klif fan ta op in hichte fan njoggen meter en mei in lingte fan 200 meter opdreaun is, liket it wol dat it doarpke yn in griene fallei dellein is. Dizze fallei giet nei in betreklik lege dyk oer yn de folslein lege en oardel meter djippe Suderpolder fan Starum. Oan de súdkant fan de Staverske Sudermarpolder moat it yn de tiid foar it droechlizzen (even nei 1620) al hielendal yndruk makke ha: de hege gaasten, dy‘t rap oergean yn in flinke wetterflakte. Oan de kust wie it Reade Klif oan it lêst fan de 19e ieu ta yndie read fanwege de reade balstienliem. Yn dy tiid is de steile seekant ta in mei gersseadden dutsen gloaiïng makke. Yn 1952 is op it klif in monumint fan balstiennen oprjochte, nei ‘t dêr sûnt 1945 jierliks de Slach by Warns betocht wurdt, wêrby‘t yn 1345 de Hollânske graaf Willem IV mei syn troepen troch de Friezen ferslein waard.

It buorskip Laaksum bestiet út in pear fiskershúskes en in buorkerij. De sfear wurdt sterk bepaald troch de dyk, mar Laaksum is benammen bekend as de lytste haven oan de eardere Sudersee. De buert wie yn de 18e ieu al wat ferneamd fanwege de goede kwaliteit bot dy‘t troch de fiskers ynhelle waard. De haven fan Laaksum is in kultuerhistoarysk monumint: de sfear fan de oarspronklike Suderseefiskerij is der noch te priuwen. De haven waard yn 1912 oanlein as flechthaven foar de pleatslike fiskers. Letter gie de beropsfiskerij fanwege de oanlis fan de Ofslútdyk hast hielendal ferlern. De haven rekke yn ferfal. Yn 1998 krige it kompleks har âlde gloarje wer werom. Ekstra neidruk wurdt lein op it histoaryske karakter fan de haven troch de mei de hân bakte klinkerkes op de pier en de letter wer pleatste âlde pikeltonnen. Yn dy tonnen waarden eartiids de fisknetten konservearre.

Skearnegoutum is oan de eastlike râne fan de eardere Middelsee in terpdoarp wêrfan it profyl dúdlik te merken is. Mar de terp leit besiden de trochgeande dyk dy’t nei de brêge oer de Swette, de trekfeart tusken Snits en Ljouwert, rint. De terpfoet is te werkennen oan de oprinnende tún fan de klassike pastorije. Der binnen terpfynsten út de 4e en 7e ieu. Mei it ynpolderjen fan de Middelsee is de terp opnommen yn it dykkompleks.

It doarp hat profitearre fan de lizzing oan de trekfeart en de dyk tusken Ljouwert en Snits. Dêr stienen ynearsten de huzen en wurkpleatsen: om de tsjerketerp hinne wie it oardel ieu ferlyn noch frij leech. Oan de trekfeart en dyk binne âlde buertsjes te finen. By de brêge stiet oan de kant fan de dyk de earder drok besochte herberch. Op de oare walskant fan de Swette stiet de eardere suvelfabryk, no mei in oare bedriuwsbestimming.

Op it krúspunt yn it doarp is yn 1884 in tsjerke troch de ôfskiedenen stichte, wat gjin wûnder fan arsjitektuer is. De herfoarme tsjerke fan 1861 is dat likemin, mar de mingde styl is der mei plezierige ferhâldingen en sels mei in bytsje grandeur tapast. It gebou op de hege, troch hagen en beammen omseame terp is in ûntwerp fan de Snitser arsjitekt Miense Molenaar. De tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters yn it griisbrune muorrewurk dat troch lisenen yndield is. De toer hat in swiere ûnderste yndieling dy’t tagelyk tagongsportaal is. Dêrop folgje noch twa dielen en in spits. Noardlik fan de tsjerke stiet it ferieningsgebou Elim yn in aardige Amsterdamse School trant.

Nei de oarloch hat de earste doarpsútwreiding oan de súdwestlike kant mei benammen folkswenningbou plak fûn, letter is oan de noardkant in fikse útwreiding kommen. Oan de oare kant fan it spoar leit in nij bedriuweterrein. Noardeastlik fan Skearnegoutum is yn 1233 út Bloemkamp wei by Hartwert it frouljuskleaster Aula Dei of Nijeklooster op in hege terp stichte. No steane der in pear pleatsen en huzen.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |