It terpdoarp Easterlittens hat syn tsjinhinger Westerlittens, in boerebuorskip westlik fan Wommels. Easterlittens leit by in krusing fan wetterwegen, de fan âlds belangrike Boalserter Feart en de Frjentsjerter Feart. By dizze wetterkrusing kaam yn 1888 in suvelfabryk. De fabryk gie om 1990 hinne ticht en waard yn 1997 sloopt. De hege skoarstienpiip is mei it tsjettelhûs as monumintale neitins bewarre bleaun. Yn it doarp wurdt it doarpsbyld bepaald troch de diels ôfgroeven hege terp mei in flinke tsjerke en hege toer. It hôf is omseame mei linebeammen. Súdlik fan ‘e tsjerke leit in plein mei bebouwing deromhinne. Dit plein wurdt by ‘t simmer faak brûkt om te strjittekeatsen. Yn de bebouwing is kafee “Het Wapen van Friesland” it markante hichtepunt. Binnenyn pronket de taapkeamer mei muorreskilderings út 1945 troch merke-attraksjeskilder Hendrik Giesing.

Tusken plein en tsjerke en de eastlike kant fan de Frjentsjerter Feart yn bestiet wat in tizeboel oan steechjes mei âlde en minder âlde huzen, húskes en in heech tsiispakhús. Oan de feart ôfwikseljend in kade, oertunen en partikuliere túntsjes oan it wetter, wêrtroch’t skildereftige trochsichtsjes ûntstean. Westlik fan de brêge oer de Frjentsjerter Feart stean noch in pear rinteniershuzen en wat fierderop lizze buorskippen mei monumintale boerepleatsen: Wieuwens of Sprong en Skrins.

De Margareta-tsjerke is oarspronklik fan dowestien boud yn de 12e ieu. De súdgevel fan de tsjerke bestiet út giele kleastermoppen, mar ek binne der fjilden fan dowestien bewarre bleaun. Der binne grutte spitsbôgefinsters en bouspoaren út alderhande perioaden. It koar is healrûn sletten. De noardgevel eaget libbendich troch alle bouspoaren: lytse romaanske finsters, in tichtmakke yngong mei profilearre kezinen. Yn de 15e ieu is der in sakristy tsjin de tsjerke oanboud. De foarse toer is 19e-ieusk; De earste stien is, sa as stiet te lêzen op in tinkstien, yn1854 lein en hy is opknapt yn 1902. De tsjerke hat trije segminten en in achtsidige ynsnuorre spits. Op it tsjerkedak stiet in ruter mei in angelusklokje. It ynterieur ûnder it spitsbôgige tonferwulf datearret foar it measte út healwei de 18e ieu.

Earnewâld is in streekdoarp oan it wetter, dat nei de Midsieuwen ûntstien is oan it Earnewâldster Wiid. Yn de ieuwen dat it ferkear en transport noch foar it grutste part oer it wetter plak fûn wie it doarp goed ûntsletten.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1786 skreaun: “ ’t kleinste en afgelegenste dorp der geheele Grieteny. De Kerk van dit dorp heeft een stompen toren, en weinig huizen rondom de kerk, ook in ‘t geheel maar 13 stemmende plaatsen. Naar dit dorp loopt geen rydweg ; dus kan men derwaards alleen te lande komen, midden in een droogen Zomer, over de laage Garypster landen; doch de vaart is zeer gelegen en vermaakelyk, dewyl hier alle schepen uit de Drachten, Oudega, Smallenee en Beetsterzwaag moeten voorby vaaren, om voorts, over Wartena, naar Leeuwarden te komen.”

Nettsjinsteande de geunstige lizzing is Earnewâld in lyts doarp bleaun, omdat it midden yn de feanlannen lei. Dêr waard yn it lêst fan de 18e ieu foaral oan de westkant fan it doarp folop turf útgroeven en baggere. Op de gritenijkaart fan Tytsjerksteradiel yn de Schotanus-atlas fan 1716 is fan dizze aktiviteiten noch neat te sjen. Op dizze kaart is de tsjerke mei de stompe toer ôfbylde: in sealdaktoer dy ‘t yn 1794 ferfongen is troch de hjoeddeiske tsjerke mei in trijekantich sletten koar, in toer mei in ynsnuorre nullespits. Der hinget in liedklok yn fan Geert van Wou út 1500.

De feanderij, dy‘t troch gie oant yn de 19e ieu, hat by Earnewâld in bysûnder petgatten- en puollegebiet efterlitten. It joech yn de 20e ieu alle mooglikheden ta it ûntjaan fan betiid wettertoerisme, wêrnei‘t ek de natuerlike wearde alle oandacht krige. Foar dizze “Alde Feanen” waard troch It Fryske Gea in belied ûntwikkele, wêrby‘t beide aspekten kânsen krigen om har te ûntjaan. Oan de oare kant fan It Wiid is in grut rekreaasjedoarp ûntstien en oan de eastkant fan it doarp it bedriuweterrein De Stripe mei yn it Earnewâldster byld passende aktiviteiten, sa as in skipswerf foar skûtsjes. De 18e-ieuske wâldbuorkerij “It Kokelhûs” is as museum ynrjochte.

Drachtster Kompenije is in streekdoarp dat yn ‘e twadde helte fan de 18e ieu ûntstien is út in pear buertsjes by it gearkommen fan in oantal feanwiken mei de Kompenijstersdwersfeart. Al gâns earder wie op dit plak bewenning: by De Knobben is in grêfheuvel út de brûnstiid fûn. Troch it oplûkende fean is bewenning net mooglik wurden. Dit heechfean is fan healwei de 18e ieu ôf fergroeven. Oan it ein fan dy ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland by de beskriuwing van De Pein dat der yn it easten in grutte oerflakte oan “hoog en vergraaven Veenland, naast aan de Drachten tot aan de Ommelanden uitloopt, onder den naam van Folger Veenen”, it Drachtster Kompenije fan no mei in ferskaat oan buerten en huzen.

Doe ‘t de ferfeaning yn dizze streek dien wie, ferfarden de feanarbeiders fierderop nei oare plakken wêr ‘t wer nij wurk lei te wachtsjen, nei Nij Beets bgl. Yn de Drachtster feanen bleaunen ek arbeiders te wenjen. Sy besochten mei it yn kultuer bringen fan it lân in nij bestean op te bouwen. Sadwaande kamen der buertsjes by: de Meerwijk en de Korte Wijk en de dyk dwers dêrop. Fierders ûntwikkele him oan beide kanten fan De Feart, de Kompenijstersdwersfeart, in wat mear iepen bebouwing fan wenten mei skuorkes en boerepleatsen.

Fan de earste helte fan de 19e ieu ôf kamen der de earste kollektive foarsjennings. Yn 1834 kaam der in skoalle, dy ‘t yn 1869, tagelyk mei de bou fan in skoalhûs, fergrutte waard. Yn 1850 waard op de kop fan de feart in Herfoarme tsjerke boud. De ôfskiedenen bouden der in sealtsje.

Nei de oarloch binne oan de Smidswei en de Swarte Wyk folkswenningen boud, yn de santiger jierren folge troch huzen oan bgl. It Heechfean en yn de njoggentiger jierren de nijbou oan de Pream efter de besteande bebouwing, op sa ‘n wize dat it lânskip net fersteurd wurdt. Yn 1993 wurdt der in achttal wenningen fan nei de oarloch yn it sintrum fan ‘e Tsjerkebuorren ferfongen troch nijbou. Skoalle en tsjerke wienen doe al fernijd.

Donkerbroek is in streekdoarp dat mooglik al yn de 13e ieu ûntstien is tusken Hoarnstersweach en de Haule, oan de fan west nei east rinnende dyk, op in wat hegere rêch yn it lân noardlik fan de Tsjonger. It doarp is dêrmei ien fan de âldere delsettings yn de wide omkriten.

It is al ein 18e ieu dat der in sterke feroaring komt yn dit rêstige agraryske streekdoarp, as fan it noarden út de Opsterlânske Kompanjonsfeart fan it buorskip Lyts Grins ôf yn súdlike rjochting trochlutsen wurdt. Op de krusing fan dyk en feart waard yn 1789 de earste brêge slein.

De ferfeanings binne foar de fierdere ûntwikkeling fan Donkerbroek en omkriten fan grut belang west, mar evengoed is it doarp gjin feanûntginningsdoarp wurden. Der binne plannen west om it feanpakket te brûken foar it winnen fan turf, wêr’t men earst wiken fan de feart út wei grave moast. It is der net fan kommen. Der folgen wol bou-ûntwikkelings oan de feart, sels foar yndustriële aktiviteiten. Sadwaande krige de streek in krúsfoarmich karakter. Noardlik fan Donkerbroek binne by de Kompanjonsfeart yn de tiid fan de feaneksploitaasjes de buorskippen Petersburg en Moskou ûntstien. Dôchs bleau de bebouwing by de Herenweg lâns it meast dominant. Om 1850 hinne reaune de buorkerijen har by dizze dyk lâns oanelkoar. Yn 1861 waard de dyk troch it doarp fluorre en yn 1888 waard de dyk oer Haule nei Veenhuizen ferhurde. Ek by de feart lâns kaam wat bebouwing. De âlde draaibrêge waard yn 1856 ferfongen troch in izeren draaibrêge.

Noardeastlik fan de Kompanjonsfeart waard yn 1898 in suvelfabryk boud, letter folge troch in “Coöperatieve Aankoopvereniging Friesland” fan boeren. Dizze stiet oan de Fruitier de Talmaweg oan de feart, in kompleks út 1911 fan horizontale en fertikale, saaklike bou-eleminten mei sierlike details yn fernijingsstyl. De silo is healwei de fyftiger jierren oprjochte.

Alhiel yn it westen fan de streek stiet de herfoarme tsjerke, dy ‘t yn 1714 boud waard as ferfanging fan de midsieuske, oan de Sint-Laurentius wijde tsjerke, dêr ‘t noch wat muorrewurk fan bewarre bleaun is. De yn de westlike gevel opnommen toer is earst yn 1860 oplutsen. De yngong fan de tsjerke is ek yn de ferboutiid bekroand mei byldhoude wapenstien. De preekstoel is mooglik yn de boutiid of even letter yn de tsjerke pleatst. It oargel is om 1700 hinne boud foar de roomskkatolike tsjerke fan Jutphaas en is yn 1879 yn dizze tsjerke pleatst. Foar de eardere tsjerke sûnder toer stiet op it hôf in dûbele houten klokkestoel, dy ‘t in pear kear fernijd is, mei in klok fan om-ende-by 1300, makke troch Geert van Wou en noch letter ien fan Johan Schonenborch út 1520.

De bebouwing by de Herenweg en de G.W. Smitweg lâns waard tichter en wreide him út yn de rjochting fan Haule. Ek ‘t West, rjochting Hoarnstersweach, rekke beboud. Dêr stiet noch in tolhúske út sawat 1860. Boppedat kaam der oan de sydpaden, sa as de Schapendrift en de Balkweg, bebouwing.

Oan de lêste dyk, dêr ‘t begjin de 20e ieu ek de trambaan lein waard, kaam yn 1845 it bûtenhûs “Ontwijk” ta stân yn opdracht fan R.L. Fruitier de Talma en J.W. Berghuis. It neoklassicistyske gebou hat in blokt bepleistere front en boppe de tagongspartij in fronton. Yn it suden waarden boskperselen oanplante. Yn 1928 waard it bûten mei bosken oankocht troch inkele notabelen, dy ‘t dêrta de “Vereeniging tot Behoud van Natuurschoon” oprjochte hienen, in bysûnder foarlik inisjatyf op it terrein fan natuerbehâld. It waard, mei de bosken, yn 1969 oerdroegen oan Staatsbosbeheer.

Underwilens waard der amper boud by de Kompanjonsfeart lâns. Útsûnderings binne wat frijsteande boargerswenten en in rychje wâldebuorkerijkes, wenhuzen mei oan de efterkant in stâl, dy ‘t yn 1920 yn it kader fan de Wenningwet oan de Herenwal boud binne. Hjirfan is ien fan de fiif sloopt. Fuort nei de oarloch kamen der goede projekten fan folkshúsfesting ta stân oan de Schapendrift en de Wemerstraat. Nei dy tiid hat Donkerbroek him foaral flink útwreide oan de súdeastkant.

Dunegea is in streekdoarp tusken Sint Nyk yn Skarsterlân en Follegea yn Lemsterlân yn. De namme jout oan dat it doarp ea it bestjoerssintrum fan de gritenij west hat, mar dat is net mear merkber.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “t’Zuidelykste Dorp der Grieteny, die daarvan haaren naam ontvangt, ligt anderhalve uur gaans van de Lemmer, ten Zuidwesten van Oldouwer, en is voorzien met een Kerk zonder toren. Men zegt dat de Saxischen hier in ‘t jaar 1408, zeven en twintig huizen hebben afgebrand; thans zyn ‘er zestien, uitmaakende evenzo veel boereplaatsen”.

It is no in boerestreek mei in tal kloeke pleatsen. Ungefear healwei de dyk leit it frijwat heech lizzende tsjerkhôf. De tsjerke is begjin 19e ieu sloopt, nei‘t hy yn 1722 de toer ferlern hie. Nei alle gedachten stie der fan de santjinde ieu ôf al in klokkestoel by en dy is, nei wat fernijingen noch altyd oanwêzich. Op it hege hôf, mei dêr omhinne in fariearde seame mei beammen – sa as in treurbeam by it stek – stiet de klokkestoel ek noch op in eigen ferheging. Der hinget in liedklok yn dy’t Aernt Butendiic yn 1460 getten hat.

Yn it noardlike part fan de streek lizze de boerepleatsen frij fier fan de Wielwei ôf. Oan de dyk stiet wol in kafee De Wiel, in middengongwenning yn ienfâldige neo-renêssânsestyl. Skean dêr tsjinoer leit in opfallend goed fersoarge detaillearre stjelp mei molkenkelder yn it midden en blinen foar de ruten. Krekt súdliker stiet in kop-hals-romppleats fan reade Grinzer stien út de perioade fan fuort nei de oarloch. Der steane inkele huzen ferspraat by de dyk lâns. Súdliker leit de magistrale Meerhoeve, in kop-rompbuorkerij. De foarein hat in opfallend hege molkenkelder, wêrby‘t de boppeljochten fan de lûken fantasyfolle roeden ha. It súdlikste buertsje dat romtlik noch by Dunegea heart, heart by Follegea. Westlik fan it doarp leit yn it lânskip noch it trasee fan de eardere trambaan fan de Lemmer nei Sint Nyk.

Diken is in streekdoarp oan de eastlike wâl de Kûferdermar. Oan de oare kant fan dizze mar hearde ek noch in brede strook lân oan de Noarder Ie en Smelbrêge by Diken. Mar dat is nei de lêste oarloch mei it lân noardlik en súdlik dêrfan, dat by Langwar en Teroele hearde, foarme ta it nije doarp Kûferderigge.

It noardlike part oan de eastkant fan de Kûferdermar – earder rekkene by Langwar – is fan oarsprong in wetterstreek. Dêr wienen de pleatsen rjochte op ‘e Kraansleat. Dit is no in dearinnende sleat by de buorkerij Hoek. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “een klein Dorpje ten Noorden van Ter Oele. Het land is hier laag, en grenst aan de Koevorde: tegenwoordig staaan er maar elf Boerenplaatsen; doch ‘er worden verscheiden Huissteeden gezien, ook ter plaatse daar voorheen het buurtje de Kattebuuren plag te zyn. Weleer zag men hier ook eene Solkama State.”

Op de gritenijkaart fan Doniawerstal binne tusken de pleatsen yn yndie in soad lege hiemen – de hússteden – te sjen en ek it buertsje Katteburen tusken Langwar en Diken yn bestiet inkeld út lege plakken. De stins of state Solkema stiet yn 1718 wol, mar yn 1850 net mear op de kaart. De tsjerke is om 1700 hinne yn ferfal rekke. It sil nei alle gedachten net in weardefol gebou west ha, want it is net ‘op ôfbraak ferkocht’, mar ferwurden ta in ruïne. Op it heechlizzende tsjerkhôf is in klokkestoel mei in helmdak pleatst. Foar it tsjerkhôf, dat ynpakt is yn in moaie tichte seame fan beammen en struken, stiet in lyts mar fraai stek. De boerestreek bestiet út in ein út elkoar steande, meastal grutte pleatsen. Yn ‘e bocht in buorkerij fan even nei 1900 en yn it noardlike part ûnder mear in kop-hals-romppleats mei in molkenkelder út healwei de 19e ieu. Súdeastlik fan de trijesprong steane in deftige stjelp yn neoklassicistyske foarmtaal en in kop-hals-romppleats ticht by elkoar.

It streekdoarp Dolsterhuzen hat eartiids, yn de tiid fan de ferfeanings yn benammen de 18e en 19e ieu by de gritenij en letter gemeente Schoterland heard. Dêrnei is it doarp in tiidlang by Haskerlân yndield west en no is Dolsterhuzen it noardlikste doarp fan Lemsterlân. Al dizze wikselings ha de rêst fan it fiif kilometer lange doarp amper fersteurd.

Dolsterhuzen is mooglik it meast iepen streekdoarp fan Fryslân. De noardlike grins is de Ruytenschildtbrug oer de brede Broeresleat of Vierhuistervaart. De súdlike is de noch bredere Pier Christiaanssleat dy ‘t eartiids de grins wie tusken Lemsterlân en Skoatterlân. Boppedat hearden doe de Skoatter Uterdiken, in fiif kilometer lange polderstrook oant en mei de Skoatter Syl westlik fan de Tsjonger, noch by dit doarp. Dêrtroch hat Dolsterhuzen in tige grut útrutsen tinbefolke doarpsgebiet. Efter de streek leit de feanpolder Dolsterhuzen, wêr ‘t mids de 20e ieu noch wat ferfeanings plakfûnen. De polder fan 800 ha is yn 1919 oprjochte om it útfeane lân nei de bepoldering wer yn kultuer te bringen. Allinne fuort oan de noardkant fan de Pier Christiaanssleat is de bebouwing konsintrearre ta in kom mei ek noch wat nei-oarlochske folkshúsfesting. Lykwols stean dêr ek minder huzen dan oan de oare kant, wêr ‘t Ychtenbrêge him útstrekt. Wol hie krekt Dolsterhuzen in koöperative suvelfabryk. Boppedat ha har by beide doarpen foarsjennings ûntwikkele foar wetterrekreanten, sa as in kafee-restaurant op it hoekje by de brêge. Bûten dizze brêgebuorren leit de agraryske bebouwing frijwat ferspraat oan de Marwei, dy ‘t hjir en dêr de igge fan de Tsjûkemar rekket.

Sels de doarpstsjerke docht mei yn dizze losse struktuer. De mei lisenen yn finsterfekken yndielde sealtsjerke hat in gevel mei skouders en voluten, in rjochte sluting en in yn de westlike gevel opnommen toer mei ynsnuorre nullespits. De tsjerke is yn 1908 boud nei in ûntwerp fan J. Schreur. It tsjerkhôf leit even eastliker oan de oare kant fan de Marwei. Der stiet in baarhokje út ein19e ieu.

Dedzjum is in terpdoarp; yn it lânskip is de omtrek fan de oarspronklike, rûne terp noch te werkennen. Deddingaheem wurdt foar it earst yn 855 yn de boarnen neamd.

It doarp leit tusken de Warkumer Trekfeart en de yn 1634 droechleine Sensmar yn. It lânskip fan leechlizzende greidlannen deromhinne hat syn wjerslach op it doarp hân; de bebouwing is meast agrarysk fan karakter mei relatyf in soad buorkerijen. Oan de noardkant stean restanten fan in wetterbuert oan de feart en wat fierder nei it noarden ta leit it agraryske buorskip Arkum, besteande út in pear grutte pleatsen op in terp, dy’t ek ôfgroeven is. Op Ysgum yn it suden, eartiids ek in terpbuertsje, stiet noch mar ien pleats.

Foar it oare is it Dedzjumer doarpsgebiet lyts. It liket dat de huzen en buorkerijen yn buerten yn it noarden en it suden groepearre binne, yn ‘e buert fan de tsjerke is de bebouwing mear iepen. De terp mei tsjerke is sterk ôfgroeven, wat foaral oan de súdkant goed te sjen is. Der stiet op in kearmuorre in fraai izeren stek om it tsjerkhôf hinne. Der is noch in foto bewarre bleaun fan in flinke 13e-ieuske tsjerke mei in healrûn koar en in sealdaktoer. Dizze tsjerke is yn 1889 ferfongen troch in nij tsjerkegebou. De fraaie poarte is destiids oerbrocht nei it doe krekt stichte Frysk Museum yn Ljouwert, mar de snieëne banken binne opromme.

De nije tsjerke is ûntwurpen troch Jan van Reenen, de arsjitekt dy ‘t de toer fan Skettens en nei alle gedachten ek de tsjerke mei toer fan Himmelum tekene hat. It is in flinke tsjerke mei in skip fan fjouwer rûnbôgige finsterfakken djip yn in trijekantich sletten koar. De slanke, hege toer sjocht der opfallend goed fersoarge út mei de wat libbender meitsjende nissen yn de ûnderste segminten, oerwurkplaten, galmgatten en in detaillearre kroanlist mei dêrop de ynsnuorre nullespits. Eartiids wie nochal in grut part fan de befolking yn Dedzjum roomsk-katolyk, mids 19e ieu noch 62 %. Hjoeddei leit it der gâns oars hinne, nei alle gedachten omdat de roomsk-katoliken nei it tichteby lizzende Blauhús ferhuzen.

De Wylgen is in streekdoarp dat lang in buorskip by Boarnburgum wie. It hat tsjerke noch skoalle en hat dy foarsjenningen ek nea hân. Boppedat is de delsetting oant inkele tsientallen jierren nei de Twadde Wrâldoarloch beskieden bleaun. De streek stiet al oanjûn op de gritenijkaart (1718) yn de atlas fan Schotanus en dêr is it in troch beammen omseame koarte streek wêrby oan de súdkant ikkers lizze.

Oan it ein fan de 18e ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland by Boarnburgum: ‘Hier onder behooren veele buurten. … In ’t Westen, aan de wyde Ee, ligt Goingahuizen, en wat Oosterlyker ’t Vlierbosch, alwaar men weleer een Klooster had, waarvan ’t Kerkhof nog te zien is. In ’t Noorden ligt de Middelgaast, verder opwaards de Wilgen, en nog wat verder, het geweezen Klooster of Smallen Eester Konvent.’

De buorskip De Wylgen hat in ûntsluting fia de nei it noarden groeven Wylger Sleat rjochting de oergong fan it Smeliester Sân nei it Geaster Gat. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 stiet der al wat mear bebouwing by de dyk mei de Postbrêge oer de Drait lâns, rjochting Drachten, en oan de Drachtster Heawei dy’t de Grutte Feanpolder ynliedt. Oan de no noch besteande bebouwing is te sjen dat it in agraryske delsetting west hat mei in ferskaat oan pleatsen en arbeiderswenten.

Fanôf de santiger jierren is De Wylgen in forinzeplak op’ e drompel fan it sterk útwreide Drachten. De pleatsen binne hast allegearre geskikt makke foar bewenning. De arbeiderswenten binne of sloopt en ferfongen troch huzen dy’t oan de hjoeddeiske easken fan wenkomfort foldogge of útwreide mei foarse eleminten. Ek de stedske túnkultuer is meinommen troch de forinzen. Fierder nei it easten steane oan de Drachtster Heawei pleatsen dy’t noch fol yn bedriuw binne, wêrfan inkele monumintale mei de Mr.M.Singenberghoeve út de tweintiger jierren as hichtepunt. Noardlik fan de streek is de Drachtster wetterwyk De Sanding ûntwikkele, dy’t administratyf ûnder De Wylgen rekkene wurdt.

De Feanhoop is in streekdoarp dat yn de 19e ieu ûntstien is op it plak wêr’ it Polderhoofdkanaal yn it Grytmansrak útkomt. It wie in strategysk plak omdat yn it suden ien fan de grutste polders fan Fryslân leit: de Grutte Feanpolder fan Smellingerlân en Opsterlân. It mânske kanaal leit de ferbining fia it rak mei de Kromme en Wide Ie en mei it wetterferkearsnet fan Fryslân.

By de beskriuwing fan it doarp Boarnburgum, wêr eartiids de hiele súdwestlike streek fan Smellingerlân ta hearde, stiet yn it midden fan de 19e ieu yn it Aardrijkskundig Woordenboek fermeld: ‘Westwaarts vindt men veel laag hooiland, dat ‘s winters onder water loopt, en veel vergraven land of putten, waarin riet wast. In het jaar 1819 is onder Boornbergum eene nieuwe veenderij aangelegd, die met polderdijken en molens is voorzien, en de Veenhoop genoemd wordt.’

Nettsjinsteande de prachtige lizzing siet der net folle groei yn De Feanhoop. Op de gritenijkaart yn de Eekhoff atlas (1848) steane noch mar in pear huzen yntekene, wêrfan ien it Polderhûs wêze moat. Yn dat Polderhûs, yn it midden fan de 19e ieu oplutsen fan lytse giele stien, is de frontgevel foarsjoen fan aedicula-ornamint dat kenlik bedoeld (west) is as râne fan in betinkingsboerd. Der stiet in grutte boereskuorre efter en it gehiel is ferboud as kafee restaurant. Oan de oare kant stiet efter it resint ynrjochte parkearplak foar toeristen de iepenbiere basisskoalle út de tritiger jierren dy’t noch altyd yn gebrûk is.

Oan de Kraanlânswei leit lintbebebouwing mei wenningen fan de wenningbouferiening en fan partikulieren. It ferskaat is noch grutter wurden troch de bou fan grutte frijsteande huzen by it parkearplak en op’ e hoeke fan it Eijzengapaad. Ek oan de noardkant fan it kanaal, de Slûswei, stiet in rige frijsteande wenningen. De Feanhoop is lang in frij foarmleas gehiel fan streekjes west, mar begjint de lêste tiid troch werynrjochting en nijbou hieltyd mear it karakter fan in doarp te krijen.

De Tike is in streekdoarp dat yn de 17e ieu as ferfeanersdelsetting op in beskieden wize westlik fan it Swartfean stal krige. Op de gritenijkaart fan Schotanus stiet it oanjûn en hoewol’t it ferfeanjen doe noch yn folle gong wie, hienen pioniers parten fan de súdlike lannen al yn kultuer brocht ta ikkers.

Oan it ein fan de 18e ieu wist de Tegenwoordige Staat van Friesland by de Pein te melden: ‘In ’t Noordwesten van dit dorp, aan de grenzen van Tietjerksteradeel, vindt men veele nieuwe bouwlanden, die door ’t afgraaven der hooge veenen gebooren, en sedert tot bouwakkers gemaakt zyn, als ook twee buurten van naame, welke naaste het Zwartveen, en het verst afgelegende de Smallinger Tieke heet.’ Dizze Smellingerlânske Tike waard ieuwen lang as buorskip by Nyegea rekkene.

Yn de 19e ieu waard it hiele gebiet yn kultuer brocht. Yn it midden fan dy ieu konstatearre Van de Aar yn syn Aardrijkskundig Woordenboek: ‘Aan de noordzijde des dorps Opeinde heeft eene groote uitgestrektheid laag klijnland gelegen, dat in de zeventiende eeuw, door verveening, veranderd is in een water, de Leijen genaamd, over de drie uren gaans in den omtrek. …Ook behoort nog een klein gedeelte van het gehucht de Tiek, onder het dorp Opeinde.’. De streek by de Leijen is ien fan de grutste en nea droech mealde petgatten en bleaun tin befolke. Yn it noarden wienen foaral lytsskalige agraryske bedriuwen fêstige en yn it suden bedriuwen dy’t wat grutter wienen.

Doe’t de Tike yn 1953 de status fan selsstannich doarp krige soe it troch in grutte dyk fluch fan it memmedoarp skieden wurde. Boppedat gie in kultueromslach yn omdat it rêstige, wat isolearre lizzende doarp ûntdutsen waard troch forinzen út Drachten en omkriten wei. Foaral yn de ôfrûne tsientallen jierren is de bebouwing oan de Master de Jongwei, wêr’t ek de skoalle en it doarpshûs steane, sterk mei wenten fertichte, sûnder dat dit it karakter fan in feanûntginningsdoarp oantaaste hat.

De Knipe is in streekdoarp dat yn de 17e ieu oan wjerskanten fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart as gefolch fan de feanwinning ûntstien is. It graven fan de feart en de dwers dêrop steande wiken, it winne en ferfiere fan it fean en it nei dy tiid wer yn kultuer bringe fan de ôfgroeven gebieten, joegen oan in soad minsken in sober en skraal bestean, mei as gefolch dat ek ambachtslju en lytse bedriuwichheid nei dizze streek ta kaam.

De Knipe bestiet oarspronklik út twa kearnen. It westlike en it neist by It Hearrefean lizzende gedielte hjitte Benedenknipe en ek wol Nieuw Brongerga. Dêr kaam fan it suden út de Prinsenwijk fan Oranjewâld ôf op út. It eastlike gedielte waard Bovenknipe neamd en ek Nieuw-Katlijk en dêr kaam de doarpswyk fan Ketlik op út. By de Knipe foarmen har oant by Bontebok krekt boppe de feart lytse kavels lân in tige raffelige grins tusken de gritenijen en letter de gemeenten Skoatterlân en Opsterlân yn it noarden. Yn it westen fan Benedenknipe is by de Feanslûs in kearn ûntstien, dêr‘t in lyts joadetsjerkhôf leit en in suvelfabryk boud waard. Fierder nei it easten ta stean de grifformearde en de yn 1661 stichte herfoarme tsjerke, dy‘t letter alhiel stukadoare is. Op it algemiene begraafplak stiet in klokkestoel fan beton. Yn 1967 is it westlike gedielte fan de Kompanjonsfeart dimpt.

Boppeknipe mei de meniste tsjerke út 1856, wêrby‘t yn de klokgevel eleminten út 1751 wer brûkt binne, lit de âlde skildereftige struktuer fan de bebouwing oan wjerskanten fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart noch sjen. Oan de noardkant fan ‘e feart is de Commissieweg oanlein dy’t yn 1955 ek it eastlike part behoarlik goed ûntslute soe. Yn 1881 waard de trambaan fan It Hearrefean nei Drachten oanlein dy‘t oan ‘de Hoeke’ ta de Compagnonsweg folge en dêrnei nei it noarden ta ôfbûgde. De trambaan is yn 1947 opheft. Dêr by ‘de Hoeke’ stiet ek it kafee en der is nei de oarloch in bebouwingskom ûntstien. Fan de jierren tachtich ôf súdlik fan de Meyerweg en oan ‘e noardkant fan de lette njoggentiger jierren ôf.

De Hoeve is in lyts en jong streekdoarp by in trijesprong fan wegen. Op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet it doarp noch net oanjûn. Wol binne der op de heide súdlik fan de Linde twa lytse boeredelsettingen tekene: Westerhoeven en Oosterhoeven. By de lêste binne twa dobben tekene mei de namme “De Meer”.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1788 krige De Hoeve gjin eigen fermelding, mar waard it al even neamd by it doarp Finkegea: “Onder dit Dorp ... behooren de buurtjes Wester-Hoeve en Ooster-Hoeve, niet verre van de Linde. Van dit Dorp (Vinkega) loopt een rydweg door de landen naar Oldeholtpade, door een Wad in de Linde; doch deeze weg wordt sedert lang niet meer gebruikt.” Op dizze kaart siet it waad troch de Linde oanjûn. It paad dêrhinne oan ‘e westkant fan de noch besteande Noardwâlder Feart, is yn it lânskip net wer werom te finen.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat in jier earder it Oosterhoevemeer droechlein is. De Hoeve leit op in sânrêch fan hast trije meter hichte dy‘t nei it easten ta trochrint en heger wurdt, mar it eardere Oosterhoeven foarby, dêr‘t no ûnder mear de boerepleatsen Stellingenhoeve en Welgelegen lizze, in ynsinking kin; it droechlizzen fan goed oardel jier lyn.

Wie it sa dat foarhinne de ferbining mei de omlizzende doarpen folslein oars rûn, hjoeddei meändert de ferbiningswei tusken de belangrykste plakken fan Weststellingwerf, Wolvegea en Noardwâlde, om De Hoeve hinne. De haadstrjitte fan west nei east, de Jokweg, is ek frij jong, al stiet hy wol op de Eekhoff-kaart oanjûn. Oan dizze dyk stiet de âldste bebouwing fan it doarp. Dy is net âlder as de ieuwikselingsperioade om 1900 hinne. It kafee fan alear oan de trijesprong en dêrnjonken in dûbele arbeiderswenning binne fan om-ende-by 1920. In eintsje fierderop stiet, ek út deselde tiid, de herfoarme tsjerke. In freonlik eagjende, rjochtsletten sealtsjerke mei in iepenwurke geveltoer.

De Haule is in âld streekdoarp, dat nei alle gedachten al yn de lette Midsieuwen ûntstien is oan de fan west nei east rinnende dyk op in wat hegere rêch yn it lân oan ‘e noardkant fan de Tsjonger tusken Hoarnstersweach en Donkerbroek en Veenhuizen yn en fierder nei Drinte. It wie in âlde delsetting yn in frijwat leechlizzend gebiet.

Healwei de 18e ieu fûn der yn it noardlike doarpsgebiet in omslach plak troch de ferfeanings. De Drachtster Kompenije begûn dêr fan 1756 ôf mei it graven fan de Haulerwykster Feart. Oan dy feart groeide in delsetting fan in oare aard, dy ‘t him as doarp losmakke fan De Haule. Letter soe it westlike gedielte fan Haulerwyk him as doarp Waskemar fer ferselsstannigje. It earste is dus in bern, it oare in lytsbern fan De Haule. It wie net fan ynfloed op De Haule sels. Dat bleau in lange útstrekte agraryske delsetting. Yn 1788 wurdt der meld: “De huizen liggen meest ten Westen der Kerk, en aan beide zyden van dien weg, in ‘t geboomte op de bouwlanden. Voorts heeft dit Dorp, in ‘t Noorden, eene zeer groote uitgestrektheid van heidevelden en hoog veen.” De bebouwing mei buorkerijen en arbeidershuzen by de Bovenweg, Zwetteweg en Dorpsstraat lâns waard earst fan it lêst fan de 19e ieu ôf tichter. Op de gritenijkaart fan Eaststellingwerf yn de atlas fan Eekhoff (1849) is der oan wjerskanten fan de dyk noch mar in tige lytsskalige bebouwing en lizze oan de noardkant fan de lânbouperselen grutte heidefjilden. Dy binne stadichoan yn kultuer brocht, mar der binne op it Haulerfjild ek grutte boskperselen, sa as it Blauwe Bosch oanplante, dêr‘t tusken yn heidefjilden en inkele puollen hanthavenene binne.

Yn 1851 waard der in skoalle yn De Haule stichte, dy‘t yn 1921 fernijd waard ta in skoalle fan trije lokalen en dy‘t nei de oarloch ferfongen is troch in nij gebou. Oan de eastkant fan De Haule is yn 1854 in nije tsjerke op it plak fan de âlde boud. H.J. Noorman makke it ûntwerp fan de sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar mei in iepen dakruter op de gevel.

De Falom, in wetter- en dykbuert, krige yn 1974 de status fan selsstannich doarp. Dêrfoar waard it noardlike part by Moarmerwâlde en it súdlike part by de Westerein rekkene. As delsetting is it âlder. De Falom is súdlik fan de doarpen fan de Dokkumer Wâlden ûntstien mei en nei de ferfeaningsaktiviteiten, lykas De Broek dat ta Broeksterwâld groeide. De Falom is lyts bleaun en ûntwikkele him ynearsten kreas lineêr oan de noardlike kant fan de Falomster Feart.

Yn de twadde helte fan de 17e ieu is de measte feangrûn noch net ôfgroeven. De Tegenwoordige Staat van Friesland jout oan it ein fan de 18e ieu foar dizze lytse delsetting in oandachtige beskriuwing: ‘ten zuiden van Dantumawoude liggen deeze landen tot aan Kuikhorne; en in deeze ruime uitgestrektheid vindt men eene buurt, de Valom, alwaar meer dan twintig huizen aan eene vaart staan, die gemeenschap heeft met de wateren van Tietjerksteradeel, en daar door met de Ee en andere wateren. Weleer werd hier veel turf gegraaven; doch dezelve is reeds voor veele jaaren geheel verdweenen, en heeft plaats voor rogge en boekweit gemaakt.’

De bebouwing oan de feart tsjûget der noch fan mei in tal buorkerijen. De ikkers binne ferdwûn en ha plak makke foar greide, al wurde de lêste tiid ek stikken grûn oan de natuer werom skonken.

De krusende dyk fan Feanwâlden nei Damwâld is der net altyd west. Oan it ein fan de 17 ieu rûn dizze fan it noarden oan de feart ta, in pear desennia letter waard de dyk nei it suden trochlutsen en der kaam in brêge, in tolhûs en in herberch. De dyk is om 1850 hinne rjocht lutsen en ferhurde. Sûnt dy tiid is der ek bebouwing by de dyk lâns kommen. It binne foar it grutste part kreaze boarger en arbeiderswenninkjes, yn dûbel histoarysk kontrast mei de bebouwing oan de feart. Dêr minge âlde gebouwen har mei nije frijsteande wenningen fan minsken dy’t foar dizze wetterstreek kieze.

De Blesse is in streekdoarp dat as buert by it wetterke Blesse al op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus oanjûn stiet. It heart dan noch by it doarp Blesdike. Yn it noarden, by de Linde, hat stêdehouwer Willem Lodewijk oan it ein fan de 16e ieu in skâns oanlein. De spoaren dêrfan binne noch lange tiid yn it lânskip sichtber west, mar binne no net mear te ûnderskieden.

Nei ‘t yn 1828 de lândyk fan Wolvegea nei it suden ta – foar in part by it wetterke Blesse lâns – ûnderdiel waard fan de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol, wreide de buert him út en oerfleugele sa stadichoan it oarspronklike doarp. Jierliks waarden der twa fee- en hynstemerken hâlden; sa fier hie it oerdoarp Blesdike it noch nea brocht. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 liket it der op dat it groeiproses noch mar krektlyn op gong kommen is. Efter de bebouwing by de strjitwei lâns stiet wol in koarnmûne oanjûn. It is mûne De Mars, boud yn 1834. Op in bakstiennen ûnderbou mei stelling riist de mei reid dutsen achtkantige romp op. It wjokkenkrús is yn 1927 fuorthelle. De mûne is letter restaurearre; dêrby binne ûnderdielen brûkt fan in út it jier 1877 datearjende mûne út Swarte Haan.

Yn De Blesse is nea in tsjerke kommen, mar om 1880 hinne is der oan de Steenwijkerweg wol in herfoarme kapel boud; in ienfâldich, alhiel bepleistere sealtsje. De wjerskanten fan de Steenwijkerweg binne foaral fan ein 19e ieu ôf frij ticht beboud rekke mei boarger- en arbeidershuzen en ek inkele bedriuwspânen sa as bygelyks in kafee. Al frij gau kaam der oan de Steenwijkerweg yn 1921 by de provinsjegrins in rige wenningwetwenningen. Oan de eastkant is nei de Twadde Wrâldoarloch efter de lintbebouwing in nije wyk ûntstien; in wyk mei aardich wat folkshúsfesting. De Blesse hat it karakter fan in lang útrekt streekdoarp trouwens net ferlern. It memmedoarp Blesdike hat dizze ûntwikkeling net kend, wêrtroch it oerfleugele waard troch De Blesse.

Boerum is in doarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl. As it doarp yn 1408 foar it earst yn de boarnen neamd wurdt, docht bliken dat de Boerumers harren tsjerke ôfstien ha oan it súdliker lizzende Gerkeskleaster. Dit kleaster hie yn it begjin fan de 14e ieu it hiele Boerumerlân yndike en dêr oan it kleaster ûnderhearrige buorkerijen bouwe litten. It kleaster wie de baas yn Boerum en beneamde der sels de doarpsrjochters. Mei de Herfoarming wie it dien mei it machtige kleaster.

Súdlik fan it doarp lei it cisterciënzer frouljuskleaster Galilea. Op dat plak stiet oan de Friesestraatweg no op nûmer 1 – 3 in kop-romppleats út om-ende-by 1905 as ien fan in rige monumintale buorkerijen. It doarp hat mei de Boerumer Feart in wetterferbining mei de Lauwers. Yn de doarpskom ha de ûntwikkelingen om de tsjerke hinne plak fûn; oan de Uithof en by de Herestraat lâns dy ‘t de trochgeande rûte fan súd nei noard oan it foarmjen wie en it doarp bûtenút in langhalich karakter joech.

De op de frijwat hege terp steande tsjerke is yn 1784 boud as ferfanger fan de midsieuske foargongster. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in geveltoer mei in ynsnuorre spits en in trijekantich sletten koar. Yn tsjinstelling mei it eksterieur is it ynwindige fan de tsjerke ryk en foarsjoen fan fraai meubilêr fan kânsel, doophek en yn de lingte mar leafst njoggen dûbele hearebanken út de 17e en 18e ieu.

Om de tsjerke hinne stiet oan de Uithof in ferskaat oan wenningen, wêrfan de âlde pastorije mei in sûterrain en in oer in trapbordes berikbere haadferdjipping opfalt. De nije pastorije is yn 1878 boud yn in romme tún oan De Wendel, in grutte blokfoarmige middengongwenning mei in ferdjippe portyk. Ek oan de Herestraat stiet in oantal fan dit soarte huzen, inkele mei dekorative eleminten. De nôt- en pelmûne Windlust is in ferriking fan it silhûet fan Boerum. De mûne wurdt al yn 1694 op dit plak neamd. De hjoeddeiske mûne datearret út 1787en is gauris opknapt en restaurearre.

Burchwert is sterk ferweve mei de Boalserter Feart en leit súdlik fan de Tjaard van Aylvapolder. Oan in diel fan de polderdyk, de Sjungadijk, hat him in nochal langhalige buert ûntwikkele. It buorskip Hemert westlik fan de provinsjale Westergoawei wurdt rekkene by Burchwert.

De doarpskearn fan Burchwert is mei kaaidiken en wâlskanten mei har bebouwing op de trekfeart rjochte. Oan de westlike kant stiet in rige huzen oan in dyk wêr ‘t in fytspaad op oanslút. Oan de eastlike kade is de bebouwing wat ôfwikseljender en mear iepen mei wenhuzen en pleatsen. Der steane ek in pear bedriuwsgebouwen fuort oan it wetter, de dyk giet der mei in bocht omhinne. Oan de súdlike marzje fan it doarp leit, njonken de Kloosterweg it oerbliuwsel fan de terp, wêr ‘t al sûnt de Midsieuwen de mânske doarpstsjerke op stiet mei oan de oare kant de grutte pastorije. Burchwert ûntwikkele him net om de tsjerke hinne; de feart is de spil wêr ‘t alles om draait. It doarp is yn ‘t earstoan, benammen oan de oare kant fan de feart groeid. De nei-oarlochske roomsk-katolike kapel, nei in ûntwerp fan Arjen Witteveen yn in tradisjonalistyske styl, is dêr ek telâne kommen.

De herfoarme tsjerke datearret oarspronklik út de twadde helte fan de 12e ieu. It is in goatyske tsjerke dy ‘t yn 1726 fernijd is troch Claes Bockes Balck, dy ‘t mei namme bekend is fanwege wettersteatswurken. Nei alle gedachten gie it yn dat jier om in ynterne ferbouwing, want yn de 17e ieu is de tsjerke al earder ommitsele. Oan de súdkant steane opfallend grutte steunbearen. De foarse toer fertroude men like min as de súdmuorre; it muorrewurk sit fol mei muorre-ankers. De tsjerke hat fraai meubilêr: in fakkundich snieën preekstoel, in doophek en in doopbekkenhâlder, in koperen hâlder foar it sânglês, in hearebank en ek in moai snieën oargelfront út 1735. Yn it koar leit in grutte sark fan de famylje Ockinga, dy ‘t yn1550 úthoud is troch Vincent Lucas, ien fan de grutmasters op dit mêd.

Broek is in feartdoarp oan de Noardbroekster Feart dat foaral fan it wetter ôf goed te erfaren is, al binne der oan beide kanten fan de bebouwing folle letter wegen kommen foar de ferbiningen oer lân. De feart is fia de Sylroede en de feart Noarderâldewei mei de Jouwer en it wetterwegennet fan Fryslân ferbûn. It wie ieuwenlang, oant fier yn de 19e ieu, de ienige ûntsluting.

Op de gritenijkaart fan Doniawerstal yn de atlas fan Schotanus út 1718 is gjin inkele dyk-ferbining yntekene. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff fan healwei de 19e ieu jout in ûnregelmjittige stippelline by de eastlike bebouwing in paad oan nei de Jouwer yn Haskerlân.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 net sas folle oer Broek: “een Dorp met eene Kerk en stompen toren, bestaande uit verscheiden plaatsen en huizen, gelegen ten oosten van de Jouwster vaart en ten Zuiden van Goingaryp. ... in ‘t zelve zyn in ‘t geheel maar zeventien boerehuisgezinnen.”

Oan de súdeastkant fan it doarp by de hoeke dêr‘t de feart yn de Sylroede útkomt stiet de doarpstsjerke op in wat heger lizzend tsjerkhôf. It is in sealtsjerkje dat yn 1913 yn in nochal saaklike styl boud is. De gevelstien út 1694 is nei alle gedachten ôfkomstich út in eardere tsjerke. It gebou hat finsters mei glês-yn-lead, in trijekantige sluting, portaal en in achtkantich geveltuorke mei in koepeldak. Efter de tsjerke stiet op it lytse en tige fersoarge hôf oan de feart in wyt skildere klokkestoel mei in helmdak. De liedklok is yn 1600 getten troch Hendrik Wegewaert.

Oan de westkant fan de Noardbroekster Feart binne meast royaal út elkoar steande boerepleatsen te finen. Oan de eastkant, mei direkte dyk-ferbining mei de Jouwer bestiet in ferskaat oan wenningen en (wen)buorkerijen. Oan dizze kant is in soad bebouwing fernijd en der binne nije huzen boud, wêrtroch’t in kompakte buert ûntstien is. Súdlik fan de Sylroede rint de agraryske bebouwing troch by de gruttendiels dimpte Broekster Kerkfeart lâns: Broek-Súd.

Britswert is in terpdoarp dat oardel kilometer fan Wiuwert ôf leit. Mei Wiuwert is Britswert al jierren en jierren tsjerklik en kultureel ferbûn. Sa hat Wiuwert in keatsplein en Britswert in iisbaan. Britswert lei lange tiid tusken twa markes yn: súdlik de Swaanwerter Mar mei de Reidmar en noardwestlik de Britsumer Mar, dy ‘t yn 1885 droechlein is.

Op de terp stiet tsjin de tsjerke oer in rige gebouwen, dêr ‘t net allinne de brede pastorije opfalt, mar mei namme de geef bewarre bleaune skoalle mei seis grutte lokaalfinsters en grutte skoarstiennen. De Kleasterdyk laat it ferkear om Britswert hinne. Sadwaande hat de Buorren, westlik fan de tsjerketerp, gjin hinder fan it trochgeande ferkear. It is in smel, sfearfol strjitsje tusken hagen, dy ‘t de foartúntsjes fan de ticht op elkoar steande wennings omfetsje. Op de hoeken oan de terpkant steane gebouwen wêrfan ‘t it liket dat se twivelje tusken wenhûs en pakhús. It hege gebou hat in folsleine ferdjipping mei pakhúslûken, it lege in kapeferdjipping mei in rige lûkjes. Hjir ha hannelers yn suvelprodukten wenne. De bebouwing fan de Buorren hat in grut ferskaat oan wenningen, fan arbeidershúskes oan brede notabele wenningen.

Op it romme tsjerkhôf stiet de Sint-Joristsjerke út it lêst fan de 12e ieu. De tsjerke is boud fan kleurige giele kleastermoppen. De toer is yn 1889 fernijd yn de foar dy tiid kenmerkjende dekorative mingstyl. Hy hat trije segminten en in ynsnuorre spits. De súdlike yngong wurdt bekroand troch in wapenstien út 1753 fan Jonker Ernst van Aylva. De spitsbôgefinsters steane yn smelle, rûnbôgige kezinen. By it koar is in leech rûnbôchje te sjen, in spoar fan in hagioskoop. Dizze letromaanske tsjerke wurdt by ‘t simmer wol brûkt foar byldzjende keunstprojekten.

Westlik fan Britswert leit oan de Frentsjerterfeart it buorskip Kromwâl mei oan beide kanten fan it wetter bebouwing. Ieuwenlang wie dêr in skipswerf foar bedriuwsskippen en letter jachten. No wurde de gebouwen brûkt foar rekreaasje. Op Kromwâl hat oant 1863 ta in Fermanje stien; letter is dizze tsjerke oerbrocht nei it wat westliker lizzende doarp Itens.

Britsum is in terpdoarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl eastlik fan de Boarnstream, dy’t him ta Middelsee ferbrede hat. De terp hat in radiale struktuer, mar nei ôfgravings mei namme oan de súd- en eastkant om 1900 hinne, is dy net oeral mear werom te finen. Âlde doarpsbebouwing is foaral westlik en noardlik fan de tsjerke te finen, oan de Greate Buorren, de Lytsedyk en Efter de Wâl. Troch de Stienzer Feart noardlik fan Britsum bestie der in goede ûntsluting rjochting Dokkumer Ie.

By it doarp ha inkele fersterke huzen stien, sa as kastiel Britsenburg, dêr ‘t net sa folle oer bekend is, Jornsmastate en by de Middelseedyk Lettingastate, wêr ‘t yn 1641 festingbouwer en strateech Menno van Coehoorn berne is. Fan dizze âlde gloarje is neat mear oer, mar yn de omkriten fan Britsum steane wol monumintale pleatsen.

De tsjerke mei pleistere toer en in fiifkantich sletten koar hat it foar it uterlik it oansjen fan oerdadich dekorative foarmen út 1875. Yn de tsjerke binne de Midsieuwen te erfaren troch it romano-goatyske ynterieur. De Sint-Johannestsjerke hat in skip dat om-ende-by 1250 boud is efter in westwurk út it lêst fan de 12e ieu. Yn de ynboude toer fan Britsum ha ûnder en boppe rûnbôgige trochgongen yn ferbining stien mei de sydromten en it skip. Dit westwurk is op in soarchfâldige manier opmitsele fan grutte kleastermoppen. Binnenyn wurdt it skip oerdutsen troch koepelwulvings fan dowestien. Yn de koarsluting komme de ribben gear yn in knoop; de oare ferwulven wurde byinoar brocht mei in fergearring of mei in seispuntige stjer. Mei in resinte restauraasje binne muorreskilderingen fûn út ûngefear 1270: op it apsisferwulf in Maria mei Berntsje en op de muorren it byldferhaal fan de passy mei oerienkommende ôfbyldings út it Âlde Testamint.

Nei de oarloch is Britsum earst útwreide by de besteande wegen lâns, sa as de Menno van Coehoornwei en letter, doe ‘t forinzen út Ljouwert har dêr te wenjen setten, mei buorrens oan de east- en súdkant, dêr ‘t ek de grifformearde tsjerke út 1965 stiet.

De Ôfslútdykdoarpen binne de jongste fan de gemeente Wûnseradiel. Mei in bytsje goede wil kin Koarnwertersân romtelik en maatskiplik noch wol in doarp neamd wurde. Breesândyk net, mar it koe om administrative reden dizze status better wol krije. De bewenners fan Koarnwertersân en Breesândyk binne wurksum oan de dyk en by de slûzen. Beide doarpen binne ûntstien op wurkeilannen fan wêr ‘t de Ôfslútdyk út oanlein is.

Op Koarnwertersân is in dûbele skutslûs mei binne- en foarhavens en in rige fan twa kear fiif spuislûzen mei spuihavens. Dit kompleks fan skut- en spuislûzen waard boud tusken 1928 en 1932. De slûzen binne neamd nei prof. Hendrik Antoon Lorentz. De spuislûzen binne boud nei in ûntwerp fan Dirk Roosenburg, estetysk adviseur fan Bureau Zuiderzeewerken. Se binne in geef foarbyld fan it bouwen yn wapene beton. Foar it ferdigenjen fan de dyk en de slûzen waarden fan maaie 1931 ôf ferskate kazematten boud, de saneamde stelling Kornwerderzand.

Doe’t de dyk oanlein waard ûntstie op it eilân fan om-ende-by 30 ha. In doarp fan in pear hûndert ynwenners. De measten hienen te krijen mei de Suderseewurken, mar der kamen ek minsken te wenjen dy ‘t bgl. nedich wienen foar de fersoarging. Sy setten har ek te wenjen yn de buert fan de slûs. It wie in isolearre mienskip, sûnder alderhande komfort. Stroom waard dan wol opwekt troch in âlde diselmotor, mar der wie gjin telefoanferkear mooglik, Der wie in sikebarak mei in dokter en in ferpleechster, in skoaltsje en in winkel (anneks postkantoar en kapper), dêr ‘t alle dagen itensguod en oare libbensmiddels oanfierd waarden. Der waarden in katolike en in protestantske tsjerke boud, in benzinestasjon en in houten hotel. Om 1928 hinne kamen der huzen foar it slûspersoniel.

Yn de besettingstiid waard de stelling troch de Dútsers útwreide mei in oantal kazematten. Koarnwertersân kaam de oarloch net skeafrij troch. Sa is it houten hotel y n 1940 ôfbrând en waarden inkele huzen fan it slûspersoniel ôfbrutsen omdat se yn it skoatsfjild stienen. De skea is letter ferholpen. Breesândyk is in wurkeilân mei in haven oan de kant fan de Iselmar; by ‘t simmerdei wurdt it op in grôtfolle kamping befolke mei sportfiskers.

Brantgum is in karakteristike radiale terp dy’t al inkele ieuwen foar de jiertelling op in kwelderwâl ûntstien is. It hie it ideale terpdoarp west as de trochgeande dyk tusken Dokkum en Holwert yn 1853 net oer dizze terp hinne lein wie, wêrtroch de struktuer fan de terp yn twa helten dield waard. Foar dy tiid gie it paad by de Heemstraweg noardlik fan it doarp lâns.

De bebouwing, ek dy fan nei de oarloch, leit hast alhiel rjochte op de ringwei. Foar dy tiid hie Brantgum in nochal wat lange en yngewikkelde wetterferbining oer Foudgum nei de Ie en it efterlân ta. De agraryske bebouwing is foar it grutste part oan de súdwestkant fan de yn de tiid breder makke en trochgeande rûte te finen. Oan dy kant is de terp yn it lêst fan de 19e ieu it meast ôfgroeven. De wenningen steane foaral yn it noardeasten fan it doarp, dêrtuskenyn inkele notabele wenten mei in middengong. Oan de Roosterwei stiet de om 1870 hinne boude doarpsskoalle met skoalhûs. By de Ringwei lâns hat sûnt it begjin fan de 20e ieu in tichtere bebouwing plak fûn, oant yn de perioade nei de oarloch ta mei folkshúsfesting oan de Ringwei en yn de jierren tachtich oan de Stimhûstrjitte.

De doarpstsjerke stiet sawat yn ‘e midden fan de rûne terp; hjoed de dei leit de dyk oan de eastkant. De romaanske tsjerke is yn de 12e ieu boud fan dowestien. Dizze dowestiennen muorren binne yn de westlike traveeën te sjen, oan de noardkant mei in frij komplete rûnbôgefries. Dit kaam foar it ljocht doe ‘t by in restauraasje de yn 1876-1877 oanbrochte pleisterlaach wer fuorthelle waard. Yn de 15e ieu is de tsjerke mei in travee útwreide en de eastlike koarpartij kaam krekt foar it midden fan de 16e ieu ta stân. Om dy tiid hinne sille nei alle gedachten ek de spitsbôgefinsters en de steunbearen oanbrocht wêze. De yn de westlike partij opnommen toer mei ynsnuorre spits kaam sawat tagelyk mei de bepleistering yn 1877 klear. Hy hat yn alle segminten útdjippe gevelfjilden dy ‘t by de heechste dêrfan mei keperfriezen dutsen wurde.

Boarnwert is in sa goed as leech terpdoarp mei wat útinoar lizzende bebouwing it lân yn. Yn de boarnen komt it earst foar as Brunnenbuurt op in list fan parochy’s út 945. De tsjerke stiet op in altyd tinbefolke, sterk ôfgroeven en aardich hege terp. It opgeande tsjerkepaad jout in yndruk fan it profyl fan de oarspronklike terp. Der rint in net alhiel komplete ringwei om hinne, dêr ‘t in pear huzen en pleatsen oan stean. It is in romme ring en Boarnwert hat dan ek in grutte terp kend, te fergelykjen mei dy fan Ealsum en grutter as dy fan Foudgum en Brantgum. De pleats oan de noardkant stiet op in ferheging, in oerbliuwsel fan de soal fan de terp; oan de eastkant stie Minnoltsmastate. De beskieden groei fan Boarnwert hat him fan ein 19e ieu ôf alhiel ôfspile oan de dyk fan Dokkum nei Ferwert, oan de súdkant fan de terp.

Dêr is yn 1916 by it krúspunt de grifformearde tsjerke fan Boarnwert en Raard – nei in ûntwerp fan Ane Nauta – boud. Boarnwert hat ek noch in âld agrarysk buorskip: Boarnwerterhuzen, dat goed oardel kilometer eastliker leit, oan de Âlde Paezens. Inkele hústerpen wize der op dat dizze delsetting noch datearret fan foar de dikebou om 1100 hinne. Tusken de terp en de buorren yn hat de Boarnwerter Mar lein, in yn 1853 droechleine reidpoel.

De yn de Midsieuwen oan Maria wijde doarpstsjerke stiet ymposant yn syn tichte beammeseame op it hege oerbliuwsel fan de terp. De tsjerke sels, út de 13e ieu, is fanwege it ferlies fan koar en koarsluting de tiid net frij fan skea trochkommen. De súdmuorre hie eartiids rûnbôgefinsters, no binne dat lytse spitsbôgefinsters. It tsjerkje krige in houten tuorke op de westgevel. Ea hie it in oerwulving, de oansettings dêrta binne noch te sjen by de triomfbôge. Tsjin de noardgevel oan is in tagongspoarte, ôfkomstich fan de eardere pastorije út de Lytse Jouwer pleatst. De poarte hat in bekroaning út 1751 mei wapens en in fromme tekst.

Langwar (by Boarnsweach) is as agraryske streek-delsetting nei alle gedachten om 1100 hinne ûntstien op in sânrêch yn de streek fan feanmoerassen. Yn it tredde kwart fan de 13e ieu wurdt it foar it earst neamd yn de boarnen as Languerre. De Buorren foarme de ûntginningsas. It doarp lei geunstich oan de Langwarder Wielen en dêrmei foar alderhande wetterferbinings. Om 1600 hinne ûntwikkele it him ta hannels– en havenplak; foar 1600 wie der al in waach. De skipfeart foarme in belangrike boarne fan ynkomsten.

It waard it fernaamste doarp fan de gritenij. De grytman sette him yn Langwar te wenjen en ek belangrike famyljes as Osinga en Douma bouden dêr harren staten. De famylje Douma hie hjir oan de ferwoesting yn 1517 ta in stins. Oan de hannel- en havendelsetting ûntstie oan de Buorren en de sydstrjitsjes en sleatsjes in konsintraasje fan bebouwing. Mear westlik hie de buorren om de tsjerke hinne in iepen karakter. De gritenijkaart fan Schotanus út 1718 toant in lange delsetting, dy‘t yn it westen by de tsjerkebuorren ophâldt. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 dat Langwar: “door oudheid vermaard, is het voornaamste Dorp der Grieteny. ... Ten Oosten en ten Westen heeft men hier schoone weidlanden, benevens heerlyke plantagien, die geheel tot aan den algemeenen rydweg loopen, en schoon brandhout geven. ... Hier woonen derhalve veele Schippers, die met dit hout naar Holland en elders vaaren, en in dit Dorp een bekwaame haven hebben, om, geduurende den winter, hunne schepen op te leggen. Langweer bestaat uit eene schoone buurt huizen, versierd met twee ryen Lindeboomen”.

De earste tsjerke datearre wierskynlik út de 13e ieu; op itselde plak is yn 1777 in nije, royale tsjerke mei toer ferriisd. De trije toersegminten binne fersierd mei Doryske, Ioanyske en Korintyske pilasters. It 17e-ieuske meubilêr is hanthavene. Tsjin de tsjerke oer stiet Osingastate. It is yn likernôch 1940 boud yn foarmen fan de 18e-ieuske state. It op deselde ûntginningsas ûntstiene Boarnsweach wurdt tsjintwurdich ek by Langwar rekkene. It skildereftige Langwar is in favoryt wettersportdoarp.

Boarnburgum is in streekdoarp dat yn alle gefallen al yn it lêst fan de 17e ieu bestie. It wie doe noch in beskieden delsetting fan in tsjerke en in pear fersprate buorkerijen en húskes oan de Boornbergumer Hooiweg - no Westerbuorren en Easterbuorren - en in paad súdlik dêrfan, op it plak dêr ‘t no it Suderom lâns giet. Yn it noarden lei de buert Middelgaast en eastlik Zandburen. It hiele leechfeangebiet súdlik fan de Zandingen en de Wide Ie oant en mei Goaijingahuzen waard by Boarnburgum rekkene.

Yn it lêst fan de 18e ieu waard it in belangryk doarp yn de gritenij neamd. De Tegenwoordige Staat van Friesland neamt it: “een der grootste dorpen van deeze Grietenij (...) en is voorzien met eene kerk en stompen toren. (...) De Boornbergumer landeryen bestaan, ten deele uit bouw- en weilanden, omtrent de boere plaatsen, doch ‘t meerendeel is hooiland. En daarin zit weer klyn, die tot baggelaar turf vergraaven wordt, konnende ‘t zelve daarna wederom tot goed hooiland worden gebruikt, mits het door polderdyken en molen werde boven water gehouden.”

It doarp lei op in hichte tusken de leechlizzende feanen yn it westen en de hege feanen yn it easten yn. De Boarnburgumer Petten binne oantinkens oan de ferfeaningen.

De doarpstsjerke is yn 1871 boud as ferfanger foar in tsjerke dy ‘t yn 1734 boud wie en dy ‘t ek al wer in âldere ferfong. De iken preekstoel datearret út de twadde helte fan de 17e ieu. De tsjerke dy ‘t der no stiet hat in trijekantich sletten koar en in houten geveltoer. Oan de Easterbuorren stiet de grifformearde tsjerke út 1911, in sealtsjerke mei in geveltoer. Oan de Galhoeke kaam yn 1893 in suvelfabryk, dy ‘t yn 1904 in koöperative ûndernimming waard. It gebou is doe ferfongen troch in nij fabrykskompleks yn in saaklike styl. Yn 1966 is it tichtgien en is it kompleks ferboud ta bedriuwsromten mei wenningen. Doarpsútwreidings kamen nei de oarloch oan wjerskanten fan de Nijewei, mei namme oan de eastkant.

Bontebok is in streekdoarp by in eardere slûs yn de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. It wie earst yn 1980 dat Bontebok de doarpsstatus krige. Foar dy tiid hearde it foar it grutste part by Nijhoarne en in wat lytser westliker diel waard by Boppeknipe rekkene. It doarp hat syn namme, dy ‘t al op kaarten fan it begjin fan de 18e ieu foarkomt, te tankjen oan in herberch, dy ‘t al sûnt lange tiid ferdwûn is. It graven fan de Kompanjonsfeart wie yn 1640 nammentlik foardere oan de “Bonte Bock” ta. Dizze herberch wie der dus al foardat der yn 1665 in ferlaat (in lytse skutslûs oanlein wie. Dizze waard yn 1931 fernijd. Der stiet noch in slûswachterswenning dy ‘t dan wol net fan1665 is, mar it pân oan de Eerste Compagnonsvaart 16 is neffens de gevelankers likegoed al út 1725.

De streek is fan healwei de 17e ieu ôf oan beide kanten fan de feart as gefolch fan de feanwinning ûntstien. It graven fan de feart en de wiken (dwersfearten) de winning fan en it ferfier fan it fean en it nei de tiid wer yn kultuer bringe fan de ôfgroeven gebieten joegen minsken in krap bestean. Reden foar wat ambachtslju en letter ek yndustry, om har yn dit gebiet te wenjen en wurkjen te setten.

Yn Bontebok kaam yn 1898 in koöperative molkfabryk, dêr ‘t letter ek in tsiismakkerij by kaam. Foar oare, soms gruttere doarpen út de omjouwing, wie sa ‘n fabryk faak net weilein. De fabryk hat it oan 1966 ta úthâlden; nei de tiid is it noch in skoft in konfytfabryk west, mar it stiet der no wat desolaat by. Fan 1923 ôf hat Bontebok in legere skoalle.

Tsjin de slûswachterswenning oer stiet oan de Eerste Compagnonsvaart nû. 1 in buorkerij mei in foarein yn mingstyl, boud yn 1876. Op nû. 5 stiet in wenhûs dat amper mear te werkennen is as it eardere kafee. Yn 1909 is der de earste stien foar lein, mar yn 1983 hat it kafee it definityf opjûn. In eintsje fierderop, op nû.11 de kop-hals-romppleats Oud-Hogeveen, dy ‘t nei in brân yn 1931in foar dy tiid modern foarein krige.

Boyl is in streekdoarp fan wierskynlik letmidsieuske oarsprong. It leit yn de úterste eastlike punt fan Weststellingwerf. Boyl hat tusken de doarpen Aldeberkeap en Nijeberkeap yn it noarden en Drinte yn it suden in frij útstrekt doarpsgebiet, dêr ‘t ek de buorskippen Boekelte en Riesberkaampen yn lizze. Ek bûten de nochal ticht beboude kearn stiet oan wjerskanten fan de Boylerweg frijwat bebouwing fan buorkerijen en wenningen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet dizze dyk nei it easten ta noch net oanjûn; dêr wie doe noch heide. De buorskippen “Rijseberkamp”en “Boekholt” bestean dan al. Yn it lêste stean sawol in “Koorn molen” as in “Vul molen”oanjûn.

De Tegenwoordige Staat van Friesland meldt yn 1788”: “Boyl of Beuil, in ‘t Zuidoosten der Grietenij naast aan Ooststellingwerf gelegen, strekt zich Noordwaarts uit tot aan de landen van Olde- en Nije Berkoop en Oostwaarts tot aan die van Elslo; dit Dorp heeft een kerkje zonder toren aan den rydweg naar Dieveren, zynde de huizen ter wederzyden in ‘t geboomte verspreid. In ‘t Noorden en Noordoosten behooren hier onder de buurtjes Boekholt en Rysberkamp, in welke laatste een Korenmolen plag te staan.”

De tsjerke stiet net oan de dyk nei Diever, mar wol by de trijesprong oan de noardkant fan de Boylerweg. It godshûs is, oan de gevelankers te sjen, boud yn 1617. Oare boarnen jouwe 1641 oan, mar it gebou ferfangt in âldere tsjerke, dy’t oan Maria wijd wie. De sealtsjerke sûnder toer mei in trijekantige koarsluting en oerhoeks pleatste steunbearen stiet op in ferhege tsjerkhôf mei rûnom hagen. Ticht tsjin de tsjerke oan stiet in klokkestoel. Dizze hat in sealdak en draacht in klok út 1399. De klokkestoel stiet hjir yn elts gefal al fan 1696 ôf en is in pear kear fernijd.

Oant yn de tritiger jierren ta binne der oan wjerskanten fan de Boylerweg wenningen bykommen. Nei de Twadde Wrâldoarloch binne der by de tsjerke wenwykjes oan wjerskanten fan de haadstrjitte ûntstien.

It terpdoarp Boer leit oardel kilometer fan Doanjum ôf en mei dit doarp en it mear eastlik lizzende doarp Ried op deselde kwelderwâl. In pear pleatsen en inkele huzen, û.o. in âlde pastorije, foarmje it doarp.

Boer leit even noardlik fan de Dongjumerweg dy ‘t de doarpen ferbynt. It doarp hat in eigen yn- en útreed. Efter it doarp lâns rint de Ryd, mei de eardere namme Riedstroom, in oerbliuwsel fan in slinke út de tiid dat Fryslân noch gjin bediking hie. It doarp leit midden tusken boulân en greiden yn. De kearn fan Boer is beskieden, mar der heart wol de eardere pastorije by, westlik fan de tsjerke en op de terp. De tsjerke is in bakstiennen gebou fan om it jier 1500 hinne mei in sydgevel mei dowegatten yn de top. Ynwindich hat de pastorije, dy ‘t no as wenhûs brûkt wurdt, âlde balken mei kaaistikken mei parkraalprofyl en oerwulve kelders. Fansels stiet de tsjerke noch yn it midden fan de losse bebouwing. De romaanske tsjerke, ea wijd oan de Hillige Maagd, liket yn har bepleistere gedaante noch hielendal net sa âld, mar troch de ruïneuze steat en it hieltyd wer oplaapjen, skimerje de âlde moppen hjir en dêr troch de mantel fan pleisterwurk hinne. Boppedat is it sealdak fan de westtoer letter ferfongen troch in spits. It gebou hat in wat ynspringend, rûnsletten koar, letter pleatste steunbearen en útkragings ûnder de goate. De tsjerke hat in preekstoel mei wrongen hoekpylderkes en in dekoratyf útsnijd kwabornamint fan ûngefear 1665. Op in kartouche stiet de namme I. v. Kingma, fermoedlik de skinker fan it meubel en mooglik deselde Ignatius van Kingma, dy ‘t ek yn Sweins spoaren efterliet. Út deselde tiid (1664) datearret it fraaie tagongspoartsje. It hat net altyd yn de tsjerke sitten, mar komt fan Elgersmastate, eastlik fan de tsjerke, dêr ‘t no in flinke pleats stiet. Pilasters mei slingers fan blommen, fruchten en skulpen steane oan wjerskanten fan de yngong en drage mei konsoles de kroanlist mei fronton en in pynappel yn top, op de skouders stean wapens dragende liuwen.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |