Dronryp is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderwâl ûntstien is. It wie yn it begjin in agraryske delsetting wêr ‘t de bebouwing him konsintrearre om de Tsjerkebuorren hinne. Begjin 16e ieu krige Dronryp in goede ûntsluting oer it wetter: de feart tusken Ljouwert en Harns, dy ‘t yn de 17e ieu ta trekfeart ferbettere waard.
De krusing fan de feart mei de dyk, de hjoeddeiske Hearewei, Skilpaad en Dûbele Streek wie in oantreklik festigingsplak foar hannnels- en ambachtslju en fersoargjende funksjes, bgl. loazjeminten. Sa foarme him súdlik fan ‘e Tsjerkebuorren in twadde kearn, de Brêgebuorren. By en yn de omjouwing fan Dronryp stie in flink oantal staten en bûtens. Oer lân waard Dronryp yn 1842 troch it oanlizzen fan de strjitwei fan Ljouwert nei Harns, goed ûntsletten en yn 1863 kaam der súdlik fan it doarp it spoar tusken deselde stêden ta stân mei in stopplak by Dronryp, yn 1868 kaam der in stasjon.
De twa delsettingen groeiden yn ‘e rin fan ‘e tiid oan elkoar. De groei fan Dronryp wie it gefolch fan de bloeiende bedriuwichheid: wat lytse fabriken en mûnen en fan 1891 ôf ek in suvelfabryk. Der kaam wenningbou ta stân oan de Alddyk, it Skilpaad, de Hobbemasingel en de Puoldyk. Oan de Hearewei, de tagongsdyk fan de strjitwei ôf, kaam de represintative bebouwing fan de notabele wenningen mei oan de westkant grutte middengonghuzen yn parkeftige tunen. Yn 1876 waard it haventsje fan Tsjerkebuorren, dat syn funksje ferlern hie, dimpt, mar de Buwefeart dêrhinne, bleau bestean.
Yn 1940 is de trekfeart gruttendiels dimpt. Allinne oan it brede profyl is oan ‘e Brêgebuorren noch te fernimmen dat op dit plan de foar de ûntjouwing fan it doarp ienris sa wichtige trekfeart rûn. Ek de bebouwing strielt dat út. It foar in part al earder groeven en yn 1951 iepene Van Harinxmakanaal kaam bylâns de súdkant fan it yn rap tempo groeiende Dronryp te rinnen. Yn de krisis- en oarlochstiid, mar ek yn de earste desennia nei de oarloch stagnearre de groei. Fan it ein fan de sechstiger jierren ôf, doe Dronryp as forinzedoarp ûntdutsen waard, kaam de groei der wer yn. De earste nijbou wie oan de eastkant fan de Hearewei, letter ek westlik fan de Buwefeart en koartlyn op ‘e nij wer oan de eastkant. Tusken de âlde trekfeart en it nije kanaal yn binne bedriuweterreinen te finen. Sûnt de lêste desennia fan de 20e ieu komme der, yn in lange streek by de âlde rykswei lâns, nije bedriuwen ta stân.
It yn in parkeftige tún lizzende bûtenhûs Schatzenburg is fanwege it oanlizzen fan de autodyk A31mei in fiadukt, frijwat brút fan Dronryp ôfsnien. It bûten is stichte yn 1689. In ferbouwing fan 1724-1725, begelaat troch Wybe Saagmans út Ljouwert, hat de opset yntakt litten. It dekoraasjeskema waard wol feroare mei byldhouwurk fan Jacob Sydses Bruinsma. Op in frij heech sûterrain is it bûtenhûs Schatzenburg ien laach heech en foarsjoen fan in hege kape. Foar de yngong mei in omlisting fan blokfoarmen, leit in royale trepopgong . Dêrboppe is in geveltop útmitsele, foarsjoen fan in barokke bekroaning mei de alliânsjewapens Huber-de Hertoghe. Agnes Alida Huber, bewenster fan Schatzenburg, wie yn 1745 stichtster fan it frouljusgasthûs Vredenhof. De oarspronklike rige ienkeamerwenten waard in ieu nei de stichting ferdûbele. Boppedat liet it gasthûs yn 1872-1876 in rige wenningen oan It Heech bouwe.
Fan de oarspronklik romaanske tsjerke resteare noch inkele fragminten. De tsjerke waard yn 1504 ta de hjoeddeiske tsjerke fernijd yn karakteristike letgoatyske foarmen. De toer waard boud yn 1544. De ûnderbou hat twa segminten wêrfan de ûnderste mei in brede, hege yngongspartij en de boppeste mei nissen yn Goatysk trasearwurk. Hjir stiet in achtkantige stiennen lantearne op, dy ‘t op de hoeken mei pilasters fersierd is en wêr ‘t de galmgatten fan boppe-oan ek foarsjoen binne fan Goatysk trasearwurk. Oan de Dûbelestreek stiet de roomsk-katolike tsjerke út 1839, dy ‘t in ieu letter by in fergrutting fan it skip in tradisjoneel front mei toer krige.