Blije is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar de jiertelling op in kwelderwâl ticht by de kust ûntstien is. It meast ier wurdt Blije neamd yn in libbensbeskriuwing fan abt Fredericus van Hallum út de 13e ieu. Lyk as de measte oare doarpen yn noardlik Ferwerderadiel en noardwestlik West Dongeradiel, is Blije nei it suden ta oer it wetter ûntsletten troch de lange Blijer Feart rjochting Dokkumer Ie, dy ‘t in letter dimpte haven tichtby de kearn hie. Dizze ferrûn winkelheakfoarmich en dat is oan it brede profyl fan de hast plein-eftige Hoofdstraat – mei de herberch – en it earste stik fan de Stationsstraat te erfaren. Boppedat leit Blije yn in opfallend web fan paden en wegen. By de doarpshaven en oan de Voorstraat kamen konsintraasjes fan bebouwing te stean. Frij wat mear nei it suden ta leit noch altyd it oansjenlike buorskip Farebuorren oan de Blijer Feart.

De terp is oan it ein fan de 19e ieu gruttendiels ôfgroeven. De tsjerke mei it hôf binne oan it ringfoarmige paad ta, dizze ûntmanteling besparre bleaun. Op dit net al te hege terprestant stekt de tsjerke no op in spannende posysje boppe de legere bebouwing fan de Voorstraat út en is allinne te berikken troch in pear smelle trochgongen. Út de struktuer fan no is amper te sjen hoe as de sitewaasje fan de terp yn de midsieuwen wie.

De mânske doarpstsjerke wie wijd oan Sint-Nicolaas. De toer mei sealdak en in oerwulve ûnderste romte is boud yn de 13e ieu; de bekroaning is wierskynlik yn 1741 oanbrocht of ferfongen. De letGoatyske tsjerke is ienbeukich en is om 1540 hinne as ferfanger fan in âldere tsjerke boud. It skip hat steunbearen en it koar hat in fiifkantige sluting. Yn de tsjerke fine we meubilêr út it begjin fan de 18e ieu en inkele besûndere sarken út de renêssânse, wêrby in portretsark troch Vincent Lucas.

Blije kaam te lizzen oan it lokaalspoar en oan de súdkant stiet, oan de râne fan de doarpsbebouwing it noch aardich geve stasjonsgebou út 1901.

Blesdike is in streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is op in sânrêch oan wjerskanten fan de dyk fan Oldemarkt nei Noardwâlde. Op de gritenijkaart fan Weststellingwerf fan Schotanus út 1716 is te sjen dat eastlik fan de tsjerke de huzen en pleatsen noardlik en yn it westen de gebouwen krekt súdlik fan de dyk by in fuotpaad lâns stean.

De Tegenwoordige Staat van Friesland meldt yn 1788 dat it grutte doarp oan de westkant oan Oerisel grinze mei in wetterskiedende dyk en oan de eastkant fan it doarp Pepergea ôfskieden wie troch it streamke Blesse. Op dat plak ûntstie in buert. “Verder Westwaarts vindt men de boereplaatsen deezes Dorps, alsook de Kerk met een dikken en stompen kloktoren, aan den reeds gemelden Buitenweg; alleen met dit onderscheid dat de huizen, behalven de gemelde buurt ten Oosten der Kerk aan den Zuidkant van dien weg, alle zeer aangenaam in ‘t geboomte gelegen zyn.”

Nei it suden ta lei de Blesserheide en yn it noarden rûnen de doarpslanderijen oan de Linde ta, dêr ‘t se “voor overstroomingen van dien vloed beveiligd worden door den Lindedyk”. In ôflitbrief út 1446 tsjûget derfan dat der in kleaster fan susters tertsiarissen bestien hat. Nei ‘t yn 1828 de rykswei fan Ljouwert nei Swolle oanlein wie, groeide de buorren fan Blesdike út ta in doarp.

De âlde tsjerke is wijd oan Sint-Nicolaas en is mei de “stompe toren” nei alle gedachten in sealdaktoer west. Nei de troch de biskop fan Utert opdroegen brânstichting is de tsjerke yn 1413 opnij boud. It gebou is yn 1836 fanwege de âlderdom ynstoarten. Yn 1843 is de hjoeddeiske tsjerke mei in trijekantich sletten koar en in houten geveltoer boud. Der lizze trije 17e-ieuske sarken fan de famylje Lycklama à Nijeholt. Oan de eastkant stiet oan de Markeweg in stjelpbuorkerij mei wenhûs yn treflik fersoarge ekspresjonistyske foarmen, nei in ûntwerp fan J. van Ommen. Oan deselde dyk is in boarch yn oanbou nei in (romantysk) model.

Blauhús is in jong streekdoarp oan de Himdyk dat earst yn 1950 de doarpsstatus krige. Doedestiids wie it al folle langer en grutter as in soad oare doarpen yn de omjouwing. De oarsprong is it mei blauwe pannen dutsen polderhûs fan de yn1632 droechleine Sensmar. Yn dit polderhûs kaam yn 1651 in preester te wenjen. Hy luts minsken oan, dy ‘t it âlde leauwen trou bleaun wienen. Sadwaande groeide dêr al gau in roomsk-katolike mienskip om it blauwe hûs hinne. Út de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 blykt dat him doe oan de westlike marzje fan Wymbritseradiel al in oansjenlik buorskip foarme hie. De droechleine Sensmar en Atzebuorster Mar súdlik fan de Himdyk binne ek yn de atlas oanjûn. Blauhús waard in katolike enklave, mar ek yn de buordoarpen Greonterp, Dedzjum en Hieslum wienen de roomsk-katoliken goed fertsjintwurdige.

Blauhús wie oan it ein fan de 18e ieu al in aardich grutte delsetting, wêrfan it noardlike part by Wolsum yn Wymbritseradiel hearde en it súdlike by Greonterp yn Wûnseradiel. Lykwols waard it yn de Tegenwoordige Staat van Friesland, nóch selsstannich, nóch by dizze doarpen neamd. By de beskriuwing fan de Himdyk wurdt it buorskip allinne neamd. Op de kaart fan Eekhoff út 1851blykt al dat de buert groeid wie en dat Blauhús in tsjerke hie.

De groei sette echt útein yn it lêst fan de 19e ieu. De Blauhústers lieten doe in triomfalistyske tsjerke bouwe. It waard in mânske krúsbasilyk mei in hege toer, dy ‘t in karakteristyk silhûet oan it doarp joech. It waard yn 1868/71 de earste neo-goatyske tsjerke dy ‘t de ferneamde boumaster Petrus Cuypers yn Fryslân boude. De tsjerke hat ûnder de krúsribbeferwulven op in alternearjend stelsel fan kolommen en pylders in kleurige, oarspronklike ynrjochting. Nei de bou fan de tsjerke ûntwikkele Blauhús him ta in folweardige delsetting mei û.o. in skoalle en in âldereinsintrum.

Bitgummole is in streekdoarp dat út in buorskip by Bitgum by de âlde Middelseedyk lâns ûntstien is. Yn de 17e ieu leinen der twa buerten eastlik fan Bitgum: “Bij de Molen” en even fierder “Dyksterhuzen”. Bitgum en syn buorskippen wienen ûntsletten troch in systeem fan fearten dy ‘t ek Ingelum en Marsum rjochting Harnzer Trekfeart oandienen. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786 dat oan de eastkant fan Bitgum te finen binne: “Voorts eenige huizen, die de Hameren heeten. Nog wat Oostelyker vindt men de molenbuurt en koornmolen, die weleer ten zuiden van den Dyk stond, doch thans aan den Noordkant op Bildtgrond is verplaatst; de oostelyke huizen heeten de Dyksterhuizen (...). Alle deeze buurtjes vindt men aan den meergemelden Oude Zeedyk, die tot aan de Kerk toe, ter wederzyden, zeer vermaaklyk met geboomte is geboord”.

Yn de 19e ieu groeie de buertdoarpen út ta in streekdoarp, dat trouwens pas yn 1963 dizze selsstannige status krige.

Oan de J.H. van Aismawei steane inkele notabele wenningen mei middengong. Se binne yn it lêste part fan de 19e ieu yn in dekorative mingstyl styl boud. Herberch Groot Terhorne – de namme is ûntliend oan de yn 1876 sloopte, kastieleftige state tusken Bitgum en Bitgummole – is yn de earste helte fan de 19e ieu yn neoklassicistyske styl boud, mei as meast opfallend aspekt de mei Toskaanske pylders yndielde ûnderkant. Oan de noardkant fan de dyk stiet, even bûten de roailine, de yn 1925, nei in ûntwerp fan Ane Nauta boude grifformearde tsjerke. Ek is doe de pastorije boud. Oan de krústsjerke is in frijwat ekspressive foarm jûn en oan de súdkant is in flinke toer boud mei geveltoppen en in nullespits.

Yn Dyksterhuzen stiet op nûmer 32 in monumintale kop-hals-romppleats fan om-ende-by 1870. It foarhûs hat in omliste yngong mei Ioanyske pilasters. Nei de oarloch is de streek oan de súdkant, De Hammeringen en omjouwing, en yn it noarden, earst de Lytsedyk en dêrnei It String en omkriten, útwreide.

Bitgum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is op en kwelderwâl, fuort westlik fan de Boarn of Bordine, dy ‘t him yn ‘e Midsieuwen ferbrede hat ta de Middelsee. It wie in grutte en frij hege terp dêr ‘t de bebouwing him ta healwei de 19e ieu konsintrearre, mar ek oan de westlike seame en oan de dyk oan de eastkant kaam wol wat bebouwing. Noch fierder nei it súdeasten ta groeide de buert by de mole út ta it streekdoarp Bitgummole.

Tusken it doarp en dizze buert hat oant 1879 ta it omgrêfte Groot Terhorne of Martenastate stien yn in grut tunenkompleks, ien fan de grutste staten fan Fryslân. Nei de Martena’s wenne dêr de adelike famylje Thoe Schwartzenberg en Hohelansberg. As neitins is der yn de tsjerke in fraaie epitaaf fan sânstien, oan de grûnlizzer fan de Fryske staach: Johan Onuphrius Schwarzenberg (ferstoarn yn 1584) en syn frou Maria von Grombach (ferstoarn yn 1564). It is in maniëristysk monumint dêr ‘t Dirck Lieuwes oan begûn en dat om 1615 hinne ôfmakke is troch Jelle Claesz. Op it plak fan de state binne no de sportfjilden en tunen.

Bitgum is in nochal deftich doarp, wat yn ‘e buorren te sjen is oan de rige notabele wenten út de twadde helte fan de 19e ieu, meastal mei in middengong. De fraaiste is de pastorije op nûmer 28; in folslein neoklassicistysk pân fan om-ende-by 1850, mei in doarrelistwurk flankearre troch komposite pilasters en in dakkajút mei in trijeliddich serlianafinster.

Op en oan de râne fan it doarp binne yn 1915 fierder ek al arbeidershuzen boud. Oan de Jonkersleane seis en oan de Frânskeleane sechtsjin tige kreas fersoarge twa-ûnder-ien- kapewenningen. Nei de oarloch waard dat fuortset mei rigen tradisjonalistyske huzen oan de Hillige Kamp en de Hemmemastrjitte (1948).

De oan de Sint-Martinus wijde tsjerke is yn goatyske styl yn 1669 ferboud en hat moai 17e-ieusk meubilêr. De toer is yn de 16e ieu oplutsen yn giele en reade bakstien en is foarsjoen fan rûnbôgenissen.

Berltsum is in terpdoarp mei in wat stedsk karakter. It is yn it begjin fan de jiertelling ûntstien op in wâl by de mûning fan de Ryd yn de Middelsee. De delsetting is in kombinaasje fan twa doarpen, dy ‘t ticht byelkoar lizze: Tutgum en Berltsum. It lêste ûntwikkele him ta in grutte hannelsdelsetting by de Ried lâns. Dêrtroch liet it in struktuer sjen lyk as ferskate oare stêden. Ek hat Berltsum in begin fan stêdsrjochten kend.

Berltsum is al lang in sintrum fan túnbou en hofkerij fan lytsskalige túnkersbedriuwen. Al yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1786 as karakteristyk beskreaun dat “er geen boerderijen in het dorp zijn” en “het Meerendeel der huizen maakt eene dubbele streek. Oost- en Westwaarts loopende, doch daarenboven zyn er eenige kleine bystraatjes, die, gelyk de Hoofdstraat, ten groote deele wel gevloerd zyn. Aan den Noordkant, achter de buurt, loopt de Ried of vaart van Franeker naar Berlikum te niete, tegen den ouden Zeedyk, en wordt daar nog heden de Haven genoemd, te gedachtenisse van de oude uitvaart in de Middelzee.”

De lange en yn hichte wikseljende streek, de Buorren, hat in frijwat fariearde en sletten bebouwing. Hjir en dêr wurdt it trochbrutsen troch iepenings nei sydgebieten, sa as it nijsgjirrige hoekje by It Dok, in dimpt haventsje mei loswâl. Parallel oan de Buorren is yn 1857 in keunstdyk oanlein fan Berltsum nei Frjentsjerteradiel, dy ‘t yn it doarp sels de Hofsleane hyt. Dêr is sûnt dy tiid sa stadichoan bebouwing oan groeid. Oan dizze Hofsleane – en oan de dwersstrjitte Nijebuorren - is yn 1917 en 1920 ek de earste folkshúsfesting ta stân kommen. Fuort nei de oarloch krige it buertsje fan de Molestrjitte stâl. Oan de súdkant fan de Hofsleane kaam nei de oarloch in flinke doarpsútwreiding. Yn it noarden waard op de eardere Middelseedyk, destiids de Hoogedyk neamd, yn 1853 in grintdyk nei Bitgum oanlein.

Yn de twadde helte fan de 19e en de earste tsientallen jierren fan de 20e ieu is oan wjerskanten fan dizze (Bitgumer)dyk lintbebouwing kommen, mei as resultaat in freonlike ynkomst oan dy kant fan it doarp. Op de krusing fan dizze dyk en de dyk nei St. Anne waard yn 1889 de molkfabryk boud. Noardlik dêrfan stie oant 1747 ta Hemmemastate fan de adelike famylje, dy ‘t net allinne grytmannen foar It Bilt levere, mar ek belangrike gesachsposysjes útoefenen. Oan it westlike ein fan de buorren stiet de herfoarme tsjerke op in heech hôf. It is in achtkantige sintraalbou mei fjouwer rjochte en fjouwer bol bûgde wanden, in koepeldak en in houten klokkekoepel. De tsjerke is yn 1777/79 boud yn Loadewyk XVI-styl, ûnder lieding fan Willem Douwes, stedsboumaster fan Harns. Fan binnen út wurdt de grutte koepel droegen troch in fjouwerkant fan slanke pylders. De tsjerke wurdt flankearre troch de út 1863 datearjende pastorije, in neoklassicistyske wenning mei middengong en de yn 1908 yn in aparte mingstyl fan neo renêssânse en fernijende styl boude konsistoarje.

De meniste tsjerke oan de oare kant fan it doarp is in neoklassicistyske sealtsjerke út 1841. Tichtby it doarp is de túnbou ûnmiskenber oanwêzich. Dêr waard yn1786 al melding fan makke : “Thans is Berlikum een der vermaaklykste kleidorpen, wegens de groote menigte van hovelingen, beplant met alleleye vruchtboomen, die de buurt van alle kanten omringen (...) : de menigvuldige appelen, peeren, bezijen en andere boom- en aardvruchten, die hier, by gunstige jaaren, in groote menigte wassen (...), verschaffen aan de inwooners van dit dorp een voornaam deel van hun bestaan, gelijk ook de aardappelteelt, die hier (...) voor dertig of veertig jaaren begonnen is en nog steeds aanwint.” Útsein it kweken fan fruit waarden op in soad túnkersbedriuwen winterwoartels, sipels en koalrapen ferboud. Letter ek noch tomaten, fijne griente, betide jirpels en poaters. Yn 1899 kaam der in feiling en waard der in feilinggebou boud oan de Berltsumer Feart. De feiling is saneard, mar de túnbou is noch altyd fan belang; de glêstúnbou is sels in groeisektor.

Bantegea is in jong streekdoarp, dat om 1900 hinne yn de grutte ferfeane en yn kultuer brochte fjilden, súdlik fan Eastersee ûntstien is. Nei de oarloch krige it de doarpsstatus. De namme krige it fan in doarp, dat in ein súdwestliker lei, en dat om-ende-by 1700 ferdwûn is.

It belangrykste part fan dit jonge streekdoarp is winkelheakfoarmich. Dêr kamen de tsjerken en skoallen en nei de oarloch ek nochal wat arbeiderswenten. Oan ‘e eastkant strekt him it buorskip Bandsleat oan de Skoatter Uterdiken ta út, in lege polderstrook dy ‘t ea by de gemeente Skoatterlân (letter It Hearrefean) hearde. Noardlik fan de kearn lizze in pear buertsjes by de dwersdiken fan de haadrûte lâns: de Landmansweg en de Kommisjepôle, in buorskip by it feartsje by de Uitgangen en mei namme de Otterwei, dat as in apart buorskip beskôge wurde kin.

Súdlik fan Bantegea lizze útfeane en ta greidlannen yn kultuer brochte fjilden. Hjiryn binne restanten te finen fan “Het Huis te Velde”. In grut rjochthoekich bûten, dêr ‘t de Middenweg dwers troch hinne rint. Yn it midden dêr stean wer twa pleatsen rjocht tsjin elkoar oer. De eastlike dêrfan “De Koaipleats”, hat hjir en dêr noch wat monumintaliteit.

Opmerklik is dat it gebiet min of mear yn fjirdeparten dield wurdt troch flinke leanen mei struken en beammen. Se rinne elk net oer de folle lingte troch, wêrtroch ‘t it grutskalige, parkeftige kûlisselânskip alluere krijt. Op de gritenijkaarten yn de Schotanus-atlas (1718) stiet it bûten oanjûn. It karakter fan ieuwen her is noch goed te sjen. De Skoattersyl, neamd nei de gritenij dy ‘t de âlde útwetteringsslûs yn behear hie, wie oan 1580 ta in wichtige slûs yn de Tsjonger. Doe waard op de grins fan Weststellingwerf de nije Slikenboargersyl boud. Mar doe ‘t nei de dyktrochbraken yn 1702 it oanlizzen fan de Statendyk needsaaklik wie, moast fan de Nije Skoattersyl ek in skutslûs makke wurde. De slûs is fernijd yn 1902. Der is wat bebouwing by groeid, mei û.o. in kafee en in wat krappe kamping, dy ‘t mei namme yn trek is by fiskers.

Bakkefean is in streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen as doarp mei in brinkfoarmige romte ûntstien is by de kleastersúthôf Mariënhof. Dizze úthôf is dêr yn de13e ieu fan it grutte kleaster Mariëngaarde út, fêstige. It kleaster hie ferlet fan branje; dat koe yn dizze omkriten út de feanen wûn wurde. Âldere spoaren wize der op dat Bakkefean al yn de stientiid op in belangrike rûte lei.

Yn de twadde helte fan de 17e ieu waard de Bakkefeanseter Feart groeven. Der begûn in nij haadstik yn de skiednis fan de streek; de feangraverijen fan de Drachtster Kompenije. Yn de jierren om 1660 hinne wie men oan Bakkefean ta en yn 1685 wie de feart klear en kaam der op de krusing fan de dyk en de feart in ferlaat. Oan wjerskanten fêstigen arbeiders en wat nearingdwaanden har op de feanen en de heide, mar der wie noch gjin sprake fan in echte delsetting. Tjaerd van Aylva liet yn 1732 foar Bakkefean in achtkantige sintraalboutsjerke ûntwerpe. Der hat wol in model fan west, mar it is net ta it bouwen fan in tsjerke kommen. Wol krige dizze grietman en eigner fan in soad feanen it klear dat de útinoar lizzende bebouwing nei 1732 ferpleatst waard nei de feart ta.

Nei ‘t de grûnen ôffeane wienen waard it lân yn stroken fan sawat 400 meter djipte oan wjerskanten fan de Bakkefeanster Feart yn kultuer brocht. De gebieten dy ‘t fierder fan de feart ôfleinen feroaren wer yn heide. By de feart lâns steane noch inkele 18e-ieuske ûntginningsbuorkerijen mei in foarhûs dat fan in krimpe oergiet yn in skuorre mei trochsjittende dakskylden, sa as Weverswâl 13 (1753), en Foarwurkwei 5 (1784). Fierder it om 1900 hinne ferboude Boszicht en Weverswâl 32, dat nei alle gedachten ek in kearn hat út de 18e ieu.

Yn 1788 melde deTegenwoordige Staat van Friesland by it doarp Sigerswâld: ”Behalve de bouwlanden, behooren onder dit Dorp zeer uitgestrekte Veenen (...) Onder anderen behoort hiertoe de buurt Bakkeveen, geheel op de heide in ‘t Zuidoosten des Dorps en door dezelve loopt eene vaart met verscheiden Verlaaten en Zuidwyken naar de Zuidelijke Veenen, in welke de turfgraverij van tijd tot tijd toeneemt (...) In later tijd hebben deze Veenen, eerst aan de familie van Aylva en daarna aan die van Burmania toebehoord, doch voor enige jaaren zyn zy, door koop, in eigendom gekomen aan eenige Friesche en Groninger Heeren, die dezelve in Maatschappy bezitten, en hier omstreeks jaarlyks eene groote menigte turf doen graaven.”

Tjaerd van Aylva hat Bakkefean stâl jaan wollen en is oan it begjin fan de 18e ieu nei alle gedachten ek de bouhear fan it Blauwhuis, dat oan 1837 ta oan de Foarwurkerwei stien hat. Dêrfan út is it gebiet earst troch de Aylva’s en fan healwei de18e ieu ôf troch de Burmania’s eksploitearre en bestjoerd. Der waard begûn mei it oanplantsjen fan bosken en de Burmania’s ha der ek in oefenskâns oanlein om dêr kriichsferrjochtings te beöefenjen. Spoaren dêrfan by de Beakendyk joegen koartlyn oanlieding ta rekonstruksje.

Efter it Blauwhuis stie de Slotpleats, wêrfan yn 1818 de earste stien lein waard. De pleats wie oant de ferbouwing yn 1922 ta as sadanich yn gebrûk. Dêrnei waard de buorkerij foar it echtpear Van der Goes-Van Harinxma thoe Slooten ferboud ta in lânhûs, dat sûnt 1986 in hoareka-funksje hat, en hjoeddei mei de omlizzende gebieten, yn eigendom is by Natuermonuminten. Yn it koetshús binne de VVV en it argeologyske stipepunt húsfêste.

Yn 1856 krige Bakkefean op ‘e Tsjerkewâl in eigen herfoarme tsjerke, in ienfâldige sealtsjerke mei in houten dakruter mei spits op de foargevel. Even fierderop stiet de út de 19e ieu datearjende houten skieppekoai, de ienichste yn Fryslân.

It wie al yn 1919 dat Bakkefean de status krige fan selsstannich doarp. It stie doe oan it begjin fan in nije ûntjouwing. De fariearde bosk- en heidegebieten yn de omkriten waarden ûntdutsen foar rekreaasje en toerisme. Lykwols is dêrnei yn it sintrum it karakteristike ferlaat mei brêge noch ferfongen troch in daam. Nei de oarloch is Bakkefean oan de noardeastkant sterk útwreide.

It terpdoarp Baard wie it eartiidse bestjoerssintrum fan de gemeente Baarderadiel, dy ‘t sadwaande de namme krige. Troch de ieuwen hinne hie de famylje Dekema hjir de hearskippij. De Dekema’s hienen yn Baard in stins. No tsjûget allinne de Dekemawei noch fan de famylje. It doarp wie goed ûntsletten troch de belangrike Boalserter Feart en waard yn 1830 tagonklik oer de dyk fan Frjentsjer nei it efterlân fan Jorwert en omkriten.

Op de hoeke by de brêge, de ienichste beweechbere brêge yn de lange Boalserter Feart, is yn 1877 in nije herberch boud nei in ûntwerp fan T. Spoelstra út Tsjummearum. Yn de doarpsstrjitte folgje oan beide kanten kompakt boude, ienfâldige, rintenierswenningen, soms mei neo- klassisistyske kenmerken. Se steane net echt yn in roailine, oan de noardkant fan de tsjerke steane dit soarte huzen ek. Op ‘e hoeke fan de dyk nei Easterlittens stiet in mânske kop-hals-rompbuorkerij mei sierlik mitselwurk út om-ende-by 1890. De buorkerij sjocht út op it iepen fjild yn de doarpskearn, dêr ‘t in frij nije basisskoalle siet. Efter de tsjerke lâns rint in buorren mei foar in part âlde bebouwing. De lytse Fermanje, dy ‘t net mear as tsjerke yn gebrûk is, heart der ek by, en wat húsfesting fan nei de oarloch. Dizze strook mei bebouwing foarmet oan de noardkant fan it doarp in sletten front oan de hjir lizzende opfeart, de doarpshaven. Fierder is oan wjerskanten fan de Fâdenserdyk rjochting Jorwert, fariearde bebouwing ûntstien.

De yn 1876 boude tsjerke stiet oan de doarpsstrjitte op in rom, heech hôf, beskerme troch in muorke mei in izeren stek en jonge linebeammen. It gebou hat brún muorrewurk mei rûnbôgefinsters. Der is in trijekantich koar mei pilasters. De goaten wurde droegen troch lytse konsoles en it tsjerkedak is belein mei blau glazuere Fryske weachfoarmige dakpannen. Yn de toer sit boppe de yngong in spitsbôgich finster mei in dûbele bolle list fan pleisterwurk. De trije toerûnderdielen binne fersierd mei friezen. Der binne spitsbôgige galmgatten, acanthusconsoles ûnder de kroanlist en in ynsnuorre achtkante spits mei laaien. De tsjerke hat in aardich oargeltsje en in dekorative kreake mei in iepen bewurke stek.

Stynsgea is fan oarsprong in agrarysk dyksdoarp dat yn de Midsieuwen foarme is by de splitsing fan wegen fan Bûtenpost nei Surhuzum en Drachten. By de brêge en in slûs oer en yn it Knillesdjip, ûntstie de buert Blaufallaat. Yn it earstoan bestie de buert út in slûs- en brêgewachtershûs, in pear húzen en buorkerijen, in herberch en in bakkerij. Nei de oarloch kaam der oan de súdkant fan it kanaal wat bedriuwichheid. It westliker oan wjerskanten fan it Knillesdjip lizzende Reahel, hearde ek by Stynsgea, in buert mei twa skipshellings, dy ‘t yn de 18e ieu ûntstien is. No is der allinne noch in kloft huzen oan de noardkant fan it wetter te finen. Stynsgea hat mei in opfeart ferbining mei it Knillesdjip. Yn it doarp sels leinen de huzen en buorkerijen eartiids by in púndyk lâns. Boppedat stienen der westlik fan it doarp inkele foarname staten. Ein 18e ieu skriuwt men dêroer: “De ingang van dit dorp is zeer vermaaklyk in het geboomte, en deszelfs uitgestrektheid groot, ook heeft men hier eene fraaie kerkbuurt.”

Healwei de 19e ieu wie der ek al bebouwing kommen oan de sydpaden, mei wat in konsintraasje om de tsjerke hinne. De tsjerke, wijd oan Sint Augustinus, is in goatyske sealtsjerke mei in rjochtsletten koar, mooglik út de 15e ieu. De toer is âlder, 13e ieusk. Syn sealdak ferdwûn yn 1895. It ynterieur hat krúsribbe-ferwulven en meubilêr út de 17e en 18e ieu.

Yn 1897 krige Stynsgea in suvelfabryk, dy ‘t troch de Fabryksfeart mei it Knillesdjip ferbûn waard. By de feart kaam in rige arbeiderswenten te stean. It suvelfabryk gie yn 1968 ticht.

Yn de tweintiger jierren is der efter de tsjerke in nije ferbiningswei mei Surhuzum oanlein. Oan beide kanten fan ‘e dyk waard in freonlike rigele frijsteande boargerswennings boud, guon yn aardige ekspresjonistyske styl. Fierder kaam der oan dy súdkant fan it doarp yn 1917 de grifformearde tsjerke. Nei de oarloch is Stynsgea mei namme yn it suden, gâns útwreide.

Lytsewâld (of Augsbuurt) wurdt ek wol Lutjewoude neamd. It is in lyts komdoarp fan midsieuske oarsprong dat fan 1654-1656 ôf oan de doedestiids groeven Strobosser Trekfeart kaam te lizzen.

De tsjerke is yn 1782 oplutsen om de midsieuske tsjerke te ferfangen. De geveltoer mei ynsnuorre nullespits krige earst yn 1917 stâl. Dizze sealtsjerke hat in trijekante koarsluting en in muorrewurk dat troch lisenen yndield is en foarsjoen fan brede rûnbôgefinsters . De tsjerke is restaurearre yn 1976, wêrby ‘t doe ek de bankeblokken fuorthelle binne. De tsjerke hat in tige seldsume fjouwerkante preekstoel út it lêst fan de 17e ieu, mei op de hoeken glêde Toscaanse pylderkes, op it foarpaniel stiet in ôfbylding fan Mozes en Aäron mei de wetstafels. Der hingje twa foarse roubuorden fan de famylje Van Scheltinga út 1708 en 1712. Tusken de sarken falt in 12e-ieusk eksimplaar fan sânstien op. Oan de kant fan de trekfeart stiet de om 1905 hinne boude pastorije. It is in sierlik gebou op in L-foarmige plattegrûn en twa geveltoppen. De dakskylden binne bedutsen mei grutte, dikke keunstlaaien, dy ‘t lein binne yn rútfoarm. It muorrewurk is fersierd mei alderhande útmitsele frieskes en de finsters binne dekoratyf omliste mei negblokken en sierlike bôgetrommels.

Tsjinstellend tsjin dizze pronk oer binne it eardere skoallehûs en masterswenning oan de eastkant fan de tsjerke; dy binne sa sober en ienfâldich. Yn 1833 en 1839 binne se, - krekt wat fersprongen -, oan mekoar fêst boud, mar beide ha se har eigen skyldkape. It skoallehûs fan brúnreade stien hat in middengong en oan de iene kant twa steande finsters en oan de oare kant in dûbeld finster. It lytsere mastershûs fan reade stien is trije finstersfekken breed en hat de yngong oan de koarte kant. Doe’t ien fan de skoalmasters mei pensjoen gie is yn 1880 de skoalle tichtgien en ferkocht. Der wienen te min learlingen.

De tagong nei Lytsewâld is mooglik troch in balkebrêge, in karakteristyk en sa stadichoan seldsum eksimplaar fan de fan 1880 ôf ferfongen brêgen oer de Strobosser Trekfeart. Dizze brêge datearret fan 1907 en hat brêgeleunings fan profylizer en inoar krusende stangen.

Arum is in flink terpdoarp dêr’t de trochgeande Sytzemaweg mei de oerdwerse Arumer Feart de struktuer foarme ha. By it wetter binne der oan beide kanten fan de dyk aardige wetterbuertsjes mei oan ‘e westkant de Schoolsingel mei spoaren fan in earmhûs út 1662, in fraaie gevelstien en in seldsum âld skoaltsje (1832) mei spitsbôgefinsters. Op in tinkstien stiet dit moralistyske fers:

Hier vind ge o Jeugd een onderwijs
Gerigt naar u verstand
Gebruik met vlijt dit gunstbewijs
Zoo komt gij ras tot stand.

Eastlik is tusken de bebouwing yn romte hâlden foar in keatsplein. De bebouwing by it wetter fan de Sulverstreek lâns is hjir en dêr fernijd. By de tsjerke stean in pear karakteristike notabele wenten út it lêste kwart fan de 19e ieu, wêrûnder ek in grutte pastorije.

Tichteby stiet herberch De Gekroonde Leeuw, dy ‘t ek ta stân kaam yn deselde perioade. Lange tiid wie hjir it stopplak foar de tram fan Boalsert nei Harns. It is in steatlik bouwurk mei op de ferdjipping in opfallende glêzen erkerútbou. Arum is yn de betide 20e ieu oan de noard- en de súdkant opmerklik lang útrutsen by de trochgeande dyk lâns. Oan de Camminghaweg stean rychjes filantropyske wenten út 1900. De doarpsútwreidingen fan nei de oarloch kamen earst oan de noard- en letter oan de súdkant.

De Arumer tsjerke stiet op in rom en keal hôf. It gebou is oant twa kear ta troffen troch de wjerljocht en yn ‘e brân flein, de lêste kear yn 1836. De hjoeddeiske tsjerke is in ûntwerp fan boumaster Thomas Romein. Dy kaam mei in neoklassicistysk plan, mar doch is de tsjerke ienfâldiger en soberder útfierd; in tradisjonele sealtsjerke mei spitsbôgefinsters en in strakke fjouwerkante toer mei in alderaardichste bekroaning yn neoklassicistyske foarmen. Yn de tsjerke mei in ienfâldich ynterieur stiet in hearebank fan de famylje Cammingha.

Tichteby, mar ek wat fierder fan Arum ôf steane steatlike pleatsen, mei as hichtepunt de kop-hals-rompbuorkerij Camminghastate oan de súdlike grins fan it doarp.

Allingawier is in lyts terpdoarp dat, hoewol’t it folle âlder is, om 1270 yn ‘e boarnen foarkomt as Alingwere. It leit yn it lege, súdlike part fan Wûnseradiel. Dat wie eartiids mear taastber omdat it doarp op in lântonge tusken grutte marren en wat puollen yn lei. Fansels hâlde de befolking him dwaande mei de fiskerij; it waard “een vischrijke plaets” neamd.

Súdlik fan Allingawier leit de Jakle-set, earder in oerset mei in boatsje tusken twa grutte marren yn. Healwei de 15e ieu krige de oerset syn namme, dy fan Jackle Feddes, dy ‘t as strider fan de Fetkeapers dit strategyske plak behearste. De Makkumer- en de Parregeaster Mar binne yn 1876-1879 droechmeald. Der moast fan de Grutte Sylroede (Makkumer Feart) en de Warkumer Feart by Tsjerkwert ôf in kanaal foar de skipfeart groeven wurde: it Van Panhuyskanaal. Oer de opfeart dêrhinne leit in heechhout yn de kearn fan it doarp. De eardere stoomsmidderij hie ek ark en reau foar de skipfeart yn ‘e hannel. Troch it droechmeallen kaam Allingawier midden yn de lege greiden te lizzen. De doarpskearn bestiet út hjir en dêr boude boargerhúskes, pleatsen en kreaze loadsen en skuorren.

Op in rom hôf is yn 1634 in nije tsjerke boud op it plak fan de âlde. Dizze is yn 1783 wat ynkoarte ta in trijekantich sletten koar. It ynterieur bestiet út ienfâldich iken meubilêr. De tagelyk mei de tsjerke boude toer hat in sealdak; de liedklok is fan 1599.

By de Doleânsje yn 1888 gie in flink part fan de befolking oer. Yn it earstoan hierden de grifformearden de âlde tsjerke, mar yn 1893 waard der in eigen, lyts tsjerkje boud oan de súdlike râne fan it doarp. Dit gebou is tsjintwurdich it ûntfangstsintrum foar de besikers fan de Aldfaerserfrûte. De objekten dy ‘t de belangstellenden besjen kinne, binne: it skeppingsferhaal, de museumbuorkerij De Izeren Kou (begjin 18e ieu), in drabbelkoekebakkerij mei kofjehûs, in smidderij, in skilderswurkpleats en in arbeidershúske.

Súdlik fan it doarp leit, efter in brede oprydleane, Allingastate; in nei 17e-ieusk model neiboude state.

Aldtsjerk is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op de noardlike útrinner fan de sânrêch, dêr ‘t ek de oare doarpen fan de Trynwâlden op lizze. It doarp krige stâl oan de súdkant fan de krusing fan de wei fan Ljouwert nei Dokkum en de wetterloop fan de Murk. Hjir leit no in klonken izeren flapbrêge mei fakwurk oer fan sa om en de by 1920.

De skildereftige haadstrjitte, de Van Sminiawei, hat mei heakse bochten nei it suden en it easten ta in bajonetfoarm, mei ferrassende perspektiven. It effekt wurdt noch sterker troch ûnregelmjittige roailinen. De bebouwing oan wjerskanten is benammen út de twadde helte fan de 19e ieu en it begjin fan de 20e ieu. Hjir dominearje boargerhuzen. De doarpstsjerke, dy’t wijd is oan Sint Paulus, stiet op in ferhege tsjerkhôf en is boud healwei de 12e ieu yn bakstien en krige destiids in beklaaiïng fan dowestien. De út it begjin fan de 13e ieu datearjende sealdaktoer fan bakstien is mei sparfjilden fan dowestien beklaaid.

Foaral de nei it tsjerkedak ta kearde topgevel is prachtich detaillearre mei klimmende rûnbôgefriezen en siermitselwurk. De westlike geveltop is yn de 18e of 19e ieu fernijd. De trijesidige bepleistere koarsluting is út de 19e ieu. De tsjerke hat in geef ynterieur mei 17e- en 18e-ieuske meubels, sa as in betiid-17e-ieuske preekstoel, fjouwer hearebanken en roubuorden. Yn ‘e tsjerke is in grêfkelder fan de Sminia’s en op it hôf binne opmerklik de 19e-ieuske grêfkelder mei in fraai bewurke dekstien foar A.J. van Sminia en C. Coehoorn-Van Scheltinga en in grêfperk mei sarken fan leden fan de famylje Sminia. De kloeke, yn mingstyl boude pastorije stiet even fierderop oan de Van Sminiawei.

Lyk as de buordoarpen wie Aldtsjerk in plak dêr ‘t adel en patrisiaat harren graach fêstigen. Yn de 17e ieu binne dêr trije staten boud, wêrfan de ferskate kearen yngripend ferboude Klinze (oarspronklik Aysmastate) oerbleaun is. Fan de yn 1916 sloopte Sminiastate is it boskwachtershûs yn chaletstyl der noch.

Aldeboarn is yn de iere Midsieuwen op de súdlike wâlskant fan de rivier de Boarn as in agrarysk doarp ûntstien. It is te tankjen oan de lizzing oan de belangrike wetterferbining en in grut efterlân, dat it doarp him om 1200 hinne al ûntjaan koe ta in oerslachplak foar alderhande guod. Op dit gaadlike plak festigen har ambachtslju en nearingdwaanden. Aldeboarn, foar it earst meld yn 1230, hie al gau in differinsearre maatskiplike struktuer wêrtroch it ta hannels- en bestjoerssintrum útgroeide. Yn de Midsieuwen wie it in tsjerklik sintrum foar in grut gebiet. It wie lange tiid it haadplak fan de gritenij.

Oan de licht meänderjende Boarn kaam oan wjerskanten in tichte, op it wetter rjochte bebouwing fan lang om let hast in kilometer lingte. Der steane nochal wat represintative ieuwenâlde wenten. Dy steane ek, mar dan út de19e en de iere 20e ieu, oan de Tsjerkebuorren en Wjitteringswei dy ‘t nei Akkrum liedt. Dizze dyk waard yn de earste helte fan de 19e ieu ferhurde. Yn it lêst fan dy ieu wie it gebeurd mei de hannel. Al kaam der in suvelfabryk yn Aldeboarn. Yn de 20e ieu kamen der útwreidings oan de súd-, mar benammen oan de noardkant. In oantinken oan de sintrumfunksje is it Waachgebou út 1736; it gebou is no as pleatslik museum yn gebrûk. It is in ynbannich gebou fan twa lagen mei oan de kant fan it wetter in rûnbôge-yngong. In lêste spoar fan de funksje as bestjoerssintrum is de noch besteande westfleugel fan Andringastate, it grutte hûs fan de grytmansfamylje. Op it terrein is yn 1894 de pastorije boud. De herfoarme tsjerke is yn 1753 boud as ferfanger fan de midsieuske tsjerke fan dowestien. De slanke, troch kolossale Ioanyske pilasters begelate en troch in sjarmante trijeliddige lantearne bekroande toer waard yn 1736-1737 oplutsen. Boppe de yngong sit in byldhoude stichtingscartouche yn barokstyl. It tsjerkeskip wurdt oerkoepele troch in skildere himel mei stjerren, planeten en ingels. De sluting wurdt dominearre troch it grêfmonumint fan twa leden fan de grytmansfamylje Andringa.

Eagmaryp is in doarp oan de feart en ien fan de doarpen yn de Lege Wâlden, de leechlizzende streek súdeastlik fan de Snitser Mar mei syn puollen. It doarp is yn de 12e ieu ûntstien en de huzen, foaral de pleatsen wienen allinne mar te berikken oer it wetter. Krekt yn de twadde helte fan de 19e ieu kaam dêr in dyk.

De Tegenwoordige Staat van Friesland hat it yn 1788 benammen oer Agge Donia, dy ‘t fan syn stins yn Eagmaryp út om 1460 hinne de wide omjouwing yn ‘e macht hie en hiele doarpen brânskatte. Wol wurdt deryn meld: “Akmarijp, gelegen in de Zuidwestelyksten hoek der Grieteny, was voor dezen vrij aanzienlyk, doch nu van een ‘kleinen omtrek’.” En: “Men ziet hier nog everig een oud Kerkhof van de Pastory van St.Jansga.”

It âlde tsjerkhôf is ek yntekene op sawol de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus (1718) as yn de atlas fan Eekhoff (1849), yn de lêste krekt noardlik fan de boerepleatsen Molla en Unia. It lettere tsjerkhôf leit mear nei it noarden ta. Op de Schotanuskaart stiet op dat plak noch in tsjerke yntekene. Yn jannewaris 1844 waard de ôfbraak fan de doarpstoer oanbestege en tagelyk moasten in klokkehûs en yn it buordoarp Terkaple in nije skoalle mei skoallehûs boud wurde. Krapoan 40 jier letter (1881) waard it bouwen fan in nije skoalle mei skoallehûs yn Eagmaryp oanbestege.

It tsjerkhôf mei dêromhinne in tichte seame fan beammen, hat in izeren tagongsstek út likernôch 1880 mei deadssymboalen. De klokkestoel mei helmdak is wyt skildere en draacht in liedklok, dy ‘t yn 1545 getten is troch Johan ter Steghe. By de brêge oer de Agge Douwes- of Lange Sleat foarmje groepkes huzen oan wjerskanten fan de dyk in buorrentsje. Fierder nei it suden ta stean boerepleatsen, fraai útline en hast allegearre oan de westkant. Oan dy kant kronkelt de feart efter de bebouwing. De measte pleatsen binne foarse en faak monumintale, ein 19e-ieuske stjelpen. Fuort njonken it tsjerkhôf stiet in kop-romppleats mei molkenkelder út it lêst fan de 19e ieu.

Tearns is in doarp dat fan de skiednis ûngelyk krigen hat. Fanâlds hearde it as buert by Goutum, mar doe’t it in eigen tsjerke krige, waard it in selsstannich doarp. Nei’t de tsjerke wer ôfbrutsen wie, bleaun der in tsjerkhou oer mei in klokkestoel. Mar dy binne der sels net mear.

Eastlik fan it lytse Tearns is flakby it drokke farwetter de Nauwe Greons in buert foarme dy’t noch altyd bestiet en de namme fan it âlde doarp noch draacht.

Dat is in buert mei in pleats, in tal huzen by de Himpenserdyk lâns en in stik as wat huzen en in loads oan de Nauwe Greons. En in brêge. Rjochtet yn Himpens de tsjerketoer him yn alle ienfâld yn himelske rjochting, yn Tearns ferbynt in izeren draaibrêge hiel ierdsk de twa doarpen. Yn in geskrift fan 1463 wurdt al in ‘ossenbrug’ neamd. By de folgjende fermelding yn 1584 is der sprake fan draaihout en noch letter fan in pontsje en in skou foar de oerset.

It measte transport gie doe ek oer it wetter. De Nauwe Greons foarme de ferkearsferbining fan de doarpen Himpens en Tearns mei Ljouwert. Dizze feart wie sels de belangrykste ferkearsferbining mei it suden.

No leit der in yn 1890/91 makke klonken en laske izeren draaibrêge mei in symmetryske balâns op in rûne pylder. De leggers binne troch izeren jukkonstruksjes mei trekstangen en stelskroeven opspand. Oan de Tearnser kant leit in fêst brêgediel. De draaisteger, in kwart rûn plankier, leit oan de oare kant fan de brêge. Oer dizze steger is it mooglik om mei hânkrêft de brêge iepen en ticht te dwaan. De Himpenser Mar súdlik fan Himpens en Tearns is yn 1784/85 droech meald. De skiednis hat foar in opmerklik kontrast soarge. De polder is nea wer ûnder wetter setten, mar noardliker is in nije plasse groeven dy’t krekt nei it oare doarp neamd is: Tearnzer Wielen.

Teridzert is in lang streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn de streek fan Weststellingwerf wêr’t de Tsjonger yn it noarden en de Linde yn it suden it tichtst by elkoar komme. Yn de trije kilometer lange streek mei losse bebouwing stiet ûngefear yn it midden in konsintraasje fan gebouwen – fanâlds De Bult neamd – wêr’t ek it doarpshûs (mei dizze namme)stiet en wêr’t in stik as wat bedriuwsgebouwen diel fan út meitsje.

De gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 lit sjen dat de trochgeande dyk –no de Idzerdawei – skadich is en dat súdlik wat boskperselen lizze. Foaral yn it easten fan it doarpsgebiet lizze se en hielendal yn de eastlike flank stie de Idzerdastins. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet dy oanjûn, mar op dy fan Eekhoff út 1850 stiet de stins as ‘earder’ fermeld. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 fermeld: een zeer vermaaklyk Dorp … aan den rydweg van Olde Holtwolde naar Olde Berkoop, heeft eene Kerk zonder toren, hangende de Klok, als die van Nye Holtwolde, in een houten Klokhuis. … Dit Dorp heeft ongetwyffeld zynen naam gegeeven aan het geslagt van Idzerda, het welk hier, ten tyde der troebelen, een sterk stins heeft gehad, in het Noordoosten des Dorps. … Het oude Stins vervallen zynde, is daar voor, by onzen tyd, een ander huis, wel van minder omtrek, doch in eenen meer hedendaagschen smaak, opgebouwd door de Familie van Ter Wisga. … De Zuidelyke landen deezes Dorps zyn bouwlanden, … terwyl de Noordelyke, laag en veenlanden zyn, die tot aan de Kuinder … loopen.’

De tsjerke is wijd oan Sint Bonifatius en is út ûngefear 1500 en hat sûnder twivel in foargonger hân. In skoft is hy sûnder toer bleaun, mar yn 1903 kaam der in nije westgevel mei geveltoer, wêr’t de klok yn ophongen wurde koe. It ynterieur hat in trijetal polygromeare, sânstiennen epitaven fan de famylje Idzerda út 1531, 1603 en 1620, allegearre yn farianten fan de renêssânse styl.

Terbant is in streekdoarp dat diel útmakket fan de rige doarpen – fan west nei east – Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat, dy’t De Streek fan it âlde Aengwirden foarmje. Se binne mei it noardeastlike part fan It Hearrenfean yn 1936 by Skoatterlân foege om de gemeente Hearrenfean te foarmjen.

Terbant leit it tichtst by it grutte Hearrenfean, wêrfan it noardeasten oant de weryndieling mei Crackstate en de rjochtbank ûnder Terbant foel. Dit is sels noch te merken oan eardere folkshúsfesting yn it noarden fan It Hearrenfean wêr’t de huzen yn de Pastoriestrjitte en omjouwing, nei in ûntwerp fan de gemeentearsjitekt van Aengwirden K.R.Post (1918 en 1920), in doarpske sfear útstrielje. Ek hearde de frij goed bewenne streek Spitsendyk noardlik fan Terbant ta it doarp, lykas yn it westen it gebiet tusken Nijbrêge yn it noarden en Terbandsterschans yn it suden, wêr’t yn de Tachtichjierrige oarloch in ferdigeningsskâns lein hat. Earder stie yn it doarpsgebiet it kleaster Mariënbosch. It Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa fan út it midden fan de 19e ieu melde: ‘De oude kerk, welke vóór de reformatie, aan de H. Catharina was toegewijd, werd voor de fraaiste van de geheele grietenij gehouden. Deze, bouwvallig geworden zijnde, is echter, in het jaar 1845, door eene nieuwe vervangen, welke, naar het vernuftig ontwerp van den Heer T. Romein, Architect der stad Leeuwarden, gebouwd, den 21 Augustus van dat jaar is ingewijd.’ De âlde kapel soe út 1315 wêze en it nije gebou wurdt troch it suvere en evenwichtige neoklassisisme heech wurdearre. De tsjerke stiet net sûnder effekt, op in rom, moai tsjerkhou.

Ek by Terbant is it lân ôf- en útfeane, earst súdlik fan de Aengwirderwei de hege feanen en dêrnei op grutskalige wize de lege feanen noardlik fan de wei. Om 1850 hinne wie it klear en hienen de ferfeaningen in wetterich ûnlân efterlitten wêrtusken De Streek as in raffelige kade oerbleaun. Ek hjir is it lân ynpoldere en yn kultuer brocht.

Terherne is in âld wetterdoarp op in sânrêch by de eastlike hoeke fan de Snitser Mar. It leit eins op in eilân tusken dizze mar en de Hoarne en de Terhernster Puollen en Terkaplester Puollen. De delsetting is groeid by de âlde Slachtedyk dy’t súdlik fan de Nije Wjittering lei. ‘De Buurt is geheel zonder order aangelegd, hoewel taamlijk groot’, waard oan it ein fan de 18e ieu skreaun en noch hat it doarp in ferrassende struktuer.

Yn it noarden leit, yn in gebiet wêr’t de ôfrûne desennia wettersportbedriuwen fêstige binne, in grutte flapbrêge oer de nij groeven Sânsleat. Tichter nei de doarpskearn leit de wer makke flapbrêge nei âld model oer de Sânsleat, wêr’t oan De Stripe lytsskalige bebouwing leit. Dêrnei slingert troch it Koailân en de Gravinnewei, de trochgeande wei rjochting De Jouwer troch it doarp. De Syl liedt nei rekreaasjeplakken oan de wâl fan de Snitser Mar.

Tichtby dizze hoeke riist de fermanje fan de menisten op, in yn wêzen ienfâldige sealtsjerke mei in bysûnder sierlik front, fan it ûntwerp fan de Snitser arsjitekt A.Breunissen Troost (1864). De foargevel wurdt opfleure troch penanten, kolommen en pinakels yn mitselwurk en pleister en it foarterrein wurdt troch in moai smei- izeren stek omfette.

Oan de oare kant makket de Buorren in lus troch it doarp. Dêr stie de midsieuske tsjerke mei in toer mei sealdak, dy’t wijd wie oan de Hillige Laurens. It gebou is yn 1874 ôfbrutsen om op itselde plak romte te meitsjen foar in nije tsjerke nei ûntwerp fan de Ljouwerter arsjitekt J.I.Douma. It is in folle ienfâldiger tsjerke dan dy fan de menisten, mar hy is wol foarsjoen fan in toer mei in nullespits. Oan de Buorren, mar ek earne oars, steane grutte doarpswenten fan it notabele type, mar ek de mânske herberch de Zevenwouden, in ôfblokt pleistere pân fan twa boulagen. De earste útwreiding nei de oarloch fûn plak nei it suden, de resintste tusken de Sânsleat en de Nije Sânsleat.

Terkaple is in wetterdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is. It is ien fan de doarpen yn de Lege Wâlden, de lege wetterstreek súdeastlik fan de Snitser Mar mei syn poelen. It wie oant de 19e ieu allinne oer wetter te berikken. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff (1849) stiet in paad út de rjochting fan De Jouwer nei Terherne oanjûn, mei in oerset op it plak wêr’t no de Hearesyl leit, mar dat wie allinne foar lokaal ferkear te brûken.

Op sawol de kaarten fan 1718 as dy fan 1849 blykt in lytse agraryske delsetting mei in tsjerke en de Oenemastins. Yn 1788 stie yn de Tegenwoordige Staat van Friesland: ‘dit Dorp heeft eene Kerk, maar geen’ toren; by de Kerk staan eenige verstrooide huizen, en ten Noordwesten van dezelve stond weleer Oenema Stins, ’t welk in den aanvang deezer eeuw nog in zyne Hovingen en Cingels lag, … schoon van zyn voorig aanzien ganschelyk beroofd. … Dit Dorp … is voorts niet onaangenaam, wegens de zeer naby gelegen vischryke Kappelster Poelen.’

It tsjerkje is yn 1854 boud om in âlder eksimplaar te ferfangen dat foarsjoen wie fan ferwulfskilderingen. De tsjerke hat in trijekantich sletten koar en in lytse geveltoer dy’t bekroand wurdt troch in elegant, iepen wurke koepeltsje. Yn de tsjerke lizze twa belangrike Oenema/Roorda sarken yn renêssânse styl, in dekorative troch Pieter Dirxsz (1570) en in portretsark (1610) troch Jacob Lous.

Op it plak fan de Oenemastins stiet in buorkerij mei in wapenstien fan de Oenema’s en yn de keukenkeamer in grutte renêssânse skou. Yn de omjouwing fan de tsjerke, mei pastorije, stiet in rige pleatsen. Súdliker leit in flapbrêge oer de frij brede Heremafeart en dêrnei stiet opnij in yn de 19e ieu groeide streek fan arbeiderswenten oan dizze sleat. De beide kanten fan de dyk rjochting Akmaryp binne dêrnei ek beboud rekke en der kaam in lytse skoalle ta stân mei twa klassen. Terkaple is in doarp mei twa kearnen.

Teroele is in wetterdoarp oan de eastlike kant fan de Kûfurd wêr’t de pleatsen mei opfearten hinne ûntsletten wienen. It is altyd it lytste doarp fan de gritenij west. It âldste kaartbyld, de gritenijkaart fan Doniawerstal út 1718, lit in net al te grutte rige fan pleatsen sjen, dy’t yn it midden in tsjerke ha. Yn de súdlikste hoeke fan it gebiet, by de Jiskenhúster Mar, is de bebouwing wat tichter dan dy fan de wetterstreek nei it noarden.

Yn 1788 melde de Tegenwoordige Staat van Friesland: ‘dit Dorp ligt in ’t laagland … en strekt zich, Westwaards, over de Koevorde, uit tot aan Woudsend. In ’t begin deezer eeuw zag men hier nog eene Kerk, die naderhand is afgebroken. Weleer was hier zeer vermaard het aanzienlyk geslagt van Hettinga, en eene State van dien naam.’ De boerenstreek aan de andere zijde van het meer is met het gedeelte dat bij Idskenhuizen hoorde het dorp Koufurderrige gaan vormen. Na de gemeentelijke herindeling van 1984 bij Wymbritseradeel is gekomen. Op de grietenijkaart in de atlas van Eekhoff uit het midden van de 19de eeuw zijn de boerderijen nog steeds alleen over water ontsloten, al loopt er langs de boerderijen een pad. Er ligt een zet over de Nieuwe Vaart die de Teroelster Zypen – nog steeds een plasgebied ten oosten van de streek – met het Koevorder Meer verbindt.

De súdlike hoeke by de Jiskenhúster Mar heart offisjeel by Jiskenhuzen, mar romtlik by Teroele. Dêr steane in stik as wat pleatsen oan ynhammen en opfearten byinoar en der binne in pear rekreaasjewenningen op de wâlskanten boud. Noardlik leit oan de eastkant fan de dyk mei de namme Diken it âlde omgrêfte tsjerkhou, wêr’t oan it begjin fan de 18e ieu in tsjerke stie. Der binne oanwizingen dat hjir al om 1600 hinne in klokkestoel stie. De liedklok dy’t de tsjintwurdige stoel draacht is yn 1621 getten troch Jan Burgerhuys. De konstruksje is inkele kearen fernijd, ûnder mear yn 1723 en it lêst yn 1974.

Tersoal is ien fan de doarpen fan de Lege Geaen, yn it koart de Legean, súdeastlik fan de eardere Middelsee, even noardeastliker dan Sibrandabuorren. De skildereftige kearn wurdt foarme troch de tsjerke en omjouwing. Dy leit súdlik fan de trochgeande dyk, yn in setting fan âld beammeguod en op in betreklik rom tsjerkhou mei hage. Mei de bebouwing om it krúspunt mei de Wiersterwei hinne en de omlizzende buertsjes oan de súdkant en súdeastkant is it wol werkenber as in terpdoarp. Mar ek hjir is it doarp, lykas Sibrandabuorren, útrutsen ta streekdoarp. Dat is foaral oan de súdwestkant it gefal, de Suderbuorren dy’t eartiids in aparte buorskip foarme mei dêr ek in tsjerke fan de ôfskiedenen.

Dit doarp wie lykas de oare doarpen fan de Legeaen nei alle kanten mei fearten ûntsletten, foaral nei de Aldfeart. Healwei it folgjende doarp Poppenwier rint de Bangafeart, dy’t hielendal by de noardwestlike punt fan de Snitser Mar mei de Soalstersyl ferbining mei it grutskipsfarwetter hat.

De beheinde omfang en it lytse tal ynwenners fan Tersoal yn it ferline binne ôf te lêzen oan it moaie tsjerkje, dy’t yn 1838 de âlde, oant Sint Vitus wijde tsjerke, ferfong. De fernijing soe ûnder lieding fan de Snitser boumaster Pieter Rollema bard wêze. De ferhâlding fan tsjerke en toer is om dy reden opmerklik wurden. Hoewol’t de tsjerke by de bou wat ynkoart skynt te wêzen en de toer net bûtengewoan robúst is, eaget it tsjerkje der efter as in kapel. Ferlike mei de âlde tsjerke is it nije gebou acht meter koarter. Dit tsjerkje hat yn de 19e ieu in úterst ienfâldige pronk krigen: in skip mei twa grutte spitsbôgefinsters en in trijekantige koarsluting mei twa finsters yn dy foarm. De oarspronklike toer út nei alle gedachten de 14e ieu is sûnder toai, mar wol mei lytse rûnbôgige galmgatten oan alle kanten, oplutsen fan reade friezen. Yn de toer is de tagong ta de tsjerke opnommen.

Terwispel is in streekdoarp dat foar de ferfeaningen yn de 19e ieu in doarp yn in fruchtbere streek neamd waard. Mei yn it noarden oant it Ald of Keningsdjip – de bopperin fan de Boarn – bêste greiden en súdlik heech, fruchtber boulân. Tusken de dyk en de noardliker rinnende Alde Dyk wie it lân al gau fergroeven en dêr stie krekt de tsjerke. Yn it súdeasten hearden de buert Trimbeets – dat no by De Gordyk heart – en súdwestlik de buert Klieze (of Klidse, Klisse) wêr’t ek al betiid lân fergroeven wie, by Terwispel. Fierder yn it westen hearde ek de streek wêr’t De Tynje him ûntwikkelje soe, by dit doarp.

Yn 1848 waard eastlik fan de buert de Nije Feart groeven, dy’t foar in goede ferbining mei De Gordyk soarge en dy’t noardwestlik fan Terwispel boppedat de ferfallen middenrin fan de Boarn ferfong. De lege ferfeaningen brochten in sterke groei teweech. Wennen oan it begjin fan de 19e ieu ûngefear 500 minsken yn it doarpsgebiet fan Terwispel, yn 1895 wienen it der al 2400. De groei fûn foaral plak yn de omjouwing fan de tuskentiids al fernijde flapbrêge oer de Nije Feart. Terwispel krige mei de wetterbuerten Kolderfean en Spaltenbrêge de foarm fan in krúsdoarp mei bebouwing oan de âlde Streek en oan de feart. Op’ e hoeke by de brêge waard in koöperative suvelfabryk stichte. De buorskip De Tynje gie nei in sterke groei in takomst as selsstannich doarp temjitte.

De herfoarme tsjerke is yn 1864 boud op it plak fan de âlde tsjerke. It is in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar en troch lisenen yndielde muorren wêr’t frij grutte rûnbôgefinsters yn steane. De toer is ynboud en wurdt yn de westlike gevel mei trije grutte rûnbôgefinsters ek troch lisenen markearre. Yn de toer hinget in klok, yn 1694 getten troch Petrus Overney. De toer wurdt bekroand troch in ynsnuorre spits. Doarpsútwreidingen ha oan de noardwestlike kant (Smidte) en de súdeastlike kant (Mounesleat / Visserwei) plak fûn.

Duurswoude en Wijnjeterp zijn twee streekdorpen die in de late Middeleeuwen in elkaars verlengde op een zandrug zijn ontstaan. Ze zijn in 1974 tot het dorp Wijnjewoude samengevoegd, hoewel ze tot in de 20ste eeuw een nogal uiteenlopende ontwikkeling hebben doorgemaakt en een verschillend karakter hebben. In de atlas van Schotanus van 1718 is Duurswoude een buurt van een kerk en verspreide bebouwing. In het westen, op de kruising van de Merkebuorren met de Mouneleane, lag een geconcentreerde buurt, de Molenbuurt waarvan de oostelijke helft bij Duurswoude hoorde. Onmiddellijk om de streek lagen toen wat boekweitvelden en verder naar het zuidoosten uitgestrekte heidevelden, waarvan een aanzienlijk deel als natuurgebied bewaard is gebleven.

In 1788 meldde de Tegenwoordige Staat van Friesland: ‘een klein Dorp, … tusschen Winieterp en Ooststellingwerf, had voor deezen eene kerk zonder kloktoren, gesticht ter eere van St. Jan; doch thans een Kerkje met een spits torentje en eene zeer groote uitgestrektheid van woeste veenige heidvelden, dienende inzonderheid tot Schaapweideryen. … Ook behooren onder dit Dorpje, ’t welk eene vaart heeft, komende uit de groote Bakkaveenster vaart, eenige poeltjes van naame, als het Mans meer, de Vijf meeren, Paalemeer, Moddermeer enz. gelyk ook de Molenbuurt.’

De kerknederzetting ligt in het oosten met enige verspreide bebouwing. De dorpskerk is een laat-gotisch gebouw uit vermoedelijk de 13de eeuw. De in de 15de eeuw vernieuwde kerk, van rode kloostermoppen, heeft later aangebrachte steunberen van kleine gele steen en een geveltoren van hout. Op het kerkhof staat een hoogst zeldzame predikantswoning uit 1759, een eenkamerwoning.

De bossen ten oosten van het dorp zijn in de tweede helft van de 19de eeuw aangelegd in opdracht van de familie Lycklama à Nijeholt. De Molenbuurt is in de 20ste eeuw uitgegroeid tot de kern van Duurswoude met aan de Merkebuorren enige verdichting. Daar werd de gereformeerde kerk met een elegant gevelspitsje gebouwd. Na de oorlog is het dorp vooral ten zuiden van de oude streek sterk uitgebreid met woningbouw.

De Tynje hat him as streekdoarp pas yn de twadde helte fan de 19e ieu foarme op it grûngebiet fan it doarp Terwispel en hat de selsstannige status as doarp pas om 1915 hinne krigen. Op de kaart Schotanus fan de gritenij Opsterlân út it begjin fan de 18e ieu is op it plak wêr’t De Tynje ûntstean soe, noch neat oanjûn. Op de kaart út de atlas fan Eekhoff út 1848 bestie it doarp út in bytsje bebouwing oan wjerskanten fan in dyk dy’t tusken de útfeane dobben rûn”de Heawei dy’t fanút it suden fan Lúkswâld kaam.

By it lettere doarp stie ‘Luxter Tinie’ oanjûn. Der foel doe net folle te haaien, bûten de diken wie it allegearre wetter. Dy diken wienen de Rolbrêgedyk nei it noarden, rjochting Nij Beets en de Riperwei rjochting Ulesprong. It droech meallen en it yn kultuer bringen fan de landerijen is in muoisum proses west dat yn de 20e ieu pas ta resultaten liede. Dochs waard al yn 1890 in herfoarme tsjerke yn de buorskip boud. It wie in hiele ienfâldige sealtsjerke mei in rjochte sluting en in grau plastere foargevel. De tsjerke is bûten gebrûk.

Eastlik fan de Breewei is yn 1894 in algemien begraafplak oanlein. It gebiet hat in fiver by de yngong, moaie beplantingen en in klokkestoel mei in helmdak wêr’t in klok yn hinget út 1942. De grifformearde tsjerke oan de Rolbrêgedyk is yn 1921 ta stân kommen, in opmerklik en selsum bouwurk dat hielendal fan wapene beton oplutsen is. Der is yn 1915 oan de Warrewei in Coöperatieve suvelfabryk stichte dy’t mei direkteurswenning in lette fernijingsstyl fertoant.

De âlde feankanalen Tynjerak en Skiterak as ek de Wide Wispel binne yn 1956/57 dimpt. Hjirtroch is it karakter fan it feandoarp, trochsnien mei fearten en wiken, ferlern gien en der binne royale romten yn de doarpskearn foarme. Nei de oarloch hat it doarp gâns útwreidingen krigen oan foaral de súdwestkant, wêr’t de dyk tusken De Gordyk en Akkrum as in winkelheak omhinne rint.

Turns is in lyts terpdoarp oan de Frjentsjerter Feart. Oer de feart leit in karakteristike flapbrêge. It doarp leit op in hoeke yn de súdlike himdyk fan de Middelsee. By de doarp leit de buorskip Annebuorren dy’t ea in hege wier hie en frij ticht by de Slachtedyk leit. Fan de terp is net folle mear te merken. Wol stiet de tsjerke op in hôf wêr’t de trochgeande dyk as in winkelheak omhinne bûget en dat kin in oanwizing wêze fan hoe’t it profyl fan de terp ferrûn. Dizze dyk wurdt lykas de wâlskanten fan de feart omseame troch buertsjes mei beskieden bebouwing.

It moai lizzende tsjerkje is it lêste jier fan de 17e ieu stichte om in âlder eksimplaar te ferfangen, dat wijd wie oan Lambertus. De tolvejierrige Duco Gerroldus Martena van Burmania lei de earste stien, soan út it geslacht dat op Epemastate yn it flakby lizzende Ysbrechtum residearre. De stichtingsstien song it lof fan it geslacht. Yn de westlike gevel binne friezen brûkt. It is net bekend as dat al yn 1699 bard is of yn it midden fan de 19e ieu doe’t der op dy gevel in sjarmante neoklassicistyske dakruter pleatst is. Ynwindich hat de tsjerkeromte in houten tonferwulf. De kânsel út it ein fan de 17e ieu draacht it wapen Burmania: it doophek mei wrongen balústers en in hearebank binne út deselde tiid. Turns wie al betiid oekumenysk: yn de tsjerke lizze twa roomske prysters út it begjin fan de 19e ieu begroeven.

In kilometer súdliker stie it kleaster Thabor, noch werkenber oan de grutte terp mei in buorkerij. It wie in priorij fan augustijner koarhearen, stichte yn 1406 troch in Snitser haadling dy’t sels yn it kleaster gie. Dit kleaster is bekend bleaun, omdat der inkele kronykskriuwers wurken, De abten Worp en Petrus binne de bekendste mei in protte weardefolle ynformaasje oer Fryslân yn de betide 16e ieu. It kleaster is yn 1572 fernield troch de Geuzen.

Tsjalbert is in streekdoarp dat diel útmakket fan de doarpenrige – fan west nei east – Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat, dy’t De Streek fan it âlde Aengwirden foarmje. Se binne yn 1936 by Skoatterlân foege om de gemeente Heerenveen te foarmjen.

Tsjalbert wie it haadplak fan Aengwirden. De Tegenwoordige Staat van Friesland meldt hjiroer: ‘Tjalleberd is ’t grootste Dorp der Grieteny, ten Westen van Gersloot, ongemeen vermaakelyk in ’t geboomte en in de hooge bouwlanden gelegen. Hier vindt men eene kerk, doch ook zonder toren …. Ook is hier eene Herberg voor den reizenden man, en daar in eene Rechtkamer; hoewel het recht ’s Dingsdags wordt gehouden op ’t Heerenveen.’

De âlde doarpen en harren landerijen by de Aengwirderwei lâns geane yn de 18e en 19e ieu hielendal oer de kop. Earst waard turf út de hege feanen súdlik fan de dyk wûn en letter binne de lege feanen noardlik fan de dyk oanpakt. Yn it midden fan de 19e ieu is de turfwinning ôfmakke. It hat in protte wurk brocht en net folle wolfeart. De ferfeaningen lieten in wetterich ûnlân efter wêrtusken De Streek as in raffelige kade oerbleau. It yn kultuer bringen fan ûnlân, it bouwen fan gemalen en de oanlis van wegen brochten opnij wurk en struktuer yn De Streek.

De doarpstsjerke wurdt al yn 1315 fermeld. Yn 1626 kaam der in nije tsjerke op it plak fan de âlde. Yn 1742 is yn opdracht fan grytman Martinus Bouricius opnij sprake fan weropbou en yn 1825/26 is de tsjerke oan de noardkant útwreide mei in dwerspân dat lykas de koarpartij trijekantich sletten waard. Yn de houten geveltoer hinget in yn 1670 troch Petrus Overney getten klok.

Troch nijbou nei de oarloch hat him om de tsjerke hinne hast in doarpskearn ûntwikkele. Westlik fan de tsjerke stiet in âlde stiennen loads foar de brânwacht. Resint is in nije brânwachtkazerne boud. Yn Tsjalbert stiet ek in minniste tsjerke, in ienfâldige sealtsjerke út 1871.

Tsjerkgaast is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in izige kearwâl, in útrinner fan dy yn Gaasterlân. Om it doarp hinne lei leechlân en troch it doarp hinne rint in âlde dyk dy’t fan Starum troch Gaasterlân nei Doanjewerstal rint. Op de gritenijkaart fan Schotanus stiet it as in ridlik beboude streek oanjûn mei yn it westen Kleine Gaast en yn it easten Wollegaast, buerten op deselde keardaam.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland werd in 1788 gemeld: ‘Tjerkgaast, als of men zeide Kerkheuvel, is een goed Dorp. … De kerk, met een klein spits torentje voorzien, staat op het midden van den zandigen heuvel, op welken dit Dorp gebouwd is, aan den rydweg naar Sloten. Tusschen beiden ligt het buurtje kleine Gaast, alwaar een Wier het overblyfzel van een State is. In ’t Noordoosten vindt men nog een buurtje, de Wollegaast genoemd, beide insgelyks op heuveltjes gelegen. … Oudtyds lag hier Solkama State, die reeds van overlang verdweenen is. Rondom de kerk, op de hoogte, heeft men goed korenland; doch de overige landen zyn laag: men vindt ’er achttien kleine Polders, binnen welke goed weiland is; doch de jaarlyks onderloopende Buitenlanden zyn zeer dor en moerassig.’

De tsjerke mei in trijekantich koar en in houten geveltoer is yn 1703 boud om in eardere te ferfangen. Om de tsjerke hinne is wat komfoarming mei fariearde bebouwing foaral út de lette 19e of betide 20 ieu.

De buorskip Wollegaast is yn 1848 trochsnien troch de rykswei fan Snits nei De Lemmer. By de krusing Spannenburg is doe al gau de herberch ‘Het Wapen van Friesland’ kommen. In gebou dat in neoklassicistyske, op doryske pylders rêstende middenopbou krige mei toskaanske pilasters en in fronton. Dizze is gearstald út ûnderdielen fan de yn 1945 yn Langwar ôfbrutsen Doumastate. Letter is Spannenburg ek noch trochgroeven troch it Prinses Margrietkanaal. Yn 1970 ferriisde de rom 80 meter hege strielferbiningstoer en al earder waard in ynstallaasje fan it wetterliedingsbedriuw boud dy’t faak ferboud en útwreide is.

Tsjerkwert is in doarp mei in dûbel karakter. It is in terpdoarp mei in kompakte bebouwing yn in tizeboel fan smelle strjitsjes mei 19eieuske wenten en de tsjerke. Mar it hat ek in lange wetterwyk by de Warkumer Trekfeart lâns mei bebouwing wêryn kreaze wenhuzen fan om 1900 hinne oerhearsken en wêr’t de grifformearde tsjerke mei in hiele dekorative foargevel plak krije koe.

It Van Panhuysfeart komt as frij jonge wetterferbining fan Makkum nei it efterlân by Tsjerkwert op de Trekfeart út. Noardlik lizze buorskippen Ymswâlde en Beabuorren en súdlik, oan wjerskanten fan de Himdyk, Jonkershuzen en Arkum, dy’t allegearre by Tsjerkwert hearre.
Oan de feart stiet de pastorije út 1748 dy’t ferskate kearen ferboud is.

It muorrewurk fan de âlde tsjerke is foar in part mooglik noch út de 12e ieu, mar yn 1888 is it tsjerkegebou fernijd of ommitsele. Tsjerkwert krige doe ek in echte tsjerketoer mei spits; de âlde stelde net folle foar. Yn de tsjerke kreas meubilêr, wêrfan de hearebank en foaral de preekstoel mei ferfine bibelske tafrielen de hichtepunten foarmje.

Omdat de Cammingha’s njonken it eilân It Amelân en behoarlik besit yn Ljouwert ek yn Wûnseradiel grutte belangen hienen, wennen de lêste Cammingha’s as grytmannen fan Wûnseradiel op Waltastate yn Tsjerkwert. Dy is om 1800 hinne sloopt en der stiet no in mânske buorkerij. Yn de tsjerke is ûnder de oargelgalerij in grut grêfmonumint te finen, de restanten fan in grutte tombe mei opbou. Watse van Cammingha wie by syn dea (1668) ryk. Rixt van Donia bleau as rykste frou fan Fryslân efter. Sy koe har dus in kostber grêfmonumint permittearje mei sels portretbústes fan harsels en har man yn moarmer. Yn’ e de revolúsje dy’t de Bataafse Republiek ynliede, is it monumint fernield, mar inkele tsientallen jierren letter is fan de restanten wer in ymposant gehiel makke. It is it hichtepunt fan de mei moai 17eieusk meubilêr ynrjochte tsjerke, wêrfan de kap hûsfesting jout oan in grutte koloanje marflearmûzen.

De Trieme is in streekdoarp dat offisjeel frij jong is, mar eins al frij âld is. De streek komt yn 1467 foar it earst yn de boarnen foar en wurdt dan Trema neamd. Dizze moatte wy oan it no ûnbeboude Lykpaed sykje, fan De Dôlle oant de Strobossertrekwei. De streek rint fan west nei east oer de noardlike râne fan it sânplato fan de Wâlden. Noardlik hjirfan leit de leechte van De Hammen en De Warren, wêrnei de sânrêch noch even opdûkt.

Op dit ‘sâneilân’ is Westergeast ûntstien, it doarp wêr’t De Trieme as buorskip lang by hearde. Sels Kollumersweach, folle fierder yn it suden, hearde by Westergeast. Kollumersweach foarme yn de Midsieuwen in eigen parochy en dat hat De Trieme net belibje mocht. Oan it ein fan de 18e ieu is it dochs al wichtich genôch om by Westergeast yn de Tegenwoordige Staat van Friesland neamd te wurden: In’t Zuiden, over de Groninger Trekvaart, ligt het buurtje Triemen in ‘t geboomte, aan de bouwlanden van Kollumerzwaag en Veenklooster.’

De neamde feart is de Strobosser Trekfeart dy’t Dokkum tusken de stêd en it Knillisdjip oanlizze liet. Dat beamtegrien is der noch altyd: de huzen en lytse (wen)buorkerijen binne aardich yn it grien ferstoppe.

Hoewol’t De Trieme gjin tsjerke hat, hat it yn 1884 wol in kristlik nasjonale skoalle, de earste yn de wide omjouwing. De bern kamen fan Kollumersweach yn it suden oant Aldwâld yn it noarden. Letter waarden yn dy doarpen ek kristlike skoallen stichte.

Triemen nûmer 11 is no in opknapt wâldpleatske. It stiet op it plak wêr’t it hûs Bommelatijer, in simmerhûs fan de grytmansfamylje Van Aylva stie. Yn 1725 is it hûs kocht troch de út it Nassaugebiet ôfkomstige offisier Everhard van Hanecrooth. De Hanecroothsingel docht der noch oan tinken. Tusken de âlde bebouwing yn it westen kaam resint oan de Migchelbrinkwei in tsiental nije huzen ta stân.

Twizel is in lang, âld streekdoarp oan de âlde drokke strjitwei tusken Ljouwert en Grins. It is fanâlds in boeredoarp en dat karakter hat it foar in grut part hâlden. Yn de ûngefear trije kilometer lange streek binne in flink oantal monumintale buorkerijen mei kreas hiem te finen. Yn Wedzebuorren in hiele groep geve kop-rompbuorkerijen.

De lange streek hat trije fertichtingen yn de bebouwing: fan súdwest nei noardeast Twizelerbuorren, Wedzebuorren en Tsjerkebuorren. Se groeiden sûnt it midden fan de 19e en foaral yn de earste helte fan de 20e ieu hieltyd mear nei elkoar ta. Foar de wenningbou nei de oarloch wie der net folle plak mear oan de streek en is der yn Twizelerbuorren noardlik fan de trijesprong mei de Mûnewei in wenwyk ûntwikkele. De Twizelerbuorren yn it westen binne sûnt 1698 troch de Twizeler Feart mei it Knillesdjip ferbûn en oan de Tsjerkebuorren yn it easten stiet fanâlds de tsjerke yn in flauwe bocht op in heech tsjerkhou. De tsjerke, yn de Midsieuwen wijd oan Augustinus, is yn 1692 fernijd oant it tsjintwurdige ienfâldige bouwurk. It is fjouwer flakken djip mei in trijesidige koarsluting. It muorrewurk is iepene mei spitsbôgefinsters. De finsternissen binne djip, wat der op wize soe dat der noch âld muorrewurk oanwêzich is. De sealdaktoer is út de betide 13e ieu en is ûnder oanklaaid mei in keperfries op kraachstiennen dy’t foar in part foarstellingen fan maskers ha en fan dowestien binne. Boppe yn sitte sparfjilden, bekroand troch in rûnbôgefries. Tsjinoer de tsjerke stiet de pastorije yn in troch beammen omseame tún. It is in pân út de 18e ieu, fiif finsterfakken breed mei in deftich middenpart mei klokgevel en byldhouwurk foar in heech dak.

Yn it noarden fan Wedzebuorren waard yn 1898 de suvelfabryk boud dy’t gjin rjochtstreekse wetterferbining hie mar oan de súdkant troch de Twizeler Feart en de Sânsleat oant op sânhûndert meter oer it wetter benadere wurde koe. De fabryk sleat yn 1976. Yn de gebouwen is letter in timmerfabryk kommen.

Twizelerheide is in jong heidedoarp dat yn de 18e en 19e ieu stadichoan ûntstien is op de ôfgroeven hege feangrûn op de noardwestlike parten fan de doarpen Koaten en Twizel dy’t oan de Swadde ta rikten. Tichtby dizze âlde agraryske doarpen wie de ôffeane grûn yn kultuer brocht mei ikkers tusken beamwallen; fierder nei it easten ta wie it heide dy’t op lytsskalige wize yn kultuer brocht waard. Oan it ein fan de 18e ieu wie der noch amper sprake fan bewenning. Dêrnei kaam der fersprate bebouwing oan sânpaden, dy’t oer de gemeentegrinzen fan Kollumerlân en Dantumadiel trochrûn. Bebouwing is in grut wurd, de ûnderkommens fan de heidebewenners wienen spitketen fan plaggen en reid.

Oan it âlde Wyldpaed wie fanâlds al sprake fan agraryske bebouwing. Westlik dêrfan kaam stadichoan wat konsintraasje oan de nij oanleine Bjirkewei, dy’t him ûntwikkele ta haadstrjitte. Dêr waard noch foar de bou fan de earste tsjerke, eastlik fan de bebouwing, yn 1870 it begraafplak oanlein. Yn 1954 is der in klokkestoel mei sealdak pleatst, de noardlikste fan Fryslân. It klokje wurdt de ‘heidebingel’ neamd.

De earste grifformearde tsjerke kaam yn 1911 mei pastorije oan de Bjirkewei. De freonlike sealtsjerke stiet wat weromlutsen mei in op kolommen rêstend portaal en op de foargevel in houten dakruter. Oan dizze wei kamen yn 1910 de earste folkswenten fan de wenningstichting. De herfoarme tsjerke is yn 1878 oan in sydstrjitte, de Tsjerkebuorren ta stân kommen.

It doarp is útgroeid ta in flinke delsetting fan arbeiders en lytse boargerhuzen. Nei de oarloch binne útwreidingswiken yn it noarden oant De Swadde en it súdeasten kommen. It heideferline is noch wat te priuwen oan de súdwestkant. Dêr steane oan de Hillebrandsreed, Raepdraaiersreed, Fokke Zwaagmansbuorren en omjouwing de frijsteande arbeiderswenten op romme kampkes lân dy’t de wenningstichting om 1920 hinne en de jierren foar de oarloch bouwe liet om de keten te ferfangen. Se wurde no as lytse filla’s mei parktunen bewenne.

Tytsjerk is in streekdoarp dat ûntstien is yn de lette Midsieuwen. It doarp hie lykas oare doarpen yn de noardwestlike hoeke fan Tytsjerksteradiel in losse bebouwing oan of tichtby de dyk dy’t fan Toutenburg oan it ein fan de Swartewei nei Suwâld rûn. By de trijesprong fan de Simmerwei – wêr’t ek de tsjerke yn’ e buert stie – en súdliker, dy fan Spijkerboor, wie mear konsintraasje yn de bebouwing te finen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is ek te sjen dat Tytsjerk oan de westkant begrinze wurdt troch in tal dobben.

De Tegenwoordige Staat van Friesland fermelde oer Tytsjerk:’ Dit dorp ligt in ’t midden der wateren, die hier alle kanten samenvloeien. De Kerk, met een kloktoren voorzien, staat ten Zuiden van den rydweg, naar Groningen. Eertyds plag deeze weg met een groote bogt, tot omtrent halfweg Zuwoude, en van daar naar Hardegaryper Kerk te loopen, dat een grooten omweg maakte. … Aan ’t einde van de Zwarteweg liggen eenige aangenaame buitenplaatsen, als Haanenburg enz., die ook inzonderheid hier door vermaakelyk zyn, om dat men thans zo gemakkelyk tot dezelve van Leeuwarden kan komen, nu, de weleer zo gebrekkige, en by kwaad weder byna onbruikbaare Zwarteweg, zwaar is bepuind en steeds bruikbaar wordt gehouden. Het land is meest laag, en door hetzelve loopt in ’t Westen ’t Ouddeel: by de kerk staan weinige huizen.’

Fan de kaart yn de Eekhoff atlas út 1847 blykt dat by de tsjerke krekt bebouwingskonsintraasje ûntstien is. De tsjerke is yn 1892 fernijd ta in krústsjerke yn neorenêssânse foarmen nei ûntwerp fan W.C. de Groot dy’t yn 1905 ek de toer ferfong. Tytsjerk is fierder foaral yn it noarden ûntwikkele. Dit is begûn troch de halte fan it spoar Ljouwert – Grins út 1866.

Fan de jierren sechstich ôf is noardlik fan it spoar en efter it bûtenferbliuw Vijversburg en Stichting Op Toutenburg, dy’t eins ta it doarp Ryptsjerk hearden, in grutte forinzewyk ûntstien.

Resint kaam der ek wer wenningbou súdlik fan it spoar ta stân.

It terpdoarp Tsjom is fan fier al te werkennen oan de hege tsjerketoer. De toer is yn syn gehiel 72 meter heech en hat in opmerklik hege spits: de romp mjit 31, de spits 41 meter. De spits is in wûnder fan timmermanskeunst. In opskrift fermelde dat er yn 1548/49 ûnder lieding fan toermaster Cornelis Claesz boud is. De romp hat in hege spitsbôgige yngong mei fiskblaas trasearings fan sânstien, even heger ha alle siden spitsbôgenissen en boppe kamen nissen yn korfbôgefoarm mei galmgatten.

‘De Kerkbuurt is vry groot, en bestaat uit eene ruime dubbele streek huizen, ter wederzyden van eene welgevloerde straat, en voorts uit drie of vier bystraatjes’ wurdt oan it ein fan de 18 ieu skreaun.

Tsjom is in frij grut doarp, it grutste fan it eardere Frjentsjerteradiel . Romtlik wurdt de kearn bepaald troch in T krusing mei oan de noardkant de grutte tsjerke mei de enoarme toer dy’t ek noch op in hege terp stiet. Dêr tsjinoer stiet op’ e hoeke fan de Foarstrjitte de herberch en even fierder, in bytsje weromlutsen, it âlde skoaltsje fan giele stien wêrfan de earste stien yn 1830 lein is.

Njonken de tsjerke stiet de pastorije fan flak nei 1900, tsjintwurdich yn gebrûk as ferieningsgebou.

De haadstrjitte, de Foarstrjitte, komt fan it suden út op’ e tsjerke út. By de krusing is der kompakte bebouwing, fierder nei it suden ta ferbredet de strjitte him. Dêr ha de huzen oan de eastkant foartunen. Dêr tichtby krúst de Aldmear de strjitte, in skildereftige feart mei wetterbuertsjes. Sawol de útfalswei rjochting Wommels as dy rjochting Frjentsjer ha in iepen lintbebouwing, wêrtusken wat deftige doarpshuzen en monumintale buorkerijen te sjen binne.

De tsjerke is fanâlds romaansk, mar de súdkant, dy’t nei it doarp ta rjochte is, is letter ommantele mei lytse giele stien. Oan foaral it westlike part fan de noardmuorre is de dowestien fan romaanske komôf te sjen, kompleet mei sparfjilden en in rûnbôgefries. De tsjerke is yn lettere ieuwen fergrutte.

Twellingea is lykas Toppenhuzen fan âlds in fardoarp oan It Ges yn it lege lân súdeastlik fan Snits. It is om it jier 1000 hinne ûntstien. Op de kaart fan Schotanus út 1716 wurdt it doarp dield troch de Wester- en Easterbrêgesleat. By de knik yn dizze fearten en op it plak wêr’t It Ges ôftakket stiet de tsjerke yn de kearn fan it doarp. De streek oan de oare kant fan de Brêgesleatten hjit it Súdein. It doarp wie nei alle kanten oer wetter ûntsletten en de iere beskriuwingen fertelle foaral dat ferhaal.

Neffens de Tegenwoordige Staat van Friesland (1788) leit it súdlik fan Toppenhuzen: ‘en zich met zyne landen Westwaards uitstrekkende tot aan die van Jortryp en ’t Oude Hof, een water waarby weleer een Dorp is geweest, waar van ’t Kerkhof nog overig is. Zuidwaards loopt dit Dorp tot aan ’t Stobberak; Oostwaards tot aan ’t Kruiswater, en voorts Zuidoostwaards aan de wateren, die Wymbritzeradeel van Doniawerstal scheiden, gelyk op de Kaart te zien is, daar men verscheiden wateren en stroomen, deeze landen doorsnydende, by naame gemeld vindt’ en ‘wier landeryen rykelyk met poelen en wateren voorzien zyn.’

Op de kaart yn de Eekhoff atlas út 1851 is de situaasje amper oars wurden. De dyk Snits – Toppenhuzen – Twellingea is yn 1866 /68 oanlein. Yn 1886 kaam de tramwei Snits-De Jouwer ta stân, wêrfan t it tramstasjon oan de Brêgesleatswei in spoar is. Ticht dêrby riist de eardere suvelfabryk op, stichte yn 1902 yn in dekorative neorenêssânse styl dy’t letter stukadoare is.

By de oanlis fan it Prinses Margrytkanaal om 1950 hinne is de knik fan de Brêgesleatten ôfsnien en is in part fan it Súdein by it noardlike part fan it doarp lutsen. Sa is it tsjintwurdige Twellingea sterk foarme troch wizigingen en fernijingen fan de ynfrastruktuer. De doarpstsjerke, stichte yn 1690 op it plak fan in midsieuske foargonger, is letter ynkoarte. Yn 1873 waard de toer fernijd. By de tsjerke steane karakteristike 18eieuske huzen.

Vegelinsoard is in jong streekdoarp dat yn de twadde helte fan de 19e ieu ûntstien is yn de noardeastlike punt fan de Haskerfeanpolder dy’t yn dizze perioade ferfeane waard. De delsetting is ynearsten nei in tichtby lizzend wetter Stobbegat neamd. De net bot loovjende namme is earst yn Stobbegea feroare. Om 1955 hinne waard de offisjele namme Vegelinsoard, nei de aadlike famylje dy’t foar de ûntwikkeling fan Haskerlân in protte betsjutte. De âlde namme libbe noch lang troch, mar de nije is no gongber.

Yn de 19e ieu is hjir op grutte skaal leechfean wûn. Fan it midden fan dy ieu ôf koe begûn wurde oan it droech meallen fan it ta in petgattegehiel perforearre gebiet. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út dy tiid is te sjen hoe sterk de feanpolder fergroeven is. De yn 1859 / 60 boude poldermole dy’t noardlik fan Vegelinsoard stiet, docht hjir oan tinken. Dizze ‘Deelsmole” of ‘Grevensmole’ bemealde it noardlike part fan de Haskerfeanpolder. It is in achtkante grûnsiler mei in bakstiennen foet en in mei reid beklaaide romp en kap. Yn de stikken de Binnengreven en Bûtengreven is de ûntginning fan de útfeane streek begûn. Dêr stiet oan Deelswâl 3 in pleats út 1888 mei in ûnderkeldere blokfoarmich foarhûs op’ e hoeke fan de skuorre. De measte oare bebouwing yn de polder is fan jongere datum, want yn de tritiger jierren waard wurk makke fan it yn kultuer bringen fan de hiele Haskerfeanpolder.

Der binne pleatsen en arbeiderswenningen út dizze perioade te finen.

Yn it noardeasten is de delsetting mei konsintrearre bebouwing ûntwikkele. Dy wie yn de 19e ieu troch wetterferbiningen goed ûntsletten, mar no’t it ferkear benammen oer de dyk plak fynt, leit Vegelinsoard wat isolearre. De buorskip mei haventsjes by it Muontserak, Rusken en Snilen krige mei troch nijbou nei de oarloch it karakter fan in doarp, hokker status it yn de tuskentiid ek krigen hat. De yn it doarp frij brede Swarte Wei foarmet mei in plantsoen it sintrum.

Finkegea is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is oan de Binnenweg fan Oldemarkt nei Noardwâlde, in ûntginningsas wêr’t ek Blesdike, Pepergea en Steggerda oan ûntwikkele binne. Yn it easten fan de streek kamen de Binnenweg en Bovenweg by elkoar. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is te sjen dat lykas by de oare doarpen oan de Binnenweg de bebouwing oan de noardkant leit, wat noch altyd it gefal is. Tichtby de feart stiet ek de tsjerke.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 fan Finkegea oanjûn: ‘dit Dorp ligt ten Westen van ’t voorige Noordwolde aan denzelfden rydweg, die wegens het geboomte en de bouwlanden ter wederzyden niet min vermaaklyk dan de voorgaande is. De turf, die hier gegraaven wordt, kan door de Finkegaster Sloot, die uit de Noordwolder Sloot naar de Veenen gegraaven is, en door de Opsplyting en andere Wyken, gemeenschap met de Vierde Parten heeft, naar de Linde worden afgevoerd. Weleer zag men hier by de Kerk een spitsen toren van een byzonder en doorlugtig maaksel; doch die, bouwvallig geworden zynde, in 1754 is weggebroken. … Ook zyn hier de turfgraaveryen zeer aan ’t afneemen. Onder dit Dorp … behooren de buurtjes Wester-Hoeve en Ooster-Hoeve, niet verre van de Linde. Van dit Dorp loopt een rydweg door de landen naar Oldeholtpade, door een Wad in de Linde; doch deeze weg wordt sedert lang niet meer gebruikt.’

De buertsjes dy’t hjir neamd wurde, ha letter it doarp De Hoeve foarme.

De tsjerke is yn 1899 ferfongen troch in nij gebou nei plannen fan B.Rouwkema dy’t ek de herfoarme tsjerke fan Steggerda yngripend ferbouwe soe. It is in sealtsjerke mei in trijekantige sluting mei steunbearen by de traveeën en finsters en detaillearingen dy’t yn harren mingde styl noch it measte nei de neogotyk ferwize. De toer is ek bysûnder, want it is in dûbele sealdaktsjerke wêrfan de nulle net, sa as gebrûklik yn Fryslân west-east, mar noard-súd rjochte is.

Froubuorren is in streekdoarp dat yn de rin fan de 16e ieu ûntstien is nei’t yn 1505 Het Bildt ynpoldere wie. It is it eastlikste fan de Bildtdoarpen. Lykas Sint-Anne en St. Jabik is it groeid oan de Middelwei. By Froubuorren is dat net bard op in krusing fan diken of fearten, mar eastlik fan de krusing mei de Hamerenwei–Atteswei, wêrby de streekbebouwing ynearsten krekt yn eastlike rjochting groeide nei it wetter fan de Ouwe Rij. Dêr ûntstie by de al yn 1555 fermelde nôtmole oan de grins mei Ljouwerteradiel in buert: Buerstermûne. De achtkantige stellingmole op in fjouwerkante, mei hout beklaaide ûnderbou en in mei reid dekte romp en kap datearret út nei alle gedachten 1862. Der is fierder in kafee-restaurant en noardlik fan de buert stiet op it grûngebiet fan Ljouwerteradiel de goed ûnderhâlden, no as wenhûs brûkte halte 3e klasse fan it lokaalspoar út 1901. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde fan Froubuorren: “Men vindt hier eene goed Kerk met een spitsen Toren, en een goede dubbele buurt Huizen.”

Oan de Middelwei, dy’t yn it sintrum J.P. van der Bildtstrjitte hjit en eastliker Waling Dijkstrastrjitte, steane ferskillende wenningen mei 18eieuske halsgevels mei skouder en kuifstikken. Oan de eastkant stiet in opfallende buorkerij út 1903 mei in blokfoarmich foarhûs dat royaal fersierd is mei sierpleisterwurk yn neorenêssânse foarmen. Op nûmer 21 stiet in pân mei in listgevel en in pilaster listwurk. Yn de sydgevel sit in tinkstien foar de Fryske folksskriuwer Waling Dijkstra dy’t hjir in bakkerij hân hat.

De tsjerke stiet noardlik fan de Van der Bildtstrjitte wat weromlutsen, wêrtroch in doarpsplein ûntstien is. De herfoarme tsjerke hat in houten geveltuorke en fiifkantige koarsluting dy’t yn 1670 boud is om de 16eieuske te ferfangen. Sawol yn it koar as yn de westlike gevel binne yngongen oanbrocht. Dy yn it westen hat in klassicistysk listwurk en in bekroaning mei it ferhaal fan de stichting.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |