Hjerbeam is in lyts terpdoarp westlik fan de Slachte. De kearn mei de tsjerke fan de eardere rykswei Ljouwert-Harns, dy‘t destiids in soad ferkearsoerlêst feroarsake.

Hjir stie ek Sikkemastate, in aadlik hûs dêr‘t de rom fan ôf glânzige omdat Sicco van Goslinga dêr berne wie. Sicco wie grytman fan Frjentsjeradiel en kurator fan de Hegeskoalle fan Frjentsjer, dêr‘t hy sels ek studearre hie, mar reizge in soad as foaroansteand ambassadeur fan de Republyk. Dizze Sicco, begroeven yn it tichteby lizzende Doanjum, ûnderhannele sels op Versailles mei de ’Zonnekoning’. Der wurdt beweard dat hy him mei ien fan de kriichslju, S.G.J. van Burmania, yn it Frysk ûnderhâlde, skreaun mei Grykse letters. Op de fraach wat as de kaai ta it geheimskrift wie, moat hy de Frânske kardinaal Richelieu antwurde ha: “Dêr wie nin kaei fan”, der wie gjin kaai foar. It lêste spoar fan de Sikkemastate is in restant fan de stinzepoarte – in trochgong dy‘t de opbou mist – oplutsen fan ûnder mear roaswinkels, in soarte fan bakstien dat even lytser is dan de kleastermop en datearret út begjin 16e ieu. Mei de tsjerke is it ek sawat sa fergien. Oarspronklik datearret sy út de Midsieuwen, nei alle gedachten út de twadde helte fan de 13e ieu. It gebou is, op de noardmuorre nei, yn 1872 fernijd, ûnder begelieding fan arsjitekt P.J. Jaarsma. De noardmuorre bestiet gruttendiels út giele kleastermoppen, hjir en dêr reparearre en oanfold mei lytse giele Fryske trijeling-stientsjes. De toer is wierskynlik yn de tweintiger jierren fan de 20e ieu op de westgevel boud en hat in ynsnuorre, achtkantige spits, mei laaien dutsen. De tsjerke stiet op in net al te grutte terp, mei in grintpaad, mar gjin beammeseame. De tsjerkebuorren is oan de súdkant ôfgrinze troch inkele leechsteande, brede huzen fan foar dizze omkriten kenmerkjende giele stien. De wenningbou fan nei de oarloch kaam gruttendiels yn in lus noardlik om ‘e tsjerkebuorren hinne.

Lytse Jouwer is in lyts terpdoarp dêr’t de ûntsteansskiednis noch net dúdlik fan is. Mooglik kin de terp al datearje fan foar it begjin fan de jiertelling omdat it op âlde kaarten op in radiale terp liket, dy‘t fergelykber is mei radiale struktueren út de omjouwing, dy‘t sûnder mis út dy tiid datearje. Dêrtsjinoer stiet it feit dat de terp net sa heech is en dat pleitet wer foar in datearring yn de iere Midsieuwen, net al te lange tiid foar it begjin fan de dikebou yn de 11e ieu.

De terp bleau troch de ieuwen hinne tige tinbefolke. Krekt yn de ôfrûne oardel ieu binne heaks op de trochgeande dyk, oan De Wylgen en benammen de Krûdikker, wenbuertsjes ûntstien. Der is gjin spoar mear te finen fan in ringdyk of radiale paden. Bûten de lytse kearn bestiet it doarp fierder út ferspraat steande agraryske bebouwing, dêr‘t de buorkerij fan Hibbema oan de súdwestkant ek op in terp liket te lizzen. Noardwestlik fan Lytse Jouwer en oan de oare kant fan de Hantumer Feart leit it buorskip Lutkelaard dat bestiet út in pear buorkerijen. Noardlik fan dizze pleatsen leit neffens de kaart fan Eekhoff in ûnbeboude terp.

Eartiids wie Lytse Jouwer op in lytse ôfstân ûntsletten troch de Hantumer Feart, dy ‘t mei in frij ûnregelmjittich berin fan dat doarp nei Dokkum rûn. Pas let, yn de twadde helte fan de 19e ieu, is de dyk Hantumerwei – De Ham fan de Hantumershoeke oer Lytse Jouwer nei Betterwird – Dokkum ta stân kommen.

De doarpstsjerke fan Lytse Jouwer stiet no oan de jonge, trochgeande dyk op it restant fan de terp. De tsjerke is boud yn 1869 op it plak fan in âlde tsjerke mei in sealdaktoer dy‘t yn it muorrewurk in soad dowestien en mooglik stiennen ferwulven befette. De nije tsjerke is in ûntwerp fan G.P. Keuning fan Ternaard. De toer mei ynsnuorre spits is yn boud yn de tsjerke. Nei de foartsjerke is it skip trije traveeën djip en dan folget de trijekantige sluting. It gebou is iepene mei grutte rûnbôgefinsters mei izeren roeden.

It terpdoarpke Hichtum komt yn 1270 foar it earst as Hectum yn de boarnen foar. It is it earste doarp noardlik fan Boalsert oan de Harnzer Trekfeart en wurdt oan dat wetter ynlieden troch in aardich wetterbuertsje. It doarpsgebiet is nea fan grutte omfang west. It buertsje Syswert heart der fanâlds by; it leit no oan de oare kant fan de provinsjale Westergoawei.

Yn Hichtum is mar ien strjitte: de Schwartzenbergweg. Oan ‘e noardkant fan ‘e tsjerke stiet wat bebouwing, dy‘t in doarpskom foarmet. Tsjin de tsjerke oer is yn de lette 19e ieu in buorrentsje ûntstien. Súdlik fan Hichtum stie Wibrandastate, dat bestie út twa flinke gebouwen en in poartegebou, dêr‘t generaasjes lang foar Wûnseradiel ferneamde aadlike geslachten residearre ha: Wibranda, Aysma, Van Huyghis, Aytta en Schwarzenberg en Hohelansberg. Wibrandastate telde 25 keamers en wie ferneamd om har tunen mei fruchtbeammen. Dat dy beammen ek wolris úttinne waarden, bewiist in houtferkeap yn de 18e ieu. Yn 1833 wurde der 330 beammen ferkocht en fjouwer jier letter alle noch oerbleaune beammen. Net folle letter is de state ôfbrutsen. Op dit plak is der doe in kop-hals-rompbuorkerij foar yn ‘t plak kommen, dy‘t der noch altyd stiet. Hoewol ‘t sa‘n ferfanging gebrûklik is, is hjir dôchs wol wat besûnders mei: om de hjoeddeiske Wibrandastate lizze ek no wer in royaal en fraai oanlein boerehiem en in (appel)hôf. Yn de Gouden Ieu waard de state bewenne troch Hessel van Huyghis en Frouck van Wyckel; foar harren waard yn de tsjerke in pronkerich grêfmonumint oprjochte dat no frjemd genôch mei de preekstoel ferweve is. Ek fan de machtige famylje Thoe Schwarzenberg en Hohelansberg binne grêfspoaren yn de tsjerke te finen.

De om 1200 hinne fan giele kleastermoppen boude tsjerke stiet op in hôf dat omseame is mei in skulpepaad mei esken en iperen beammen. Yn de noardmuorre binne spoaren te sjen fan lytse romaanske finsters, yn de súdmuorre inkele spoaren fan flau spitsbôgige romaanske finsters en in rûnbôgige hagioskoop. Ek de toer is oplutsen fan giele moppen.

Hidaard is in lyts terpdoarp yn de eastlike punt fan it eilân fan Easterein en even noardeastlik fan de skerpe bocht dy‘t de Slachtedyk makket by de Kliuw. It doarp kin allinne mar oer de Slachte berikt wurde: de ‘oprydleane’ nei it doarp ta leit even noardlik fan de Hidaarder Syl. By dizze brêgeslûs steane wat huzen; fierderop stiet de measte bebouwing fan huzen en buorkerijen om de tsjerketerp hinne en oan de súdeastkant by it parkearplak en boarterstún. Foar de tsjerketerp leit oan de westkant in flink keatsfjild. It doarpshûs is fêstige yn it eardere skoallegebou.

Om de tsjerke op de betreklik hege tsjerkhôfterp hinne rint in grintpaad mei in dûbele hage mei linebeammen. De tsjerke is yn 1873 nei in ûntwerp fan J.A. Timmenga boud as ferfanger fan in nij godshûs. It gebou is oplutsen fan graubrune bakstien mei giele kezinen om de finsters mei izeren trasearringen hinne. De toer is opnommen yn de westgevel en krige in houten boppebou mei in ynsnuorre, achtkantige spits mei in dakbedekking fan laaien. It tsjerkedak hat blau glazuere golve Fryske pannen. Mei in restauraasje is de grêfsark fûn fan de lêste abt fan Bloemkamp, de cisterciënzer abdij by Hartwert. De sark fan Thomas van Groningen is yn de tsjerke opsteld.

De Hidaarder Syl is lange tiid fan grut belang west foar de ôfwettering fan de binnendykse lannen fan Hinnaarderadiel en Baarderadiel. It wetter waard útwettere yn de Alde Kleasterfeart. It kleaster yn kwestje wie de abdij Bloemkamp, dy ‘t nei alle gedachten in rol spile hat by it oanlizzen dêrfan. De slûs waard ûnderhâlden troch de yngelanden fan de polder Easterein.

It stik dyk dat fan Easterein ôf om it doarpsgebiet fan Hidaard rint, de Tjebbingadyk, fiert nei de Kliuw, it knooppunt fan diken by de skerpe bocht yn de Slachte. De namme pronket op in grutte stjelppleats noardlik fan de bajonetfoarmige fjouwersprong en westlik fan de dyk. De namme de Kliuw hat him benammen hechte oan de eardere herberch súdeastlik fan de krusing.

Hieslum is in lyts terpdoarp dat al yn in stik út it jier 855 neamd wurdt om ‘t in sekere Folkertus út it doarp in skinking docht oan it kleaster yn it Dútske Werden. It doarp komt ek foar yn in list fan kleasterbesitingen fan Fulda. Eartiids lei Hieslum ynsletten tusken alderhande marren en puollen yn. It is te tankjen oan de droechmakkerijen dat it no leit yn de ferlittenheid tusken de Warkumer Trekfeart en de Brekken by Aldegea yn. It is it meast súdeastlike doarp fan Wûnseradiel.

Yn de doarpskearn wenje net sa folle minsken; de measte ynwenners fynt men yn twa buorskippen. Noardlik fan it doarp leit it buorskip Atzebuorren, súdlik fan it frijwat gruttere Idzerdabuorren. It doarp mei mar in pear huzen, skuorren en loadsen oan de dyk, leit merkber heech yn de lannen. It útsicht is dan ek wrydsk.

De tsjerke stiet wat efterôf en kaam op it plak fan de midsieuske tsjerke, dy ‘t fermoedlik om 1300 hinne boud wie. De tsjerke hearde yn de lette Midsieuwen by it St.-Odulphuskleaster yn Starum. Dat betsjutte dat de pastoars oansteld waarden troch dit kleaster. Op in tekening út 1789 is te sjen dat it in tsjerke mei in sealdaktoer west hat.

De hjoeddeiske tsjerke fan Hieslum is net âld. Yn 1874 is it midsieuske gebou ôfbrutsen. De nije tsjerke hat in soad wei fan dy fan Skuzum en krige in houten toer op it westlike front. Se hat in skip mei rûnbôgefinsters, in trijekantige koarsluting en dat houten tuorke op de westgevel. Op de oergong nei de achtkantige spits sit in lytse balústrade mei krúst regelwurk. Yn ‘e toer hong in klok dy‘t yn 1696 troch Petrus Overney yn Ljouwert getten is, mar dy‘t yn de oarloch troch de besetters stellen is. Der hinget no in nije liedklok. It ynterieur befettet in preekstoel mei Ioanyske pylderkes op de hoeken fan de kûpe, dy‘t yn de earste helte fan de 17e ieu makke is. Efter it 19e-ieuske oargelfront mei sulver beskildere pipen stiet in harmoanium.

Hilaard is in terpdoarp wêrfan‘t de bebouwing yn ‘t earstoan frijwat ferspraat oer de terp en de neiste omjouwing struid like te wêzen. Fan healwei de 19e ieu ôf is it doarp tichter beboud en foarmen har wat strjitsjes en in soarte fan plein.

Yn de 20e ieu is Hilaard útgroeid by de trochgeande dyk lâns, de Van Aylvaleane en de Hoptilsterdyk. De ôfrûne desennia is dat mei de bou fan bedriuwsgebouwen rjochting Westergoawei sterk trochgien. De tsjerke stiet op de noardlike râne fan de terp, dy‘t fierders ôfgroeven is. Dêrefter stie Tsjessingastate dêr‘t de famylje Aylva generaasjes lang residearre. Oan de oare kanten leit it hege hôf, omseame troch linebeammen. De âlde kosterij datearret út 1780. Oan it nei de tsjerke ta rinnende strjitsje stean in pear huzen fan gieltsjes út wierskynlik de iere 19e ieu. Tichter nei de dyk ta stiet in ienfâldige notabele wenning en op de hoeke in neimakke eksimplaar. Dêr tsjinoer leit op in rom hiem in fraaie kop-hals-romppleats út 1869. Yn de pleineftige Smidsstraat stiet de opknapte smidderij yn fernijingsstyl en mei it opskrift: ‘A.Th. Bakker Electr. Smederij annex Rijwielen’. In stichtingsstien fertelt dat it gebou út 1907 is.

Oan de Van Aylvaleane stiet de doleânsjetsjerke. Dizze letgoatyske tsjerke is nei alle gedachten yn de 15e ieu by de ier-13e-ieuske toer oplutsen ta ferfanging fan in âldere tsjerke. It skip is seis traveeën djip, it koar is fiifkantich. De yntreepartij is omliste troch in spitsbôge en in rjochthoekige kordonbân en dêr boppe-op sit noch in leech spitsbôgefinsterke. Fierders binne der spitsbôgefinsters. It muorrewurk is mitsele fan roaswinkels, lytser as moppen. De toer is wol mitsele fan kleastermoppen. De ier-17e-ieuske westlike top hat in elegante yn- en útswinkende foarm.

De buert Hoptille oan de Boalserter Feart heart by Hilaard. Dêr stie destiids it molkfabryk, dat nei‘t it sluten waard, brûkt wurden is as flaaksfabryk; yn 1948 is it gebou ôfbrând. By de brêge stiet it âlde tolhûs mei in gevelstien mei it wapen fan Boalsert en it jiertal 1652.

Hinnaard is in lyts kompakt terpdoarp. It leit mar 500 meter súdlik fan de Boalserter Trekfeart, mar it wetterbuertsje Spyk heart by it wat westliker lizzende doarp Iens. Dêr tuskenyn stie Sassingastate, op it hiem stiet no in buorkerij.

Hinnaard is ien fan de lytste doarpkes fan Fryslân, mar likegoed is it yn it ferline net ûnbelangryk west. De gritenij en letter gemeente Hinaarderadiel hat der sels har namme oan te tankjen. Yn de lette Midsieuwen fûn yn Hinnaard ek de rjochtspraak fan de gritenij plak.

Hinnaard is in offisjeel doarp fan ferspraat lizzende buorkerijen en in kearn fan noch gjin tsien gebouwen. Se steane om in lytse terp hinne mei dêrom hinne in grintpaad. Op de hoeke fan de Sassingawei in betreklik grutte wenning fan readbrune stien mei in sealdak tusken topgevels mei frissels, fermoedlik datearjend út lêst 18e ieu. Fierders stiet der wat jongere of fernijde bebouwing. Oan de oare kant fan de Sassingawei stiet in resint pân en alhiel yn de noardlike hoeke in fernijde wenning.

De terp bestiet út in tsjerkhôf omseame mei iperen beammen en in iperen hage, mei tusken nijere stiennen yn ek sarken út de 17e en 18e ieu. Yn ‘e midden stiet in fjouwerkant klokhús, in sletten klokkestoel, boud op in fan de fan giele moppen mitsele foet, ôfkomstich fan de sloopte tsjerke. It dak is dutsen mei smoarde, platte Fryske pannen. De lantearne mei galmroasters hat in mei laaien dutsen tintedakje. Yn de basis sit oan de noardkant in wapenstien ynmitsele dêr‘t in reparaasje fan 1731 op fermeld stiet. It sil gjin reparaasje oan it klokhús west ha, want de tsjerke stie der yn 1731 noch. De Tegenwoordige Staat van Friesland makket yn 1788 melding fan de tsjerke. It klokhús is nei de sloop fan de tsjerke boud yn de 19e ieu en de fraaie stien dy‘t in reparaasje oan de tsjerke melde, is destiids mei ferhuze. De klok yn it klokhús draacht gjin ynskripsje. Oannommen wurdt dat se datearret út de 13e ieu.

Hitsum is in terpdoarp súdlik fan Frjentsjer en bestiet útsein de bebouwing by de trochgeande dyk by de tsjerketerp lâns út twa dwers dêrop steande frij kompakte streken huzen. Mei de Arumer Feart ek noch in buert dy‘t alear Westerhitsum neamd waard. Op dat plak soe ek Roordemastins stien ha.

Hitsum is in ynbannich doarp, dat sa as bliken docht út argeologyske fynsten, in foarnaam ferline hat. Sa is der in gouden Noarske bracteaat (sieraadmunt) út de 6e ieu mei it rune-opskrift “foro” fûn en boppedat in brûnzen mantelspjelde, in izeren spearpunt, in Romeinsk brûnzen masker en in frouljusbyldsje út mooglik de 11e ieu. De haadlingefamylje fan de Burmania ‘s komt fan Hitsum. Nochal wat fan harren kamen terjochte op hege bestjoerlike en militêre posysjes. Fan dizze famylje is Gemme van Burmania de bekendste. As ôffurdige fan Fryslân by kening Filips II yn 1555 soe hy wegere ha om knibbeljend de eed ôf te lizzen: “Wy Friezen knibbelje allinne foar God.”

De net al te hege doarpstoer leit súdlik fan de dyk. De tsjerke leit binnen in seame fan esken en in bûkehage. De sealtsjerke fan 1883 bestiet út trije, mei rûnbôchfinsters iepene fakken en in trijekantige sluting. De noardmuorre en dy fan it koar binne oplutsen yn grauwe stien; de súdkant is stukadoare. Yn de foar in part yn it tsjerkefolume stekkende toer hingje twa klokken út 1637 en 1671.

Noardlik fan it doarp rint it Hitsumer Binnepaed. It is in spoar fan in dynamyske perioade út de skiednis. Yn de tsientallen jierren om 1900 hinne kaam der in ticht net fan tramwegen yn Fryslân. In drok stik wie dat fan Snits nei Harns mei in sydtakke oer Hitsum nei Frjentsjer. Dêr wie wer oansluting op tram- en spoarlinen troch Barradiel en It Bilt. Nei opheffing fan de tramferbining is it trasee tusken Hitsum en Frjentsjer omtovere ta in fytspaad en binne de bermen beplante mei tichte seamen fan beammen en struken.

Holwert bestiet út in radiale tsjerketerp, dy’t inkele jierren foar de jiertelling foarme is. Súdlik dêrop oansluten is in út de 8e of 9e ieu datearjende lang útrekte hannelsterp, dêr’t de bebouwing by de as fan de Buorren en Foarstrjitte lâns ta stân kommen is. De earste kustdyk is yn de 12e of 13e ieu oanlein, wêrby‘t de tsjerketerp yn it earstoan bûtendyks kaam te lizzen. Oant 1580 ta; doe waard de seedyk ferlein.

Yn de 17e ieu is nei it suden ta de Holwerter Feart oanlein, wêrtroch’t it doarp in streekrjochte en krekt by Raard wat kronkeljende wetterferbining nei it efterlân krige. De sintrale strjitte is yn 1871 ferlege, wylst de huzen op it terpenivo bleaunen. Sadwaande ûntstienen de karakteristike profylferskillen wêrtroch’t foar de huzen oan de Hege Buorren ûntslutings mei trepkes needsaaklik wienen. De âlde doarpskearn bestiet út in patroan fan strjitten en stegen dêr‘t frijwat foarname bebouwing de sfear bepaalt. De útwreidings binne oan de noard- en eastkant ta stân kommen, nei de oarloch benammen oan de eastkant.

De herfoarme tsjerke is oan de noardlike flank op de yn 1890 diels ôfgroeven terp in sterke bepaler fan it Holwerter silhûet. De kloeke toer datearret út de earste helte fan de 13e ieu: de hege ynsnuorre nullespits kaam yn 1661 ta stân en is nei de tiid in pear kear opknapt. Ut de wat lettere 17e ieu datearret ek ien fan de tagongspoartsjes mei kwabornamint. De tsjerke wie wijd oan Willibrord en is yn 1776 ûnder lieding fan Willem Douwes út Harns ferfongen troch it hjoeddeiske gebou mei in L-foarmige plattegrûn dat in twadde tagongspoarte krige yn Lodewijk XVI-foarmen. Yn it romme ynterieur, mei omtrint gjin ferdieling yn segminten, falle it elegante doopstek en de rokoko preekstoel mei koperwurk op. Oan de oare kant fan Holwert stiet oan de Stasjonswei de meniste tsjerke mei in neoklassicistysk front út 1850. Oan de Elbasterwei stiet de yn 1933, nei in ûntwerp fan P. en R. Offringa boude grifformearde tsjerke mei in waaierfoarmige plattegrûn en in slanke toer yn de oksel fan de fleugels.

Hommerts is in lang útrekt streekdoarp dat yn ‘e lette Midsieuwen ûntstien is as wetterdoarp. De bebouwing fan de streek kaam foaral oan de westlike kant fan de feart, it Far. Sûnt de oanlis fan de ryksstrjitwei fan Snits nei De Lemmer yn 1843 oan ‘e eastkant fan it wetter hat it doarp geandewei in draai makke fan 180 graden en hat him sadwaande ta in dyksdoarp ûntwikkele. Op de gritenijkaarten yn de atlassen fan Schotanus en Eekhoff út 1716 en 1851is dit proses sichtber.

Begjin 18e ieu is alle, foaral agraryske bebouwing mei opfearten noch rjochte op it ûnregelmjittich meänderjende Far. Dizze hat ek fearten nei it easten ta as ferbinings mei de Easter Wimerts foar de ferbining mei Snits yn it noarden en it marregebiet yn it suden. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ” een groot Dorp, ten Oosten grenzende aan Uitwellingerga en de Oude Weg, die ‘t zelve van Doniawerstal scheidt; ten Zuiden aan de Jelte Sloot, waar door het van dezelfde Grieteny gescheiden wordt, en ten Westen aan de Wester-Wymerts, scheidende de landen deezes Dorps van die van Heeg. Dit dorp bevat 41 stemmende plaatsen, alle gelegen ten Noorden en ten Zuiden der Kerk, waar onder ook behoort het buurtje Lippenwoude .... Weleer lag hier, niet verre van de Kerk, Hettinga Stins, en op den wal van de Jelte Sloot, Okma State”.

Utsein de tsjerke bleau de bebouwing yn it earstoan foaral beheind ta de westkant fan ‘e dyk. Mar yn de 20e ieu is hjir en dêr ek oan ‘e oare kant wat bebouwing ta stân kommen. Súdlik fan ‘e tsjerke is yn 1849 de ryddyk nei Osingahuzen en Heech oanlein; in komfoarming is der nea fan kommen. Lippenwâlde by de Jeltesleat is noch altyd in apart buorskip.

De herfoarme tsjerke is in yn 1876 troch P. De Jong ûntwurpen sealtsjerke yn fersoarge mingstyl mei in trijekantige sluting en in kloeke, heal ynboude toer fan fjouwer segminten mei in ynsnuorre spits mei frontons

Houtigehage is in heidedoarp dat krekt yn it lêst fan de 19e ieu stâl krige. Fanâlds is it âlder. Oan de earste helte fan de 18e ieu ta leinen yn dizze streek hege feanen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1718 lizze dêr de Folger Feanen mei yn it ferlingde fan de Burmaniasleat: de Hillema Gruppel. De feanen binne al gau nei dy tiid yn inkele tsientallen jierren ôfgroeven foar de turfwinning.

Doe‘t healwei de 18e ieu dat wurk klear wie, waard it ruïnearre doarp oan syn lot oerlitten en ûntjoech him in heidegebiet, dêr‘t earmoedsaaiers besochten wat hoekjes grûn yn kultuer bringen om yn harren eigen ûnderhâld te foarsjen. Houtigehage bestie yn dy tiid út in ûnoarderlike en ferspraat lizzende samling spitketen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 docht bliken dat de delsetting hjir en dêr al wat mear struktuer krigen hat. It lân is op in och sa lytsskalige wize yn kultuer brocht. De bewenning lei noch altyd ferspraat en der wienen noch in soad net-oanmakke eardere feangrûnen, mar by de Houtigehaachster Wyk lâns – no deSkoallewyk – stienen doedestiids al rigen huzen dy‘t sa in begjin fan in delsetting begûnen te fertoanen. Yn 1896 waard der krekt in skoalle boud: it wie de earste kollektive foarsjenning.

Yn it earstoan tsjerken de ynwenners yn it westlik lizzende doarp Rottefalle. Johannes Antonie Visscher, dominy yn it begjin fan de 20e ieu, wie begien mei it lot fan Houtigehage, publisearre oer de’arme Friesche heide’ en hat in soad dien foar de fierdere ûntginning. De haadstrjitte is dan ek nei him ferneamd. Wenningbouferiening Smellingerlân sette doe ek útein mei in wenningbouprogram, dêr‘t de wenningen mei krimpe en skuorre oan de Skoallewyk yn 1909 de earsten wienen. Ien fan dy huzen is no ta in museum fan emansipaasje restaurearre en ynrjochte. Yn 1930 waard Houtigehage in selsstannich doarp. Yn 1937 kaam de herfoarme tsjerke ta stân. Nei de oarloch is it doarp sterk groeid, foaral ek omdat de wenningbouferiening dêr flink begûn te bouwen.

Húns is in lyts terpdoarp mei in oantreklik ûntwikkele struktuer. It leit noardlik fan de Boalserter Feart, dêr‘t it mei in doarpsfeart oan ferbûn wie. Oer it lân lei Húns oan yn de twadde helte fan de 19e ieu ta frijwat isolearre. No is it, troch de nije Westergoawei hiel goed ûntsletten. Oan de oare kant fan de autodyk leit in buertsje by de Panwurksbrêge, dat by Húns heart en dêr’t yn it ferline in panne- en stienfabryk stien hat.

Fan de Westergoawei ôf liedt in kromme dyk de Húnzer doarpskom yn. Yn ’e bûtebocht steane wat huzen, yn de binnebocht de rizige, eardere en no in boufallige skoalle, dy’t yn in opknapbeurt bestjurre liket te wêzen. Dêrnei wurdt it profyl ferheftige en it perspektyf wider. De doarpsstrjitte rint op as hy krekt by de ôfgroeven tsjerketerp lâns giet en oan de súdkant hat men it sicht oer it romme keatsfjild. De doarpsstrjitte wurdt omseame troch tichte rigen kastanjebeammen en begelaat troch it eardere kafee en no it doarpshûs ‘De Murdhûn’, in gebou fan twa lagen heech fan in ienfâldige steatlikens. Dêrnei folgje in pear leechlizzende huzen dy’t it oprinnende tsjerkepaad begeliede.

Fanwege de skerp ôfstutsen hege terp liket de beskieden tsjerke omheech te rizen en it doarp oan de noardkant te beskermjen. Oan de nei de noardkant nei de doarpskom rjochte súdkant is de tsjerke hielendal mei ferskate kearen reparearre betonsemint ynstrutsen, mei noch wol in aardich profyl om de yngong hinne. Oan de west- en noardkant is it oarspronklike boumateriaal sichtber: giele kleastermoppen mei ferskillende reparaasjes. De tsjerke datearret fan justjes nei 1200. Op de westgevel is in tuorke mei in houten opbou en spits pleatst, dêr’t in klok yn hinget dy‘t yn1617 getten is troch Hans Falck. De toer draacht in nei it doarp rjochte oerwurk mei anno 1929.

Tsjin de tsjerke oer leit in romme kampe lân, it leechlizzende keatsfjild, omseame troch aardige, hjir en dêr romantysk opknapte húskes yn in libbendich ferskaat yn maten, oerkappings en finster-segminten. Yn gearhing mei de hege tsjerketerp foarmet dizze romte in faksinearjend romtlik kontrast.

It lytse terpdoarp Idaerd wie yn de Midsieuwen it haadplak fan de gritenij Idaarderadiel, mar it is letter troch hast alle oare Idaarderadielster doarpen oerfleugele. It wie mei de Kromme Sleat oer it Eagumer Djip, it farwetter tusken Ljouwert en Grou, ferbûn. It hie in dyk nei Reduzum, dy’t yn 1853 ferbettere waard ta in púndyk en it wie al nei de oarloch dat der in dykferbining nei Grou ta kaam. Doe‘t om 1960 hinne rykswei N32 fan Ljouwert nei It Hearrefean oanlein waard, wie it doarp foar in koarte tiid goed ûntsletten. Mar nei’t de N32 in autosneldyk wurden wie, siet Idaerd wer yn it isolemint.

Healwei de 19e ieu toant de gritenijkaart in agrarysk doarp, groepearre om de tsjerketerp hinne mei de pleatsen Groot en Klein Epema en Sijbema oan de eastkant en wat lytsere gebouwen noardlik fan de terp. Oan de dyk nei Reduzum ta leit Friesmastate. Oan1882 ta lei dit aadlike bûten yn it útstrekt park. Der is gjin spoar mear fan te finen. Oan de noardlike útfalswei stean pleatsen, boarger- en folkswenningen yn in rige.

Hjoeddei bestiet de kearn fan Idaerd út in diels ôfgroeven terp mei de tsjerke en toer, in lyts buorrentsje fan in pear pânen dêr tsjinoer en in griene romte oan de eastkant, wêromhinne inkele monumintale buorkerijen. De tsjerke datearret út 1774, de stichtingsstien meldt dat de fjouwerjierrige Cornelius Arent van Scheltinga op 4 july de earste stien lein hat. Trije jier letter soe dizze jongste soan fan de grytman datselde ek dwaan by de tsjerke fan Eagum. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting. De wat útdjippe traveeën besitte ‘korf’-bôgige sletten finsters. De sealdaktoer is út de 15e ieu en hat oan de westkant in flakke geveltop mei in lûk. De eastlike, nei it doarp ta rjochte geveltop is toaid mei in trijetal nissen. Oan alle kanten sitte twa rûnbôgige galmgatten mar allinne oan de noardkant is in oerwurk oanbrocht. De tsjerke hat seis brânskildere ruten út de 16e ieu.

Skuzum leit súdlik fan Makkum op noch gjin kilometer fan de kust ôf. It lytse terpdoarp leit mids benammen greiden. By de eardere seedyk is noch wat ikkerbou, dêr’t eartiids lytsskalige bou fan ûnder mear jirpels en gladioalen in spesjaliteit wie. Om 1270 hinne komt it doarp foar it earst foar yn de boarnen as Ytsingahusum, in goed ieu letter is it: Idsingahusen. Sa binne der noch in pear farianten en kin der betizing ûntstean mei Jiskenhuzen yn Skarsterlân, it eardere Doniawerstal.

Ieuwenlang wie it doarp oer lân allinne fan de seedyk ôf te berikken, mar sûnt it droechlizzen fan de Makkumer Mar yn 1876-1879 yn it easten is Skuzum oer de Brekkerweg troch de polder mei Allingawier en it fierdere efterlân ferbûn.

De doarpsgerjochtichheid rikte destiids fier nei it noarden en de súdlike bebouwing fan Makkum om de Lytse Sylroede hinne hearde, kompleet mei grutte bedriuwen as in hout- en papiermûne, by Skuzum. De koarte doarpsfeart fiert nei de Lytse Sylroede en nei Makkum: foar it droechlizzen fan de Makkumer Mar fan grutte betsjutting foar it skipfeartferkear.

Om de tsjerke hinne is in buorren groeid dêr’t de pastorije in oandachtspunt foarmet. It is in karakteristike middengongwenning mei pilasters neist de yngongspartij en midden op it dak in kajút mei sierrântsjes. Fierder binne oan wjerskanten fan de doarpsstrjitte en inkele sydpaden wat wenningen, hokken en skuorren te finen. De rânen fan de doarpskom binne wer omseame troch buorkerijen, inkele mei in flinke omfang. In kop-hals-rompbuorkerij mei in ljocht stukadoare front is dêr it meast opfallende fan.

De tsjerke is it middelpunt fan Skuzum. Se is yn 1870 boud op it plak fan âldere foargongsters. De hjoeddeiske tsjerke hat op it westlike front in navenant kloeke houten toer mei in ynsnuorre, achtkantige spits. De sealtsjerke is oan de foarkant iepene mei in doar mei in healrûn boppeljocht, flankearre troch twa healrûne finsters. It tsjerkeskip hat grutte, rûnsletten finsters. Al mei al is it in sober, mar evenwichtich gehiel; in karaktertrek dy’t it doarp as gehiel past.

Iens is in lyts terpdoarp mei in losse struktuer fan in pear pleatsen en fierder wat huzen om in troch hagen omseame en nei de terp oprinnend dykje nei de tsjerke ta. Mei twa dwersdiken efter de tsjerke mei aardige buertsjes.

Op de noardlike hoeke stiet in stukadoare pân út 1877 dat eaget as in âlde herberch. Der is in romantyske tún by oanlein en in fraai kontrastearjende, moderne sêre. Dêr tsjinoer stiet in rige oaniensletten arbeidershuzen mei in aardich ferline: de oarsprong leit al yn de 18e ieu, mar se binne sterk fernijd. Op de oare hoeke stiet in ûnderkeldere wenning fan giele bakstien mei in trep nei de foardoar en dêrneist in grut dûbeld hûs út de perioade om 1800 hinne mei in deftige yngong en moaie koarstmoas op de bakstien. Oan de noardlike râne fan Iens stiet in stjelppleats en even bûten it doarp oan de súdkant, dêr’t it opfeartsje fan it doarp nei de Boalserter Feart in knik makket leit in grutte stjelp op in rom hiem. It is de ‘Sinte Klaze Pleats’, dêr‘t in pracht fan in ferhaal oan fêst sit oer in boerewiddo dy‘t harsels op sinteklaasjûn kado jout oan har masterfeint.

Yn 1874 is de fan oarsprong13e-ieuske tsjerke gruttendiels fernijd. Oan de noardkant sit noch muorrewurk fan giele moppen mei in spoar fan in romaansk rûnbôgefinsterke mei in lûk. De oare muorren binne fan brune stien mitsele. Ek de toer, fernijd yn 1852, bestiet diels út giele moppen. De deklisten, skouders en pinakels fan de bekroaning binne fan betonbepleistering. Besûnder is de strieljende stjer op de eastpunt fan it tsjerkedak, dy‘t yn alle gefallen út de 19e ieu datearret. De kânsel út de 17e ieu is noch altyd it middelpunt fan it ynterieur. De doarpsput fan 1783 is troch fergrutting fan de tsjerke yn it koar fan de tsjerke telâne kommen. De alterstien út 1350 dy‘t by de restauraasje yn 1988-1990 weromfûn is, wurdt no brûkt as nachtmielstafel.

Ingelum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderrêch ûntstien is. De Bitgumer Feart meändert fan it noarden út wei nei Ingelum en wurdt trochlutsen nei Marsum yn ‘e rjochting fan de Harnzer Trekfeart. Boppedat hat it doarp in feart yn ‘e rjochting fan de Hogedijk, no mei de namme Sirtemawei. De strjitnamme Feartswâl docht dêr noch oan tinken.

By de dyk, aardich wat fierder fan it doarp ôf, stie de stins fan de Sirtema ‘s, de Grovestins. Underskate leden fan de famylje Sirtema fan Grovestins ha namme skreaun as houdegens, Skerne Wibe (dêr‘t it doarpshûs nei neamd is) oan it ein fan de 15e ieu en Frederik Sirtema fan Grovestins, dy‘t yn ‘e tiid fan de Spaanske Suksesje-oarloch as ruteroanfierder yn 1712 it noarden fan Frankryk ûnfeilich makke. Oare famyljeleden wienen grytman fan Menameradiel en Hinnaarderadiel. Yn ‘e buert fan de ferdwûne stins stiet no in boerepleats. Under de tsjerkeflier leit in grêfsark fan dizze aadlike famylje. Nei it ôfdamjen fan de Middelsee om 1300 hinne krige Ingelum der in stik nijlân by.

De omjouwing fan Ingelum wie oan it begjin fan de 20e ieu ta hast allinne boulân, mar stadichoan is der, foaral yn it suden mear en mear feehâlderij kommen. Ingelum is oer de dyk sawol fan de Sirtemawei as fan Bitgummole ôf te berikken. Om 1900 hinne stie oan dizze dyk in herberch mei de nijsgjirrige namme ‘De oude ridder van St. Joris’. De Buorren, mei ynbannige bebouwing, rint streekrjocht op de tsjerke ta. Oan de Tsjerkeleane stiet de pastorij, in middengongwenning mei in heger útmitsele middenpartij yn mingstyl út 1879.

Oan de oare kant riist de herfoarme tsjerke op, dy‘t yn 1773 opnij boud is op it plak fan de âlde tsjerke. It gebou hat yn 1975 slimme skea oprûn troch brân, mar koe nei restauraasje yn 1980 wer brûkt wurde. It is mooglik dat de toer fan trije segminten noch in kearn hat út de midsieuwen; hy waard yn 1887 opnij boud of ommantele.

Jelsum is in radiaal terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is op in kwelderwâl. Fan Ljouwert ôf sjoen is dit it earste fan in rige fan de terpdoarpen dy‘t op de eastlike wâl ûntstien is. It doarp wie rjochting Dokkumer Ie ûntsletten troch de Jelsumer Feart of Haskermar súdlik fan it doarp. Oan de Noardkant wie de Koarnjumer Feart like fier fan it doarp ôf. Jelsum lei mar in pear hûndert meter fan de seedyk fan de Middelsee ôf.

Yn it lêst fan de 19e ieu is de terp oan de noardkant ôfgroeven, it part fan de terp dêr‘t Harinxmastate op stie. Oan de lannen oan de binnenkant fan de noch altyd besteande ringdyk is te sjen hoe grut de omtrint dûbele terp west hat. It súdlike diel is noch op hichte. Dêr stiet no oan de noardkant de tsjerke en is de âlde bebouwingsrâne sichtber. Tusken de ringdyk, Op ‘e Terp en de tsjerke yn is in gersfjild foarme. It plak, dêr’t no Dekemastate stiet wie, te oardielen oan argeologyske spoaren, yn de 13e ieu al bewenne. De hjoeddeiske, omgrêfte sealstins is net sa maklik te datearjen, om‘t der withoefaak wat oan feroare is. Hy wurdt foar it earst neamd yn 1486, is yn 1498 troch brân fernield en al gau dêrnei opnij opboud. Mooglik is de oerwulve kelder noch âlder; der sitte spoaren yn fan smelle finsters of sjitsluven. Om 1540 hinne ferrize der in haadfleugel yn twa boulagen en in noardlike oanbou; in ieu letter in heaks dêrop steande súdfleugel. Yn 1814 binne de ferdjippings fan de haad- en dwersfleugel ôfbrutsen. De tagongsbrêge en de muorre by de doarpskearn binne yn 1905 oanlein. De doarpstsjerke is yn de 12e ieu oplutsen fan dowestien: it fiifkantige koar is yn de 15e ieu yn bakstien fernijd. De noardmuorre fan it skip fertoant sparfjilden en rûnbôgefriezen. De toer is ferriisd yn de 13e ieu. Yn it ynterieur binne de twa hearebanken, de preekstoel en inkele ier-renêssânse sarken fan betsjutting.

Jislum is in radiaal terpdoarp dat datearret fan inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling. It doarp wurdt foar it earst yn de boarnen neamd yn de 8e ieu as Gisleheim. Dat Jislum in terpdoarp is, falt amper mear op: de wenhichte is om 1910 gruttendiels ôfgroeven. Dat koe gebeure om‘t de terp troch de ieuwen hinne altyd tinbefolke bleaun is. Nettsjinsteande dat de terp fergroeven is, kin oan de yndieling fan de perselen it súdeastlike part noch wol werom kend wurde.

Even nei healwei de 19e ieu is de trochgeande ferhurde dyk fan Ferwert nei Burdaard oanlein. Dy waard yn Jislum lyk as by Ginnum oer de terp hinne lein. Opmerkliker is dat ek bûten de oarspronklike omfang fan de terp oan de súdkant, it radiale segmint trochrint yn it lânskip oan sels in part fan in ringfoarmich paad ta dat mooglik rom om de terp hinne lein hat. Der stiet wat bebouwing oan de trochrinnende dyk en fierder agraryske bebouwing ferspraat troch it lân hinne. Noardlik fan de tsjerke stiet op in restant fan ‘e terp in kop-hals-rompbuorkerij mei in oerdwers pleatste, legere stâl-fleugel. Op it folle súdliker lizzende stateterrein fan Groot Hickaerd stiet sûnt 1914 in stjelpbuorkerij. De Tegenwoordige Staat van Friesland besteget yn 1786 net sa folle wurden oan it doarp: “JESLUM, een klein dorp, welks toren eene spits heeft, terwyl alle de overige torens deezer Grieteny gemeente huisdaken hebben .” It wie dus de ienichste tsjerke dy‘t gjin sealdaktoer hie.

It tige sobere tsjerkje hie in simpel houten geveltuorke. Der stiet wilens in nije tsjerke dy‘t yn 1886 ien of twa foargangsters ferfangt. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in rjochte koarsluting en yn bakstien omliste rûnbôgefinsters. De tsjerke krige in kloeke toer oan de westkant. Hy hat trije segminten en yn de rjochthoekige sparfjilden binne rûnbôgige nissen oanbrocht. Mei boppe de westlike yngong sels in roasfinster. Yn de toer hingje in yn 1445 troch Johannes van Wou getten klok en in klok út 1636 fan Jacob Noteman.

Jistrum is in doarp dat it midden hâldt tusken in lang útrekt streekdoarp en in iestdoarp omdat it in brink-eftige romte yn ‘e midden hat. It doarp is yn de Midsieuwen eastlik fan de Burgumer Mar op in sânrêch ûntstien. In sânrêch dy‘t fan de lege wâl ôf oer noch gjin kilometer oprint oant 3,7 m. boppe N.A.P. en dy‘t fan it noardwesten ôf – de Iest – mei in bûging nei it easten ta rint.

Op de gritenijkaart fan 1716 is de kom goed te sjen, lyk as de mei beammen omseame diken en paden dy‘t oer de rêch yn noardwestlike en eastlike rjochtingen ferbiningen lizze. Nei it suden ta leit in paad rjochting Knillesdjip dêr‘t de Bargetille by Skûlenboarch nei Eastermar ta fiert. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: “een dorp, in ‘t Noorden en Oosten, aan Achtkarspelen palende, en insgelyks zeer vermakeyk door de menigvuldige plantagien en bouwlanden. Verscheiden persoonen zyn hier ryk geworden door de heidevelden in goed bouwland te veranderen ....Zuidwaarts loopt dit dorp tot aan de zogenoemde Bargetille, en heeft Noord- en Noordwestwaarts, de buurtjes de Meeren en de Eest onder zich. De kerk heeft een stompen toren en eene goede buurt rondsom zich, door welke een rydweg naar de Kooten loopt; ook schiet eene vaart van dit dorp naar het Bergummer meer.”

Yn de haadstrjitte, de Schoolstraat, stiet foar it measte frijsteande fariearde bebouwing. In opfallende pleats fan likernôch 1800 stiet op nûmer 31. It foarein is oan de lange kant útboud foar mear wenromte en in grutte souder. Yn Jistrum binne mear pleatsen te finen mei útboude wenromten, sa as dy oan de Tillewei 1 út om-ende-by 1820.

De romano-goatyske tsjerke is healwei de 13e ieu op in hichte yn ‘e midden fan it doarp boud. Se hat in healrûn sletten koar, in toer mei sparfjilden en rûnbôgefriezen en mei in sealdak. It skip hat lytse rûnbôgefinsters en is fersierd mei in keperfries. Ynwindich wurdt it dutsen troch koepelferwulven mei elk acht rûnstêfribben .

It Jonkerslân is in jong streekdoarp, dat him yn de 20e ieu út in buorskip by Langsweagen ûntjûn hat. Yn dizze súdwestlike hoeke fan Opsterlân stie alles oant fier yn de 19e ieu yn it teken fan de turfwinning. Yn it noarden wie foar dat doel tusken Langsweagen en It Jonkerslân yn de Nije Feart groeven en wat mear nei it easten ta de Nijsleatster Feart, dy’t súdliker in Nijsleatster Dwersfeart krige.

Yn de omjouwing fan de lêste fearten bestie healwei de 19e ieu in beskieden delsetting fan in pear streekjes mei frij losse bebouwing. It buertsje dêr‘t de bebouwing wat tichter wie waard doe Nije Feart neamd. Yn it easten, oan de útrin fan it út it noarden wei groeven Jonkers Rak en de Alde Jonkersfeart dy‘t him wer fuortsette yn de Jonkerslânfeart, lei in oare buert: Dekema. Súdlik fan dit gebiet, krekt op it grûngebiet fan de gemeente Schoterland, no It Hearrenfean, lei de Skoatterslânske Kompanjonsfeart.

It Jonkerslân is oan de dyk tusken It Hearrenfean-Langsweagen en Koartsweagen-De Gordyk groeid nei‘t de ôffeane hege feanen fan it lêst fan ‘e 19e ieu ôf yn kultuer brocht waarden. Dat wie mooglik nei dat foar it ôffeane lân feanpolders mei in goede wetterbehearsking ynrjochte wienen. Der is yn It Jonkerslân nea in tsjerke ta stân kommen; de agraryske mienskip bleau tsjerkjen yn Langsweagen. Wol kaam der yn It Jonkerslân in iepenbiere legere skoalle. Súdlik fan It Jonkerslân heart it buorskip mei de nuveraardige namme Sing Sang no by dit doarp.

Geandewei de 20e ieu is it doarp stadichoan groeid: yn de nei-oarlochske jierren is dat proses noch wat fersterke. Sadwaande hat It Jonkerslân in fariearde bebouwing fan buorkerijen en wenningen út alderhande perioaden. Op de hoeke fan Fûgelsang en Feanborch is it wyt ferve doarpshûs it middelpunt fan it doarp. De measte buorkerijen binne beskieden; der stiet ek in oantal gruttere pleatsen mei foarein. Ferskate wenningen ha it karakter fan lânarbeidershúskes, mar der binne ek brede, oerdwers boude wenningen te finen. Oan de Jelle Beenenwei is fuort nei de oarloch in rige tradisjonalistyske dûbele wenningen boud.

Jorwert is in terpdoarp dat ûntsletten waard troch de Jaanfeart, dy‘t ek wol de Jorwerter Feart neamd waard en dy‘t mei grutte slingers troch it lân rint en Swette en Frjentsjerter Feart ferbynt en dêrby de westlike doarpsgrins fan Jorwert rekket. Oer de dyk binne der jongere ûntslutings oer de Arsumerdyk nei de Hegedyk, de dyk fan de eartiidske Middelsee en de Lucht en Veldsterdyk rjochting Baard.

De kearn fan Jorwert bestiet út de hege, promininte tsjerketerp mei dêromhinne in rom tsjerkhôf. Op it hôf in dûbele hage en seamen fan iperen beammen, bûken en linebeammen. De ringdyk om de tsjerketerp is oan de east- en noardkanten ferbrede ta in strjitte en oeral rjochtet de bebouwing him nei dizze kearn ta. Oan de tsjerkebuert, de Sluytermanwei, stean súdlik fan de tsjerke twa grutte notabele wenten yn mingstyl, de earste, de pastorije (1871) efter in djippe tún. Skean dêr tsjinoer riist it wyt ferve kafee op en dêrneist is, frijwat bûten de roailine, de ferneamde notariswenning te finen. Ferneamd, omdat elk jier yn augustus yn de tún it drok besochte iepenloftspul opfierd wurdt.

Tsjin de tsjerke oer strekt him lege, sletten bebouwing út, mei dêr tuskenyn opfallend in pân fan ienfâldige steatigens fanwege it stoepestek dat efteroer linet. Op alderhande plakken yn de tsjerkebuert binne steechjes mei efterbebouwing fan meastal beskieden, freonlik eagjende húskes fan giele stien te finen. De tsjerkebuert hoeket fierder om it noarden fan it tsjerkhôf hinne: de bebouwing wurdt rjochting brêge oer de Jaanfeart hinne ynformeler. By de feart is in lyts wetterbuertsje foarme. Oan de foarkant liedt de Master Fopmawei it doarp yn. Dêr stiet oan wjerskanten in ryk ferskaat oan huzen, diels mei brechjes oer de bermsleatten, fan wenningwet- ta notabele wenningen. Tsjerke en toer binne fan dowestien boud. De tsjerke is betiid-12e-ieusk en hat in ferlingd koar mei ûngelikense, lytse rûnbôgefinsters. De toer is út de lette 12e ieu mei sparfjilden, keperfriezen en keppele galmgatten mei diel-pylderkes. By de restauraasje yn 1951 stoarte de toer yn en waard wer opnij opboud.

Jouswier is in terpdoarp dat troch de ieuwen hinne it lytste doarp fan Eastdongeradiel wie en dat is it ek bleaun. Om de terp hinne ha altyd mar inkele huzen en boerepleatsen stien. Yn de omjouwing leit noch wat fersprate agraryske bebouwing. De terp is gruttendiels ôfgroeven en der is gjin patroan yn de struktuer mear te werkennen. Lykwols liket it der op dat de terp in rjochthoekige blokferkaveling kend hat. Dat soe betsjutte kinne dat it in relatyf jonge terp is. Mar it feit dat it terprestant frij heech is - benammen goed te sjen oan de westlike kant – wiist wer op in hege âlderdom.

Jouswier leit frij ticht by de Suder Ie, in foar dit gebiet belangrike ûntsluting. Eastlik fan it doarp leit de Jouswierster Tille, ek wol de Grutte Tille neamd, oer dit wetter. Dizze brêge ferbynt it noarden en suden fan de gritenij mei elkoar. De Bergsmaweg fiert nei dizze dyk dy‘t Mitselwier mei Ie ferbynt.

De tsjerketoer mei sealdak is ferriisd yn 1752 en krige yn 1915 in klampe. Der hinget in âlde klok yn: yn 1395 getten troch Hermanus. De tsjerke, oarspronklik wijd oan Petrus, is in ienbeukich gebou mei in fjouwerkantige sluting, dat yn 1557 ta stân kaam. Yn de 19e ieu is der fan alles feroare: in 1823 binne de finsters fernijd, yn 1858 is it gebou wat ferhege en waard der in nije kape mei in tonferwulf oanbrocht. Yn 1876 is it tsjerkeskip bepleistere. Dizze bepleistering is by de restauraasje fan 1978 wer ferwidere, op de rânen fan de deikanten fan de finsters nei. Yn 1987 is de tsjerke opnij restaurearre. Yn it ynterieur falle de blakers op de banken en de kearsekroanen op. De tsjerke hat ntl. gjin elektryske ferljochting. Trije 18e-ieuske, ryk snieëne roubuorden dominearje dit ynterieur. Se binne fan Willem Bergsma. Bergsma hat it troch handich manûvrearjen mei stimmen brocht ta grytman fan Eastdongeradiel.

Kollumerpomp is in streekdoarp oan de om-ende-by 1315 oanleine âlde dyk dy’t yn 1529 slieperdyk waard doe‘t om it Nieuwkruisland in nije dyk oanlein waard. Nei dy tiid is de bebouwing kommen yn de buert fan de yn de 15e ieu pleatste dûker yn de dyk (de pomp).

Kollumerpomp is lange tiid in buorskip west by Kollum, mar hat no de doarpsstatus. De bebouwing kaam tenearsten benammen oan de súdkant fan de dyk, de Foyingaweg. Yn eastlike rjochting binne it foaral boerepleatsen, bgl. dy op nûmer 138 mei in kreas fersoarge los foarein fan it middengongtype, op nûmer 108 in frij geve kop-hals-romppleats út om-ende-by 1880 en op nûmer 106 in nije ekspresjonistyske stjelp út 1937 mei in útboud simmerhûs. Oan de noardkant fan de Foyingaweg stiet parallel oan de âlde dyk in kop-hals-romp út likernôch 1880 yn in goede hiembeplanting en fierder it lân yn de yn ûngefear 1830 boude stjelppleats Groot Kabel. Dizze buorkerij mei in frij heech opmitsele foargevel stiet op in omgrêfte hústerp en de delsetting bestiet dus al út de tiid foardat yn 1529 de dyk oanlein is.

Nei de oarloch kaam der oan de noardkant in flinke doarpsútwreiding. De grifformearde tsjerke sûnder toer kaam yn 1906 oan de Foyingaweg ta stân. It jiertal is te lêzen yn de bekroaning fan de geveltop. Se is in sealtsjerke mei in detaillearing dy’t in nijsgjirrige ferminging fan stilen fertoant. De rûnbôgefinsters binne omfette mei spitsbôgen en de geveltop hat in klimmende rûnbôgefries.

Noardlik fan it doarp stean oan de dyk Wester Nieuw Kruisland grutte pleatsen. Op de Nieuwe Zee- of Buitendijk stiet it kontribúsjehúske dat it wetterskip Zeedijken Contributie Kollumer-land en Nieuw Kruisland yn 1828 bouwe liet. It waard brûkt as stoarmwachtershúske en romte foar gearkomsten. It húske hat in tintedak mei in opfallende wynfean. In spil is ferbûn mei in wynroas ûnder it plafond om sadwaande binnenyn it heger wurden of krimpen fan de wyn ôflêze te kinnen. Om it geboutsje hinne rint in houten stelling.

Kollumersweach is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op de noardlike râne fan in rêch fan balstienliem dy‘t yn de 11e en 12e ieu in ûntginnings-as foarme. De lange Foarwei tsjûget der noch fan. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 dat it doarp: “in ‘t Zuiden van dit deel gelegen, en zeer vermaakelyk wegens het geboomte, waar mede de huizen en bouwlanden omringd, en de wegen beplant zijn ... en onder ‘t zelve liggen ten Noorden de watertjes ‘t Wydwater, ‘t Merrygat en de Gauw.”

Yn it Aardrijkskundig Woordenboek van Van der Aa út healwei de 19e ieu wurdt nei it melden fan de earmoede in aardige sosjale beskriuwing fan de befolking jûn: “die meest hun bestaan vinden in den landbouw, alsmede in het snijden en verkoopen van dekriet (Phragmites Communis), het verkoopen van jonge stoppel-, els- en berkenboompjes, het maken van roop of strootouw, van roggestroo gedraaid, hetwelk zij bij de bind verkoopen en op hunne hoofden, gelijk heidenbezems en schrobbers, door geheel Groningerland dragen; ook wonen hier vele handelaren in grove Friesche kaas, welke zij op wagens, veelal met oude afgeleefde paarden bespannen, in de prov. Groningen verkoopen, waar zij tevens oude paarden opkoopen of voor kaas inruilen, die in het najaar te Kollumer-Zwaag gedood en gevild worden, waarom de Kollumer-Zwaagsters, in vroeger tijden van vooroordeel, als paardenvillers en roopendraaijers in minachting waren; de kinderen loopen hier des zomers meest allen barrevoets.”

Der is net folle mear oer fan dizze eartiidske earmoede. De beskieden wenninkjes en boerespultsjes binne frijwol allegearre opromme. Tsjin de tsjerke oer is op nûmer 120, mei in soad ynspannings, ‘Willems Húske’ bewarre bleaun. It foldocht abslút net mear oan bou- en bewenningsfoarskriften, mar as belangrike tsjûgenis fan hoe as hjir troch kreas en himmel folk op in beskieden manier libbe waard, is it stean bleaun en restaurearre. Yn dit húske wennen generaasjes lang de klokkelieders fan de tsjerke.

Oan de oare kant fan de Foarwei, justjes westlik fan de tsjerke stean twa wâldpleatsen, op 145 in lyts spultsje út 1788 en op nûmer 149 in gruttere buorkerij út 1724. Fierders is der net in soad âlde bebouwing te finen. Sels fan de wenningen út de iere skiednis fan de organisearre folkshúsfesting is hast neat mear oerbleaun. Oan de alhiel westlik lizzende Feartwei steane noch twa út om-ende-by 1930.

Yn it lêst fan de 19e ieu, mar noch mear oan it begjin fan de 20e ieu hat de âlde bebouwing plak makke foar kreaze boargerwenten mei hjir en dêr in winkel of in filla. In moai foarbyld fan de lêste is yn it easten oan de Foarwei nûmer 70 de filla Zwagerveen. De wenning is oplutsen yn kalksânstien mei kontrastearjende kleure-aksinten en yn foarmen fan de fernijingsstyl. Dêrnjonken stiet in wenning út 1911, dy‘t nei alle gedachten earder in winkelbestimming hân hat, en yn de fernijingsstyl. Oan de oare kant riist de grifformearde tsjerke op dy‘t yn 1925 boud is ta ferfanging fan in foargongster út 1894. It gebou is foarsjoen fan in portaal en hat in dakruter op de foargevel.

Oan de Tsjerkestrjiite en de Koarteloane hat him om 1950 hinne in flinke buert ûntwikkele fan 27 huzen, 24 âlderenwenningen en in Griene Krúsgebou yn de tradisjonalistyske foarmen fan de Delftse School. Nei de tiid is der frijwat sosjale wenningbou yn Kollumersweach ta stân brocht, wêrtroch‘t it doarp nei de oarloch yn it noarden en yn it suden sterk groeid is.

Middelpunt fan it doarp is de âlde doarpstsjerke dy‘t oan in slinger yn de Foarwei op in ferheging stiet. Tsjerke en sealdaktoer datearje út de 12e ieu; it koar is yn de 15e ieu fernijd en doe binne der ek nije finsters oanbrocht. De tsjerke is yn 1888 fan de ûndergong rêden omdat de ’útfiner‘ fan de monumintesoarch Jhr. Victor de Stuers fan it kueroard Marienbad út wei in rapport oer de werstelplannen fan it tsjerkje skreau: “Deze kerk ... verdient in zijn oorspronkelijke karakter hersteld en onderhouden te worden, iets wat zonder veel moeite noch kosten kan geschieden.”

De Ofslútdykdoarpen binne de jongste fan de gemeente Wûnseradiel. Mei in bytsje goede wil kin Koarnwertersân romtelik en maatskiplik noch wol in doarp neamd wurde. Breesândyk net, mar it koe om administrative reden dizze status better wol krije. De bewenners fan Koarnwertersân en Breesândyk binne wurksum oan de dyk en by de slûzen. Beide doarpen binne ûntstien op wurkeilannen fan wêrút de Ofslútdyk oanlein is.

Op Koarnwertersân is in dûbele skutslûs mei binne- en foarhavens en in rige fan twa kear fiif spuislûzen mei spuihavens. Dit kompleks fan skut- en spuislûzen waard boud tusken 1928 en 1932. De slûzen binne neamd nei prof. Hendrik Antoon Lorentz. De spuislûzen binne boud nei in ûntwerp fan Dirk Roosenburg, estetysk adviseur fan Bureau Zuiderzeewerken. Se binne in geef foarbyld fan it bouwen yn wapene beton. Foar it ferdigenjen fan de dyk en de slûzen waarden fan maaie 1931 ôf ferskate kazematten boud, de saneamde stelling Kornwerderzand.

Doe’t de dyk oanlein waard ûntstie op it eilân fan om-ende-by 30 ha. in doarp fan in pear hûndert ynwenners. De measten hienen te krijen mei de Suderseewurken, mar der kamen ek minsken te wenjen dy ‘t bgl. nedich wienen foar de fersoarging. Sy setten har ek te wenjen yn de buert fan de slûs. It wie in isolearre mienskip, sûnder alderhande komfort. Stroom waard dan wol opwekt troch in âlde diselmotor, mar der wie gjin telefoanferkear mooglik, Der wie in sikebarak mei in dokter en in ferpleechster, in skoaltsje en in winkel (anneks postkantoar en kapper), dêr‘t alle dagen itensguod en oare libbensmiddels oanfierd waarden. Der wurden in katolike en in protestantske tsjerke boud, in benzinestasjon en in houten hotel. Om 1928 hinne kamen der huzen foar it slûspersoniel.

Yn de besettingstiid waard de stelling troch de Dútsers útwreide mei in oantal kazematten. Koarnwertersân kaam de oarloch net skeafrij troch. Sa is it houten hotel yn 1940 ôfbrând en waarden inkele huzen fan it slûspersoniel ôfbrutsen omdat se yn it skoatsfjild stienen. De skea is letter ferholpen. Breesândyk is in wurkeilân mei in haven oan de kant fan de Iselmar; by ‘t simmerdei wurdt it op in grôtfolle kamping befolke mei sportfiskers.

Koartehimmen is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat op de âldste kaarten foarkomt as in agraryske delsetting yn in tizeboel oan leanen tusken de ekers yn. De buorskippen Sânbuorren en de Galhoeke hearre oarspronklik by it doarp, mar binne der sûnt it oanlizzen fan de autosneldyk – wol mei in fiadukt – fan ôfsnien.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “dit dorp is klein van omtrek, heeft eene kerk zonder toren. ... Onder ‘t zeelve behoort de Zandbuuren. De landeryen deezes dorps zyn bouwakkers, behalve eenige veenen, aan het watertje ‘t Drait, waar door ‘t overtollige water der landen naar de Smallen Eester zanding geleid, en dit dorp van de Zuiderdrachten gescheiden wordt. De rydweg van Boornbergum naar Smalle Ee loopt hier, in ‘t Noordwesten voorby.”

Van der Aa meldt yn syn Aardrijkskundig Woordenboek noch dat de tsjerklike gemeente “hier eene oude, doch zeer goed onderhouden kerk heeft, zonder toren of orgel, doch met een klokkenhuis.” De fraai yn it grien steande toerleaze tsjerke is om 1300 hinne fan grutte kleastermoppen yn goatyske styl boud. De sydmuorren binne ferdield yn troch fan de grûn ôf opgeande spitsbôgige sparfjilden; in pear dêrfan mei siermitselwurk. De rjochte koarsluting datearret fan 1620 en ek de frontgevel oan de westkant is fan lettere tiid doe‘t it tsjerkje oan dy kant ynkoarten is. Yn de tsjerke stiet ûnder mear in preekstoel mei doopstek en in lessener út de earste helte fan de 17e ieu. De tsjerke hat ûnderwilens ek in oargel, yn 1935 boud troch Bakker & Timmenga. Op it wat ferhege hôf stiet noardlik fan ‘e tsjerke in yn 1950 fernijde klokkestoel mei in liedklok dy‘t yn 1750 getten is troch Johan Borchhardt.

Oan de Boerestreek stean inkele opmerklike buorkerijen, in moai boerespultsje út 1718 en in fraaie lytse kop-rompbuorkerij út healwei de 19e ieu. De ‘Arbeidersgemeenschap der Woodbrookers’ stichte yn 1937 hjir in konferinsje-oard, dat foar de arbeidersemansipaasje en folksedukaasje fan grutte betsjutting west hat.

It komdoarp Koudum wie oan de gemeentlike weryndieling yn 1984 ta it haadplak fan Hemelumer Oldeferd en leit op in lange, hege sânrêch dy’t op it heechste punt mear as seis meter heech is. En of‘t dat net genôch wie, boude men der yn it begjin fan de 17e ieu op inisjatyf fan de grytman in toer by de âlde tsjerke, dêr‘t de romp fan hast tritich en de spits noch ris mear as tritich meter heech wie. Yn de gânse Súdwesthoeke moat it silhûet fan Koudum te sjen west ha. De toer wie in beaken foar de skippers op de Sudersee. Dat wie sa, want healwei de 19e ieu binne tsjerke en toer ferfongen troch de hjoeddeiske.

It doarp lei – en dat is opmerklik – yn de 17e ieu al breed útstrekt op de sânrêch, oan trije likernôch parallel rinnende strjitten. Dat binne no de Bovenweg, de Onderweg en de Onderweg dy‘t fan it westen nei it easten ta sawat in kilometer lang binne. Koudum is lange tiid fierwei it tichtst befolke plak in de wide omkriten. Der soenen om 1620 hinne al ûngefear hûndert huzen stean en : “Ook liggen deeze huizen zeer vermaaklyk in eene zaverige, vruchtbaare en lommerryke landouwe.” It nijsgjirrige doarp luts deftige persoanen oan, sa as de Galama’s, Epema’s, Donia’s dy‘t dêr harren stinzen en staten bouden.

De tsjerke stiet op de súdwestlike flank fan de sânrêch. Se is yn 1857 boud op it plak fan de âlde tsjerke, dy ‘t wijd wie oan de H. Martinus. De nije tsjerke is robúst, mar fan arsjitektuer net besûnder. De ferrassing is yn it ynwindige te finen, want it besûndere meubilêr is der opnij pleatst. Benammen de kânsel is opfallend omdat it preekmeubel mei snijwurk fan pylders, friezen en panelen mei blomme- en fruchteguirlandes, rêst op sân pylders fan moarmer yn in foarm dy‘t ek bekend is út de Amsterdamske Westertsjerke. Men ornearret dan ek dat de preekstoel út Hollân ôfkomstich is.

Mids yn it doarpspatroan fan strjitsjes stiet oan de Vermaningseweg de beskieden meniste fermanjetsjerke. Se is net folle grutter as de huzen der omhinne, mar fuortendaliks werkenber oan de rûnbôgen fan finsters en doar en in grut rûn finster yn de geveltop. Yn de nei-oarlochske perioade is Koudum flink yn omfang groeid. Oan alle rânen kaam wol wat wenningbou, mar kloeke doarpsútwreidings binne oan de súdeastlike en súdwestlike kanten ûntwikkele. Om de kom fan it doarp fan drok ferkear te ûntlêsten is de autodyk mei in bôge om de bebouwing hinne lein.

Mear as trije kilometer noardlik fan Koudum lei eartiids de by it doarp hearrende buert Terwisga, dy ‘t fanâlds Kolderwiske neamd waard. De buert lei foar de yndiking fan it Warkumer Nijlân oan see. Hjoeddei fine we dêr noch twa groepen flinke boerepleatsen mei de nammen Grutte en Lytse Wiske.

Fan Hylpen oant Himmelum hat oer Koudum ienris de Koudumer Slieperdyk (1732) fan de ferneamde wettersteatkundige Willem Loré rûn. By de ôfslach nei Hylpen leit by de Grutte Wiske noch in stikje. It grutste trasee fan dy krusing ôf nei Koudum ta is koartlyn ferbrede ta autodyk, sadat der net mear fan it besûndere profyl fan de ieuwenâlde Koudumer Slieperdyk geniete wurde kin. By it heechlizzende Koudum wie de dyk net needsaaklik, mar súdliker waard de wetterferdigening wer opnaam, fan Galamadammen ôf oan it ek wer heechlizzende Himmelum ta. Tusken de Moarre en de Fluezen yn mei yn ‘e buert markes en puollen kaam yn 1732 in trochfeart foar it wetterferkear tusken Starum en Snits. Dat barde op kosten fan in riedshear foar it Hof van Friesland, dy‘t der dêrnei foar ivich tol heffe mocht. Der kaam in robúst slûzekompleks: de Galamadammen. Der leit no in brêge. By de wetterwurken stie in bûtenpleats en, sa as in boarne út it lêst fan de 18e ieu meldt: “Ook is hier eene aangenaame Herberg, alwaar in den Zomer veel lieden komen om meervisch te eeten, die hier in overvloed te vinden is.“ It kloeke tolhûs is yn 1945 troch brân ferwoeste, mar der stiet no wer in nij hotelrestaurant.

Koufurderrige is in tige jong agrarysk streekdoarp, dat krekt nei de Twadde Wrâldoarloch as doarp beskôge waard. It hearde doedestiids noch by Doniawerstal, in gemeente dy‘t fierder oan de oare kant fan de Kûfurd lei. By de gemeentlike weryndieling yn 1984 is de streek by Wymbritseradiel yndield, dêr ‘t it foar de foarsjennings ek alhiel op rjochte wie.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is de streek westlik fan ‘e mar sa goed as leech. Yn it noarden stiet allinne it buorskip Sand Buiren oanjûn, trije buorkerijen en in fûgelkoai en folle súdliker, oan ‘e súdkant fan de feart de Welle, is noch in fûgelkoai yntekene.

De streek hat gjin selsstannige status, mar hearde yn parten oan de oare kant fan de Kûfurd. It lytste, noardlike part hearde mei Sand Buiren by Langwar. It middelste, grutste, mar wol lege gedielte hearde ûnder Diken en it súdlike part by Teroele. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland, dy‘t yn it lêst fan de 18e ieu opmakke waard, wurdt gjin oandacht oan dizze lege streek jûn.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 stiet de ryksstrjitwei, dy‘t yn 1848 fan Snits nei de Lemmer oanlein is, oanjûn. Dizze is foar de ûntwikkeling fan it gebiet fan grutte betsjutting wurden. Yn it Langwarder gebiet leit de buert Sânbuorren of Sângaast noch altyd en fuortby de nije dyk en de Jeltesleat is der in pleats by kaam. Oan ‘e igge fan ‘e mar is op it gebiet fan Diken de buorkerij Koesprong kaam en yn it súdlike Teroelster gebiet kaam by de ferfallen fûgelkoai oan ‘e kant fan ‘e mar ek in boerepleats.

De streek is echt goed ûntwikkele fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf. Doe is der yn in koart tiidskoft yn de perioade 1870-1890, in flinke rige meastal grutte pleatsen boud. Foar it grutste part oan de eastkant fan de rykswei, mar ek in trijetal oan de westkant.

It terpdoarp Kûbaard kin allinne berikt wurde oer kronkeldykjes, as binne de tagongsdiken op effekt oanlein. Yn ‘e tsjerke is yn it begjin fan de 16e ieu dan ek Sint-Christoffel ôfbylde, de patroan fan de reizgers en it transport.

Kûbaard hat in kompakte doarpskearn: oan dykjes en fearten waaiert de bebouwing beskieden it lânskip yn. Nijbou is foaral oan de súdkant kommen. Oan de eastkant fan de kearn stiet de tsjerke op in rom hôf en tusken in troch hege linebeammen omseame tsjerkebuert yn. Tsjin de toer oer stiet it doarpshûs, ea it doarpskafee, en skean dêr tsjinoer in boargerhûs dat yn it ferline de skoalle húsfêste.

Yn it sintrum stiet in tsiispakhús dat net sa’n lange tiid as sadanich funksjonearre, omdat de suvelhannel him konsintrearre yn grutte plakken. It eardere doleânsjetsjerkje is ien fan de lytste yn de provinsje. De strjitte, rjochting de Swarte Beyen oan de âlde monumintale Slachtedyk, is oan ien kant beboud mei karakteristike frijsteande doarpswenningen út de perioade om 1900 hinne.

De bepleistere tsjerke docht net âld oan, mar de djippe finsternissen yn it dikke muorrewurk jouwe oan dat it gebou út de Midsieuwen stammet. De mantel fan de bepleistering sit op muorrewurk fan dowestien, in oanwizing dat de tsjerke datearret út de tiid fan foar 1200.Yn de 19e ieu is der fan alles mei de tsjerke bard. Der kaam in oargel yn en rjocht dêr tsjinoer kaam in gigantyske kreake. Oargel en kreake binne twa poalen mei de Gouden Ieu dêr tusken yn: prachtich renêssânsemeubilêr fan preekstoel mei dooptún en hearebanken. Dêr sjocht Christoffel mei nocht op út. Ek oan de bûtekant is frijwat út de 19e ieu te belibjen: de bepleistering is út de earste, de toer út de twadde helte fan de ieu, lyk as de deftige pastorije dy‘t eastlik fan de tsjerke yn in romme tún mei âlde beammen stiet. Dêr efter, fierder nei it easten en noardeasten ta, lizze noch twa leechlizzende buertsjes ferskûle.

Langedike is in âld streekdoarp dat him by de dyk fan Makkingea nei Groot Wateren yn Drinte ta útstrekt. It is fierwei it lytste doarp fan Eaststellingwerf. Om it jier 1500 hinne wurdt it doarp fermeld as in parochy dy‘t by it dekanaat Drenthe hearde. De Tegenwoordige Staat van Friesland neamde it yn 1788: “een klein Dorpje aan den rydweg van Makkinga naar Appelsche, waaronder maar 12 stemmen behooren; ‘Kerkje zonder toren staat ten Westen van dien rydweg, en verder Zuidwaards vindt men eenige boeren huizen, in ‘t geboomte aan de Bouwlanden, loopende tot digt aan Appelsche.”

Folle boerepleatsen stienen der net, allegear op rjochthoekige, opstrekkende kavels yn in regelmjittich patroan. Op de gritenijkaart yn de Eekhoff-atlas (1849) kinne net mear as tsien boerepleatsen teld wurde. De lytse mienskip hat syn tsjerke dan ek net behâlde kinnen, yn it noarden leit it tsjerkhôf der noch wol. Nei it ferdwinen fan de tsjerke waard der in klokkestoel oprjochte, dêr’t de âldst datearre liedklok – mar leafst út 1300 – út Fryslân yn hinget. Tsjerklik is it al sûnt ieuwen kombinearre mei Makkingea en Elslo.

De frijwol útslutend op dizze wei rjochte agraryske bebouwing lei frijwat ferspraat. Yn it suden rûn de doarpsstreek út op de sândunen fan Appelskea, dêr ‘t letter bosken oanlein binne. Likernôch 700 meter eastlik fan de oarspronklike streek oan de wei lei in paralelle agraryske streek tusken Boekhorst ûnder Easterwâlde en Terwischa ûnder Appelskea yn dy‘t ek by Langedike hearde. Tusken dizze twa streken yn is in ferbiningswei oanlein, de Stokdijk, wêroan‘t yn 1864 de skoalle boud is en trije jier letter ek it skoallehûs. Yn ‘e buert fan de skoalle hat nei de oarloch sprake west fan in soarte fan komfoarming. Dêr kaam oan de Weidewijk de nije skoalle en ek it doarpshûs ‘Oons Dörpshuus’ dat noch net sa lang lyn útwreide is. By it krúspunt fan de Klokhuisdijk en de Stokdijk is ek wat konsintraasje, mar foar it oare bestean de streken fan Langedike noch altyd út in frijwat losse bebouwing.

Langelille is in jong streekdoarp tichteby de Tsjonger, dy’t yn de Stellingwerven de Kúnder neamd wurdt. De streek fan fersprate bebouwing leit oan de súdeastlike kant fan de âlde rivier fan de Skoattersyl ôf oan de ôftakking fan de Pier Christiaanssleat ta. De streek waard by Skerpenseel en Munnikebuorren rekkene en it noardlike part by Aldlemmer.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 by Skerpenseel meld: “Aan de Kuinder behoort onder dit Dorp gedeeltelyk eene lange streek huizen, die by Schooterzyl begint, en tot aan de scheiding van Monnikebuuren en Oude Lemmer voort loopt, onder den naam van Lange lille. By it doarp Munnikebuorren stiet skreaun dat it grutste part fan Lange lille by dit doarp hearde. De namme komt op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 al foar.

De bebouwing by de Tsjonger lâns stie doe foaral yn it súdlike part. Op de hichte fan Aldlemmer stiet mar ien hûs oanjûn. Op de kaart yn de Eekhoff-atlas út 1850 is it noardlikste gedielte fan de streek Langelille folop yn ferfeaning en de yn 1748 groeven Jonkers- of Helomafeart is in nije ûntsluting oer it wetter. Ek by de oare doarpen wie de ferfeaning yn dy tiid yn folle gong. Benammen westlik fan Munnikebuorren leinen rigen lange petgatten.

Yn ‘e buert fan de dyk fan de Tsjonger is de bewenning bestean bleaun. Noardlik leit noch altyd frijwat ûnlân. Súdliker is tusken de âlde Lindedijk en de Scheen de Grote Veenpolder yn Weststellingwerf ynpoldere en yn kultuer brocht. It om-ende-by 1930 boude gemaal oan de Langelillerweg 51 is dêr noch in spoar fan.

Op de Eekhoff-kaart stiet de Kerkeweg as ‘nieuw’ oanjûn en oan dy wei hat yn de 20e ieu de bebouwing him konsintrearre. Yn Langelille is nea in tsjerke kommen, wol in skoalle. Oan ‘e Langelillerweg by de krusing mei de Kerkeweg kaam in grutte suvelfabryk dy‘t yn 1971 ticht gie. De gebouwen jouwe sûnt 1986 ûnderdak oan in bedriuw fan tankferfier en in hannel yn dong.

Langsweagen is in âld streekdoarp mei al in midsieuske oarsprong. De hjoeddeiske, yn 1781oan ‘t Hou boude tsjerke, ferfong nammentlik in midsieuske dy‘t oan de Hillige Mattheus wijd wie. It doarp wie yn it begjin fan de 18e ieu, doe‘t de ferfeanings súdlik fan it doarp al yn gong setten wienen, noch beskieden fan omfang. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “dit Dorp bevat eene goede uitgebreidheid van landeryen, doch weinig huizen by de kerk .... De Noordelyke landen zyn schoone Weid- en Miedlanden, en de Zuidelyke bouwlanden.”

Langsweagen wie wol it sintrum fan in rige buerten yn it súdwesten fan Opsterlân: Wijngaarden – dat ein 18e ieu “een schoone buurt” neamd waard – yn it westen en Jonkerslân en Sing Sang yn it easten. Healwei de 19e ieu wienen dêr in skipswerf en ek in kalkbrânerij yn it doarp en yn it lêst fan dy ieu waard oan de Nije Feart in suvelfabryk stichte.

De let18e-ieuske tsjerke, hjir en dêr ûnderferdield mei muorrepenanten mar foar it oare ienfâldich, hat in trijekantich sletten koar en in foarse, ynboude toer mei achtkantige spits dêr‘t de oerwurken foar montearre binne. De tsjerke besit in nachtmielstafel út de 17e ieu en de preekstoel is nei alle gedachten út de twadde helte fan de 18e ieu; de trep is yn Lodewijk XVI-styl makke. Yn de tsjerkeflier lizze byldhoude 17e- en 18e-ieuske sarken. Njonken de tsjerke stiet op de hoeke fan ‘t Hou en de Tsjerkeleane in opfallend ferieningsgebou út begjin 20e ieu mei in freonlike trepgevel dy‘t yn keunststien en mei siersmeiwurk fersierd is.

Noardlik fan it doarp stiet oan de Hegedyk it eardere om-ende-by 1880 boude, sobere diakonij earmhûs. Yn ‘e rin fan de 20e ieu is it doarp noardlik fan ‘t Hou útwreide, foaral nei de oarloch. Ek oan de mear noardlik lizzende Hegedyk kaam mear bebouwing en oan De Plasse is in rige boere-arbeidershuzen boud, dy‘t yn 1988 yn tradisjonalistyske styl fernijd is.

Legemar is in tinbefolke streekdoarp fan midsieuske oarsprong tusken St. Nyk en Langwar yn. It leit frij heech en de namme Legemar is dan ek in riedsel. De boulannen fan Legemar wienen omjûn troch in dyk dy‘t op de gritenijkaart fan Schotanus dúdlik oanjûn is. Oan de eastkant leinen útstrekte heidefjilden.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Legemeer ... is, ten grooten deele, beslooten binnen een zeshoekigen dyk, en hoog land, dat veelal dor is, en echter beboud en beplant wordt, ... De kerk is zonder toren. Buiten den Dyk, ten Oosten, behoort hier onder een zandig heidveld, dat tot bosch is aangelegd, en zich uitstrekt tot aan den Lemster rydweg, alwaar, in ‘t buurtje de Ryl, het zogenoemde Huis ter heide staat, eene bekende Herberg, alwaar ‘s Zomers eene menigte rydtuigen stil houden. Dit huis is meest nieuw opgebouwd, ... staande met den Voorgevel recht tegen over de groote Allee die naar Langweer leidt.”

De oanplante bosken wienen in attraksje foar boargers út de omkriten om har dêr te ferpoazjen. Der waard destiids sels in kolfbaan oanlein. De rekreaasje yn de Vegilin-bosken is bleaun, mar herberch Huis ter Heide en kolfbaan binne ferdwûn. It buorskip Hústerheide kaam by St. Nyk en fan Legemar bleau net folle mear oer dan in streek fan fersprate buorkerijen, dêr‘t sels gjin buert falt te bespeuren. By de hoeke mei de Bredyk rjochting Langwar stiet in grutte stjelppleats út it begjin fan de 20e ieu mei in opfallend oranjeread pannedak. Even fierderop stiet in stjelp mei flink wat nijbou, omjûn troch golffjilden.

Yn ‘e midden fan in stik boulân even fierder riist in grien eilân op. It is it frijwat hege tsjerkhôf mei klokkestoel, ryklik omseame troch strewel en beammen. Der fiert in smel betonpaad hinne en in daam mei stek en foarstek beweitsje de tagong. De klokkestoel fan begjin 18e ieu hat in helmdak en in klok dy‘t yn 1722 getten is troch Jan Crans.

Lekkum is in terpdoarp dat foar de Midsieuwen ûntstien is op de wâlskant fan de Ie, in delsetting mei in agrarysk karakter. Healwei de 19e ieu stelde it doarp net sa folle foar mei seis huzen yn de tsjerkebuert, mar wol mei in oaljemûne en in stienbakkerij. De by it doarp hearrende wetterbuert oan de Ie, Snakkerbuorren, telde destiids 31 wenningen. Yn de twadde helte fan de 19e ieu is de terp gruttendiels ôfgroeven en wol sa djip dat it doarp der in djiplizzende iisbaan oan oerhâlden hat. De hichte fan de terp is oer it Michaëlspaed en Weme noch it meast te fernimmen.

Sûnt dy tiid is Lekkum groeid, nei de oarloch sels flink en sa waard it in forinzedoarp foar Ljouwerters, al ferleagenet it syn ôfkomst net, ek al fanwege de buorkerijen om it doarp hinne. De âlde tsjerke dy‘t yn 1606 en 1657 opknapt wie, is yn 1778 ferfongen troch in nij godshûs. De sealdaktoer mei in elegant bûgde ojyfgevel moast it yn 1896 ûntjilde. Sûnt dy tiid foarmje se in sober gehiel. It skip hat fjouwer troch lisenen ferdielde traveeën en in trijekantich sletten koar. Yn de earste skipstravee stiet de rûnbôgige tagong en de tsjerkeromte is mei grutte rûnbôgige finsters iepene. De toer krige, lyk as de tsjerke lisenen, dy’t op de hoeken as slanke steunbearen trije kear fersnien binne en in achtkantige, ynsnuorre spits. De preekstoel hat op de kûp wat ornaminten fan blommen en blêden yn de Lodewijk XV-styl. De oerkape hearebank datearret wierskynlik ek út dy boutiid. Op de hoeke fan it tsjerkepaad en Weme stiet de bepleistere eardere pastorije út likernôch 1875.

Eastlik fan it doarp stiet oan de Canterlânswei de mânske kop-hals-rompbuorkerij Eeburgh Zathe út 1871. Oan de râne fan de bebouwing stiet Sjoerdsmastate út 1933, in buorkerij fan it type slak, nei in ûntwerp fan M.O. Meek yn ekspresjonistyske foarmen. Oan de oare kant fan it doarp stiet de buorkerij Mearsterpaed; it dwershûs hat in 17e-ieuske kearn.

De Lemmer is in grut doarp, in flekke mei stedske alluere en fierwei de grutste delsetting fan de gemeente, dêr‘t it altyd it haadplak fan west hat. De delsetting in ûntstien by in flauwe baai fan de eardere Sudersee. Dat hat plak fûn yn de iere Midsieuwen by de útgong fan de Lemster Rien en de Sylroede. It ûntwikke him yn de 16e en foaral de 17e ieu ta in belangryk havenplak. De struktuer waard dêrby bepaald troch de lange, frijwol parallel by de kust lâns rinnende Sylroede – dêr‘t in binnehaven foar oanlein waard – en de heaks dêrop geande Lemster Rien.

Benammen oan de Sylroede ûntwikkele him in fariearde bebouwing fan represintative wenhuzen en bedriuwsgebouwen. Yn 1887 is der in bûtehaven mei in slûzekompleks oanlein, dêr’t ek in haveneftige ferbining makke waard mei de Lemster Rien. It ymposante slûzekompleks waard ûntwurpen troch S.J. Vermaas, haadyngenieur fan de Provinsjale Wettersteat. It slûswachtershûs, peilskaalhúske en de tsjinstwenningen, alles yn neorenêssânsestyl, foarmje mei de slûzen in ymposant en tagelyk sierlik ensemble. Slûs en havens jouwe de Lemmer in stevige ympuls. De fiskerij waard fan belang en ek kamen der fiskferwurkjende bedriuwen. Al gau waard de Lemmer as knooppunt yn it ferkear oer it wetter nei Amsterdam belangryk en it krige in tramferbining mei it Fryske efterlân.

By de binnehaven en de Sylroede steane de measte monumintale gebouwen. Dêrfan foarmet de herfoarme tsjerke it hichtepunt. De tsjerke stiet wat skean yn in skildereftige posysje by in flauwe bocht yn de Sylroede. It is in sealtsjerke út 1716 dy’t in âldere tsjerke út de 16e ieu ferfong. Se hat in trijekantige sluting en oan de noardkant is der yn 1759 in dwersbeuk oan boud, dy’t ek trijekantich sletten is. De toer is ferwurke yn de westlike partij fan de tsjerke en hat in achtkantige houten lantearne, mei dêrop in iepen bewurke paviljoen mei koepel. Ynwindich is it houten tonferwulf fersierd mei in skildere foarstelling fan de stjerrehimel, fûgels en wolken. De barokke preekstoel is fan Gerben Nauta (1745). Der binne noch twa tsjerketuorren yn de Lemmer. Oan de eastkant riist oan de Schans de roomsk-katolike neogoatyske Willibrordustsjerke op. De tsjerke – mei troch meubels en glês-yn-lead ryk ynterieur – en toer binne yn 1897-1901 boud nei ûntwerp fan de út Snits ôfkomstige Nicolaas Molenaar. Yn it noarden stiet oan de Nieuwburen – de yntree fan De Lemmer mei frijwat represintative bebouwing – de yn 1889 nei ûntwerp fan de út De Gordyk ôfkomstige Tjeerd Kuipers boude grifformearde tsjerke. Molenaar en Kuipers wienen spesjalisten, dy’t elk foar harren tsjerke oeral yn Nederlân tsjerken ûntwurpen.

De doarpsútwreidings fûnen fan de tritiger jierren ôf benammen oan de noardkant fan de Sylroede plak. Fan de jierren sechstich ôf ek yn it easten en oan ’e oare kant fan it restant fan de Lemster Rien sels yn it súdeasten, bûten de eardere seedyk. Nei’t de Sudersee mei it oanlizzen fan de Ofslútdyk bedimme wie, naam de betsjutting fan de fiskerij ôf, sûnder hielendal te ferdwinen. Der kaam yndustry foar yn it plak mei resint in grutte skipswerf. Ek it toerisme fan wetter- en kustrekreaasje bloeide nei de oarloch op en krige de ôfrûne desennia in nije ympuls, omdat de wetterrekreaasje him útwreide nei de Iselmar ta. Westlik fan de havens is in strân oanlein dat by’t simmer gâns besikers krijt. Oan de westkant kamen net allinne wenwiken, mar ek grutte jachthavens en rekreaasjedelsettings.

Westlik fan De Lemmer stiet oer it streamkanaal hinne it D.F. Woudagemaal, it grutste stoomgemaal fan ‘e wrâld. It is op de wrâlderfguodlist fan de Unesco pleatst. It stoomgemaal is boud yn 1917-1918 nei plannen fan de haadyngenieur fan Provinsjale Wettersteat, de nammejouwer. De lange masinehal yn fersoarge, rasjonalistyske arsjitektuer stiet op de wetterkearing mei acht tunnels. Heaks hjirop stiet it tsjettelhûs, wêryn’t de koale-ynstallaasje ferfongen is troch oaljestook. Dêrby riist de skoarstienpiip op dy‘t op it lân en ek fan de Iselmar ôf in karakteristyk beaken is. It is bûtengewoan om de masinery yn wurking te sjen: wat sûzje en tikje is alles wat de gigantyske sintrifugaalpompen mei harren driuwtsjillen hearre litte.

Leons is in terpdoarp súdlik fan de Boalserter Trekfeart, dêr‘t it in opfeart hinne hie. Oan ‘e oare kant fan de Panwurksbrêge oer de feart leit in buertsje dat by it twillingdoarp Húns heart. Dat Leons in terpdoarp is kin nettsjinsteande de uterst tinne bebouwing goed yn it lânskip werkend wurde. De ringstruktuer is te erfaren en de measte fan de fiif pleatsen en trije wenningen lizze noch oan dy ring. Hoewol ‘t de ring frij útstrekt is en de terp dat wierskynlik ek west hat, is Leons kwa bebouwing en bewenning ien fan de lytste doarpen yn Fryslân.

Leons is âld: der is in Romeinsk brûnzen byldsje fûn fan de goadin Fortuna. De terp is fierhinne ôfgroeven, mar de tsjerke stiet noch yn ‘e midden op de keunstmjittige hichte. Oan de soal stiet de yn 1878 boude pastorije, in karakteristike middengongwenning. Fan de ûntslutingswei ôf rint in dwersdyk nei it ‘sintrum’.Om de pastorije hinne rint in betonreed fan de eastlike buorkerij. Ek de súdlik lizzende en de noardeastlike pleats en it dêrneist steande hûs ha eigen, net ferhurde ûntslutingspaden, Oan de posysje fan de bouwurken is de histoaryske ringfoarmige struktuer mei radiale paden noch te ûnderfinen. Der slingerje ek in pear feartsjes troch it doarpsgebiet hinne.

It doarpslânskip fan Leons is ôfwikseljend en eaget libbendich. De tsjerke is noch fan Romaanske oarsprong en oplutsen fan benammen giele moppen. Binnenyn hat de noardmuorre in nissestruktuer en der sitte lytse, rûnsletten finsters mei kraalprofilen yn. Yn dizze muorre sitte twa yngongen dy’t mei lytse reade stientsjes ticht set binne, de westlike’korf’bôgich mei in rûnstaafprofyl, de oare flak mei in rûnbôge. De tsjerke sil likernôch datearje út it begjin fan de 13e ieu en hat in trijekantich sletten koar dat ea oerwulve west hat. De súdmuorre is yn de 19e ieu fernijd en yn dyselde tiid is de oer ommitsele en foarsjoen fan in spits. De toer is mei alderhande rûnpasfakken fersierd en de tagongspartij stiet yn it ûnderste segmint.

Lichtaard is in lyts terpdoarp dat inkele jierren foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. Der wurdt fan út gien dat Lihdanfurth, neamd yn in list fan kleasterbesittingen fan Fulda út de 10e ieu, de oantsjutting fan Lichtaard is. It is mei Ginnum, Jislum en Reitsum ien fan de fjouwer saneamde Flierterpen. It is in radiale terp, dy’t amper mear as terp werkend wurde kin. Om 1900 hinne is de krap beboude terp nammentlik sterk ôfgroeven. Dêrtroch liket it ek oft de tsjerke op it terprestant, fan de trochgeande rûte ôf sjoen, omheech riist en it tsjerkepaad oan de noardkant as in oprinnende dyk nei de tsjerke. Oan dizze noardkant is de ringwei mei in ûnregelmjittich beloop en noch wol te werkennen.

Lichtaard wie oer it wetter ûntsletten troch de eastlik rinnende Holwerter Feart dêr’t even noardlik fan Lichtaard ek de feart út Blije op útkomt. Der wie ek al ier in lânpaad nei Ferwert ta, dat by Lichtaard troch it lân kronkele, mar even fierder nei it noardwesten ta, frijwol streekrjocht op it haadplak ta rûn. De trochgeande rûte fan Dokkum oer Lichtaard en Ginnum nei Ferwert is om 1867 hinne rjocht lutsen, ferhurde en ferbrede. Dizze dyk leit krekt bûten de súdlike râne fan de oarspronklike terp. Oan dizze dyk is sûnt dy tiid de measte, uterst ienfâldige bebouwing ta stân kaam.

It ienbeukige sealtsjerkje is healwei de 16e ieu mei it opnij brûken fan âlder boumateriaal oplutsen op it plak fan in foargongster en is yn 1642 omklampe wurden. Se hat in fiifkantige koarsluting. De sealdaktoer is ynboud en ferskate kearen op gâns plakken mei lytse stiennen reparearre en fernijd. Dat is ek bard yn 1851. De toer is oan de noard- en súdkant mei houten dielen beklaaid. Faaks omdat de djippe nissen, dy‘t te sjen binne op ien fan de histoaryske portretten, swierrichheden feroarsaken. Yn de toer hingje in mooglik 14e-ieuske klok en in klok út 1404. De yn 1973 restaurearre tsjerke hat in preekstoel út 1642, dy’t oerienkomsten fertoant mei dy fan Reitsum.

Ljussens is in doarp mei in lytse terp yn it easten dat him foaral yn westlike rjochting nei in splitsing fan wegen ûntjûn hat. De twillingdoarpen Moarre en Ljussens binne sosjaal en maatskiplik mei-elkoar ferbûn, mar se ferskille histoarysk, geografysk en stêdeboukundich sterk. De lânskiplike romte tusken de doarpen yn, in ôfstân fan sa wat 500 meter, toant in opmerklike oergong fan it leechlizzende greidegebiet om Moarre hinne yn it suden nei it goed in meter heger lizzende boulângebiet om Ljussens hinne. De ta Dyksterfeart bedimme kwelderslinke foarmet ûngefear de grins.

Oan de westkant fan de Skyligerwei/Moarsterwei tusken de doarpen yn stiet it gebou fan it stopplak 3e klasse (1909) fan de Noord Friesche Lokaal Spoorweg. It trasee, dat rom nei de sluting fan de spoarwei noch as in heale moannebôge noardlik fan Moarre rûn, is ûnderhân fuort ferkavele. Oan ‘e oare kant fan ‘e dyk steane de fronten fan kantoar en direkteurswenning fan it dêr efter lizzende en yn 1915 stichte suvelfabryk Dongeradelen. It fabryk kaam by de feart, de spoarwei en tusken de doarpen yn op in útsocht plak te lizzen. It fabryk is yn ‘e rin fan de 20e ieu ferskate kearen útwreide, wêrtroch’t it kompleks fertichte is ta in rommelige kleaune fan bou-eleminten. De direkteurswenning en it kantoarfront krigen mei soarch stâl. It fabryk is yn 1973 sletten.

De âlde doarpstsjerke is ienbeukich mei in trijekantige koarsluting. Op de westlike partij stiet in flinke houten toer út 1827, doe’t de tsjerke ek foarsjoen waard fan steunbearen. Yn de westlike toergevel sit muorrewurk fan dowestien ferskûle. De 13e-ieuske tsjerke is noch te erfaren oan de noardkant dêr‘t it muorrewurk fan kleastermoppen mei lisenen en in beskeadige list sichtber binne. Yn it lêst fan de 15e ieu is de tsjerke ferbrede en ferhege yn goatyske foarmen. De grifformearde tsjerke is yn 1927 nei in ûntwerp fan Ane Nauta yn ekspresjonistyske trant boud oan de westlike útgongsdyk.

Lippenhuzen is in streekdoarp dat al yn de Midsieuwen ûntstien is – mei destiids de namme Kobunderhuzen – op in sânrêch dy ‘t fanDe Gordyk nei De Himrik en fierder rint. De delsetting lei tusken de heide yn it noarden en de feanen yn it suden yn. De kaart fan Schotanus (begjin 18e ieu) lit de buert fan Lippenhuzen as sletten bebouwing sjen. Súdlik fan it doarp leinen “boekweiten ackers”en fierder feanen. Noardlik lei der nei in stikje kultuerlân fierder heide.

Tweintich jier letter waard de Opsterlânske Kompanjonsfeart groeven, wêrnei‘t de turfwinning útein sette. In oantinken is it ferlaat by Foksebuorren, de twadde slûs yn de feart dy’t yn 1736 oanlein waard. De slûs is yn 1858 fernijd yn stien, wat yn 1902 nochris barde. Mei de út om-ende-by 1880 datearjende slûswachterswenning is it mei-elkoar in fraai ensemble. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland stie yn 1788 fermeld dat Lippenhuzen bestiet út: “een dubbele buurt huizen aan den rydweg. De Noordelyke landen, waar eertijds de Kerk gestaan heeft, loopen tot aan ‘t Konings Diept, en zyn gedeeltelyk bouwlanden, gelijk de Zuidelyke, dewyl het Veen onder dit Dorp vergraaven is.”

De hjoeddeiske tsjerke stiet oan De Buorren en is it resultaat fan it yn 1860 opnij bouwen fan de yn 1743 op in ferhege tsjerkhôf boude tsjerke. De 17e-ieuske preekstoel datearret noch út de âlde tsjerke. De tsjerke hat in trijekantige koarsluting en in houten, mei laaien beklaaide geveltoer mei nullespits.

Noardwestlik fan it doarp stiet oan de ferbiningswei mei Beetstersweach, de Sweachsterwei, in út likernôch 1860 datearjend tolhûs. Oan de eastkant fan De Buorren foarmet de út 1932 datearjende wettertoer it hichtepunt fan it doarp, in yn ekspresjonistyske styl boud mânsk bouwurk. By de ûnderkant fan de ommanteling fan it reservoir kraget it mitselwurk fan de skacht der yn in dûbele beweging út om de hoeken op te fangen. De foarm fan de toer feroaret dan yn in achtkantich systeem. De lizzende finsters krigen op de hoeken mitsele silinderkes: art déko- ornamintyk.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 |