Wynserdyk 30


Wynserdyk 30
©: Jetske Santema

De Gouden Ingel

Yn de wide omkriten stiet it hûs bekend ûnder dizze namme. It hûs is boud yn 1900. It dykshûs stiet op de krusing fan Wynserdyk en Slachtedyk. De Slachtedyk is ien fan de âldste wetterkearingen fan de Middelsee. Yn 1718 Op de kaart fan Schotanus fan 1718 wurdt op dizze plak al in gebou oanjûn. Dat is de foarrinners fan de Gouden Ingel. It is in prachtich pân mei histoaryske wearde. It dykshûs is orgineel en stiet op in sintraal plak. Geskikt om der in kafee yn út te baten. Dêrneist waard yn de oanbou in lytse melkfeehâlderij hâlden. Wannear 't de kafee funksje beëinige is, is net bekend.

De famylje Folkert de Vries is de lêste bewenner dy 't der in " komelkerij " eksploitearret, mei dêrneist in molkerkrit as ekstra ynkommensboarne. Wy prate oer de perioade 1950 -1970. 

Mei de opkomst fan it autoferkear ûntstie in gefaarlik krúspunt. By de ruilferkaveling is de krusing oanpast. Nei in perioade fan tydlike ferhier is it hûs yn 1993 kocht troch Rianne en Tjiske Haakma-Buding. Sy hawwe it ferkocht yn 2001 oan Ids Boersma en Wilma Bonnema, dy 't der anno 2023 noch hieltyd wenje.

Colofon

Boek Easterein en archieven.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s


|