Wynserdyk 28


Wynserdyk 28
©: Jetske Santema

Namme ûnbekend

De stjelppleats is boud tusken 1840 -1850. De bewenners fan dizze pleats wiene meastentiids besibbe oan famyljes mei in soad oansjen yn Easterein. Dat is ek net ferwûnderlik. Eigeners fan pleatsen wiene meastentiids goed bemiddele. Se trouden mei famyljes dy 't dat ek wiene. Jild trout jild! In boeresoan troude net mei in famke út de arbeidersklasse (útsûnderingen dêr litten) De bedoeling wie om it bedriuw en it besit te fergrutsjen en dat koe it bêst troch mei in boeredochter te trouwen, dy 't ek wist wat it runnen fan in boerebedriuw ynhâlde.

De earste eigener fan de pleats wie:

1. Ate (Sjoerds) Ypma (* 1797) troud op 9 -1830 mei Beitske Dijkstra (*1809 ). Dochter Maaike troude mei Wopke Wopkes de Gavere. Soan Dirks Ates Ypma is opfolger.

2. Dirks (Ates) Ypma (* 1832) troud op 15 -1858 mei Tettje (Gerrits) Miedema. Se ferhuzen op 17 maaie 1899 nei Huzum (Ljouwert)

3. 1899, Jan (Jacobs) Hoogland (* 25 -1858) yn St. Anne. Unbekend oft Jan Jacobs troud wie. Wol dat er yn 1912 boelguod hâlden hat en dat de opbringst fl. 7522, - wie.

4. 1912, Sjouke (Bonnes) Hylkema (* 1875) troud op 7 -1904 mei Trijntje (Hessels) Wiersma (* 1880) Sjouke komt fan Akkrum en Trijntje komt fan Boazum. ` Se krije fjouwer bern. Se wurde opfolge troch harren twadde soan Hessel.

5 1948 Hessel (Sjoukes) Hylkema (* 1913) troud op 17 -5-1944 mei Jeltje Dijkstra (* 1912) Sy krije twa soannen Sjouke en Jarich. Jeltje ferstjert yn 1953. Nei it ferstjerren fan Jeltje wer troud Hessel mei Wijke. Sy krigen noch twa soannen, Jelle en Wouter. Jelle naam de pleats fan syn heit oer.

6. Jelle Hylkema troud mei Silvia Zijlstra. It bedriuw bliek nei ferrin fan tiid te lyts om as bedriuw troch te gean. It lân is kocht troch in pear boeren út de omjouwing. De pleats hat in wenbestimming krigen. Jelle is nei it doarp ferhuze en kaam yn tsjinst by it leanbedriuw.

7. Jan en Feja Attema. Om 1990 hinne hawwe se de pleats kocht en ferboud en opknapt. Sjoch de foto út 1995, mei net folle begroeiïng.

De foto’s fan 2022 jouwe it aktuele byld

8.  Hans Haarsma mei syn partner Berdien Galama. Se binne yn 2019 op dizze pleats kommen te wenjen.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s


|