skrok 4
Nijenhuis; de pleats is boud yn de jierren 1883 -1885. It is in kompakte pleats mei in opfallend flak dak. It hat ek in opfallende wite foarkant. Ea wie it in hiele grutte pleats yn 'e omkriten. De histoarje giet fier werom oant yn 1473. De pleats wurdt beskreaun yn de stimkohieren. Mei de namme Nya huus, wat yn de rin fan de jierren Nijehûs wurden is. Yn de 18e iuw is it yn it besit fan de bekende famylje Sionstra, wêrfan de famyljenamme letter feroare yn Ypma. Spitigernôch giet it finansjeel net goed en rekket de famylje oan leger wâl. Sa wurdt in part fan it lân ferkocht. Dirk Piers Noordmans krijt it yn hier. De earste bewenner hjirûnder beskreaun trout mei in frou út dizze famylje.
1867: Dirk Piers Noordmans (* 1829 yn Spannum) troud yn 1856 mei Sjoerdsje Meikes Ypma (* 1836) Hy is dan boer op Tritsum ûnder Tsjom. Spitigernôch komt Sjoerdsje yntiids te ferstjerren. Yn 1867 komt Dirk Piers op de pleats Nijenhuis te wenjen. Yn 1870 trout er opnij mei Gerbrig Oepkes de Roos. ( * 1833) Hja is al twa kear widdo en is dan al 37 jier. Dirk is yntusken 41 jier. Ut de aktes docht bliken dat Gerbrig ien bern hat fan har earste houlik mei de Jong. Se komt út in rike famylje (de Gavere) en nimt ek besit mei út erfenissen. De âldste soan dy 't nei Gerbrig har heit neamd is, Oepke Noordmans (* 1871) wurdt letter in bekende teolooch. Dêrnei krije se noch twa soannen, Jacob (* 1873) en Pier Dirks (* 1876 ). Se ferhúzje yn 1877 nei in nijboude pleats by Skearnegoutum. 1877: Ikenius Harders (* 1829) widner fan Feikje Sytses de Boer (* 1830) wertroud mei Geertje Seffinga (* 1932) Hja binne ôfkomstich fan Kollum. Se bliuwe hjir oant 1901 hjir wenjen. 1901: Pier Dirks Noordmans (* 1876 te Easterein) troud yn 1904 mei Dieuwke Ates de Boer (* 1879 yn Nijlân ). Se bliuwe hjir oant 1930. Yn 1931 wurdt it bedriuw mei boelguod ferkocht. Se ferhúzje nei it bedriuw by Skearnegoutum. Eigener wurdt harren sweager Harmen Klijnstra. Dizze ferhierd it oan Klaas Bootsma. 1931: Klaas Bootsma is de nije hierder. 1933: Halbe Huitema folget him op mar krijt in jierkontrakt. Der wie destiids noch gjin pachtwet. Hierders wiene oerlevere oan de ferhierder. 1934: Sjoerd Jans Heeg (* 1906 yn Itens) troud yn 1935 mei Hinke Harmens Klijnstra (* 1912 yn Nijlân ). It is de dochter fan de eigener, Harmen Klijnstra. Se emigrearje yn 1950 nei Kanada. 1950: Pieter Hendriks de Jong troud mei Akke Jagersma. 1990: Harm de Jong nimt de pleats oer. Yn it ramt fan de ruilferkaveling ferhuzet er nei de Súdhoeke. It wurdt in wenbuorkerij. 1995 Hutting, yn de perioade dat Hutting hjir wennet jowt er de namme fan syn freondinne Catharine oan de pleats. Dat stiet no op de homeije peallen te lêzen. Dochs bliuwt de âlde namme fuortbestean yn de geskriften. 2000 Michael Troughton mei syn partner Jessica.