Skrok 2


Skrok 2
©: Jetske Santema

Adama pleats, Yn 1453 wurdt der in tsjerkfâd beneamd mei de namme Wijbe Adinga.
It soe kinne dat de namme dy 't de pleats draacht dêrmei anneks is. Ek yn 1698 wennet der in Wijbe Ulbes Adema op de pleats. Hy wurdt opfolge troch syn skoansoan Sydze Wierda.
Beide wiene tsjerkfâd. De namme Eeskwert / Eesquert komt geregeld foar. Spitigernôch om 1750 hinne krige Sydze Wierda problemen. Hy kin de hier net mear betelje. De hier wurdt opsein. Hy hierde fan de tsjerke de helte fan de pleats. Der komt in nije hierder, Romke Laasz. Yn 1758 keapet de Eastereinder tsjerke ek de oare helte fan de pleats, ek foar 3000 car. gûnen. Yn 1804 is Ane Gerrytz Miedema hierder fan de pleats.

1. 1790: Ane (Arend) Gerrytz (Miedema) (* 1752) troud yn 1780 mei Jeltje Romkes. Dit echtpear krige de efternamme Miedema yn 1811. By de nammeoanjouwing stiet beskreaun dat hy hat gjin bern.>>>> Hy stjert yn 1820 sûnder opfolging.

2. 1820: Tiede Pietersz Vellinga (* 1795) troud yn 1817 mei Sytske Klases Rispens (* 1794) Se krije 9 bern. Bysûnder is dat de nammen no noch yn de Vellinga famylje foarkomme.  û.o. Jan, Pieter, Folkert, Yme. Der is in soad ferneamd. Der ferstjerre op jonge leeftiid al trije bern. In letter berne bern krige dan deselde namme. Der binne twa Jannen en twa Itskes. Tiede Pietsz stjert yn 1835 as er 40 jier is.
Syn frou Sytske bliuwt op 'e pleats en yn 'e ferstjerakten yn 1853 fan har dochter Sjoerdsje stiet se beskreaun as boerinne.

3. 1850: Klaas Tiedes Vellinga (* 1822) troud yn 1850 mei Trijntje Sjoerds Heeg (* 1826) Sy krije fjouwer bern. Spitigernôch stjert Trijntje op 33 - jierrige leeftiid yn 1859.
Klaas Tiedes trout dernei yn 1861 mei Jantje Hotzes Koster (* 1834 ). Dit is in goede partij, mei in soad besittingen, ek krigen út fererving fan har earste echtgenoat, Hylaridus. Ut dit houlik hat se 5 bern krigen wêrfan 1 letter boer ûnder Kûbaard is. De oare 4 ferstjerre op jonge leeftiid. Mei Klaas Tiedes krijt Jantje Hotzes Koster noch acht bern.

4. 1891: Pieter Klases Vellinga (* 1863) Unbekend is oft Pieter Klases troud is.
Hy is it âldste bern fan Klaas en Trijntje. Hy wurdt opfolge troch Wiebren Engelsma

 5. 1917: Wieberen Engelsma (* 1879 yn Warkum) troud yn 1904 mei  Martsje Klijnstra (.
* 1882 te Nijemarrum) Se krije twa soannen, Yde yn 1906 hy wurdt dokter en Harmen yn 1908 wurdt predikant. Martje ferstjert yn 1912. Yn 1915 trout Wieberen mei Grietje Hornstra (* 1890) Yn 1917 komme sy op Adema pleats te wenjen. Hja krije noch twa soannen, Hans Engelsma (* 1917) dy is garaazjehâlder wurden en Fedde Engelsma (* 1921)

6. Fedde Engelsma (* 1921) troud mei Geertje Schaap  (* 1919 ).
Nei it ferstjerren fan Geertje yn 1990 is Fedde yn 1991 ferhuze nei in nije wenning yn it doarp op de Hôfsleane. Dêr hat Fedde noch 20 jier wenne. De soannen Anne en Wiebren Engelsma buorkje earst tegearre fierder op it bedriuw.  Anne ferhuzet nei Reahus, en begjint letter in camping yn Reahûs ûnder de namme " De Finne ".

7. Wiebren W. Engelsma troud mei Kirsten Burghout

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s


|