Skrok 11


Skrok 11
©: Jetske Santema

Sibada is de namme fan de pleats. De pleats is boud yn 1862 en tanket syn namme oan de feart dy 't lâns de pleats rint. Yn de perioade fan de bou waard alles oan- en ôffierd oer it wetter. Farwetter betsjutte in geunstige lizzing foar de boederij.
Letter doe 't it ferfier mear oer it lân gie, docht bliken dat de lizzing minder geunstich is.
Neffens Symen Paul Strikwerda (senior) fan de boederij Sion moatte der mear as tsien stekken iepene wurde om de pleats te berikken. Op it plak fan Sibada stiet earder ek in pleats. Dat is te sjen op de kadasterkaart fan 1832. Dan hat it foarhûs noch in oare foarm.
Der binne wol materialen werbrûkt, de tegeltsjes yn de kelder ûnder de eardere bedsteden binne neffens in spesjalist yn antike tegels, âlder.
Op 23 novimber 1888 slacht it needlot ta. De skuorre mei fee en ark en hea wurdt troch brân hast folslein ferwoaste. Mar ien ko wurdt rêden. Ek in pear bûtenmuorren en it wenhûs bliuwt behâlden. Dit is te lêzen yn in brief oan de boargemaster.


De bewenners: Foardat de bewenners neamd wurde, wurde noch efkes in lyts foarôf.
It begjint by Aafke Sjoerds Ypma * 1790. Har mem is Trijntje Doekles Sjonstra.
Dy komt fan de pleats Sion. Se trout yn 1813 mei Sybren Rienks Sybrandy dy 't boer is yn Itens. Se kamen beide út rike boerefamilys. Yn 1823 stjert Sjoerd Tjipkes Ypma en lit dan it bedrach nei fan fl. 116.125. Dat wurdt ferdield ûnder meardere erfgenamten. Ek Aafke ervet in grut part fan dit bedrach. Ek Sybren Rienks Sybrandy sit goed yn 'e sloppe wask.
Hy keapet yn 1828 fan syn skoanheit 1/8 jier mei lân yn Easterein foar in bedrach fan fl.
2336, -. Nei alle gedachten hat dit it begjin west fan de pleats Sibada.
Fierder binne der yn de aktes noch in soad erfenissen te finen dy 't yn dizze famyljes telâne komme.


1. Rienk Reinders Sybrandy * 1825 troud yn 1847 mei Sjoerdje Sybrens Sybrandy * 1823. Hja binne neef en nicht. Sjoerdje is in dochter fan earder neamde Aafke Sjoerds Ypma. Se krije fiif bern Sybren Rienks * 1850, Reinder 1851, Ate * 1855, Aafke * 1859 en Tjitske * 1865.
Trije fan de bern steane neamd op de herinneringsstien dy 't yn de foargevel mitsele is.
Tjitske is letter troud mei Pieter Yemes van der Valk.

2. Ate Rienks Sybrandy * 1855 te Easterein troud yn 1876 mei Trijntje Sjoerds Boschma * 1856 te Hennaard. Se krije twa bern Rienk 1877 en Aafke 1890.
Ate wie bestjoerlik tige aktyf, hy wie mei-oprjochter fan it coperative stoomsuvelfabryk.
Yn aktes stiet ek neamd dat er út namme fan de tsjerke lân ferkocht as tsjerkfâd.


3. Rienk Ates Sybrandy 1877 te Easterein troud mei Hiske Nammes de Jong * 1877 yn Winsum. Yn 'e aktes is mar ien bern te finen. Dat is Ate Sybrandy * 1901.
Yn de aktes is te lêzen dat Rienk Ates yn 1929 boelguod hâlden hat.
Hjirmei is der in ein kaam oan de Sybrandy's op Sibada.


4. Sijbren Zijlstra komt yn 1929 op de pleats te wenjen.

5.  Piet Zijlstra folget syn heit op. Hy bout in lisboksstâl. Ien fan de earsten yn de omjouwing. Hy giet om 1988 hinne nei in nijbou bedriuw yn de Flevopolder.


6. Jelle en Akke de Boer komme yn de pleats te wenjen. De pleats is kocht troch NatuurMonuminten. Jelle is yn tsjinst by NatuurMonumenten. As natuerman hat in grut gebiet ûnder behear, mei as doel de greidefûgels te beskermjen. Dat hat er mei passy en ynset 30 jier dien fanút dizze pleats


7. Mark en Jetske Postma.
By it ferhuzjen fan Jelle en Akke yn 2018 komme Mark en Jetske as nije bewenners.
De Postma's binne bakker fan berop en jouwe ek workshops út harren ambacht wei.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s


|