Skippersbuorren 9


Skippersbuorren 9
©: Jetske Santema

" Trouvaille "

De namme is yn 1975 oan de pleats jûn. Trouvaille is Frânsk foar " gevonden ".
De pleats is boud yn 1902. Lange tiid is de pleats de iennige bebouwing oan de Skippersbuorren. Ut de oantekeningen fan de tsjerkfâdgearkomste fan 22 april 1907:

" Auke Grietzen Zeilstra, koemelker te Oosterend, hat fersocht om wat grûn ta bouwing iener stelphuizinge op it lân fan Jouw de Boer as hierder yn gebrûk.
Goedkard mei dizze bepaling: it kochte mei nea eigendom wurde fan 'e grifformearde tsjerke te Easterein of lid derzelve. Oertreding wurdt bestraft mei tûzen gûnen."

It hûs wurdt earst troch twa gesinnen bewenne.
1. Auke Grietzen Zeilstra (* 1879 te Goaiïngea) troud yn 1903 mei Wytske Hofing (* 1877 te Rinsumageast) Se krije fiif bern dêr 't twa folwoeksen fan wurde: Aaltje Hendrikje en Grietzen. Yn de aktes stiet Auke neamd as koemelker. Yn 'e nije pleats begjint Auke in bargesmesterij. En om ekstra ynkomsten te krijen ferhierd hy in part fan de wenning.
Spitigernôch komt de bargepest del en wurdt de feesteapel siik. Se geane dêrnei fallyt.
Se ferhúzje yn 1923 nei Gaast.

1. a Sipke Nawijn (* 1869 -1954) mei syn frou Minke Sandstra (* 1970 -1954) Sy wennen hjir fan 1908 -1911. Hy wie fabryksarbeider en hierde de wenning.

2. Hindrik F. Kuiper (* 1884 -1964 op De Gaastmar) yn 1923 troud mei Lolkje Kingma (* 1887 -1970 te Jellum).  As se trouwe binne se al reedlik op leeftyd, 38 en 36 jier.
Nei harren houlik komme se op de pleats te wenjen. Se krije twa soannen, Foeke (* 1925) en Hendrik (Henk) yn 1929.
Foeke wurdt dûmny en letter wittenskiplik haadmeiwurker didaktysk godstsjinstûnderwiis oan de VU yn Amsterdam. Hindrik folget syn heit op.

3. Hendrik H. Kuiper (* 1929 - 2008) troud mei Minke Huitema (* 1932 - 2020) berne te Boazum) Se krije in sûne húshâlding; der wurde sân bern berne: Tweeling Mellina en Lolkje (* 1956 ), Hendrik (* 1958 ), Gelbrich (* 1960 ), Klaske (* 1962 ), Hinke (* 1965 ), en Foeke (* 1971 ).
Hendrik wol de pleats graach fierder útwreidzje, mar dêr is gjin romte foar op de Skippersbuorren.
Minne en Anna Sjaarda, boer op Sjaardaleane 19 (oan de oare kant fan de Skippersbuorren) wolle wol lytser en ôfbouwe. Yn 1975 wurdt der ruile.
Hendrik en Minke ferhúzje nei Sjaardaleane 19 en Minne en Anne Sjaarda komme op de Skippersbuorren te wenjen en jouwe de pleats de namme Trouvaille, (fûn )

4. Minne Yde's Sjaarda (* 1918 - 2007) troud yn 1942 mei Antje (Anna) Kuipers (* 1918) Lês mear oer harren by Sjaardaleane 19.

5. Sjoerd Zijlstra (* 1955 - 2020) troud mei Jellie Westerhuis. Sy ferkeapje de pleats nei in skoft.

6. Peter Merrelaar, is anno 2023 de hjoeddeistige bewenner.
De pleats is hielendal opknapt.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s




|