Sibadawei


Sibadawei
©: Jan Hiemstra

De Sibadawei, of Itenserdyk sa 't er earder neamd waard, wie in ferbiningswei nei Itens. Earder wie it in steatlike leane mei in soad beammen. De dyk leit njonken de Sebeare feart. Troch dizze feart kaam in soad ferfier. Wat net oer de dyk koe of hoegde, gie hjir del rjochting Frjentsjer. It is net ferwûnderlik dat de suvelfabryk en de gersdroegerij oan 'e Sibadawei boud binne. It lei noch fier bûten it doarp. Der stiene earder mar in pear wenningen oan de Sibadawei. Nei 1882 is der lange tiid neat mear bij boud. Pas yn 1946 binne der wer twa huzen bijkommen. Dêrnei wiest it doarp út. De Stittenserleane wie noch boerelân. It earste part is dus âld, en it nije part ferlinge de strjitte en fergruttet it doarp.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear



  • Disclaimer


|