Sandstra transportbedrijf


Sandstra transportbedrijf
©: Jan Hiemstra

Sandstra  

De famylje Sandstra wennet al generaasje lang yn Easterein. Doe ’t yn 1811 de registraasje fan de famyljenamme ynfierd waard, hawwe in tal harren ynskriuwe litten mei in Z en in pear oaren mei in S. De ôfstamming is fan de selde foarfaar en mem. By it útsykjen fan de famylje bin ik in pear bysûndere saken tsjinkaam. De stamheit en mem komme oarspronklik fan Gau.

Der binne meardere Sandstra famyljes yn Easterein kommen te wenjen. En hja hiene deselde foarnammen. Ien fan de famyljes fersoarge it ferfier mei de stoomboat.

 1. Douwe Sjuks (1740 - 1804) troud mei Klaere Doedes (1739 - 1809) It earste bern wurdt yn Easterein berne, Hinke yn * 1767. De lettere bern, allegearre soannen, wurde berne yn Gau. Klaes * 1772, Sjuk * 1774, Jelle * 1775, Dirk * 1777. It falt op dat Hinke yn Easterein berne is. De reden is net te achterheljen. Der sit ek in soad tiid tusken de berte fan it earste en it twadde bern. It kin wêze dat Hinke foar it houlik berne is.

 2. Sjuk Douwes Sandstra (1774 -1847) troud yn 1798 mei Froukjen Jacobs Deinema (1770 - 1855) Yn dizze perioade hat it fêstlizzen fan de famyljenamme plak fûn. Yn de aktes stiet te lêzen dat Froukjen fan Deinum komt. En fandêr de achternamme Deinema. Se krije seis bern. Twa derfan, Douwe en Jacob, fêstigje harren as skuonmakker yn Easterein.

 3. Douwe Sjuks Sandstra (* 1799) troud yn 1822 mei Minke Jacobs Sieperda (* 1798) Se krije njoggen bern. En Minke hie foar har houlik ek al in soan krigen. Spitigernôch waard dy mar 30 dagen âld. Yn har houlik stjerre der ek 4 bern. Se hawwe fjouwer Froukjes krigen, der binne 3 Froukjes fan ferstoarn. Minke is 46 jier as har lêste bern berne wurdt. Mei de saken giet it bêst goed. Douwe keapet yn 1822 fan Aurelius de Gavere in hûzinge mei hiem foar fl. 1050, - Hy is skuonmakker fan berop. Opmerklik feit út akten: Douwe is tsjûge by in testamint kwestje fan in tsjinstfaam. Hy stiet neamd as skuonmakker, de oaren binne rintenier, wewer, kleanmakker en ferver. It giet om in situaasje dy 't yn de middenstân-klasse ôfhannele wurdt.

 4. Sjuk Douwes Sandstra (* 1833 -1923) troud 1862 mei Trijntje Walsweer (* 1836 -1914) Ek sy krije in grutte húshâlding, der wurde acht bern berne. Minke * 1863, Minke * 1866, Douwe * 1865, Thomas * 1868, Jacob * 1870, Hessel * 1872, Grietje * 1873, Japke * 1876. De húshâlding wennet op Elbe. Yn it wenhûs (blok) wennen fjouwer húshâldingen. It moat in folle boel west ha. Anno 2023 wurdt it hûs bewenne troch Titus en Rigt Bergsma.

 5. Thomas Sjuks Sandstra (* 1865 - 1954) troud yn 1896 mei Jeltje Kamstra (* 1872 - 1949) Se krije fjouwer bern, Grietje * 1896, Sjuk * 1898, Jelle 1902 en Jacob 1908. Thomas stiet te boek as boere-arbeider. Se komme te wenjen op de Streek 2. Dêr begjint it ferfierbedriuw. Se hawwe by harren wenning in stiennen skuorke dêr 't it hynder yn stald wurdt. Thomas begjint mei ferfier fan feefoer. { _ 65704 left 200px_ } Ek naam der guod mei dy't minsken nedich wienen. Lapkes stof, of kloskes jêrn.

 6. Sjuk Thomas Sandstra (1898 -1966) troud yn 1926 mei Trijntje Dijkstra (1893 - 1980) Hy keapet yn 1928 it hûs op it Skilplein 19 foar fl. 2100, - en de rest op hypoteek by Hendrik Huges te Snits. Sjuk is frachtrider en molkfarder. Harren twa soannen Thomas (* 1927 - 1984) en Germ (* 1929) komme al gau yn it bedriuw.

 7. Thomas Sandstra (Tom) (* 1927 -1984) troud mei Janke Sieperda (* 1927 - 1991) Sy kamen te wenjen yn it hûs op it Skilplein 19 en sette it bedriuw troch. Broer Germ wurke oant 1960 mei yn it bedriuw. Mar gie nei Amsterdam. Tom en Janke krije fiif bern. Jannie, Siep, Bauke, Germ en Catharinus. Meardere bern bliuwe yn de transportwrâld. Siep yn Wommels, Bauke yn Easterein en Catharinus hat sûnt 1996 in bedriuw yn Hartwert, no yn Boalsert.

8. Bauke Sandstra Easterein (* 1957) troud west mei Elisabeth Regina Huitema (Lies) (* 1959 ). Bauke is yn 1998 mei syn transportbedriuw en donghannel útein set op it Skrok 2 A. Se ha trije bern. Soan Germ wurket yntusken mei yn it transportbedriuw.

Colofon

Boek Easterein, Alle friezen.nl

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s


|