Plan Boomgaard


Plan Boomgaard
©: Jetske Santema

Nijbou plan De Boomgaard

Nei it klear kommen fan it nijbouplan op de Kooifinne, oan de Súdeast kant fan it doarp duorret it in oantal jierren foardat der wer in skep yn de grûn set wurde kin. Dat wurdt oan de Noardwest kant fan it doarp, op it plak dêr 't op dat stuit in appelhôf leit. De plannen lizze der al lang mar de beslútfoarming en fergunningen litte op harren wachtsje. Einlings, yn 1986, kinne de earste 3 huzen bout wurde oan de Hôfsleane. Nûmer 1, 3, en 5.

Se steane der wat midden op de romte. Dat is op in inkelde foto te sjen. Wat bysûnder is oan dit nijbouplan is dat der in soad fariaasje is yn de huzen. Mei skeakele huzen en mei in flink tal frijsteande wenningen. Dat makket it ta in bysûnder plan, mei strjitnammen dy 't ferwize nei de eardere bestimming fan it appelhôf. It plan is yn trije fasen útfierd. 

It hôf fan Rienk van der Valk.

Yn 1940 wol Rienk van der Valk foar himself begjinne. Hy keapet in stik lân út ’e pleats fan de Gavere. En begjint mei de oanlis fan it hôf. De fluch groeiende popelieren wurde as wynkearing oanplante. It duorret 7 jier foardat der fruit rispe wurde kin. Om yn de tuskentiid dochs jild te fertsjinjen wurd der griente ferboud. Ek it lytsfruit kin al plukt wurde. Der komt in twadde perseel, tichter nei Okkema ta. En in tredde perseel wurdt oanplante by de Skroksterreed. Dit is yn eigendom fan in meiwurker fan Rienk, Pieter de Groot fan Spannum. Spitigernôch is de fruitkwekerij gjin sukses wurden. Economysk kaam de sektor yn swier waar. It wurdt dan ek it ein fan dit bedriuw. Dochs koene jin noch lange tiid de restanten fan de wynsingel sjen.

Troch de grutte konkurrinsje en de ôfstân nei de feiling is der in ein kommen oan de hôven yn de omjouwing. It âldste hôf ' de âlde tún ' is as lêste ferkocht oan de gemeente Hinnaarderadiel. It bestimmingsplan foar nije wenningen is dan al yn kalk en semint.

Mei it opheffen fan it hôf koe men beamkes keapje. Self útgrave en meinimme. Der binne in soad beamkes yn it doarp bleaun. Sa binne der ek in pear stoof parrebeamkes (Giese Wildeman) op de pleats Wynserdyk 55 bedarre.

De nammen fan de strjitten yn it plan De Boomgaard binne in oantinken oan it hôf.

De Singel, De Ljits, Hôfsleane, De Populiereleane en It Risplân. Der is noch in " strjitte " dy 't ferburgen is. Der wenje gjin minsken oan dizze " strjitte ". It is in paad mei de namme Marfinne. It is de tagong nei de boarterstún!

Colofon

Boek van Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s


|