|

De Jacobitsjerke


De Jacobitsjerke
©: It âlders erf

De earste, oan de ein fan de 15e ôfbaarnde tsjerke, wie der ien fan tufsteen. Der wurdt al yn de 12e ieu oer in tsjerke sprutsen. De tsjerke fan no is út it begjin fan 1500 en is boud op in terp.

Earst hie de tsjerke in sealdak, mar tidens in renovaasje yn 1862 hat de tsjerke in spitse toer krigen, makke fan in oare soart stien. Dêrom waard der yn 1873 besletten om it skip en it koar te bepleisterjen. Dat pleisterwurk waard yn de jierren santich fan de tweintichste ieu wer fuorthelle sadat der wer âlde eleminten te foarskyn kamen.

Oan de kant fan de supermerk is in stien te sjen en de doar dy’t dêr noch te sjen is, is fan begjin 1700. It soe de yngong fan de adel west hawwe kinne, want dit diel grinzet oan it eardere park fan de famylje Van Sminia.

It ynterieur bestiet út û.o. moaie rouwboarden en 17e-18e ieuske meubels. Yn de toer hingje twa klokken, dy’t yn de twadde wrâldoarloch troch de besetters fuorthelle binne, sa’t dy yn Dútslân omsmolten wurde koenen. De grutte klok kaam earst yn’e opslach yn Giethoorn en is dêr fanwege wetteroelêst stean bleaun. Yn july 1945 kaam de klok wer werom ynWommels De lytse klok waard nei Hamburg brocht en kaam stikken wer werom. Dy is yn 1955 omsmolten. Op 3 maart 1955 waard ek dy klok wer yn de toer te plak hongen.

Oan de efterkant fan de tsjerke sit noch in stek. Dat is een diel fan de earste Sministate oan de Terp. Op it stee fan de supermerk. Oant de begjinjierren fyftich stie dit stek as tagong oan it begjin fan de strjitte "It Bosk". In stik fan de grêft dy’t groeven is rûn de bosk as Sminiapark fan de earste Sminiastate bestiet no noch en is te sjen lâns de Van Sminialeane. Doe’t de state yn ûngefear 1870 ôfbrutsen is, waard de bosk yn 72 parten dield en te huur oanbean oan de earmlêstige ynwenners fanWommels

Locatie

terp 19 - 8731AX, wommels

Colofon

Ned. Hervormde Kerk Wommels, uitgave Van der Eems, Oosterend

© Foto voorblad: It âlders erf
Lês mear





Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Groep Wommels)