Easterein en âlde tiden


Easterein en âlde tiden
©: Doarpsbelang Easterein

Easterein yn âlde tiden

Mei ûndersteande tekst begjint it boekje dat Doarpsbelang Hâld Faasje útjûn hat yn 2001 oer it doarp Easterein. Alle Eastereinders ha in exemplar oanbean krigen. Master J.Strikwerda hat de tekst gearstald en van der Eems hat it drukken fersoarge. It folsleine boekje is te lêzen as jo op de knop fan “Documinten “ klikke  bij dit finster. Dan krij jo ek ynfermaasje oer it doarpslibben!

Yn âlde tiden...

Op it plak dêr’t no it doarpke Easterein leit, streamde yn âlde tiden it
seewetter troch de slinken. Eb en floed soargen der foar, dat it wetter
hieltyd yn beweging wie en sân en klaai regelmjittich fan plak feroaren.
By stoarmfloeden stienen grutte stikken ûnder wetter en hienen de minsken
hâlden en kearen. Deunbij -yn it suden en easten- drige de grutte
Middelsee. Wienen no har terpen mar wat heger en ek wat grutter!
Yn de rin fan de tiid sjogge wy dy terpen dan ek grutter en sterker wurden.
En feiliger. Minsken út de omkriten kamen mear en mear op dizze hichten
ta en sa waarden in terp -of meardere terpen- it begjin fan in doarp of in
stêd. It heechste punt wie faaks in geskikt plak foar de tsjerke
(ek as flechtplak as it wetter ris hfel heech opkaam). Yn ferskate doarpen
om ús hinne is dit noch dúdlik te sjen: de doarpstsjerke yn it sintrum,
heech tusken de húskes der omhinne. Sjoch mar ris yn Wommels, Winsum,
Burchwert, mar ek yn lytsere plakjes as Lytsewierrum, lens en Hidaard.


Hoe sit dat mei Easterein? Ek it gebiet fan Easterein hie noch al wat fan dy
terpen: Wyns, Eeskwert, Rispens, Stittens. Mar de hichte dêr’t de tsjerke op
stiet, is fan oarsprong gjfn echte terp. Der is in grêft groeven en dy modder
is brûkt om de tsjerke op te bouwen. Sa’n grêft om de tsjerke sjogge we net
iens sa faak. Oer dy grêft leinen yn it ferline sân brechjes as strielen fan de
sinne. En sa rûnen der ek strjitten út alle wynstreken nei de tsjerke ta.
Dat is nöch dúdlik te sjen, bygelyks op in loftfoto. Fan de grêft is it grutste
stik bestean bleaun, fan de sân brechjes binne der noch mar twa oer.
Efkes werom nei de âlde tiden. De terpen mochten dan wat beskerming
jaan tsjin it hcge wetter, de driging fan oerstreamings bleau dcr altyd noch
wöl. Under lieding fan de mûntsen fan it Hartwerter kleaster Blomkamp
begûn men diken te meitsjen. Heech genôch om it wetter tsjin te kearen.
Earst fan Hartwert nei de Klieuw. Doe fan de Klieuw nei Reahûs,
Grutte- wierrum, Rien, Itens, dan nei Easterein en dan om Hidaard hinne
werom nei de Klieuw. In dyk fan sa’n 10 kilometer lingte. Sa ûntstie tusken
900 en 1000 de Eastereinder Polder, miskien wol de alderearste fan Europa.
As wy yn in goed healoere om dy polder hinne fytse -oer no ferhurde
wegen- probearje wy ús yn te tinken, wat in heidens krewei dât wol west
hat: 10 kilometer polderdyk opsmite mei skeppe en kroade!
Mar goed, de minsken yn de polder wennen dêr no wol wat rêstiger, mar
foar oaren -bygelyks de minsken 6p nei Wommels ta- jilde dat nët.
Is it in wûnder, dat der nei it jier 1000 noch méar fan sokke polders makke
waarden? De Eastereinder Polder wie it grutte foarbyld. Oeral yn it rûn
seagen jo polderdykjes, wer achter de minsken har feilich (?) fielden.
It wie al om 1500 hinne, dat der fan ferskillende fan dy dykjes ien grutte
”ôfslútdyk” makke waard: de Slachtedyk, sa’n 40 kilometer lang.
Sa probearren wy de see fan ús ôf te hâlden.
(folle mear ynformaasje kinne jo leze yn it boek ’Easterein’ , dat yn 1995 ferskynd is.

Colofon

Doarpsargyf Easterein

© Tekst: J.Strikwerda © Foto voorblad: Doarpsbelang Easterein
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



  • Disclaimer


|