It molkfabryk


It molkfabryk
©: Doarpsbelang Easterein

It Molkfabryk

Yn de oantekens fan de tsjerkfaldij gearkomste fan 23 desimber 1896 stiet: 'Schrijven van aanvraag der voorlopige cie de heren A.R. Sybrandy (1855- 1928), P.Y. van der Valk (1867-1926), Jelle Bouma, Y.J. Heeg (1868-1952) en P.K.Vellinga (1863-1930) om grond tot bouwing eener op te richten Coöp. Stoomzuivelfabriek en geldelijke steun der kerkvoogdij. Kerkvoogden stellen voor om grond af te staan aan de Seberievaart thans in gebruik bij PA . van der Valk tegen een jaarlijkse grondpacht van f 50 per 36 3/4 are. Toegestaan met deze voorwaarde om zo.mo. van 8 uur tot middags 4 uur niet te mogen werken in en op de fabriek.'

Earste Bestjoer

It earste bestjoer en rie fan kommissarissen be­stienen út: Direkteur F.W. Anema (1879- 1942). Bestjoer: A.R. Sybrandy (1855-1928), Y.J. Heeg (1868-1952) en M.Y.Sjaarda (1864- 1929). D. de Gavere (1867-1923) De commis­sarissen wiene: K.J. van Gosliga (1864-1921), H.R. Jonkman (1871- 1941) en S.J. Timmenga (1849-1936).

Besletten waard dat nei tsien jier it bestjoer it rjocht hie de grûnpacht ôf te keapjen. Der hat sels eefkes sprake fan west dat de tsjerkfâlden mei-oprjochters wurde soene, mar dat gie net troch.

De direkteuren dy't lieding oan it bedriuw joe­gen wiene:

Fan 1897 oant 1908: Arjen Rienks (1871- 1950) troud mei Antje Sinnema (1872-1905), letter mei Simkje Bottema (1874-1957); kommen fan Haren en gien nei Langwar;

Fan 1908 oant 1941: Fokke Wiggeles Anema (1879-1942), troud mei Trijntje Wouters Hielkema (1877-1936); kommen fan Betterwird en troch sykte út it wurk rekke;

Fan 1939 oant 1941: Broer Voolstra (1914-) en Roelofje Woudstra (1913-); kommen fan Raerderhim en gien nei De Haach;

Fan 1941 oant 1965: Johannes Sijtsema (1908-), troud mei Grietje de Vries (1909-1995); kommen fan Skylge en gien nei 't Hearrenfean.

De neifolgjende assistint direkteuren tsjinnen de fabryk:

Fan 1906 oant 1908: Folkert Brandsma (1888-); kommen fan Dalfsen en gien nei Oene;

Fan 1907 oant 1908: Rudolf Dijkstra (1882-); kommen fan Stiens en gien nei Makkingea;

Fan 1908 oant 1912: Tjitze Riedstra (1885-), troud mei Rigtje Westra (1884-); kommen fan Betterwird en gien nei De Rottevalle.

Fan 1912 oant 1912: Oene Sijperda; kommen fan ….. en gien nei Marssum.

Fan 1912 oant 1913: Jacob Jans Visser (1889-) kommen fan Deinum en gien nei Bierum.

Fan 1916 oant 1917: Jan Timmerman (1887-), troud mei Ruurdtje Fopma (1888-), kommen fan Baerderadiel en gien nei Nijehoarne.

Fan 1917 oant 1918: Johannes Pieter Roodzand (1890-), kommen fan Balk en gien nei Wormerveer.

Fan 1918 oant 1919: Johan Christiaan Geertsma (1895-), kommen fan Arnhim en gien nei Ljouwert.

Fan 1920 oant 1921: Eltje Kamminga (1894-), troud mei Henderika van der Woude (1899-); kommen fan Grou en gien nei Haarloo.

Fan 1921 oant 1954: Durk Harmens de Boer (1897-1954 . troud mei Pietje Martens Kingma (1904-1973); kommen fan Hilaerd (Hoptille). Hja wennen oan de Hidaarderdyk, no Wynserdyk nr. 14 en oan de Wommelserdyk, no Van Eysingaleane nr 9.

Fan 1954 oant 1955. Jouke van Wieren (*1926); kommen fan Esd en gien nei Havelte.

Fan 1955 oant 1956: Ane van der Meer (*1930); kommen fan Boalsert en gien nei Formerum op Skylge.

Fan 1956 oant 1961: Tjeerd Boskma (*1928), troud mei Trijntje Jacobi (*1931); hja wennen yn Easterein yn de Andries Joustrastrjitte nr. 14; fertein nei Gorichem.

Fan 1961 oant 1964: Harmen Eizenga (*1929) ; troud mei Mintje Wagenaar (*1933); hja wennen oan de Wynserdyk nr. 22 en binne yn 1965 nei Wommels ferhuze.

 

Wurkgelegenheit

It molkfabryk joech yn it earstoan wurk oan sa'n 15 man. Letter hat dat tal him gans útwreide.

De measte boeren brochten yn it earst har molke sels nei 't fabryk. Dat feroare al gau; doe kamen de molkfarders en de molkriders.

De Molkfarders en molkriders

Wy neame har nammen:

Andries Wisse (1890-1957)) en hjelbroer Jacob (Jabik) Namminga (1886- 1973) fan Reahûs, Harm Kamstra (1883-1967), Minne Tjalsma (1926-1992), Rein Strikwerda (1913-1984), Yme Zijlstra (*1923), Fedde Dijkstra 1869- 1939), Sietze Ykema (1899-1991), Rinse Siesling (1883-1975); (Siesling krige it foarinoar en syl mei de molkboat fan it fabryk nei de buorren ta, in echte skip­per!) Yde Sijszeling (1913-1980) en soan Andries Sijszeling (*1940), Germ Strikwerda (1913-1987), Haye Groustra (*1925), Simon Bloemhof (1891- 1976), Feike Bosschma (1902-1985), Marten Stilma (*1910), en syn heit Job Stilma (1881-1952), Sjuk Sandstra (1898-1966), Johannes Santema (1896- 1962), Harke Kamstra (1917-1975), Jentje Jorritsma (*1924).

....en ieder had zijn eigen lied... (Herman van Veen)

Frou W. de Jong-Brandsma fertelt dat yn de tiid dat hja by Yde Minnes Sjaarda (1889-1968) wenne, yn de iere hoare simmermoarn hja yn de fierte Andrys en Jabik mei de molkboat oan kommen hearre koe. Jabik luts de boat en Andrys song it heechste liet.

'Net faak ha ik sok moai sjongen heard’.

It docht tin­ken oan it ferske fan Herman van Veen:

'Hilversum 3 bestond nog niet, maar ieder had zijn eigen stem, op elke steiger klonk een lied, van Paljas of Jeruzalem.' 

 Molkjild ophelje

Sneons hellen de boeren, yn it swarte pak, sels it molkjild op. Hja giene dan ek, as it nedich wie, by de smid of timmerman lâns om saken te regeljen.

Smid Elzinga oan de Hidaerderdyk en letter oan de Foarbuorren (op it Plein) liet dêrom sneons it boereark bûten sette, dan koene de boeren útsykje dêi t se gading oan makken. Elzinga brocht in pear kear yn 't jier ark nei it terrein by it fabryk. Dat wie dan sa'n soarte fan lytse eksposysje fan wat er te keap hie.

Kûpers

Der wiene twa kûpers yn it doarp. Sjoerd Dooitzen van der Zee (1861-) wenne op 'e achterbuorren yn it hûs It Skilplein nr. 17, neist bakker Dantuma. De oare wie Okke (kûper) Oosterhout (1850-1935), dy't op 'e Pôlehoeke wenne, Skoallestrjitte nr. 12, dêr't letter Yme Zijlstra (*1923) wennet. Beide kûpers makken bûtertûnen foar it molkfabryk fan Easterein en Wommels.

Sneinsrêst

Sneintemoarns en jûns waard de molke wol nei it fabryk tabrocht, mar waard dan net ferwurke.

Elektriciteit

P. Hoekstra skriuwt ek oer it 'nije Ijocht': 

'We kregen ook electrisch licht in het dorp. Het juiste jaartal weet ik niet meer, maar het zal 1917 of 1918 geweest zijn. De stroom kwam eerst van de melkfabriek. Tien uur 's avonds werd dan het licht uitgedaan, eerst een kleine waarschuwing door de stroom even uit te schakelen. Voor bijzondere gelegenheden werd tot 12 uur stroom geleverd.'

De stoommasine mei in generator wekke de gelykstream op. Dy waard opslein yn grutte batterijen. 

Bang voor schadelijke invloed ‘socialisten’

Ut de oantekens fan de tsjerkfadijgearkomste fan 12 febrewaris 1926:

'Het ligt volgens Noordmans geheel op den weg van den directeur en bestuur onzer fabriek voor inhaling van sommige elementen in de fabriek te waken, met name het socialistisch element, waarvan een schadelijken invloed uitgaat.

Ut de oantekens fan de tsjerkfadijgearkomste fan 1939:

De heer Strikwerda heeft de kwestie van de personeelsbenoemingen aan de Coop. Zuivelfabriek in de vergadering dezer Coop. ter sprake gebracht, waarna door het bestuur is toegezegd daaraan aandacht te schenken.

Suvelferfier.

Kapteins fan de Eastereinder boat fan it fabryk dy't mei bûter en tsiis elke freed nei Ljouwert fearen, wiene Sjoerd Visser (1876-1942) en Foeke Wijnia (1895-1965).

Fabrykswenten

By it fabryk, oan de noardeastkant stiene tsjinstwenten foar fabryksarbeiders. Yn it huzekompleks wie plak foar fjouwer húshaldings. Linksfoar: de bûtermakker, dêrneist de masinist, dêrachter de tsiismakker en dêrneist de sintrifugist.

De earste bewenners fan dizze huzen wienen yn 1897:

-        bûtermakker Sipke Tinga (1863-1906), troud mei Pierkje de Jong (1863-);

-        masinist Klaas Tuininga (1873-) troud mei Sjoerdje Wijma (1873-);

-        tsiismakker Sjouke Tolsma (1871-1935) troud mei Jantje Bergsma (1875-);

-        sintrifugist Obbe Terpstra (1851-), troud mei Dieuwke Stiensma (1857-);

Fan de oare bewenners neame wy:

-        bûtermakker Marten Vierstra (1874-1953) en Nieske Feenstra (1876-1956);

-        sintrifugist Hans Reitsma (1890-1979), troud mei Dirkje Tolsma (1891-1975)

-        masinist Fokke van der Tol (1898-1967), troud mei Wypkje de Jong (1900- 1979);

-        tsiismakker Siebe Hoitinga (1908-1983), troud mei Wijtske Postma (*1913)

-        bûtermakker (1912-), troud mei Trijntje de Vries (1915-);

-        bûtermakker Gerben Okkinga (1912-1990) , troud mei Liskje Hiemstra (*1916). Gerben en Lys wiene de alden fan de ferneamde earste klas-keatser ut de sechtiger jierren Gerrit Okkinga (*1941).

 

Bûterfabryk sluten.

Nei 67 jier hat it fabryk op 19 desimber 1964 de lêste molke ferwurke. De feriening gie op yn it grutter gehiel fan de koöperative suvelyndustry 'De Terpen', dy't in kombinaasje wie fan de fabriken yn Easterein, Skearnegoutum, Wiuwert en Wommels. It hie fan gefolgen dat ek it fabryk fan Wiuwert sletten waard. 

Direkteurswente

Nei it sluten fan it bûterfabryk waard de direkteurswente bewenne troch:

Anne Rinsma (*1915-) en syn frou Catharina Schippers (*1914); Hja kamen hjir yn 1966 en binne yn 1973 nei Deinum ferfearn.

In jier letter kamen hjir Pier van der Velde (*1944) en syn frou Janna Hogen­dorp (*1946). Letter binne hjir soan Simon van der Velde mei syn frou Sieta kommen te wenjen.

Colofon

Ut Boek Easterein  fan Marten L. de Boer, Klaas Kooistra en Folkert K. Reitsma.

utjûn in 1995 bij Van der Eems.

© Tekst: Marten L. de Boer © Foto voorblad: Doarpsbelang Easterein
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’s

coöperatieve stoomzuivelfabriek
De stoom komt út de skoarstien.

Disclaimer

De fabryk rûn 1920
De Sibadawei wie in moaie leane mei beammen.

Disclaimer

De fabryk rûn 1930
Op de Sibadawei in hynder mei wein.

Disclaimer

De fabryk rûn 1950

Disclaimer

De molkboat 1940
De molkboat faart oer de Grieneleane nei it fabryk ta.

Disclaimer

De molkboat rûn 1960
Andries (Dries) Sijszeling (*1940) wie krekt as syn heit Yde Sijszeling (1913- 1

Disclaimer

De foarkant rûn 1960
De parkachtige tún is der net mear. En de tagong is ferbean, te lêzen op it bo

Disclaimer

In rekken út 1898
In rekken fan Jan Douma, de koperslagger, kachelmakker en... fabrikant fan suvel

Disclaimer

Fabrykswenten ôfbrutsen yn 1974
By it fabryk, oan de noardeastkant stiene tsjinstwenten foar fabryksarbeiders. D

Disclaimer

Frico 1961
Op dizze foto kinst moai it boerd Frico op it dak sjen. It is neist de skoarstie

Disclaimer

Yn 1908
1897- 1908 De earste direkteur dy lieding oer it fabryk hie wie, Arjen Rienks (1

Disclaimer

Kranteberjocht út 1965

Disclaimer

Molkfarders yn 1933
Andries van Wisse (1890- 1957 en Jacob (Jabik) Namminga (1886-1973) van Reahús.

Disclaimer

Nei it fabryk rûn 1925
Mei houten stalten oan de kant.

Disclaimer

Nij bedriuw
Nei it sluten fan de sûvelfabryk waard de direkteurswent bewenne fan 1966 oant

Disclaimer

Nije fabryk 1912
De tún wurdt oanlein.

Disclaimer

Nije wâlbeskoeiïng yn 1914

Disclaimer

Personiel suvelfabryk rûn 1950
Boppenste rige, donkere klean: f.l.n.r. Sjoerd Zijlstra, Sake Sijtsma, Jan Bergs

Disclaimer

It wiene noch kreaze wenten

Disclaimer


|