a Martini tsjerke


a Martini tsjerke
©: André Vink

“Katedraal ûnder de Fryske doarpstsjerken”

De hjoeddeiske Martinikerk fan Easterein (Oosterend) datearret út it ein fan de 14e iuw. Healwei de 10e iuw waard in lytsere tuffoargonger boud en ûntstie it doarp mei de earste hûzen. Al foar de 8e iuw waard dizze lokaasje brûkt foar hannel, justysje en gearkomsten, eat dat sa bliuwe soe oant de 2e helte fan de 19e iuw. De tsjerke is wijd oan Martinus fan Tours.

De toer datearret út it midden fan de 11e iuw en wie bedoeld as ferdigeningsstruktuer: in "stins", tegearre mei de grêft, dy't oarspronklik de tsjerke hielendal omsingele. Yn it nasjonale rampjier 1672 waard de 13 meter hege stiennen spits troch wjerljocht fernield. De muorrestien boppe de toeryngong fertelt it ferhaal, en sûnt 1688 siert in houten ferzje fan 6 meter de toer. Oan de noardkant stiet in sfearfolle sakristy, út it midden fan de 13e iuw, no de âldste fan Fryslân. It Hardorff-oargel is út 1869 en yn goede steat.

Yn de tsjerke stiet in unyk houten doksaal út 1554 yn Renêssânsestyl. De arsjitekt is Cornelis Floris II de Vriendt út Antwerpen en te werkennen oan de fersieringen, allerhanne duvelmaskers en 18 bibelske bylden. Dit doksaal sit fol mei symbolyk en fertelt in eigen ferhaal.

De oarspronklik katolike tsjerke waard nei 31 maart 1580 Nederduits-Gereformeerd. Yn de 2e helte fan de 19e iuw waard de tsjerke Nederlânsk Herfoarme en sûnt 2000 is it in Protestantske Tsjerke Easterein.

De tsjerke is fan april oant oktober alle freedtemiddei te besjen, boppedat op oanfraach. Simmerdeis is it Kerkpad op sneontemiddei iepen.

Colofon

Boek geschiedenis Martinikerk Easterein

© Foto voorblad: André Vink
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s


Graf 8 opschrift: 1593 Den 9 July sterf syn eerbare Mary Siebe dochter Meylema S

Disclaimer
1e Tsjerke
3 Krústsjerke! De tsjerken waarden boud neffens in fêststelde evenredichheid,

Disclaimer
De fergaderromte op de boppeste ferdjipping
Tidens de tsjint wurdt hjir de bernetsjinst holden.

Disclaimer
de bûtenkant
De tsjerke bestiet út in toer, in skip en in koar. De toer hie in unôfhinklike

Disclaimer
De balken ûnder de kap
Foar it te plak setten fan de balken wiene de op de grûn makke ûnderdielen nû

Disclaimer
Bûtenmuorre fan de toer
Oan de eastkant fan de toer moast mitselwurk ferfongen wurde; gjin kleastermoppe

Disclaimer
De yngong fan de toer oan de westkant
De doar mei de klassike fronton (list boppe de doar) is fan 1862 en tagelyk oan

Disclaimer
De kap fan de tsjerke
In ymposante konstruksje fan balken foarmt it ramt fan de oerkaping fan de tsjer

Disclaimer
De lêste "Keur" Bibel

Disclaimer
De ljedder nei boppen
Nei de stiennen trep nei de earste ferdjippingen komme der houten ljedders om ú

Disclaimer
Muorre
In muorre mei lidtekens en in nis.

Disclaimer
De originele stiennen trep
De opgang fan de grûn nei de earste etaazje kin noch oer de âlde stiennen trep

Disclaimer
De sakristy

Disclaimer
De Konsistory keamer
Earste etaazje

Disclaimer
De Konsistory keamer
Earste etaazje

Disclaimer
De Konsistory keamer
Earste etaazje

Disclaimer
De Konsistory keamer
Treppen binne smel

Disclaimer
Flierverwaarming
De âlde grêstiennen krije in oar plak. As it middenskip hielendal egalisearre

Disclaimer
Boumateriaal
It boumateriaal leit al opslein. De 'sketten' tusken tsjerke en foartsjerke moat

Disclaimer
Tichtmakke
Ien fan de eardere tagongen, finsters of nissen.

Disclaimer

0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5

|