Top en Twel en de Lege Wâlden
Yn dit prachtige gebiet fine jo in soad wetter, in híél soad wetter: njonken de Snitser Mar sels ek de withoe folle fearten, sleatten en puollen dêromhinne. It is dus ynearsten in paradys foar de wettersporter! Mar ek foar dyjingen dy`t leaver fêste grûn ûnder de fuotten hawwe hat it gebiet in hiele soad te bieden. Moair fiersichten, fertier, kultuer, kultuerhistoarje, natuer, rêst en stilte. In goede manier om it gebiet te ûntdekken is mei de fyts. Jo soenen bygelyks in Rûntsje Snitser Mar dwaan kinne.
Top en Twel is de pleatslike namme foar de doarpen Toppenhuzen en Twellingea, dy`t yn it Nederlânsk Oppenhuizen en Uitwellingerga hjitte. It gebiet om de doarpen hinne bestiet út in tizeboel fan fearten, sleatten en markes. It is dêr in oäze fan rêst, ferlike mei de tichtbije Snitsermar en it drokke Prinses Margrietkanaal. By de dyk lâns troch de beide doarpen stiet in keunstwurk dat ’de trije reuzen’ symbolisearret, dy`t neffens in leginde ferantwurdlik binne foar it ûntstean fan in trijetal fearten yn it gebiet. Top en Twel hat ek de net-wettersporter it nedige te bieden: in galery, in tal keunstners waans wurk jo (op ôfspraak) by harren thús besjen kinne en in itensiedersstudio. Hiel aardich is ek it bewarre bleaune tramhúske yn Twellingea, dat hearde by de ûnderwilens al lang ferdwûne tramline Snits-De Jouwer.
Eastlik fan de Snitser Mar lizze de Lege Wâlden. Troch de lege lizzing wie it lang in ûntrochlitber, sompich gebiet. It leechfean waard fan de tsiende ieu ôf oanmakke, mar oant fier yn de njoggentjinde ieu stie it gebiet alle winters noch ûnder wetter. Dêrtroch ûntjoegen har saneamde blaugerslannen. De ’Blaugerzen’beëasten Eagmaryp is it grutste oaniensletten areaal blaugerslân fan Nederlân.
Noch wat fierder nei it easten leit it nochal isolearre Vegelinsoard, dat earder Stobbegat hiet en earst yn 1955 syn hjoeddeiske namme krige. It doarp is neamd nei de adellike famylje Vegelin, dy`t in wichtige rol spile by de ûntwikkeling fan it gebiet noardeastlik fan De Jouwer. Vegelinsoard leit yn it noardelike part fan de Haskerfeanpolder, dat earst yn de earste helte fan de tweintichste ieu oanmakke is.
Goaiïngaryp is in wettersportdoarpke dat populêr is om syn prachtige lizzing oan de puollen dy`t nei it doarp neamd binne. Dy Goaiïngarypster Puollen steane yn direkte ferbining mei de Snitser Mar en binne yn de ferneamde Snitswike in part fan it wetter foar de wedstriid. Fierder yn it jier oerhearskje rêst en stilte.
It rêstige en freonlike Terkaple hat ek syn ´eigen´ puollen. Oan de noardwestkant dêrfan leit Terherne. Njonken wettersportsintrum is dit doarp ek bekend om it aventoerepark Kameleondorp. In oare ’lûker’ yn dit gesellige doarp is de klassike skippehaven. It seit himsels dat Terherne ek wat terraskes oangiet, restaurants en oernachtingsmooglikheden folslein ynsteld is op it toerisme.
Colofon
FrieslandWonderland