Omjouwing Lauwers
Lang ferlyn kaam de see troch De Lauwers fier it lân yn. Tsjintwurdich is fan dy ynholte fan de see allinnich noch mar in rivierke oer, dat foar in part de grins tusken Fryslân en Grinslân is. Muontsen fan Gerkeskleaster leinen yn de fyftjinde ieu in dyk yn de mûning fan De Lauwers. By de ôfwetteringsslûs yn dy dyk, dy`t yn de rin fan de ieuwen mannichkear ferlein en fernijd is, ûntstie it doarp Muntsjesyl (munts = muonts; syl = slûs). Oan de ’Grinslanner kant’ fan de Lauwers lizze twa doarpkes dy`t har namme ûntliene oan de oanwêzichheid fan in slûs: Lauwerssyl en Pitersyl. It lêstneamde doarp hearde, krekt as Fiskfliet, oant 1637 by Fryslân.
It gebiet om De Lauwers hinne hat in prachtich, ôfwikseljend lânskip, dat him tige lient om te fytsen, te kuierjen en/of te farren. Benoarden it Prinses Margrietkanaal leit in typysk seeklaailânskip: prachtige fiersichten, âlde diken, slingerjende wetterkes en ferspraat lizzende doarpkes mei altyd in tsjerketoer en faak in mûne. Bij Boerum is yn de jierren ’60 fan de foarige ieu in grûnstasjon foar satellytkommunikaasje boud, dat yn de folksmûle ’It grutte ear’ neamd wurdt. De lokaasje waard keazen om it feit dat it ûntfangen en ferstjoeren fan radiosinjalen yn dit iepen en lege lânskip net of hast net steurd wurdt. As je it oer rêst ha...
In bytsje besuden Boerum hat earder it frouljuskleaster Galileä stien, dat hearde by it kleaster yn Gerkeskleaster. Dat doarp ûntlient syn namme oan de stichter fan it kleaster, in Gerke Harkema út Stiensgea. De tsjerke, dy`t tsjintwurdich in bytsje ôfsidich stiet fan it doarp, is ûntstien út in ferbouwing fan it brouhûs fan it kleaster. It doarp is yn de rin fan de ieuwen gearraand mei Strobos, dat oant 1993 by de provinsje Grinslân hearde. It twillingdoarp wurdt behearske troch de skipswerf fan Barkmeijer, dy`t yn 1850 oan it doetiidske Knillesdjip fêstige waard.
Yn Strobos koe men oer in brêge it kanaal oerstekke. Dêr, oan de oare kant fan it wetter, lizze de Surhuzumer Mieden. Dy ’mieden’ (earder meast brûkt as healannen), dy`t ek foarkomme besuden Bûtenpost, foarmje in hiel spesifyk lânskip op de oergong fan klaai, sân en fean. wa`t dy wietige gebieten rinnend of mei de fyts ferkent, sjocht in hiel nijsgjirrich kultuerhistoarysk lânskip: feanferkaveling yn de foarm fan lange stripen mei petgatten, elzesingels en beamwâlen, mei in grutte natuerlike rykdom: mieden, moerassen, greidefûgels.
It part fan De Lauwers besuden it Prinses Margrietkanaal is net te befarren, mar - en winliken allinne noch - te werkennen as in slingerjende ’ferdjipping’ yn it lânskip, dy`t oant by Surhústerfean de provinsjegrins foarmet.
Colofon
FrieslandWonderland