De Grutte Feanpolder en omkriten
It bêst bewarre geheim fan Fryslân leit wierskynlik westlik fan Wolvegea: in skitterjend gebiet dat by it grutte publyk amper bekend is en mei dêrtroch syn autentike karakter beholden hat. Grutte, wide feanpolders, sleatten, fearten, rivierkes, petgatten, sompen, âlde diken, slûzen, gemalen, mûnen: leafhawwers fan rêst, natuer en kultuerhistoarje kinne hjir harren hert ophelje. Hâlde jo fan kuierjen? Of mear fan fytsen? Farre? Hynsteride? Kanofarre? Skeelerje? It kin hjir allegear!
De Grutte Feanpolder, sa stiet it gebiet súdwestlik fan de Helomafeart bekend. Oan de oare kant fan dy feart bestiet it lânskip út in tal lytsere feanpolders, dêr`t de nammen fan yn de measte gefallen net tsjûgje fan in soad fantasije: ’Polder De Ontginning’, ’Hoekstra’s Polder’, ’Polder Oldelamer’
Yn de niisneamde polder leit, tsjin De Tsjonger oan, natuergebiet ’Het Braandemeer’, dat bestiet út in marke, stikken greidlân, sompe, petgatten en reidlannen. Klik hjir foar in wiidweidige en orizjinele beskriuwing fan dat gebiet (mei prachtige foto’s derby). In bytsje nei it suden leit noch sa`n skitterjend natuergebiet: de Rottige Meenthe. Dat gebiet beslacht de eastlike helte fan de Grutte Feanpolder dy’t, oars as it westlike part, nei it ôfgraven fan it fean net droechmeald en yn kultuer brocht is. Dat hat dêr ek in ferskaat fan petgatten, reidlannen en sompen en in tige bysûndere floara en fauna opsmiten. It gebiet kin rinnend, mei de fyts of mei de kano ferkend wurde. Wolle jo in saakkundige taljochting, dan kinne we jo de geregeld fan Steatsboskbehear organisearre ekskurzjes oanrikkemandearje.
Keunst en kultuer spilet in wichtige rol yn de ’Rottige Meenthe’. It gebiet is ûnder oaren it dekôr foar twa opera’s, dy`t alle jierren organisearre wurde: dy fan Nijetrine en dy fan Spangea. Mear ynformaasje fine jo hjir. Yn it lêste doarp is ek it (op ôfspraak te besytsjen) atelier mei galery te finen fan keramiste en plateelskilderes Alie Jager en ambachtskeunstatelier Zink en Zilver.
De Grutte Feanpolder is ek yn kultuerhistoarysk opsicht in tige nijsgjirrich gebiet. Ieuwen foar de feanûntginning waard hjir (troch muontsen?) De Skene (Stellingwerfsk: De Scheene) al groeven, dy`t it gebiet tusken de ûnderrin fan De Tsjonger (Stellingw.: De Kuunder) en De Linde (Stellingw.: De Lende) yn twaen spliste. Letter waard dy grinssleat ferbrede foar de turffeart. Tsjintwurdich is De Skene in idyllysk, sa te sjen natuerlik lânskipselemint. Wêr’t de Skene útkomt yn de Helomafeart leit de ’Scheenesluis’. Dêr deun by steane twa fan de protte wettermûnen dy`t it gebiet fan de Grutte Feanpolder droechmealden.
De al earder neamde Helomafeart ferbynt De Tsjonger en De Linde meiïelkoar en waard yn 1748 oanlein om de turf mei it skip offiere te kinnen. De feart is neamd nei de famylje Van Heloma, dy`t yn 1704 yn besit kaam fan de ’Weststellingwerfsche geoctrooieerde Veencompagnie’. Op it plak dêr`t de feart yn De Linde útkaam, waard yn 1927 de ’Driewegsluis’ boud. Dy yn Nederlân unike slûs wie nedich om de wettersteatkundige needsaak: om yn de Helomafeart, de bopperin fan de Linde én de ûnderrin trije ferskillende wetterstannen te realisearjen. It kompleks is yn 1994 yn âlde steat restaurearre.
De Linde en De Tsjonger komme byelkoar by Slikenboarch. De oarsprong fan dit doarp as ferdigeningsskâns tsjin de Spanjerts yn de Tachtichjierrige Oarloch is neat mear fan te sjen. It is wol sa dat de âlde diken hjir oan de tiid tinken dogge dat it doarp noch oan de kust fan de Sudersee lei. By it doarp rint de N351 del dy`t neamd is nei Peter Stuyvesant, de direkteur-generaal fan de eardere Nederlânske koloanje ’Nieuw-Nederland’, dêr`t Nieuw-Amsterdam (it tsjintwurdige New York) de haadstêd fan wie. By Skerpenseel, it doarp dêr`t er opgroeide, stiet oan de N351 in monumint ta eare fan dizze wichtige histoaryske figuer. In stânbyld fan him stiet oan de Tsjerk Hiddeswei yn Wolvegea. Dat doarp is in besite wurdich: ûnder oare om Museum Het Kiekhuus en de Oudheidkamer dy`t yn de mûne ’Windlust’ sit. Noch mear ynformaasje oer de lokale skiednis kinne jo krije mei it Historisch Informatie Punt dat yn de ’Openbare Bibliotheek’ sit. En as jo dêr dan dochs binne, sjoch dan ek ris efkes yn de Kijkzaal, dêr`t wikseljende keunstútstallings holden wurde.
Colofon
FrieslandWonderland